From Wikipedia, the free encyclopedia
Mikroneezje is ien fan de trije grutte eilânkloften yn de Grutte of Stille Oseaan dy't mei inoar Oseaanje foarmje. It gebiet wurdt omsletten troch de Filipinen yn it westen, Yndoneezje yn it súdwesten, Papoea Nij-Guinea en Melaneezje yn it suden en Polyneesje om it súdeasten en easten.
It wurd Mikroneezje komt fan de âld-Grykske wurden μικρος (lyts) en νησος (eilân).
Dizze regio fan Oseaanje bestiet út hûnderten lytse eilannen ferspraat oer in grut diel fan de westlike Grutte Oseaan.
De benamming "Mikroneezje" waard foar it earst brûkt troch Jules Dumont d'Urville yn 1831 om it gebiet te ûnderskieden.
Steatkundich sjoen is Mikroneesje ferparte yn acht gebieten:
In grut part fan it gebiet kaam al betiid ûnder it jok fan de Jeropeanen. Guam, de Noardlike Marianen en de Karolinen (de lettere FSM en Palau) waarden yn de iere 17e iuw troch de Spanjerts kolonisearre. Alhiel Jeropeeske oerhearsking kaam lykwols letter op de ein fan de 19e iuw, doe it gebiet opdield waard.
Tsjintwurdich is it grutste part fan Mikroneezje selsstannich, útsein Guam, de Noardlike Marianen en Wake Island, dy't allegearre by de Feriene Steaten hearre.
Seamless Wikipedia browsing. On steroids.
Every time you click a link to Wikipedia, Wiktionary or Wikiquote in your browser's search results, it will show the modern Wikiwand interface.
Wikiwand extension is a five stars, simple, with minimum permission required to keep your browsing private, safe and transparent.