Remove ads
From Wikipedia, the free encyclopedia
T.J. (Tjeerd) van der Zwan (Rheden, 19 jannewaris 1954) is in Nederlânsk politikus.
Tjeerd van der Zwan | ||
politikus | ||
nasjonaliteit | Nederlânsk | |
bertedatum | 19 jannewaris 1954 | |
berteplak | Rheden | |
etnisiteit | Frysk | |
partij | PvdA | |
lid gemeenteried fan Lelystêd | ||
amtsperioade | 1990 – 2002 | |
wethâlder en loko-boargemaster fan Lelystêd | ||
amtsperioade | 1998 - 2007 | |
boargemaster fan Achtkarspelen | ||
amtsperioade | 2007 - 2011 | |
foargonger | Louis Lyklema | |
opfolger | Piet Adema (wnd.) | |
boargemaster fan It Hearrenfean | ||
amtsperioade | 2011 - 2023 | |
foargonger | Peter de Jonge | |
opfolger | Avine Fokkens |
Hy waard yn 1954 berne yn it sikehûs yn it Gelderske Velp. Syn mem, Grace van Hecking Colenbrander, wie in allinnichsteande âlder. Hja wie yn Yndoneezje swier rekke nei in relaasje mei in Yndoneezjer. Ta in houlik kaam it net om't it yn dy tiid noch ûnbesteanber wie dat Nederlânse mei in Yndoneezjer trouwe soe. Dat, har âlden stjoerden har werom nei Nederlân, mei de bedoeling dat se abortus dwaan of it bern foar adopsje ôfstean soe. Grace betocht har lykwols en hold it jonkje, dat se Tjeerd neamde, nei de haadpersoan yn it boek Toen Kwam Tjeerd, fan Sanne van Havelte. Hoewol't har famylje Tjeerd nea akseptearre en har neidroech dat se har libben ferrinnewearre hie, troude Grace letter mei in Nederlânske man (Van der Zwan), mei wa't se noch seis oare bern krige. Oant syn tolfde wist Van der Zwan net better as dat dy man ek syn heit wie. Doe't er 26 jier wie, reizge er mei syn mem en syn freondinne (letter syn frou) nei Bandung ta, dêr't er syn biologyske heit mette, mei wa't er neitiid kontakt hold oant de man yn 2004 kaam te ferstjerren. Dat ûntdiek Van der Zwan nei in syktocht op it ynternet doe't er op in stuit neat mear fan him hearde. Want syn biologyske heit hie syn famylje nea ferteld dat er noch in soan út in eardere relaasje hie. Neitiid krige Van der Zwan kontakt mei syn Yndonezyske healsuster.[1]
Nei in karriêre yn it ûnderwiis soe Van der Zwan wurkje foar it ministearje fan Justysje. Yn 1990 waard er út namme fan de PvdA keazen as lid fan de gemeenterie fan Lelystêd. Inkele jierren letter waard er wethâlder yn lokoboargemaster yn deselde gemeente. Op 11 maaie 2007 is Van der Zwan ynstallearre as boargemaster fan de Fryske gemeente Achtkarspelen. Op 28 maart 2011 waard bekend dat Van der Zwan de nije boargemaster fan de gemeente It Hearrenfean wurde soe, Op 25 maaie 2011 kaam âld-deputearre Piet Adema nei foarren as opfolger fan Tjeerd van der Zwan yn de gemeente Achtkarspelen.
Yn juny 2011 folge syn beneaming ta boargemaster fan It Hearrenfean as opfolger fan Peter de Jonge.[2] en letter dat jier waard er keazen ta Fryske politikus fan it jier.
Op 1 jannewaris 2014 waard de gemeente Boarnsterhim opheft wêrby't in part oan It Hearrenfean taheakke waard en op dy datum waard Van der Zwan de waarnimmend boargemaster fan de nije gemeente It Hearrenfean. In heal jier letter waard er dêr dochs noch beneamd ta de boargemaster.
Njonken syn funksje as boargemaster hat Van der Zwan in tal njonkenfunksjes, sa is hy lid fan it algemien bestjoer fan Feiligheidsregio Fryslân, wie er sekretaris fan de Vereniging van Nederlandse Gemeenten en wie fan 2015 oant juny 2018 foarsitter fan de Feriening fan Fryske gemeenten.[3][4]
Op 1 oktober 2023 joech er it amt fan boargemaster fan It Hearrenfean oer en waard opfolge troch Avine Fokkens.[5] By in bysûndere riedsgearkomste op 28 septimber dat jier waard er eareboarger fan It Hearrenfean.[6]
Seamless Wikipedia browsing. On steroids.
Every time you click a link to Wikipedia, Wiktionary or Wikiquote in your browser's search results, it will show the modern Wikiwand interface.
Wikiwand extension is a five stars, simple, with minimum permission required to keep your browsing private, safe and transparent.