Remove ads
From Wikipedia, the free encyclopedia
Los Angeles (Spaansk: Los Ángeles), ek bekend as L.A. of LA, en offisjeel the City of Los Angeles, is in stêd en gemeente yn 'e Feriene Steaten, dy't oan 'e Pasifyske kust fan 'e steat Kalifornje leit. It is de grutste stêd fan Kalifornje en fan 'e Amerikaanske westkust, en de op ien nei grutste stêd fan 'e hiele Feriene Steaten, nei New York. It is it kulturele en ekonomyske hert fan Súdlik Kalifornje, en it haadplak fan it omlizzende Los Angeles County. Mei 'Los Angeles' wurdt lykwols faak net inkeld de stêd mei dy namme bedoeld, mar de hiele stêdekloft. Neffens in offisjele skatting út 2017 hie de stêd Los Angeles doe likernôch 3,4 miljoen ynwenners, wylst de stêdekloft in befolking fan goed 18,7 miljoen minsken omfieme. Los Angeles waard yn 1781 stifte as delsetting yn it fiere noarden fan 'e Spaanske koloanje Nij-Spanje. It kaam yn 1848, oan 'e ein fan 'e Meksikaansk-Amerikaanske Oarloch, by de Feriene Steaten te hearren. Hjoed oan 'e dei stiet de stêd bekend om syn mylde klimaat mei in soad sinneskyn, ek winterdeis, en fierders benammen om 'e filmyndustry yn Hollywood, dat in wyk fan Los Angeles is.
Los Angeles | ||
Emblemen | ||
Bestjoer | ||
Lân | Feriene Steaten | |
Steat | Kalifornje | |
County | Los Angeles County | |
Sifers | ||
Ynwennertal | 3.999.759 (2017) | |
Oerflak | 1.302 km² (ynkl. wetter) 1.214 km² (allinnich lân) | |
Befolkingsticht. | 3.072,0 / km² | |
Stêdekloft | 18.679.763 (2017) | |
Hichte | 71 m | |
Oar | ||
Stifting | 1781 | |
Tiidsône | UTC-8 | |
Simmertiid | UTC-7 | |
Koördinaten | 34°03′N 118°15′W | |
Offisjele webside | ||
www.lacity.org | ||
Kaart | ||
De lokaasje fan Los Angeles yn Los Angeles County en yn 'e steat Kalifornje. |
Los Angeles leit midden yn 'e Dobbe fan Los Angeles, in leechlân dat yn it súdwesten oan 'e Stille Oseaan grinzget en oan alle oare kanten omseame wurdt troch bergen. Sa leit oan 'e noardkant fan 'e stêd it San Gabriel-berchtme, wêrfan't it heechste punt de top fan 'e Mount San Antonio is, mei in hichte 3.068 m. De stêd sels hat flakke en heuvelige dielen. De hichte rint útinoar fan seenivo oan it strân yn 'e wiken dy't oan see lizze, oant 1.547 m boppe seenivo op 'e Mount Lukens, oan 'e noardeastlike útein fan 'e San Fernando-delling. Trochinoar bedraacht de hichte lykwols 71 m. De eastlike útrinner fan it Santa Monica-berchtme rikt dwers troch de stêd hinne en skiedt de Dobbe fan Los Angeles fan 'e San Fernando-delling. De legere Hollywoodheuvels markearje it plak dêr't de Cahuengapas troch it berchtme rint.
De stêd wurdt ek trochkrúst troch de rivier de Los Angeles, dat eins mear in seizoensbûne beek is, dy't simmerdeis drûch stiet. It rivierbêd is yn it ferline rjochtlutsen en yn beton getten, sadat it no in grutte goate fan 82 km lang is. Dy begjint yn 'e wyk Canoga Park en streamt dêrwei nei it easten ta út 'e San Fernando-delling wei, by de noardrâne fan it Santa Monica-berchtme lâns. Dan slacht er nei it suden ta ôf, dwers troch it stedssintrum, wêrnei't er yn 'e foarstêd Long Beach yn 'e Stille Oseaan útmûnet. De lytsere Ballona Creek streamt ek troch Los Angeles en komt yn 'e wyk Playa del Rey út yn 'e Baai fan Santa Monica. Los Angeles is kwetsber foar ierdbevings, mei't it lyk op 'e Ring fan Fjoer leit, in rûnte om 'e Stille Oseaan hinne dy't dêr fanwegen de ûnderlizzende geology yn útsûnderlik hege mjitte oan bleatstiet
Los Angeles beslacht in oerflak fan 1.302 km², wêrfan't 1.214 km² út lân bestiet en 88 km² út oerflaktewetter. Fan noard nei súd mjit Los Angeles 71 km en fan east nei west 47 km. De omtrek fan 'e stêd is 550 km, wêrby't inkele lytsere plakken, te witten Beverly Hills, West Hollywood en San Fernando, folslein troch it grûngebiet fan Los Angeles omsletten wurde. De stêdekloft Grut-Los Angeles omfiemet net inkeld Los Angeles sels en dy enklaves, mar ek foarstêden as Long Beach, Anaheim, Santa Ana, Irvine, Orange, Huntington Beach, Newport Beach, Pomona, Pasadena, Altadena, Glendale, Torrance, Santa Monica en Malibu. Soms wurde ek fierder fuort leine stêden derta rekkene, lykas San Bernardino, Riverside, Santa Barbara en Ventura.
