Carola Schouten
From Wikipedia, the free encyclopedia
From Wikipedia, the free encyclopedia
Cornelia Johanna (Carola) Schouten (De Bosk, 6 oktober 1977) is in Nederlânske politika fan de KristenUny (ChristenUnie). Fan oktober 2017 oant jannewaris 2022 wie se tredde fise-premier en minister fan Lânbou, Natuer en Itenskwaliteit yn it kabinet-Rutte III. Dêrfoar, fan maaie 2011 oant oktober 2017 mar ek van maart 2021 oant jannewaris 2022 wie se lid fan de Twadde Keamer. Fan jannewaris 2022 oant july 2024 wie se tredde fise-premier en minister foar Earmoedebeheining, Partisipaasje en Pensjoenen yn it kabinet-Rutte IV.
Cornelia Johanna Schouten | ||
Algemien | ||
Berne | 6 oktober 1977 | |
Berteplak | De Bosk | |
Partij | KristenUny | |
Religy | Frijmakke grifformeard | |
Titels | Drs. | |
Politike funksjes | ||
2011-2017, 2021-2022 | Lid Twadde Keamer | |
2017-2024 | Fise-premier | |
2017-2022 | Minister fan Lânbou, Natuer en Itenskwaliteit | |
2022-2024 | Minister foar Earmoedebeheining, Partisipaasje en Pensjoenen | |
2024-hjoed | Boargemaster fan Rotterdam |
Sûnt 10 oktober 2024 is hja boargemaster fan Rotterdam.
Carola Schouten wie tein yn Giessen yn Noard-Brabân. Hja studearre nei it TWU (Nederlânsk: VWO) bedriuwskunde oan de Erasmus Universiteit yn Rotterdam en waard dêrnei beliedsmeiwurker wurk en ynkommen by it Ministearje fan Sosjale Saken en Wurkgelegenheid. Dêrnei waard se meiwurker yn tsjinst fan de Twadde Keamerfraksje fan de ChristenUnie, dêr't se de Keamerleden fan har partij stipe op it mêd fan sosjale saken en wurkgelegenheid en letter ek finânsjen. Yn 2010 die se mei mei de Twadde Keamerferkiezings en stie op de sechsde plak op de kandidatelist fan de ChristenUnie. De ChristenUnie ferlear ien sit en doe kaam se net yn de Twadde Keamer telâne.
Doe't fraksjefoarsitter André Rouvoet op 17 maaie 2011 ôfgie fan it parlemint, kaam Schouten noch yn de Twadde Keamer. Hja sette har yn foar de kwaliteit fan heger beropsûnderwiis en it foar in part frijskatten fan de Grykske skulden. Oan 'e ein fan 2011 waard se troch de parlemintêre parse keazen ta "Polityk talint fan it jier 2011".
Op 26 en 27 april 2012 wie se tegearre mei Arie Slob ûnderhanneler fan de ChristenUnie foar it saneamde maitiidsakkoard. By de Twadde Keamerferkiezings 2012 waard se mei goed 16.000 stimmen fannijs keazen. Yn novimber 2015 waard se foarsitter fan in Keamerkommisje dy't ûndersyk die nei it lekken fan geheime ynformaasje út de Kommisje foar de Ynljochtings- en Feiligenstsjinsten (Commissie-Stiekem). De kommisje krige itselde foech as in parlemintêre enkêtekommisje. Op 20 jannewaris 2016 waarden de befinings fan de kommisje-Schouten útlein. By de kabinetsûnderhannelings fan 2017 waard se, as iennichste frommes, ûnderhanneler fan har partij njonken haadûnderhanneler Gert-Jan Segers.
Nei it dienmeitsjen fan de kabinetsûnderhannelings waard se part fan it kabinet-Rutte III en waard se twadde minister-presidint út namme fan har partij en minister fan it fannijs oprjochte Ministearje fan Lânbou, Natuer en Itenskwaliteit. Under har ministerskip ûntjoegen harren ferskate yngewikkelde saken, wêrûnder fraude mei fosfaatrjochten troch molkfeehâlders, in Jeropeesk ferbod op pulskorfiskerij en it ûnjildich ferklearjen fan it Programma Oanpak Stikstof.
Op 10 jannewaris 2022 waard se fannijs fise-premier yn it kabinet-Rutte IV. Hja waard lykwols net minister fan Lânbou, Natuer en Itenskwaliteit, mar waard minister foar Earmoedebeheining, Partisipaasje en Pensjoenen. Henk Staghouwer folge har op by Lânbou en Christianne van der Wal waard minister sûnder portefúlje foar Natoer en Stikstof
Hja wennet yn Rotterdam en hat in soan. Hja is lid fan de Grifformearde tsjerke frijmakke.
Ministers | Mark Rutte (MP/AZ) • Karien van Gennip (FP/SZW) • Hugo de Jonge (BZK/VRO) • Hanke Bruins-Slot (BZ/âld-BZK) • Kajsa Ollongren (Def) • Micky Adriaansens (EZK) • Steven van Weyenberg (Fin/âld-ss OCW) • Mark Harbers (IW) • Dilan Yeşilgöz (JV) • Piet Adema (LNV) • Robbert Dijkgraaf (OCW) • Conny Helder (VWS/âld-LZS) | |||
Ministers sûnder portefúlje | Rob Jetten (FP/KE) • Carola Schouten (FP/APP) • Liesje Schreinemacher (BHO) • Pia Dijkstra (MZ) • Christianne van der Wal (NS) • Mariëlle Paul (PVO) • Franc Weerwind (RB) | |||
Steatssekretarissen | Alexandra van Huffelen (BZK) • Christophe van der Maat (Def) • Hans Vijlbrief (EZK) • Marnix van Rij (Fin) • Aukje de Vries (Fin) • Vivianne Heijnen (IW) • Eric van der Burg (JV) • Fleur Gräper (OCW) • Maarten van Ooijen (VWS) | |||
Opstapt as minister | Henk Staghouwer (LNV) • Dennis Wiersma (PVO) • Wopke Hoekstra (FP/BZ) • Geoffrey van Leeuwen (waarnimmend BHO • Sigrid Kaag (FP/Fin) • Ernst Kuipers (VWS) | |||
Opstapt as steatssekretaris | Gunay Uslu (OCW) | wizigje |
Seamless Wikipedia browsing. On steroids.
Every time you click a link to Wikipedia, Wiktionary or Wikiquote in your browser's search results, it will show the modern Wikiwand interface.
Wikiwand extension is a five stars, simple, with minimum permission required to keep your browsing private, safe and transparent.