From Wikipedia, the free encyclopedia
Frank Boudewijn de Groot (Jakarta, 20 maaie 1944) is in Nederlânske sjonger, songwriter, muzykprodusint en akteur.
Boudewijn de Groot | ||
sjonger en/of muzikant | ||
Boudewijn de Groot yn 2013 | ||
persoanlike bysûnderheden | ||
nasjonaliteit | Nederlânsk | |
berne | 20 maaie 1944 | |
berteplak | Djakarta | |
etnisiteit | Nederlânsk | |
wurkpaad | ||
sjongtaal | Nederlânsk | |
ynstrumint | gitaar, sjonger | |
jierren aktyf | 1964-no | |
offisjele webside | ||
http://www.boudewijndegroot.nl/ |
De Groot waard berne yn in Japansk konsintraasjekamp. Syn mem stoar yn 1945, wylst er noch yn finzeskip wie. Nei de ein fan de oarloch gie er mei syn heit werom nei Nederlân, mar de heit moast al rillegau werom nei Yndoneezje. Boudewijn wenne oant 1951 by syn muoike yn Haarlim. Yn 1952 ferhuze er mei syn heit en styfmem nei Heemstede. Dêr moete er Lennaert Nijgh, dy’t letter tekstskriuwer waard foar in soad fan syn meast súksesfolle opnames.
Boudewijn de Groot hie syn earste súkses yn 1965 mei Een meisje van zestien, in oersetting fan Charles Aznavour syn chanson 'Une fille de 16 ans' fan Lennaert Nijgh.
Yn de jierren dêrnei waard er benammen bekend as sjonger fan maatskippijkrityske lietsjes as Er komen andere tijden (in oersetting fan The Times They're A-Changin fan Bob Dylan), Welterusten meneer de president ('Good night Mr. President', tsjin de oarloch yn Vietnam) en Testament. Mar hy song ek in hiel soad lieten mei in poëtyske ynhâld, lykas Verdronken Vlinder, Het Land van Maas en Waal, Eva en Meester Prikkebeen, teksten dy't faak net te bedjipjen binne. De muzyk, komponearre troch De Groot sels, is melodieus en lûd.
Nei it súkses yn de jierren sechtich en santich hie er noch mar in pear grutte singlehits. Mar hy brocht altyd nije albums út – al wie it faak mei lange pauzes – dy't goed ferkochten en in goed ûnthaal krigen fan de kritisy. Lennaert Nijgh stoar yn 2002 oan kanker en sûnttiids skriuwt De Groot benammen syn eigen teksten.
Neist syn wurk as sjonger komponearre De Groot ek muzyk foar oare artysten (foarhinne meast mei teksten fan Lennaert Nijgh) en is er sa no en dan aktyf as akteur (û.o. yn Death in the Cold Morning Light).
Neidat yn 2019 Boudewijn de Groot yn it Frysk ferskynd wie, folge yn 2021 de cd Reizger yn Fryslân. De Groot wie oanwêzich by alle opnames en wie op it album te hearren as sjonger en muzikant. It duet Ik beloof as Fryske ferzje fan 'Avond' sjongde hy mei Grytsje Melchers. It nûmer is Frysk en Nederlânsk. [1]
Seamless Wikipedia browsing. On steroids.
Every time you click a link to Wikipedia, Wiktionary or Wikiquote in your browser's search results, it will show the modern Wikiwand interface.
Wikiwand extension is a five stars, simple, with minimum permission required to keep your browsing private, safe and transparent.