Foar de oankomst fan 'e earste blanken waard de Dobbe fan Los Angeles al tûzenen jierren bewenne troch Yndianen. Yn 'e histoaryske perioade wiene dat de Tongva (of Gabrieleño) en de Tsjûmasj (Chumash). De kolonisaasje fan it gebiet kaam út it suden wei, dêr't de Spanjerts yn 'e earste desennia fan 'e sechstjinde iuw harren koloanje Nij-Spanje fêstigen, it lettere Meksiko. Yn 1542 ferkende de Spaanske seefarder en ûntdekkingsreizger Juan Rodríguez Cabrillo de kust fan wat no Súdlik Kalifornje is, dy't er opeaske út 'e namme fan 'e Spaanske Kroan. De earste blanke ûntdekkingsreizger dy't de Dobbe fan Los Angeles oer lân berikte, wie Gaspar de Portolà, dy't dêr op 2 augustus 1769 tegearre mei de roomske misjonaris Juan Crespí oankaam.
Yn 1771 seach de fransiskaanske frater Juníperro Serra ta op 'e bou fan 'e earste missypost yn it gebiet, San Gabriel Arcángel. As delsetting waard Los Angeles op 4 septimber 1781 stifte yn opdracht fan Felipe de Neve, de Spaanske gûverneur fan 'e provinsje Opper-Kalifornje. It hie doedestiden 44 ynwenners en krige de namme El Pueblo de Nuestra Señora la Reina de los Ángeles del Río de Porciúncula, wat "De Stêd fan Us Leaffrou de Keninginne fan de Ingels fan de Rivier de Porciúncula" betsjut. Twatrêde part fan 'e oarspronklike kolonisten bestie út mestizen en mulatten. Neitiid bleau Los Angeles tsientallen jierren lang in lyts, ûnbetsjuttend plakje oan it fuottenein fan Nij-Spanje, dat tsjin 1820 noch mar 650 ynwenners telde.
Yn 1821 wûn Nij-Spanje oan 'e ein fan 'e Meksikaanske Unôfhinklikheidsoarloch syn frijheid fan 'e Spaanske oerhearsking. Los Angeles kaam doe likernôch in fearnsiuw by Meksiko te hearren. Yn dy snuorje krige it yn 1835 stedsrjochten en makke gûverneur Pío Pico it ta it haadplak fan 'e provinsje Opper-Kalifornje. Yn 1845 briek lykwols de Meksikaansk-Amerikaanske Oarloch út. Nei in rige fjildslaggen wêryn't de Meksikanen oertsjûgjend ferslein waarden, namen de Feriene Steaten besit fan hiel Opper-Kalifornje en oangrinzgjende regio's. Nei ôfrin fan 'e oarloch moast Meksiko dy gebieten yn 1848 ôfstean ûnder it Ferdrach fan Guadalupe Hidalgo. Sa kaam Los Angeles by de Feriene Steaten te hearren, mar lange tiid bleau it in sliepperich plakje dêr't it nacht yn 'e nane wie.
Yn 1850 krige Los Angeles de status fan gemeente. Yn 1876 waard it mei de komst fan 'e Southern Pacific Railroad oansletten op it Amerikaanske spoarweinetwurk, en yn 1885 waard ek de Atchison, Topeka & Santa Fe Railway trochlutsen nei Los Angeles. Yn 1892 waard yn 'e stêd en omlizzende gebieten ierdoalje ûntdutsen, wêrnei't him yn 'e krite in libbene oaljeyndustry ûntjoech. Dat droech der sterk oan by dat Kalifornje yn 1923 wrâlds grutste ierdoaljeprodusint wurden wie, dêr't doedestiden in fjirdepart fan alle oalje út 'e grûn helle waard. Mei dêrtroch wie de befolking fan Los Angeles tsjin 1900 oanwoeksen ta 102.000 minsken. Dy befolkingsgroei sette de drinkwetterfoarrie fan 'e stêd ûnder druk. Pas nei't yn 1913 ûnder tafersjoch fan yngenieur William Mulholland it Akwadukt fan Los Angeles oanlein wie, koe de stêd sûnder noed fierder groeie.
