From Wikipedia, the free encyclopedia
In wurkpaad of karriêre (fan it Frânske carrière, mei deselde betsjutting, hoewol oarspronklik "striidperk" of "rinbaan") is de rige fan maatskiplike posysjes dy't men efterinoar beklaait (en jins ûntjouwing binnen dy posysjes) ûnder jins wurksume libben. In wurkpaad begjint mei it ôfrûnjen fan jins oplieding en it oanslutende betrêdzjen fan 'e arbeidsmerk, en einiget as men mei pinsjoen giet. Dêrnjonken wurdt benammen de oantsjutting 'karriêre' yn it deistich taalgebrûk ek wol assosjearre mei it hawwen fan in wurkpaad wêrby't men dernei stribbet en beklim de maatskiplike ljedder, lykas yn 'e gearstalling 'karriêrefrou', dat in frou mei in karriêre is dy't hegerop wol, yn tsjinstelling ta in húsfrou (dy't gjin karriêre hat), of ien dy't poer foar de ynkomsten heale dagen wurket en dêr tefreden mei is.
Seamless Wikipedia browsing. On steroids.
Every time you click a link to Wikipedia, Wiktionary or Wikiquote in your browser's search results, it will show the modern Wikiwand interface.
Wikiwand extension is a five stars, simple, with minimum permission required to keep your browsing private, safe and transparent.