Remove ads
film út 1983 fan Dick Maas From Wikipedia, the free encyclopedia
De Lift (ynternasjonale titel: The Lift) is in Nederlânske horrorfilm út 1983 ûnder rezjy fan Dick Maas, mei yn 'e haadrollen Huub Stapel en Willeke van Ammelrooy. Maas wie ek ferantwurdlik foar it senario en de filmmuzyk. It ferhaal giet oer in lift yn in flatgebou dy't him nei in wjerljochtynslach nuver begjint te hâlden en dragen, mei ferskate stjergefallen ta gefolch. Liftmonteur Felix Adelaar en sjoernaliste Mieke de Beer besykje út te finen wat der no eins oan 'e hân is. De film krige fan 'e filmkritisy mingde resinsjes, mar wie súksesfol yn 'e bioskopen. Der wurdt sein dat De Lift de earste Nederlânske horrorfilm wie. It wie yn elts gefal al de earste Nederlânske spylfilm dy't oankocht waard om wrâldwiid útbrocht te wurden, fia Warner Bros. Yn 2001 makke Dick Maas fan De Lift in Ingelsktalige remake, mei de titel Down.
De Lift | ||
film | ||
(Filmposter yn 'e Ingelske Wikipedy) | ||
makkers | ||
regisseur | Dick Maas | |
produsint | Matthijs van Heijningen | |
senario | Dick Maas | |
kamerarezjy | Marc Felperlaan | |
muzyk | Dick Maas | |
filmstudio | Sigma Film Producties | |
distribúsje | Tuschinski Film Distributie First Floor Features (fanôf 1984) Warner Bros. (ynternasjonaal) | |
spilers | ||
haadrollen | Huub Stapel Willeke van Ammelrooy | |
byrollen | Josine van Dalsum Paul Gieske Piet Römer Ab Abspoel | |
skaaimerken | ||
lân/lannen | Nederlân | |
premiêre | 11 maaie 1983 | |
foarm | langspylfilm | |
sjenre | horrorfilm | |
taal | Nederlânsk | |
spyltiid | 95 minuten | |
budget en resultaten | ||
budget | ƒ750.000 |
Op in ûnlijige jûn nei midsnacht ferlitte de lêste dronken besikers, twa manlju en twa froulju, it restaurant op 'e boppeste, fyftjinde ferdjipping fan in grut kantoargebou dat Kronenstede hjit. Se nimme de lift nei de begeane grûn, mar as de wjerljocht yn it gebou ynslacht, falt de stroom út en bliuwe alle trije liften hingjen. De lift mei de fjouwer restaurantbesikers komt tusken twa ferdjippings yn fêst te sitten. Yn 'e liftkoai brekt net daliks panyk út, mar as bliken docht dat de luchtfentilaasje útskeakele is, reitsje de ynsittenden op in stuit út 'e tiid fan soerstoftekoart. As de lift úteinlik út himsels wer begjint te wurkjen, treffe de obers fan it restaurant de fjouwer iters yn in fiergeande steat fan ferstikking oan, dy't har opname yn it sikehûs needsaaklik makket.
De oare moarns ier wurdt de help fan liftmonteur Felix Adelaar ynroppen, dy't nei ûndersyk lykwols op meganysk mêd neat ûntdekke kin dat mis is mei de liften yn Kronenstede. In foege wike letter begjint de lift mear slachtoffers te meitsjen. As in bline man yn 'e lift stapt, blike de doarren iepengien te wêzen sûnder dat der in koai oanwêzich is, sadat de man yn 'e liftskacht te pletter falt. Hy is lykwols allinne, dat syn dea wurdt net daliks ûntdutsen.
Dy nachts begjint de lift út himsels op en del te gean. As de nachtportiers fan Kronenstede poalshichte nimme, geane de doarren op 'e nij iepen sûnder dat der in koai oanwêzich. Ien fan 'e mannen stekt syn holle yn skacht en sjocht de bline yn 'e djipte fier ûnder him lizzen. Op dat stuit geane de doarren ticht, sadat er mei syn holle fêst komt te sitten yn 'e skacht. As de liftkoai fan boppen ôf omleech komt, wurdt er úteinlik ûnthalze as de koai it nivo fan 'e flier berikt op 'e ferdjipping dêr't de portiers har befine.
Tink derom: Yn de tekst hjirûnder wurdt de ôfrin fan de film beskreaun. As jo de film sels sjen wolle, is it mooglik better dat jo it no folgjende diel fan 'e plotbeskriuwing (earst noch) net lêze. |
Nei it ôfgryslik barren wurdt de plysje ynskeakele. In eksintrike en net bot yn 'e saak ynteressearre ynspekteur wurdt mei it ûndersyk belêstge, bystien troch syn folle pleage assistint Smith. Adelaar komt op 'e nij del om 'e lift nei te sjen, mar kin noch hieltyd neat fine. Hy moetet yn Kronenstede wol sjoernaliste Mieke de Beer, dy't yn 'e grouwélige dea fan 'e beide slachtoffers in smeuïch artikel sjocht. Adelaar wol it hiele liftsysteem yn Kronenstede bûten gebrûk pleatse om it folslein troch te ljochtsjen, mar dêr wol syn baas Jongbloed net oan. Dyselde drukt him op it hert dat it bedriuw op 't heden gjin opskuor brûke kin, yn acht nommen dat it mei koarten fusearje sil mei in Amerikaanske partner.