In bepaling yn it hânfêst fan Los Angeles, dy't it de stêd ferbea om drinkwetter te leverjen oan gebieten bûten de gemeentegrinzen, hie ta gefolch dat in protte fan dy gebieten harsels twongen seagen om har troch Los Angeles anneksearje te litten om oan drinkwetter foar har ynwenners te kommen. Yn 1910 waard op dy manear ek it oant dy tiid ta selsstannige plak Hollywood anneksearre. Dêr wiene op dat stuit al tsien filmstudio's aktyf, en neitiid ûntjoech it him fierder ta it wrâldwide mekka fan 'e filmyndustry. Foar Los Angeles betsjutte dat it begjin fan in ûnbidige en oanhâldende befolkingsgroei. Tsjin 1921 waard mear as 80% fan alle films yn 'e wrâld yn Hollywood makke. It jild dat dêrmei fertsjinne waard, soarge derfoar dat de stêd net bot te lijen hie ûnder de Grutte Depresje fan 'e 1930-er jierren. Yn 1930 berikte Los Angeles it oantal fan 1 miljoen ynwenners, en yn 1932 wie de stêd de gasthear fan 'e Olympyske Simmerspullen.
Under de Twadde Wrâldoarloch wie Los Angeles in wichtich sintrum fan 'e militêre skipsbou en loftfeartyndustry. De California Shipbuilding Corporation (Calship) en seis grutte fleantúchbouwers (Douglas, Hughes, Lockheed, North American Aviation, Northrop en Vultee) hiene harren haadkertier yn of deunby de stêd. Nei de ein fan 'e Twadde Wrâldoarloch begûn Los Angeles hurder te groeien as ea tefoaren. Dat hie te krijen mei it feit dat in protte manlju dy't yn 'e oarloch as soldaten yn Súdlik Kalifornje legere west hiene, fereale rekke wiene op it mylde klimaat en neitiid mei harren gesinnen dêrhinne ferhuzen. Ek de ûntwikkeling fan it Interstate Highway-stelsel, yn 'e 1950-er jierren, droech by oan 'e eksplosive befolkingsgroei, en al rillegau wreide de beboude kom fan Los Angeles him út oant yn 'e San Fernando-delling.
Yn 'e 1960-er jierren hie de stêd, krekt as oare plakken yn 'e Feriene Steaten, te krijen mei oanboazjende spannings tusken de ferskate etnyske groepen, benammen tusken de blanken en de Afro-Amerikanen yn it ramt fan 'e Amerikaanske Boargerrjochtebeweging, wat noch oanboaze waard troch ûnfrede oer de Amerikaanske belutsenens by de Fjetnamoarloch. Yn 1965 kamen dy spannings ta útbarsting yn 'e ferwuostgjende Watts-opskuor, yn 'e swarte efterstânswyk Watts, dêr't 34 minsken by omkamen en mear as 1.000 oaren by ferwûne rekken. Yn 1973 waard Thomas Bradley as de earste Afro-Amerikaanske boargemaster fan Los Angeles keazen. Hy tsjinne fiif folle terminen út, oant er yn 1993 mei pinsjoen gie.
In oare ûntwikkeling yn 'e 1970-er jierren waard foarme troch de aktiviteiten fan it terroristyske Symbioneeske Befrijingsleger (SLA), ynkl. in sjitpartij mei de Plysje fan Los Angeles yn South Los Angeles yn 1974. Yn 1977 en 1978 waard de stêd in skoft yn 'e gryp holden troch de searjemoardners dy't bekend stiene as de Hillside Stranglers. Yn 1979 wie Los Angeles ien fan 'e earste gemeenten yn 'e Feriene Steaten dy't in wet oannaam op it mêd fan homorjochten. Yn 1984 wie de stêd foar de twadde kear gasthear fan 'e Olympyske Spullen. Hoewol't dy Olympiade wat bedoarn waard troch in grutskalige boycot troch kommunistyske lannen, wie it finansjeel sjoen ien fan 'e súksesfolste Olympyske eveneminten ea.
Yn 'e 1990-er jierren briek der op 29 april 1992 yn Los Angeles fannijs in grutskalich rasse-opskuor út, doe't fjouwer plysjes fan it Los Angeles Police Department troch in blanke sjuery frijsprutsen waarden fan 'e mishanneling fan 'e swarte man Rodney King, dy't op filmbylden fêstlein wie. Yn 1994 waard de stêd troffen troch de ierdbeving fan Northridge, dy't 6,7 op 'e skaal fan Richter meat, 72 minsken it libben koste en foar $12,5 miljard oan skea oanrjochte. De tweintichste iuw einige yn Los Angeles mei it Rampart-skandaal, ien fan 'e meast yngeand dokumintearre gefallen fan misdragings troch de plysje út 'e Amerikaanske skiednis. Yn 2002 besochten Hollywood en de San Fernando-delling har fan Los Angeles ôf te skieden, mar by in referindum ferwiisden de kiezers dat útstel nei de kladdekoer. Yn 2028 sille yn Los Angeles foar de trêde kear de Olympyske Simmerspullen holden wurde.
