From Wikipedia, the free encyclopedia
It Súdwesten, it Amerikaanske Súdwesten of de Súdwestlike Feriene Steaten is in ynformele geografyske regio fan 'e Feriene Steaten. Under dizze oantsjutting wurde altyd de steaten Arizona en Nij-Meksiko beflapt, mei meastal dêropta Utah, Nevada en Kolorado, en soms ek Kalifornje. Inkeld wurde ek Teksas en Oklahoma wol ta it Amerikaanske Súdwesten rekkene.
Hast it hiele Súdwesten makke foarhinne ûnderdiel út fan 'e Spaanske koloanje Nij-Spanje, dy't yn 1821 syn ûnôfhinklikheid wûn ûnder de namme Meksiko. Pas nei de Meksikaansk-Amerikaanske Oarloch moast Meksiko it Súdwesten yn 1848 oan 'e Feriene Steaten ôfstean, wylst in diel fan súdlik Arizona earst troch de Gadsden-oankeap fan 1853 yn Amerikaanske hannen kaam. Yn 'e tiid fan it Wylde Westen wie it Súdwesten ien fan 'e lêste gebieten dêr't noch fochten waard mei de Yndianen, mei't de Apache-lieder Geronimo (Goyaałé) oant 1886 oanhold mei ferset te bieden tsjin 'e Amerikaanske oerhearsking.
As men útgiet fan 'e fiif kearnsteaten fan it Súdwesten (Arizona, Nij-Meksiko, Nevada, Utah en Kolorado), dan hat de krite rûchwei 19 miljoen ynwenners. De grutste stêd yn it gebiet is Phoenix, yn Arizona, folge troch Denver, yn Kolorado, Las Vegas, yn Nevada, Albuquerque, yn Nij-Meksiko, en Tucson, yn Arizona. De befolking fan it gebiet omfiemet in grutte Latino-mienskip, wêrfan't in oansjenlik diel al yn it gebiet wenne foar't it yn 1848 by de Feriene Steaten kaam te hearren. Ek libje der grutte Yndiaanske groepen yn it Súdwesten, wêrfan't de Navaho mei goed 250.000 minsken de grutste kloft fan útmeitsje.
Seamless Wikipedia browsing. On steroids.
Every time you click a link to Wikipedia, Wiktionary or Wikiquote in your browser's search results, it will show the modern Wikiwand interface.
Wikiwand extension is a five stars, simple, with minimum permission required to keep your browsing private, safe and transparent.