From Wikipedia, the free encyclopedia
Devin DeRay, echte namme ûnbekend (11 july 1973), is in rêstend Amerikaansk neakenmodel, stripper, pornografysk aktrise, pornoprodusinte en mainstream-aktrise, dy't wierskynlik fan etnysk Brazyljaansk komôf is. Hja hat yn it begjin fan har karriêre ek wol gebrûk makke fan 'e artystenamme Carmen, en har úteinlike skûlnamme waard geregeldwei misstavere as Devon DeRay en Devin DeRey. As pornoaktrise stie DeRay benammen bekend om har grutte boarsten, har dûnkere hûd mei dúdlike tan lines en har feardichheden op it mêd fan fellatio. Neffens har offisjele opjefte is se (of wie se alteast ûnder har pornokarriêre) 1.78 m, mei in gewicht fan 56 kg en kupmaat 41E, dêr't se oan kommen wie troch in boarstfergruttingsoperaasje te ûndergean.
Devin DeRay | ||
persoan yn de seksyndustry | ||
persoanlike bysûnderheden | ||
oare artyste- nammen | Devon DeRay, Devin DeRey, Carmen | |
echte namme | ? | |
nasjonaliteit | Amerikaansk | |
berne | 11 july 1973 | |
berteplak | ? (Brazylje) | |
etnisiteit | Brazyljaansk | |
wurkpaad | ||
wurksum as | neakenmodel, stripper, pornoaktrise, produsinte | |
jierren aktyf | 1995 – 2006 | |
offisjele webside | ||
www.devinderayxxx.com |
Fanwegen ûndúdlike en inoar tsjinsprekkende boarnen is DeRay har komôf net alhiel wis, mar wierskynlik waard hja berne yn Brazylje en as poppe oannommen troch itsij in Amerikaansk, itsij in Kanadeesk gesin. Neffens guon boarnen soe se opgroeid wêze yn Vancouver, yn 'e Kanadeeske provinsje Britsk-Kolumbia, wylst oare boarnen úthâlde dat se grutbrocht is yn Avilla, in stedsje yn 'e Amerikaanske steat Indiana. DeRay sels liet op har (ûnderwilens opdoekte) webside witte dat se net wist wat har etnysk komôf wie, en dat it har ek neat skele koe. Under har pornokarriêre koe se fanwegen har hûdskleur en oare uterlike eigenskippen lykwols muoiteleas trochgean foar sawol swart as Latina, en sels foar Hawajaansk.
DeRay, dy't as bern oan turnjen, ballet en dressuer dien hie, ûndergie op har njoggentjinde in boarstfergruttingsoperaasje, wêrnei't se yn 1992 úteinsette mei in karriêre as stripper yn in ferskaat oan stripklubs yn hiel Noard-Amearika. Dêrnjonken posearre se ek as neakenmodel foar in grut tal neakenblêden, wêrûnder Score en Busty Beauties. Yn 1994 krige se bredere bekendheid doe't se meidie oan it New Year's Rotten Eve Pageant, in parody op in missferkiezing dy't útstjoerd waard op 'e Amerikaanske beteltillefyzje, en dy't betocht wie en presintearre waard troch de beruchte radiopresintator Howard Stern.
Uteinlik ferfear DeRay nei Los Angeles, yn Kalifornje, mar dêr rekke se behelle yn in relaasje mei in bekende basketballer út 'e NBA-kompetysje dy't har mishannele, en teffens rekke se ferslave oan medisinen. Mei't se fanwegen har súkses as stripper allegeduerigen oanbiedings fan pornostudio's krige foar rollen as pornoaktrise, besleat se úteinlik de stap nei de pornoyndustry te weagjen om foar har ferslaving betelje te kinnen. Yn 'e midden en oan 'e ein fan 'e jierren njoggentich spile DeRay yn frijwat pornofilms, foar't se har tsjin 2000 mear begûn ta te lizzen op it runnen fan har persoanlike webside en har eigen produksjebedriuw.
Neffens de Internet Adult Film Database (IAFD) hat DeRay yn totaal yn 36 pornofilms spile (de ynternetfilmkes op har eigen webside net meirekkene). Dêrby wurke se in protte foar studio's dy't har spesifyk op it grutte-boarstesjenre taleine, lykas Big Top Video en Napali Video, mar ek wol foar sokke foaroansteande labels as Seymore Butts Home Movies, Wicked Pictures, Red Light District, Anabolic Video en New Sensations. Underwilens bleau se ek wurksum as stripper en as neakenmodel. Yn 2006 loek se har úteinlik út 'e pornoyndustry werom.
Njonken de ferskate kearen dat DeRay te gast wie op 'e Amerikaanske radio, yn 'e Howard Stern Show, hat se ek in pear roltsjes as mainstream-aktrise hân. Sa spile hja mei yn in ôflevering fan 'e tillefyzjekomeedzjesearje Living Single en hie se in lyts roltsje yn 'e film Phat Beach, út 1996.
Seamless Wikipedia browsing. On steroids.
Every time you click a link to Wikipedia, Wiktionary or Wikiquote in your browser's search results, it will show the modern Wikiwand interface.
Wikiwand extension is a five stars, simple, with minimum permission required to keep your browsing private, safe and transparent.