Foar de ekonomy fan Los Angeles is benammen ynternasjonale hannel wichtich. De oaninoar grinzgjende havens fan Los Angeles en Long Beach binne tegearre de drokste haven fan 'e hiele Feriene Steaten, en de op fjouwer nei drokste haven yn 'e wrâld, mei in rol fan krúsjaal belang yn 'e kontekst fan 'e hannel oer de Stille Oseaan. Like wichtich foar de Angeleenske ekonomy is de entertainmentyndustry, mei filmstudio's, tillefyzjebedriuwen, platemaatskippijen en kompjûterspultsjeprodusinten. Fan 'e seis grutte filmstudio's hawwe twa harren haadkertier binnen de gemeentlike grinzen fan Los Angeles. Dat binne Paramount Pictures en 20th Century Fox, dy't fêstige binne yn 'e saneamde Studiosône yn Hollywood. Los Angeles is ek it sintrum fan 'e Amerikaanske pornoyndustry, dy't sterk konsintrearre is yn 'e wyk Chatsworth. Mei de entertainmentyndustry ferbûn is de toeristyske sektor, dy't ek fan grut belang is foar de ekonomy fan Los Angeles.
Los Angeles foarmet fierders it grutste yndustriële sintrum yn it westlike part fan 'e Feriene Steaten, dêr't benammen ûndernimmings út 'e loft- en romtefeartsektor en hightechbedriuwen fêstige binne. Ek hat Los Angeles noch altyd in wichtige funksje oangeande de ierdoaljeferwurkjende yndustry. Op it mêd fan 'e tsjinstesektor is fierders benammen it bankwêzen wichtich, mar dêrnjonken ek telekommunikaasje, abbekatekantoaren, de sûnenssoarch, it ûnderwiis, de wittenskip en de transportsektor. Yn 2017 wie Los Angeles it op achttjin nei wichtichste finansjele sintrum yn 'e wrâld en it op fiif nei wichtichste finansjele sintrum yn 'e Feriene Steaten, nei New York, San Francisco, Chicago, Boston en Washington, D.C. Ta einbeslút moat de moadesektor noch neamd wurde, dêr't Los Angeles yn 'e Feriene Steaten in sintrum fan is.
Yn 2017 hie de stêdekloft fan Grut-Los Angeles in bruto metropolitaansk produkt fan $1.044 biljoen, wêrmei't it de op twa nei grutste stêdekloftekonomy fan 'e wrâld hie, nei New York en Tokio. De fjouwer grutste wurkjouwers yn 'e stêd wiene yn 2009 (yn ôfrinnende folchoarder): de gemeente Los Angeles, Los Angeles County, de Universiteit fan Kalifornje, Los Angeles (UCLA) en de Universiteit fan Súdlik Kalifornje (USC).
Los Angeles is in gemeente en wurdt bestjoerd troch in boargemaster en in gemeenteried, de Los Angeles City Council, dy't bestiet út fyftjin sitten. De gemeenteriedsleden wurde keazen by algemiene ferkiezings ûnder de befolking fan 'e stêd, ferdield oer fyftjin kiesdistrikten. De boargemaster, dy't ek troch it elektoraat keazen wurdt, oefenet de útfierende macht út, wylst de gemeenteried de wetjaande macht hat. De boargemaster wurdt by it bestjoer fan 'e gemeente bystien troch de city attorney en de city controller. Dêrnjonken hawwe alle buerten fan 'e stêd in eigen buertried (dêr't der likernôch 90 fan binne). Dy buertrieden hawwe útslutend in advisearjende rol, en funksjonearje min ofte mear sa't yn Fryslân de ferienings foar doarpsbelang funksjonearje, mar dan offisjeler. De gemeente Los Angeles omfiemet fierders ferskate publike tsjinsten, wêrûnder it Los Angeles Police Department (LAPD), de gemeentlike plysje, en it Los Angeles Fire Department (LAFD), de gemeentlike brânwacht.
Los Angeles telt 72 iepenbiere bibleteken, dy't rund wurde troch de Los Angeles Public Library-tsjinst.
It basisûnderwiis en it fuortset ûnderwiis wurde yn suver hiel Los Angeles fersoarge troch it Los Angeles Unified School District, dat 800.000 learlingen omfiemet. Los Angeles hat trije iepenbiere universiteiten: de Kalifornyske Steatsuniversiteit, Los Angeles (CSULA), de Kalifornyske Steatsuniversiteit, Northridge (CSUN) en de Universiteit fan Kalifornje, Los Angeles (UCLA), wêrfan't de lêste fierwei de grutste is. Fan 'e private ynstellings foar heger ûnderwiis yn Los Angeles is de Universiteit fan Súdlik Kalifornje (USC) it grutst en bekendst, njonken it Kalifornysk Ynstitút foar Technology (Caltech), dat ien fan 'e meast foaroansteande technyske universiteiten fan 'e wrâld is. Oare private universiteiten binne û.m.: de Amerikaanske Joadske Universiteit (AJU), de Abraham Lincoln Universiteit (ALU), de Filmskoalle fan Los Angeles (LAFS), de Loyola Marymount Universiteit (LMU), de Nasjonale Universiteit (NU), en de Woodbury Universiteit (WU).
