From Wikipedia, the free encyclopedia
It Finsk (suomi) is in taal mei sa'n seis miljoen sprekkers. It is ien fan de twa offisjele talen fan Finlân, neist it Sweedsk, en wurdt dêr sprutsen troch omtrint 95% fan de befolking. Fierder binne der autochtone finsktaligen yn Kareelje en Ingermanlân, beide yn Ruslân, en yn Tornedalen, yn Sweden. Yn it Finsk hjit Tornedalen Tornionlaakso, en it Finsk dat dêr sprutsen wurdt hjit Meänkieli. Sûnt 1 april 2000 binne yn Sweden Meänkieli en standert-Finsk beide offisjeel erkend as minderheidstaal.
It Finsk heart by de Eastseefinske talen, in part fan de Finsk-Ugrysk taalfamylje. Finsk is nau besibbe oan de oare Eastseefinske talen, lykas it Estsk en it Karelysk, en fierder wei is ek it Hongaarsk besibbe mei it Finsk. Finsk en Hongaarsk binne lykwols net ûnderling fersteanber, krekt sa min as Finsk en de oanbuorjende Yndo-Europeeske talen, lykas it Skandinavyske Sweedsk en it Slavyske Russysk, ûnderling fersteanber binne. De Germaanske, de Slavyske en ek de Baltyske talen hawwe wol in soad ynfloed hân op de ûntwikkeling fan de Eastseefinske talen, en dêrmei ek op dy fan it Finsk. Bekende âlde Germaanske lienwurden yn it Finsk binne kuningas foar 'kening', kaunis foar 'moai', rengas 'ring' en ranta foar 'igge, strân'.
It Finsk wurdt skreaun mei it Skandinavyske alfabet, wêrby de lêste trije letters skreaun wurde as: å, ä en ö. Fan dat alfabet wurde de letters b, c, f en å lykwols allinnich yn lienwurden brûkt en de g en de d dêrneist allinnich yn spesjale posysjes binnen in wurd. Wêr't de w, x en z út it Latynske alfabet brûkt wurde, is dat ek allinnich foar lienwurden.
Wat oerbliuwt is in frij beheind oantal bylûden en acht lûden, a, e, i, o, u, y, ä en ö. Dy lûden kinne lykwols koart en lang wêze en kinne boppedat kombinearre wurde ta in grut oantal twalûden, lykas ie, yö, au en äi. Dizze rykdom oan lûdfonemen is karakteristyk foar it Finsk, al is it Finsk fansels net de ienichste taal mei sa'n lûdrykdom.
Der wurdt faken sein dat Finsk in slimme taal is om te learen. De oarsaak dêrfan leit foar in grut part oan it feit dat de taal net besibbe is oan de Yndo-Europeeske talen. Dêrtroch is de wurdskat is foar it grutste part ûnbekend en binne der in tal net sa fertroude grammatikale eigenskippen.
It Finsk is in agglutinearjende taal, wat betsjut dat wurden fersjoen wurde kinne fan in keatling fan eleminten dy't oan it wurd plakt wurde. Dizze eleminten kinne bygelyks in bepaling fan plak of besit oantsjutte, bygelyks talo 'hûs', talossa 'yn it hûs', taloissa 'yn 'e huzen', talonsa 'syn hûs', talossaan 'yn syn hûs', taloissaan 'yn syn huzen'. Finske wurden binne trochstrings langer as Fryske, omdat it Frysk faker aparte wurden brûkt.
It Finsk is in saneamde SVO-taal: it ûnderwerp stiet op it earste plak, it stelde op it twadde plak en it saaklik foarwerp op it lêste plak: mies lukee lehteä 'de man lêst de krante' (mies 'man', lukea 'lêze', lehti 'krante').
Yn it Finsk stiet it eigenskipswurd altiten foar it haadwurd: suuri mies 'in grutte man' (suuri 'grut') en yn it algemien in bepaling foar it bepaalde: Helsingin kaupunki 'de stêd Helsinki' (letterlik: "fan Helsinki de stêd"). De ferhâldingswurden komme krekt altiten efter it haadwurd: miehen takana 'efter de man' (takana 'efter', miehen is de genityf fan mies).
Wêr't it Frysk ferhâldingswurden hat, brûkt it Finsk neist eftersetsels faker namfallen, eat wat karakteristyk is foar agglutinearjende talen. It Finsk hat fyftjin namfallen, wêrfan't der ien, de partityf, hiel dreech is, omdat it foar immen dy't net it Finsk as memmetaal hat, slim is om te bepalen wannear't dizze namfal no krekt brûkt wurde moat. De partityf wurdt bygelyks brûkt om it saaklik foarwerp út te drukken als it ûnfolslein is of ûntkend wurdt: mies lukee lehteä 'de man lêst de krante' (dat wol sizze: hy lêst yn de krante, net de hiele krante), mies ei lue lehteä 'de man lêst de krante net'. As it saaklik foarwerp folslein is, stiet it yn de akkusatyf, wêrfan't de foarm meastentiids oerienkomt mei de genityf: mies lukee lehden 'de man lêst de krante (hielendal út)'.
De partityf wurdt ek brûkt nei telwurden: talo 'hûs', kaksi taloa 'twa huzen'. Fierders kin ek it ûnderwerp yn de partityf stean, as dat in ûnbepaalde hoemannichte oanjout: Suomessa on järviä 'yn Finlân binne marren' (hjir stiet järvi 'mar' yn de partityf meartal).
De oare namfallen hawwe meastentiids in plakbepalende funksje: talo 'hûs', talossa 'yn it hûs', taloon 'it hûs yn', taloilla 'op de huzen'.
Eigenskipswurden en ek telwurden kongruearje: suuri talo 'it grutte hûs', suuressa talossa 'yn it grutte hûs', kaksi taloa 'twa huzen', kahdessa talossa 'yn twa huzen'.
Krekt lykas it Hongaarsk, mar ek bygelyks it net besibbe Turksk hat it Finsk lûdsharmony. Dit betsjut dat binnen in wurd allinnich lûden út ien kategory foarkomme meie, al foarmje gearstalde wurden en lienwurden hjirop útsûnderings. Der binne yn it Finsk twa kategoryen lûden: oan 'e iene kant a, o en u, dy't efter yn de mûle foarme wurde, en oan 'e oare kant ä, ö en y, dy't foar yn de mûle foarme wurde. Hjirby wurdt y útsprutsen as de u fan rút.
Dit prinsipe hat as gefolch dat efterheaksels, lykas namfalsútgongen, yn twa farianten foarkomme: ien mei in efterlûd en ien mei in foarlûd. a komt oerien mei ä, o mei ö en u mei y.
Foarbylden:
Ek de e en de i binne foarlûden. Der binne lykwols gjin farianten fan e en i foar efterlûden, dat efterheaksels mei e en i kinne foar beide kategoryen brûkt wurde: etsi-ä 'sykje', etsinyt 'socht'.
Seamless Wikipedia browsing. On steroids.
Every time you click a link to Wikipedia, Wiktionary or Wikiquote in your browser's search results, it will show the modern Wikiwand interface.
Wikiwand extension is a five stars, simple, with minimum permission required to keep your browsing private, safe and transparent.