From Wikipedia, the free encyclopedia
Piet Adema (folút: Pieter Adema; De Pein, 6 novimber 1964) is in Frysk bestjoerder en politikus foar de KristenUny. Hy begûn syn politike wurkpaad op lokaal nivo foar it GPV, ien fan 'e foarrinners fan 'e KristenUny. Letter hied er sit yn 'e Provinsjale Steaten fan Fryslân, en fan 2007 oant 2011 wied er deputearre mei sizzenskip oer ferkear en ferfier, miljeu en earmoedebelied. Neitiid tsjinne Adema as waarnimmend boargemaster fan Achtkarspelen, Tynaarlo en Borger-Odoorn. Ek wied er acht jier lang partijfoarsitter fan 'e KristenUny. Fan 2022 oant 2024 naam Adema de swiere post fan minister fan Lânbou, Natuer en Itenskwaliteit op him yn it kabinet-Rutte IV. Mei syn plannen foar ynkrimping fan 'e agraryske sektor yn Nederlân makke er net folle freonen, mar nei't er opfolge wie troch Femke Wiersma fan 'e boerepartij BBB, die bliken dat sy mei in protte fan Adema syn plannen fierder woe.
Piet Adema | ||
Algemien | ||
Berne | 6 novimber 1964 | |
Berteplak | De Pein | |
Funksje | Minister fan Lânbou, Natuer en Itenskwaliteit | |
Sûnt | 3 oktober 2022 | |
Partij | CU | |
Religy | grifformeard-frijmakke | |
Politike funksjes | ||
2000-2003 | foarsitter fan KristenUny Fryslân | |
2007,2011 | lid Provinsjale Steaten fan Fryslân | |
2007-2011 | lid Deputearre Steaten fan Fryslân | |
2011-2012 | waarnimmend boargemaster fan Achtkarspelen | |
2012-2013 | polityk sekretaris KristenUny | |
2013-2021 | partijfoarsitter KristenUny | |
2013-2014 | waarnimmend boargemaster fan Tynaarlo | |
2014-2015 | waarnimmend boargemaster fan Borger-Odoorn | |
2022-2024 | minister fan Lânbou, Natuer en Itenskwaliteit |
Piet Adema hat nei de mafû enerzjytechnyk op de mts dien en letter hat er oan de Iepen Universiteit modulen organisaasjekunde folge. Yn 1994 hat er bedriuwsfiering enerzjytechnyk dien. Hy sette mei syn karriêre útein as ljochtadviseur en ferkeaplieder. Dêrnei wurke er by in ynstallaasjebedriuw dêr't er kommersjeel foaroanman waard. Hy sette yn 1991 mei syn eigen ûndernimming útein, mar ferkocht dat bedriuw yn 1997. Dêrnei gie er by de direksje fan de Breman Groep oan it wurk. Yn 1999 waard er kritedirekteur fan VolkerWessels en wie dêre fan 2005 ôf ynterim-foaroanman.
Om 1990 hinne waard Adema bestjoerlik aktyf yn it Grifformeard Polityk Ferbûn (GPV) yn Fryslân. Nei de fúzje fan it GPV mei de Reformatoaryske Politike Federaasje (RPF) ta de KristenUny wie er ek yn de nije partij warber. Oant 2003 wie er foarsitter fan de provinsjale ôfdieling fan de KristenUny.
It provinsjaal bestjoer besleat yn 2006 yn it ramt fan de Provinsjale Steateferkiezings fan 2007 yn plak fan Rein Ferwerda in nije listoanfierder keazen wurde soe. Adema waard dêrfoar frege en waard dêrmei de Fryske KristenUny-listoanfierder. Nei dy ferkiezings waard foar it earst yn Fryslân en noch guon oare provinsjes in kolleezje fan Deputearre Steaten foarme dêr't de KristenUny part fan wie. Adema, dy't mei twa partijgenoaten keazen waard, waard yn Fryslân deputearre mei ferkear en ferfier, miljoe en earmoedbelied yn syn portefúlje. Dat late yn de Fryske polityk suver ta in skeel, om't de KristenUny earder âld-wethâlder Sicco Boorsma as kandidaat-deputearre nei foarren skood hie.[1]
Nei de ferkiezings fan 2011 dêr't er fannijs listoanfierder fan de KristenUny yn Fryslân fan wie en de KU wer trije sittennhelle, folge in kolleezje dêr't de KU troch it FNP by ferfongen waard.