De wichtichste krante fan Los Angeles is de Los Angeles Times. It grutste Spaansktalige deiblêd is La Opinión, dat frijwol útslutend troch de Latino-mienskip lêzen wurdt. Ferskate oare etnyske groepen hawwe eigen kranten, lykas The Korea Times fan 'e Koreänen, The World Journal fan 'e Sinezen en de ienris yn 'e wike útkommende Los Angeles Sentinel, dy't rjochte is op 'e Afro-Amerikaanske mienskip.
Alle fjouwer grutte Amerikaanske tillefyzjenetwurken hawwe lokale tillefyzjestjoerders dy't de stêdekloft fan Los Angeles betsjinje: ABC hat KABC-TV, CBS hat KCBS-TV, Fox hat KTTV-TV en NBC hat KNBC-TV. Fierders hawwe ek de Spaansktalige netwurken Telemundo en Univision lokale tillefyzjestjoerders: KVEA-TV, resp. KMEX-TV. Ek de Amerikaanske steatsomrop PBS is yn 'e krite fertsjintwurdige, mei trije lokale stjoerders. Ta einbeslút is der dan ek noch KCET, de grutste ûnôfhinklike lokale tillefyzjestjoerder fan 'e Feriene Steaten.
Los Angeles en syn foarstêden wurde wat ynfrastruktuer oangiet, betsjinne troch in grut netwurk fan autodiken en autosneldiken. Nettsjinsteande dat steane der de measte files fan 'e Feriene Steaten. Ut in ûndersyk út 2005 die bliken dat de trochsneed forins yn Los Angeles 72 oeren jiers yn 'e file stie. Ien fan 'e wichtichste autosneldiken dy't nei en út Los Angeles liede, is Interstate 5, dy't yn súdlike rjochting oer San Diego nei Tijuana yn Meksiko liedt, en de oare kant út nei it noarden fia Sacramento, Portland en Seattle nei de Kanadeeske grins by Vancouver. In oare wichtige rûte is Interstate 10, dy't yn eastlike rjochting alhiel nei de Atlantyske kust by Jacksonville yn Floarida liedt. Histoarysk lei Los Angeles fierders oan 'e westlike útein fan 'e ferneamde Route 66.
It iepenbier ferfier yn Los Angeles wurdt bewurkmastere troch de Los Angeles County Metropolitan Transportation Authority. Dêrta heart in grut netwurk fan buslinen, mar dêrnjonken ek in metro, de Metro Rail. Dy foarmet it op acht nei drokste metrosysteem yn 'e Feriene Steaten en bestiet út njoggen ûnderskate linen, dy't mei kleuren oantsjut wurde. Foar loftferkear is Los Angeles te berikken fia de Ynternasjonale Lofthaven fan Los Angeles, dy't ornaris oantsjut wurdt mei syn IATA-lofthavenkoade LAX. It folle lytsere Fleanfjild Van Nuys (yn 'e wyk Van Nuys) leit ek yn Los Angeles. Oer see kin de stêd berikt wurde troch de Haven fan Los Angeles, oan 'e Stille Oseaan, mei in oerflak fan 30 km², dy't diel útmakket fan 'e wyk San Pedro, en grinzget oan 'e Haven fan Long Beach. Ut San Pedro giet ek in fearboat nei Avalon, op it eilân Santa Catalina, ien fan 'e Kalifornyske Kanaaleilannen.
Los Angeles is de thúsbasis fan 'e folgjende profesjonele sportklubs:
Foaroansteande amateursportteams út Los Angeles binne de UCLA Bruins fan 'e Universiteit fan Kalifornje, Los Angeles (UCLA), en de USC Trojans fan 'e Universiteit fan Súdlik Kalifornje (USC), dy't beide lid binne fan 'e National Collegiate Athletic Association (NCAA).
It wichtichst foar it toerisme yn Los Angeles is fansels de filmyndustry fan Hollywood. Hoewol't in grut part dêrfan him tsjintwurdich bûten de gemeentegrinzen befynt, is Hollywood sels sûnt 1910 in wyk Los Angeles. Behalven spylfilms wurde yn 'Hollywood' ek in protte tillefyzjeprogramma's, muzykalbums en fideospultsjes makke. Dêrfandinne dat yn Los Angeles elts jier de Oscars (formeel eins: Academy Awards), de Golden Globes, de Emmys en de Grammys útrikt wurde. Toeristyske attraksjes yn 'e stêd dy't ferbân hâlde mei de filmyndustry fan Hollywood binne û.m. it ferneamde Hollywood Sign en de stjerren fan 'e Hollywood Walk of Fame (dy't ferwize nei grutte nammen út 'e skiednis fan 'e Amerikaanske filmyndustry) yn it trotwaar fan Hollywood Boulevard. Oare filmattraksjes, lykas de Universal Studios Hollywood en it oarspronklike ferdivedaasjepark Disneyland, dêr't alle oare Disneyparken fan ôflaat binne, lizze bûten mar deunby Los Angeles, yn Universal City, resp. Anaheim. Yn 'e wyk Hollywood wurdt elts jier yn oktober it Filmfestival fan Hollywood holden.
