It Filmfestival fan Hollywood (Ingelsk: Hollywood Film Festival) is in filmfestival dat elts jier yn oktober holden wurdt yn 'e wyk Hollywood fan 'e Amerikaanske stêd Los Angeles, yn it suden fan 'e steat Kalifornje.
Filmfestival fan Hollywood Hollywood Film Festival | ||
plak en tiid | ||
lân | Feriene Steaten | |
steat | Kalifornje | |
county | Los Angeles County | |
plak | Los Angeles | |
holden yn | de wyk Hollywood | |
tiid fan it jier | oktober | |
bysûnderheden | ||
ôfkoarting | HFF | |
soarte evenemint | filmfestival | |
bestean | 1997 – no | |
oprjochter | Carlos de Abreu en Janice Pennington | |
offisjele webside | ||
www.hollywoodfilmfestival.com |
Skiednis
It Filmfestival fan Hollywood waard yn 1997 oprjochte troch skriuwer en filmprodusint Carlos de Abreu en dy syn frou, it model Janice Pennington. It is bedoeld as in platfoarm foar makkers fan ûnôfhinklike films om oansluting te finen by de filmyndustry fan Hollywood.
Struktuer
It Filmfestival fan Hollywood bestiet út in stikmannich seksjes, dy't foarmjûn binne as parallel rinnende filmfestivaltsjes. Dêrby giet it om:
- it Bernefilmfestival fan Hollywood (foar bernefilms)
- it Digitaal Filmfestival fan Hollywood (foar ynternetfilms)
- it Dokumintêrefilmfestival fan Hollywood (foar dokumintêres)
- it Horrorfilmfestival fan Hollywood (foar horrorfilms)
- it Ynternasjonaal Filmfestival fan Hollywood (foar films út it bûtenlân)
- it Koarte Filmfestival fan Hollywood (foar koarte films)
- it Komeedzjefilmfestival fan Hollywood (foar komeedzjefilms)
- it Tekenfilmfestival fan Hollywood (foar tekenfilms)
- it Unôfhinklik Filmfestival fan Hollywood (foar ûnôfhinklike films)
- it Wrâldfilmfestival fan Hollywood (foar ûnôfhinklike films út it bûtenlân)
Keppelings om utens
Boarnen, noaten en referinsjes
Wikiwand in your browser!
Seamless Wikipedia browsing. On steroids.
Every time you click a link to Wikipedia, Wiktionary or Wikiquote in your browser's search results, it will show the modern Wikiwand interface.
Wikiwand extension is a five stars, simple, with minimum permission required to keep your browsing private, safe and transparent.