Remove ads
From Wikipedia, the free encyclopedia
Monica Lewinsky (folút: Monica Samille Lewinsky; San Fransisko, 23 july 1973), is in Amerikaanske frou fan etnysk Joadsk komôf, mei wa't de Amerikaanske presidint Bill Clinton tajoech in "ûnfoechsume relaasje" hân te hawwen wylst hja fan 1995 oant 1997 yn it Wite Hûs wurksum wie as stazjêre. De affêre waard troch Clinton syn politike tsjinstanners oangrepen om him oan te fallen, en late sadwaande ta it saneamde Lewinsky-skandaal, it grutste Amerikaanske politike skandaal fan 'e jierren njoggentich. Nei't de opskuor wat saksearre wie, makke Lewinsky karriêre as moade-ûntwerpster, sakefrou en tillefyzjepresintatrise. Letter emigrearre se nei Grut-Brittanje, dêr't se in masterstitel yn psychology behelle.
Monica Lewinsky | ||
Monica Lewinsky yn 1995. | ||
persoanlike bysûnderheden | ||
echte namme | Monica Samille Lewinsky | |
nasjonaliteit | Amerikaansk | |
berne | 23 july 1973 | |
berteplak | San Fransisko (Kalifornje) | |
etnisiteit | Joadsk | |
wurkpaad | ||
berop/amt | psychologe, sakefrou, presintatrise | |
jierren aktyf | 1999 – no | |
reden bekendheid | hie in affêre mei de Amerikaanske presidint Bill Clinton |
Monica Lewinsky waard yn 1973 yn in begoedige fermidden berne yn San Fransisko, yn 'e steat Kalifornje, as de dochter fan Bernard Lewinsky, in onkolooch waans âldelju Dútske Joaden wiene dy't oan 'e Holokaust ûntsnapten troch nei El Salvador te emigrearjen en dêrwei letter nei de Feriene Steaten, en dy syn frou Marcia Kay Vilensky, in skriuwster dy't it pseudonym Marcia Lewis brûkt, mei in Litousk-Joadske pake en in Russysk-Joadske beppe. Monica Lewinsky groeide op yn súdlik Kalifornje, yn Los Angeles en Beverly Hills. De fjochtskieding fan har âldelju, yn 1987 en 1988, doe't se in jier as trettjin, fjirtjin wie, hie in grutte ynfloed op har ûntwikkeling. Har heit wertroude neitiid mei syn twadde frou Barbara; har mem wertroude mei R. Peter Straus, in Amerikaanske omropbaas.
Lewinsky waard leauwend joadsk grutbrocht, en gie bûten de reguliere skoalle om nei de Sinaï Akiba Akademy, in religieuze skoalle, dêr't se godstsjinstûnderwiis en Hebriuwske les krige. Se gie nei de legere skoalle yn 'e rike Losanzjelynske wyk Bel-Air, en nei de middelbere skoalle yn Beverly Hills. Nei't se har middelbere-skoaleksamen helle hie, learde se fierder oan it Santa Monica Kolleezje, te Santa Monica, wylst se oan har eardere high school wurke as lid fan 'e toanielôfdieling, en dêrnjonken in baantsje as ferkeapster hie yn in strikkewinkel. Yn 1993 sette se útein mei in psychologystúdzje oan it Lewis & Clark Kolleezje yn Portland, yn 'e steat Oregon, dy't se yn 1995 mei goed gefolch ôfrûne troch in bachelorstitel te beheljen. Fan 1992 oan 1997 hie se in relaasje mei Andy Bleiler, har (troude) eardere toaniellearaar oan 'e middelbere skoalle. Mei de help fan in famyljekonneksje wist Lewinsky yn 1995 in ûnbetelle simmerstaazjeplak te bemachtigjen yn it kantoar fan Leon Panetta, de stêfsjef fan it Wite Hûs. Dêrop ferfear se nei Washington, D.C., en krige yn desimber fan dat jier in betelle staazjeplak yn it Kantoar fan Legislative Saken fan it Wite Hûs.
Neffens har eigen lettere tsjûgenis hie Lewinsky tusken novimber 1995 en maart 1997 (doe't se 22 en 23 jier âld wie) njoggen kear in seksueel treffen mei de doetiidske Amerikaanske presidint Bill Clinton, mei wa't se 27 jier skeelde. Dêrby wie neffens har sprake fan fellatio en oare seksuële hannelings (lykas it ynbringen fan in sigarebuiske yn har fagina), mar net fan folsleine fleislike mienskip. De moetings fûnen plak yn it Oval Office, it offisjele kantoar fan 'e Amerikaanske presidint. Om't har oerhearrigen fûnen dat se tefolle yn 'e neite fan Clinton omstipte, waard Lewinsky yn april 1996 oerpleatst nei it Pentagon, krekt bûten Washington, D.C., dêr't it Amerikaanske Ministearje fan Definsje fêstige is. Dêr waard hja assistinte fan Kenneth Bacon, de haadparsewurdfierder fan it Pentagon, in funksje dy't se oant desimber 1997 ferfolle.
