From Wikipedia, the free encyclopedia
San Salvador ('Hillige Ferlosser') is de haadstêd en grutste stêd fan El Salvador en ien fan de grutste yn Midden-Amearika. De stêd leit yn it departemint San Salvador, dêr't it ek de haadstêd fan is. It ynternasjonaal fleanfjild San Salvador leit 50 km besuden de stêd.
San Salvador | ||
Bestjoer | ||
Lân | El Salvador | |
Departemint | San Salvador | |
Boargemaster | Norman Quijano | |
Sifers | ||
Ynwennertal | 540.898 (2009) | |
Oerflak | 72,25 km² | |
Befolkingsticht. | 540,9 km² | |
Stêdekloft | 620.86 km², 2.290.790 | |
Hichte | 658 m | |
Oar | ||
Stifting | 1525 | |
Koördinaten | ||
Offisjele webside | ||
sansalvador.gob.sv |
De stêd leit yn in seismologysk tige aktyf gebiet oan de foet fan de fulkaan San Salvador. Geregeldwei binnen der ierdskoddings. De slimste wie faaks dy fan 1854 dy't de stêd folslein yn pún lei. Yn 1917 wie der ek in swiere ierdskodding. De lêste ierdskodding wie yn 2001, mar dy feroarsake relatyf in bytsje skea. Wol waard doe de foarstêd Las Colinas swier rekke.
Tichteby de lizzing fan it San Salvador fan no hie it Pipil-folk har haadstêd, Cuzcatlán. Der is net folle bekend oer dy stêd, dy't ferlitten waard om oan Spaanske oerhearsking ûntkommen. De stêd San Salvador fan no is fierder ûntwikkele út dy âlde delsetting yn 1525 troch de Spaanske konkwistadore Gonzalo de Alvarado en Diego de Holguín, dy't ek de earste boargemaster wurde soe. As offisjele stiftingsdatum wurdt 1 april 1525 oanholden. Tusken 1528 en 1545 waard de stêd in stik ferpleatst, nei de Valle de Las Hamacas dêr't mear romte en fruchtbere grûn wie. 1824 waard San Salvador haadstêd fan de ek dat jier oprjochte Sintraal-Amerikaanske Federaasje. Doe't de feraasje yn 1839 ophold te bestean en El Savador selsstannich fierder gie, waard San Salvador haadstêd fan it lân tn 1841.
San Salvador hat it Museo de la Palabra y la Imagen (Museum foar Wurd en Byld) oer kultuer en skiednis fan El Salvador.
Seamless Wikipedia browsing. On steroids.
Every time you click a link to Wikipedia, Wiktionary or Wikiquote in your browser's search results, it will show the modern Wikiwand interface.
Wikiwand extension is a five stars, simple, with minimum permission required to keep your browsing private, safe and transparent.