Adema waard ein maaie 2011 ta waarnimmend boargemaster fan Achtkarspelen beneamd as opfolger fan Tjeerd van der Zwan, dy't boargemaster fan It Hearrenfean wurden wie. Adema bleau yn dy funksje oant healwei jannewaris 2013 doe't Gerben Gerbrandy him as boargemaster fan Achtkarspelen opfolge.
Op 12 augustus 2013 waard Adema waarnimmend boargemaster fan de Drintske gemeente Tynaarlo[2], dêr't er oant 16 desimber 2014 syn taak ferfolle. Op 22 desimber dat jiers waard er waarnimmend boargemaster fan Borger-Odoorn, ek yn Drinte, dêr't er oant juny 2015 bleau.[3]
Adema waard yn 2012 polityk sekretaris fan it lanlik bestjoer fan de KristenUny. Dat jiers wiene dêr Twadde Keamerferkiezings en waard er foarsitter fan de kommisje dy't it lanlik ferkiezingsprogramma foar de KristenUny skreau. Hy waard op 1 maart 2013 as kandidaat-partijfoarsitter fan de KristenUny foarsteld by it Unykongres fan de partij en op 13 april dat jier waard er ta foarsitter, as opfolger fan Klaas Tigelaar, keazen. Op 17 april 2021 stapte er as foarsitter op nei't er twa terminen as foarsitter fan de KristenUny tsjinne hie en hy waard troch Ankie van Tatenhove opfolge.[4]
Adema waard op 3 oktober 2022 minister fan Lânbou, Natuer en Itenskwaliteit yn it kabinet-Rutte IV, nei't partijgenoat Henk Staghouwer op 6 septimber dat jiers dien joech.[5]. It ministerskip waard ûnderwilens troch Carola Schouten waarnommen.[6][7] Yn syn portefúlje hat er lânbou, túnbou, fiskerij, itenskwaliteit, bistewolwêzen en bistesûnens (DGF), kwekersrjocht en de Nederlânske Itens- en Ware-autoriteit (NVWA). De boereprotesten tsjin it stikstofbelied giene yn syn ministerskip troch.[8][9] Syn ministerskip duorre oant 2 july 2024 doe't it kabinet-Schoof begûn.
Nei't er waarnimmend boargemaster yn Borger-Odoorn west hat, waard er foarsitter fan Schoonmakend nederland, doe noch OSB, de brânsorganisaasje foar skjinmakkers- en glêzewaskerijbedriuwen[10][11] en yn novimber 2017 waard er foarsitter fan it bestjoer fan WoningbouwersNL, doe noch NVB, de brânsorganisaasje foar ûntwikkelders en bou-ûndernimmers.[12]
Dêrnjonken wie Adema lid fan it algemien bestjoer fan VNO-NCW[13], lid fan it haadbestjoer fan MKB-Nederlân[14], lid fan de ried fan kommissarissen fan RENDO[15], lid fan de ried fan kommissarissen fan Larcom[16], foarsitter fan de ried fan kommissarissen fan WTC Ljouwert[17] en lid fan de ried fan kommissarissen fan Woningborg[18].
Piet Adema is boaske en hat fjouwer bern.
Seamless Wikipedia browsing. On steroids.
Every time you click a link to Wikipedia, Wiktionary or Wikiquote in your browser's search results, it will show the modern Wikiwand interface.
Wikiwand extension is a five stars, simple, with minimum permission required to keep your browsing private, safe and transparent.