Fierders spylje ek de poadiumkeunsten in wichtige rol oangeande kulturele identiteit fan Los Angeles. Neffens ûndersikers fan 'e Universiteit fan Súdlik Kalifornje wurde der yn 'e stêd op jierbasis mear as 1.100 ûnderskate toanielstikken en teäterproduksjes opfierd, dêr't eltse wike trochinoar 21 fan yn premiêre geane. It Los Angeles Music Center is ien fan 'e trije grutste skouboargen yn 'e Feriene Steaten, dêr't elts jier 1,3 miljoen besikers delkomme. De Walt Disney Concert Hall, dy't it sintrum fan it Music Center foarmet, is de residinsje fan it prestizjeuze orkest it Los Angeles Philharmonic. Ek it toanielselskip de Center Theatre Group, it koar Los Angeles Master Chorale en it operaselskip de Los Angeles Opera hawwe harren thúsbasis yn it Music Center.
Op it mêd fan byldzjende keunst en oare ter besichtiging útstalde saken binne der yn Los Angeles County 841 museä en galeryen, wêrfan't de grutste helte yn Los Angeles sels stiet. Dêrmei hat de stêd mear museä per haad fan 'e befolking as lykfol hokker oare grutte stêd op 'e wrâld ek. Guon fan 'e meast foaroansteande museä yn Los Angeles binne it Los Angeles County Museum of Art (it grutste museum yn 'e westlike helte fan 'e Feriene Steaten), it Getty Center (dat ûnderdiel útmakket fan 'e J. Paul Getty Trust, de rykste keunstynstelling fan 'e wrâld), it Petersen Automotive Museum, de Huntingtonbibleteek, it Natuerhistoarysk Museum fan Los Angeles County, it Museum fan Hjoeddeiske Keunst en, yn 'e haven fan Los Angeles, it âlde slachskip de USS Iowa. In grut tal lytsere keunstgaleryen is fêstige oan 'e saneamde Gallery Row ("Galeryrige") yn it sintrum fan Los Angeles, en op 'e Downtown Art Walk, in begelate rûnlieding dêr bylâns dy't ienris yn 'e moanne holden wurdt, komme jierliks tsientûzenen lju ôf.
Oare wichtige toeristyske attraksjes binne:
Los Angeles hat (anno 2019) 25 susterstêden, hjirûnder werjûn op folchoarder fan it oangean fan 'e bân.
De ynwenners fan Los Angeles wurde Angelenen of Anzjelenen neamd. Yn 1850 wiene der 1.610 fan harren, en dat oantal bleau frij lang ridlik leech. Yn 1870 hie Los Angeles 5.700 ynwenners en yn 1880 goed 11.000. Yn 1890 wie dat oantal ynienen ferfiiffâldige ta goed 50.000, en tsien jier letter, yn 1900, wie it nochris ferdûbele, oant 102.000. Fan 319.000 yn 1910 groeide de befolking fan Los Angeles fia 577.000 yn 1920 en 1,2 miljoen yn 1930 oant 1,5 miljoen yn 1940, oan 'e foarjûn fan 'e Amerikaanske dielname oan 'e Twadde Wrâldoarloch. Nei ôfrin fan 'e oarloch woeks de befolking hurd oan, fan krapoan 2 miljoen yn 1950 fia 2,5 miljoen yn 1960, 2,8 miljoen yn 1970 en 3 miljoen yn 1980 oant 3,5 miljoen yn 1990. Oan it begjin fan 'e ienentweintichste iuw, yn 2000, hie Los Angeles in befolking fan 3,7 miljoen minsken en yn 2010 wie dat oantal fierder tanommen oant 3,8 miljoen.
Neffens in offisjele skatting troch it Amerikaanske Folkstellingsburo op grûn fan gegevens fan 'e folkstelling fan 2010 hie Los Angeles yn 2017 in befolking fan 3.792.621 minsken. De befolkingstichtens yn 'e stêd bedroech dêrmei 3.072,0 minsken de km². De hiele stêdekloft fan Grut-Los Angeles, alle foarstêden ynbegrepen, telde yn 2017 18.679.763 ynwenners. Dêrmei is Los Angeles de grutste stêd(ekloft) yn Kalifornje en oan 'e Pasifyske kust fan 'e Feriene Steaten. Lanlik sjoen docht Los Angeles kwa befolkingsgrutte inkeld ûnder foar New York. Op it trêde plak folget mei ôfstân Chicago.
