From Wikipedia, the free encyclopedia
Tynaarlo is in gemeente yn de provinsje Drinte, mei 34.756 ynwenners (1 jannewaris 2024, boarne: CBS), en mei in oerflak fan 145,00 km² (wêrfan 1,50 km² wetter).
Tynaarlo | |
---|---|
flagge | wapen |
lokaasje | |
polityk | |
lân | Nederlân |
Provinsje | Drinte |
boargemaster | Marcel Thijsen |
sifers en geografy | |
haadplak | Vries |
grutste plak | Súdlaren |
ynwennertal | 34.756 (1 jannewaris 2024) |
oerflak | 147,70 km² |
● wêrfan lân | 143,00 km² |
● wêrfan wetter | 4,7 km² |
tal doarpen | 19 |
ferkearsieren | A28, N34, N386, N858, N962 |
skiednis | |
oprjochte | 1998 |
1 jannewaris - 31 desimber 1998 | Gemeente Súdlaren |
oar | |
postkoade | 9470-9478, 9480-9485, 9490-9491, 9493-9499, 9760-9769 |
tiidsône | UTC +1 |
simmertiid | UTC +2 |
webside | Webstee fan de gemeente |
De gemeente is by de gemeentlike weryndieling fan 1 jannewaris 1998 ûntstean út de gearfoeging fan de eardere gemeenten Eelde, Vries en Súdlaren. De nije gemeente hjitte earst ek "Súdlaren", dit rôp protesten op yn de beide oare plakken. Dêrom waard keazen foar de namme fan it lytse doarp Tynaarlo dat sawat midden tusken de trije gruttere yn leit. Op 7 maaie 2004 waard it nije gemeentehûs yn Vries yn gebrûk naam. Oant dy tiid wiene de amtners wurksum op ferskate lokaasjes yn Paterswolde,[1] Vries en Súdlaren.
De steatsline C rint troch de gemeente, lykwols sûnder stasjon. Yn it ferline hat by it plak Tynaarlo in stasjon lein mei de namme Vries-Súdlaren. It busferfier wurdt fersoarge troch Qbuzz.
De gemeente Tynaarlo bestiet út 19 doarpen en fjouwer buorskippen. It gemeentehûs stiet yn Vries, en it grutste doarp is Súdlaren.
Seamless Wikipedia browsing. On steroids.
Every time you click a link to Wikipedia, Wiktionary or Wikiquote in your browser's search results, it will show the modern Wikiwand interface.
Wikiwand extension is a five stars, simple, with minimum permission required to keep your browsing private, safe and transparent.