Lewinsky makke de flater om in kollega fan harres, Linda Tripp, fan wa't hja miende dat it in freondinne wie, oer har relaasje mei Clinton te fertellen, en fan septimber 1997 ôf begûn dy de tillefoanpetearen fan Lewinsky oangeande de affêre temûk op te nimmen. Lewinsky har namme kaam foar it earst boppe wetter by de rjochtsaak dy't tsjin Clinton oanspand wie troch Paula Jones, in eardere amtner fan 'e steat Arkansas, dy't úthold dat Clinton har ûnder syn gûverneurskip fan dy steat seksueel misjegene hie. Undersikers dy't foar Jones har abbekaten wurken, hellen Lewinsky derby om oannimlik te meitsjen dat Clinton in gedrachspatroan hie fan it seksueel lestich fallen fan froulike ûnderhearrigen. Yn jannewaris 1998 tsjinne Lewinsky yn 'e saak-Jones in beëdige skriftlike ferklearring yn, wêryn't se úthold nea in seksuële relaasje mei Clinton hân te hawwen. Dêrop besocht se Tripp oer te heljen om krektlyk ûnder ede te ligen, mar dy stapte ynstee nei de ûnôfhinklike oanklager Kenneth Starr ta, dy't oansteld wie om mooglik finansjele ûngerjochtichheden fan Clinton en dy syn frou Hillary Rodham Clinton yn 'e Whitewater-saak te ûndersykjen.
Mei de him troch Tripp oerlange opnamen fan Lewinsky har tillefoanpetearen begûn Starr doe in nij ûndersyk nei de Lewinsky-saak. Underwilens beprate Tripp Lewinsky, dy't noch altyd ûnder de yndruk ferkearde dat sy beiden freondinnen wiene, om 'e kadootsjes dy't Clinton har jûn hie, te bewarjen, en om in beskate jurk, dy't letter bekend komme soe te stean as "de blauwe jurk" net nei de steamerij te bringen. Doe't Clinton troch Starr yn it ferhear nommen waard, ûntstried er dat er "in seksuële affêre", "geslachtsferkear" of in "seksuële relaasje" mei Lewinsky hân hie, en doe't de media yn jannewaris 1998 lucht fan 'e saak krigen, seid er op 'e tillefyzje: "Ik haw gjin seksuële omgong hân mei dat frommes, juffer Lewinsky." It nijs gie al rillegau nearne oars mear oer, en Lewinsky moast de folgjende wiken ûnderdûke by har mem. Har relaasje mei Bleiler kaam oan it ljocht, en dyselde droech ferskate sûvenirs en foto's dy't er fan Lewinsky krigen hie yn 'e tiid dat se noch yn it Wite Hûs wurke, oer oan Starr.
It ûndersyk fan Starr rjochte him op beskuldigings fan meineed en behindering fan it rjocht tsjin 'e presidint, dy't ûnder ede liigd hawwe soe oer syn relaasje mei Lewinsky. Starr ûnderfrege har lang en yn detail oer de affêre, en krige in folslein tsjûgenis út har los. Dêrtroch en troch in spermaplak fan him yn 'e blauwe jurk moast Clinton úteinlik tajaan dat er "in relaasje mei juffer Lewinsky [hie] dy't net foechsum wie." Wat de beskuldiging fan meineed oanbelange, hold er lykwols fol dat "seksuële omgong" op folsleine fleislike mienskip tsjutte, wat er net mei Lewinsky hân hie. Boppedat hied er syn útspraken ûnder ede yn 'e notiid dien, wylst de relaasje doe al beëinige wie, en ek brochten syn abbekaten yn dat frijwol alle aktive seksuële hannelings troch Lewinsky ferrjochte wiene, en dat Clinton dêrom gelyk hie as er sei dat hy gjin seksuële omgong mei har hân hie (mar sy wol mei him). Sawol Clinton as Lewinsky moasten foar de rjochtbank tsjûgje; Clinton die dat fia in sletten tillefyzjesirkwy; Lewinsky kaam persoanlik del. Yn ruil foar dat tsjûgenis krige se ymmuniteit foar fierdere rjochtsferfolging foar de meineed dy't se earder dien hie. Doe't de rjochtbank har frege oft se noch guon lêste wurden oer de saak hie, sei se: "Ik haatsje Linda Tripp."