Neffens gegevens fan 'e folkstelling fan 2010 wie doe fan 'e befolking fan Los Angeles 10,5% âlder as 65 jier en 23,1% jonger as 18 jier. De leeftyd fan 'e trochsneed Angeleen wie 34 jier, 1 moanne en 4 dagen. Foar eltse frou fan boppe de 18 jier wiene de 97,6 manlju. Fierders waard 38,2% fan alle 1.413.995 wenten yn Los Angeles bewenne troch de eigner, wylst 61,8% bewenne waard troch hierders. Fan 'e Angeleenske befolking libbe 22% ûnder de earmoedegrins.
Wat de etnyske opbou fan 'e befolking fan Los Angeles oangiet, dy wie yn 2010 sa: 48,5% Latino's; 28,7% blanken; 11,3% Aziaten; 9,6% swarten; 0,7% Yndianen; 0,1% Polyneziërs, Melaneziërs en Mikroneziërs; 1,1% oaren of fan mingd etnysk komôf. De tebekgong fan it blanke befolkingsoandiel is opmerklik, mei't dat yn 1940 noch 86,3% bedroech. De mearderheid fan 'e blanken wenje yn wiken by de Pasifyske kust lâns, en yn wiken oan 'e foet fan it Santa Monica-berchtme fan 'e Pacific Palisades oant en mei Los Feliz.
Fan 'e Latino's bestiet it meastepart út lju fan Meksikaansk komôf, dy't 31,9% fan 'e befolking fan Los Angeles útmeitsje. Op ôfstân folgje de Salvadoranen (6,0%) en de Gûatemalteken (3,6%). Hoewol't de Latino's oer de hiele stêd ferspraat wenje, binne se benammen konsintrearre yn guon wiken yn it stedssintrum, lykas East Los Angeles, Northeast Los Angeles en Westlake. Fierders is der ek in rige buerten dy't yn hege mjitte troch Latino's bewenne wurdt fan eastlik South Los Angeles yn 'e rjochting fan Downey.
De grutste subgroepen fan 'e Aziaten wurde foarme troch de Filipino's (3,2% fan 'e stedsbefolking) en de Koreänen (2,9%). Dy hawwe harren eigen etnyske enklaves yn 'e stêd: Historic Filipinotown en Koreatown. Sinezen, dy't mar 1,8% fan 'e befolking fan Los Angeles foarmje, wenje benammen yn Chinatown. Dêre en yn Thaitown wenje ek in protte Tai (0,3%) en Kmer (0,1%). De Japanners (0,9%) hawwe in eigen etnyske enklave yn it stedssintrum, Little Tokyo, hoewol't ek yn 'e buert Sawtelle, yn West Los Angeles in protte Japanners wenje. Fjetnamezen (0,5%) hawwe gjin eigen etnyske enklave, mar libje mear ferspraat oer de stêd. Ferskate oare groepen hawwe dan wol wer eigen enklaves, lykas de Armenen yn Little Armenia, de Amharen yn Little Ethiopia, de Bingalezen yn Little Bangladesh en de Perzen yn Tehrangeles (in gearlûking fan Teheran en Los Angeles).
De Afro-Amerikanen binne al lange tiid de dominante etnyske groep yn South Los Angeles, dat sûnt de 1960-er jierren útwoeksen is ta de grutste swarte mienskip yn 'e hiele westlike helte fan 'e Feriene Steaten. De buerten yn South Los Angeles mei de heechste konsintraasjes Afro-Amerikaanske ynwenners binne Crenshaw, Baldwin Hills, Leimert Park, Hyde Park, Gramercy Park, Manchester Square en Watts. Behalven South Los Angeles hawwe ek dielen fan Central Los Angeles, lykas Mid-City en Mid-Wilshire, in oansjenlik tal Afro-Amerikaanske ynwenners.
Yn 2005 waard by in telling fêststeld dat der yn Los Angeles 224 ferskillende talen sprutsen waarden. Neffens de útkomst fan in enkête út 'e jierren 2006-2008 hie doe 43,6% fan 'e Angelenen it Spaansk as memmetaal. De twadde taal yn 'e stêd wie it Ingelsk, dat troch 40,2% fan 'e ynwenners as memmetaal sprutsen waard. Fan 'e rest fan 'e Angelenen hie 7,0% in oare Yndo-Jeropeeske taal as memmetaal (lykas Italjaansk, Portegeesk, Frânsk, Dútsk, Nederlânsk, Gryksk, Russysk, Armeensk, Perzysk, Bingaleesk, Hindy, ensfh.). Fierders hie 7,9% in Aziatyske of Oseänyske taal as memmetaal (lykas Sineesk, Koreaansk, Japansk, Tagalok, Fjetnameesk, Taisk, Kmer, ensfh.). De restearjende 1,3% fan 'e befolking spriek "in oare taal" as memmetaal; dan kin men tinke oan Arabysk, Hebriuwsk, Turksk, Hongaarsk, Finsk, in Afrikaanske taal of in Yndiaanske taal.
