Remove ads
From Wikipedia, the free encyclopedia
In ûnôfhinklike film, ek wol bekend ûnder de Ingelske term indie of indiefilm (koart foar independent film), is in spylfilm of koarte film dy't produsearre is sûnder de stipe fan in grutte filmstudio. Sokke films binne faak lowbudgetfilms of geane oer in kontroversjeel ûnderwerp. Tanimmende kreätiviteit en foarútgong yn 'e beskikbere technology hawwe derfoar soarge dat de merk foar ûnôfhinklike films fan 'e ein fan 'e tweintichste iuw ôf sterk yn profesjonaliteit en populariteit groeid is.
Unôfhinklike films kinne yn prinsipe ta elts sjenre hearre. Se wurde ornaris karakterisearre troch in beheinde publikaasje en lytse of hielendal gjin marketingkampanje. Makkers fan ûnôfhinklike films besykje harren produkten faak fertoand te krijen op filmfestivals, mei't se dêr in breed publyk berikke kinne sûnder dêrfoar folle jild kwyt te wêzen. Guon filmfestivals lizze har útslutend ta op ûnôfhinklike films, lykas it Sundance Film Festival, yn 'e Feriene Steaten, dat it grutste festival foar ûnôfhinklike films yn 'e wrâld is.
Seamless Wikipedia browsing. On steroids.
Every time you click a link to Wikipedia, Wiktionary or Wikiquote in your browser's search results, it will show the modern Wikiwand interface.
Wikiwand extension is a five stars, simple, with minimum permission required to keep your browsing private, safe and transparent.