De Republikeinske mearderheid yn it Hûs fan Offurdigen liek it Lewinsky-skandaal, sa't it kaam te hjitten, in útsochte kâns om Clinton in hak te setten, en doe't ein 1998 it Starr-rapport útkaam, wêryn't fêststeld waard dat der oannimlike oanwizings wiene dat Clinton dingen dien hie dy't syn ôfsetting as presidint rjochtfeardigen, stelde it Hûs fan Offurdigen in ôfsettingsproseduere (impeachment) tsjin Clinton yn wurking. Op 12 febrewaris 1999 torpedearre de Senaat, dêr't de Demokraten yn 'e meardeheid wiene, dy ôfsettingsproseduere lykwols.
Troch it skandaal waard Lewinsky in bekendheid en krige se in beskate status yn 'e popkultuer, mar sels wie se dêr net gelokkich mei. Doe't har yn 1999 op in lofthaven om har hantekening frege waard, wegere se, mei't se sei: 'Ik bin, sis mar, bekend om wat dat net sa leuk is om bekend om te wêzen." Doe't de stoarm fan publisiteit lykwols meitiid amper belune, besleat se der gebrûk fan te meitsjen om oan jild te kommen, want nei ôfrin fan it skandaal wie hja efterbleaun mei withoehege skulden fanwegen alle abbekatekosten dy't se meitsje moatten hie. Se die in fraachpetear op 'e Amerikaanske stjoerder ABC, foar de ynternasjonale rjochten wêrfan't se $1 miljoen krige, en har meiwurking oan 'e biografy Monica's Story (1999), skreaun troch Andrew Morton, smiet har nochris $500.000 op. Dêrmei koe se lykwols nòch al har skulden net ôfbetelje.
Se ferskynde yn it ferneamde sketseprogramma Saturday Night Live, op 'e Amerikaanske tillefyzje, en yn septimber 1999 brocht se in kolleksje troch harsels ûntwurpen hântaskes op 'e merk, ûnder de bedriuwsnamme The Real Monica, Inc. Fierders wurke se mei oan reklamespotsjes foar it Jenny Craig-dieetprogramma, ferskynde se noch yn ferskate programma's op 'e Amerikaanske, Britske en Sweedske tillefyzje, en ferliende se yn maart 2002, doe't se net mear bûn wie oan 'e betingsten fan har immuniteitsoerienkomst, har meiwurking oan 'e dokumintêre Monica in Black and White, fan 'e stjoerder HBO. Yn 2003 presintearre se in seizoen lang it reality-datingprogramma Mr. Personality, op 'e stjoerder Fox, wat it konservative diel fan it Amerikaanske sjoggerspublyk skandalisearre en noch fierder tsjin har yn it harnas jage.
Oer har relaasje mei Clinton prate se fierders sa min mooglik mear, mar doe't yn 2004 syn autobiografy My Life útkaam, liet se yn in fraachpetear yn 'e Britske krante de Daily Mail witte dat se rare teloarsteld wie oer hoe't hy dêryn harren relaasje portrettearre. "Ik [...] hie op syn minsten fan him ferwachte dat er de ûnwiere útspraken korrizjearre hawwe soe dy't er makke hie doe't er syn presidintskip beskermje moast. Ynstee prate er deroer as hie ik mysels suver oan him optwongen. [...] Dit wie in wjerssidige relaasje, dy't fan bejin ôf oan en alhiel oan 'e ein ta fan twa kanten kaam. [...] Ik kin it net akseptearje dat er myn karakter folslein skeine moast."
Tsjin 2005 krige Lewinsky einlings en te'n lêsten foar it ferstân dat de media har yn 'e Feriene Steaten nea gewurde litte soene. Sadwaande besleat se te emigrearjen nei Ingelân, dêr't se in ferfolchoplieding psychology begûn oan 'e London School of Economics, dy't se yn desimber 2006 ôfrûne mei it beheljen fan in masterstitel yn sosjale psychology. De titel fan har dissertaasje wie Op 'e Siik nei it Unpartijige Sjuerylid: In Ferkenning fan it Trêde-Persoanseffekt en Publisiteit Foarôfgeande oan de Rjochtsaak. Sûnt hat se besocht om 'e publisiteit te mijen. Yn 2009 korrespondearre se mei histoarikus Ken Gormley, dy't in biografy oer Clinton oan it skriuwen wie, wêrby't se úthold dat de presidint wis al ûnder ede liigd hie oer harren relaasje.
Seamless Wikipedia browsing. On steroids.
Every time you click a link to Wikipedia, Wiktionary or Wikiquote in your browser's search results, it will show the modern Wikiwand interface.
Wikiwand extension is a five stars, simple, with minimum permission required to keep your browsing private, safe and transparent.