Neffens in ûndersyk út 2014 is it kristendom de godstsjinst fan 65% fan 'e befolking fan Los Angeles. De grutste kristlike denominaasje is de Roomsk-Katolike Tsjerke. It Roomsk-Katolike Aartsbisdom Los Angeles is it grutste aartsbisdom fan 'e Feriene Steaten, mei as katedrale tsjerke de nije Katedraal fan Us Leaffrou fan 'e Ingels, dy't yn 2002 ynwijd waard. De roomske mienskip fan Los Angeles bestiet yn hege mjitte út etnyske Latino's, hoewol't der ek oansjenlike groepen fan Iersk, Italjaansk en Poalsk komôf diel fan útmeitsje.
Los Angeles hat fierders ek in ynfloedrike protestantske tradysje. De ierste protestantske earetsjinst yn 'e stêd waard yn 1850 yn in priveewente holden, en it âldste noch besteande protestantske tsjerkegebou is de Earste Kongregasjonele Tsjerke fan Los Angeles, dy't iepene waard yn 1867. Oan it begjin fan 'e tweintichste iuw waard yn 'e stêd de grûnslach lein foar de streaming fan it kristlik fûnemintalisme, wylst de pinksterbeweging fuortkaam út 'e Azusa Street Revival, dy't yn 1906 yn Los Angeles begûn. De measte protestanten yn Los Angeles binne blanken en swarten, dy't ta metodistyske en baptistyske denominaasjes hearre. De Timpel fan Los Angeles, Kalifornje fan 'e mormoanske Tsjerke fan Jezus Kristus fan de Hilligen fan de Lêste Dagen, ynwijd yn 1956, is de op ien nei grutste timpel fan dat tsjerkgenoatskip nei dy yn Salt Lake City.
Fierders wenje yn Los Angeles 490.000 joaden, dy't de op ien nei grutste mienskip fan dy religy yn 'e Feriene Steaten foarmje, nei dy yn New York. De measten fan harren wenje yn 'e San Fernando-delling. Alle foarmen fan it joadendom binne yn Los Angeles fertsjintwurdige, fan otterdoks en konservatyf oant reform en rekonstruksjonistysk. De Breed Street Shul, yn East Los Angeles, boud yn 1923, wie tsientallen jierren lang de grutste synagoge yn 'e Feriene Steaten westlik fan Chicago; tsjintwurdich is it in museum en mienskipssintrum.
Oare promininte godstsjinsten dy't yn Los Angeles praktisearre wurde, binne, op folchoarder fan ôfrinnende grutte: it boedisme, it hindoeïsme, de islaam, it soroästrisme, it sikhisme en it bahaïsme. Mank de moslims binne njonken soenniten en sjiïten ek ferskate soefistyske streamings. Op it mêd fan it kristendom moatte de Eastersk-otterdokse tsjerken en de Oriïntaalsk-otterdokse tsjerken noch neamd wurde. Fierders wennet yn Los Angeles, yn ferhâlding ta de rest fan 'e Feriene Steaten, in boppegemiddeld tal ateïsten en agnosten. De wyk Hollywood is it wrâldwide sintrum fan 'e scientology-sekte.
Los Angeles hat in Mediterraan klimaat, mei waarme simmers en tige mylde, wiete winters. Yn septimber, de waarmste moanne, is de trochsneed temperatuer oerdeis 35,3 °C, en yn desimber, de kâldste moanne, is dat 27,4 °C. Rekôrtemperatueren wiene 45 °C op 27 septimber 2010 en –4 °C op 22 desimber 1944. Los Angeles kriget jiers trochinoar 379,3 mm delslach. Snie komt yn Los Angeles eins net foar, en de tige seldsume kearen dat it àl falt (lykas op 22 febrewaris 2019), teit it daliks fuort sadree't it de grûn rekket. De measte rein falt tusken novimber en maart yn 'e foarm fan buien. De stêd hat yn trochsneed mear as 266 dagen mei sinneskyn yn 't jier, oftewol 3.254,2 oeren. Dêrmei leit de kâns op sinneskyn op in willekeurige dei trochinoar op 73%. De minste sinne (mar noch altyd 64% fan 'e dagen) is der yn 'e moannen maaie en juny.
Seamless Wikipedia browsing. On steroids.
Every time you click a link to Wikipedia, Wiktionary or Wikiquote in your browser's search results, it will show the modern Wikiwand interface.
Wikiwand extension is a five stars, simple, with minimum permission required to keep your browsing private, safe and transparent.