From Wikipedia, the free encyclopedia
Noard-Brabân (Nederlânsk: Noord-Brabant) is in provinsje fan Nederlân, dy't as sadanich bestiet sûnt 1814. It hat 2.644.872 ynwenners (1 jannewaris 2024, boarne: CBS) en in oerflak fan 5.082 km². De haadstêd fan de provinsje is De Bosk, mar it grutste plak is Eindhoven.
Noard-Brabân | ||
gjin folksliet | ||
polityk | ||
lân | Nederlân | |
status | provinsje | |
oprjochting | 1814 | |
offisjele taal | Nederlânsk | |
haadstêd | De Bosk | |
tal gemeenten | 56 | |
kommissaris fan de kening | Ina Adema (VVD) | |
geografy | ||
geograf. koördinaten | 51°41' NB 5°18' EL | |
oerflak | 5.082,06 km² (2015) | |
• dêrfan lân | 4.901,54 km² | |
• dêrfan wetter | 180,52 km² | |
rang provinsjes | 2e fan 12 | |
demografy | ||
ynwennertal | 2.644.8721 | |
teldatum | 1 jannewaris 2024 | |
rang provinsjes | 3e fan 12 | |
befolkingstichtens | 536 / km² | |
grutste plak | Eindhoven | |
religy (2015) | 48,0% roomsk-katoliken 38,8% ateïsten en agnosten 5,6% protestanten 4,4% moslims 3,3% oaren | |
oar | ||
NUTS | NL41 | |
ISO 3166-2 | NL-NB | |
tiidsône | MET (UTC+1) | |
simmertiid | MEST (UTC+2) | |
offisjele webside | ||
www.brabant.nl | ||
1) boarne: CBS-StatLine |
Noard-Brabân is in provinsje yn it suden fan Nederlân. De provinsje grinzet yn it noarden oan de Nederlânske provinsjes Súd-Hollân en Gelderlân, yn it westen oan Seelân, yn it easten oan Limburch, en yn it suden oan de Belgyske provinsjes Antwerpen en Limburch.
De provinsje is relatyf flak en bestiet út deksângebieten, trochsnien troch beekdellingen. Yn it noarden lizze de rivierklaaigebieten en yn it noardwesten binne noch restanten fan it eardere Hollandveen. De grins fan de provinsje wurdt yn it noarden foarme troch de rivier de Maas. In stikmannich stosân- en heidegebieten binne bewarre bleaun, lykas yn de Loonse en Drunense Duinen, de Strabrechtse Heide en de Kampina. Yn it easten fan de provinsje binne yn ferskate reservaten fan de Peel noch heechfeanrestanten te finen. De wettergebieten fan Noard-Brabân binne yn it noarden fan de provinsje te finen. Dêr lizze ûnder oaren de De Biisbosk en it Lân fan Heusden en Altena.
Nei alle gedachten hawwe de Kelten de earste bewenners west fan Noard-Brabân. Nei it ferfarren fan de Romeinen waard it gebiet ynlive troch de Franken en ûnderdiel fan it Frankyske Ryk. Yn de midsiuwen kaam Noard-Brabân foar it grutste part by it hartochdom Brabân. Yn de rin fan de Tachtichjierrige Oarloch waard it dêrfan ôfspjalte en as generaliteitslân troch de Steaten-Generaal bestjoerd.
Noard-Brabân is ferdield yn 56 gemeenten. De lêste gemeentlike weryndieling wie yn 2022.
|
|
|
Seamless Wikipedia browsing. On steroids.
Every time you click a link to Wikipedia, Wiktionary or Wikiquote in your browser's search results, it will show the modern Wikiwand interface.
Wikiwand extension is a five stars, simple, with minimum permission required to keep your browsing private, safe and transparent.