Underwilens hâldt it nuvere hâlden en dragen fan 'e lift oan. As in jong famke fan in jier as njoggen allinne litten wurdt op 'e gong fan it kantoargebou om't har mem in bûtenechtlike affêre hat mei Ravesteijn, de behearder fan Kronenstede, liket it apparaat mei it bern om te boartsjen oant it har yn 'e fâle lokje kin, mar aldergeloks is har pop diskear it iennichste deadlike slachtoffer en komt it famke sels mei de skrik frij. Adelaar giet op eigen manneboet op ûndersyk út en bringt in besyk oan it psychiatrysk sikehûs dêr't syn âld-kollega Breuker opnommen is. Dyselde hat de lift yn Kronenstede ynstallearre en test, mar is doe fan 'e iene op 'e oare dei gek wurden. Adelaar fermoedet dat dy hommelse ommeslach wat mei de him misdragende lift te meitsjen hat, mar hy kriget gjin sinnich wurd út 'e man.
De saak lit Adelaar net los, dat hy giet nochris oan by Kronenstede. As er dêr in buske mei it logo fan Rising Sun sjocht, it bedriuw dat de mikroprosessor fan it liftsysteem levere hat, dat boppedat fluch fuortriidt as hy deroan komt, wurdt er erchtinkend. Hy ropt de help fan Mieke de Beer yn om mear oer Rising Sun oan 'e weet te kommen út âlde kranteknipsels yn it argyf fan har wurkjouwer. Dêrút blykt dat it in Japanske multinational is dy't it net sa nau nimt mei de regels. Adelaar fersommet syn wurk om mei Mieke in besyk te bringen oan 'e Nederlânske fêstiging fan Rising Sun, dêr't sy tegearre Kroon, it haad fan 'e ôfdieling Research & Development, oan 'e tosk fiele oer it nuvere hâlden en dragen fan it liftsysteem yn Kronenstede en Adelaar syn fermoeden dat it euvel wolris yn 'e mikroprosessor sitte kin. Kroon ûntstriidt by heech en by leech dat dêr wat mis mei wêze kin.
Underwilens is Adelaar mei Mieke sjoen troch syn skoansuster, dy't der fuortendaliks fan útgiet dat er it mei in oare frou oanlein hat. Hja bepraat har suster, Adelaar syn frou Saskia, dêrfan, sadat Adelaar dy jûns thús in kâlde ûntfangst wachtet. De sitewaasje boazet noch fierder oan as Mieke opskillet en Adelaar dy jûns meisleept nei kunde fan har, in professor yn 'e mikrotechnology. Dyselde fertelt dat der inkele jierren lyn yn Japan eksperimintearre is mei kompjûterchips makke fan proteïnen, mar dy rekken fan it minste of geringste fan slach en begûnen har dan te fermannichfâldigjen en op eigen manneboet nij gedrach te ûntwikkeljen, dat dêr is men doe gau-gau fan ôfstapt.
Dy jûns wurdt Van Rooijen, in skjinmakker yn Kronenstede, de lift yn sleept wylst er de flier yn 'e hal by de liften yn 'e waaks set. De oare moarns wurdt er yn 'e liftskacht ûntdutsen, hingjend oan ien fan 'e keabels dêr't er op in ôfgryslike wize oan syn ein kommen is. De plysje-ynspekteur dy't mei de saak belêstge is, stelt fêst dat Van Rooijen in strafblêd hie en dus net doge woe. Hy konkludearret dat Van Rooijen dejinge wêze moat dy't efter it geknoei mei de lift sit en dêrmei ferantwurdlik is foar de stjergefallen, dy't no as moarden beskôge wurde. Sûnder mis wied er yn 'e liftskacht in nije oanfal oan it tarieden, mar diskear wied er net foarsichtich genôch en waard it himsels fataal. Resjersjeur Smith freget noch oft dat net wat koart troch de bocht is, mar de ynspekteur hat gjin inkele twifel en slút de saak ôf, moai op 'e tiid foar syn fakânsje, oansteande moandei.
Dyselde deis, as Adelaar op 'e saak komt, fertelt syn kollega Spiekerman him dat hy Adelaar syn wurk oernimme moat. Adelaar stapt nei syn baas Jongbloed ta om om opheldering te freegjen, mar dan wurdt him de mantel útfeegd om't er de deis tefoarren sûnder ôftynge net op syn wurk ferskynd is, blykber om't er op eigen manneboet foar detektive spylje wol en in wurdearre sakepartner besocht hat om dêr beskuldigings sûnder grûn te uterjen. Jongbloed ornearret dat Adelaar dúdlik oerspand is en stjoert him fjouwer wiken mei sykteferlof. Dêrby mei er noch yn 'e hannen knipe dat er net op steande foet ûntslein wurdt. Dizze gong fan saken befêstiget foar Adelaar dat it gjin suvere kofje is mei de lift, en dat Jongbloed der mear fan wit mar alles geheim ûnder it flierkleed besiket te feien.
Dêr hat er gelyk oan, want dy jûns hat Jongbloed in geheime moeting yn in parkeargaraazje mei Kroon fan Rising Sun. Ut harren petear docht bliken dat Kroon Jongbloed bepraat hat om biomolekulêre chips, makke fan 'e proteïnen dêr't de professor it earder tsjin Adelaar en Mieke oer hie, te brûken foar in proef yn Kronenstede. Dêrta hawwe sy beiden yn it djipste geheim in eksperimintele bestjoeringsienheid yn 'e liftskacht ynstallearre. De biochips binne lykwols tige ynstabyl bleken, en troch in wjerljochtynslach is it systeem op 'e rin gien, wat it moarddiedige hâlden en dragen fan it liftsysteem ferklearret. Jongbloed sit yn 'e lytse loege om't er net wit hoelang't er syn eigen monteurs noch bedrage kin. Kroon wol noch besykje om it systeem te ferbetterjen. Net ien fan beiden liket bot yn te sitten oer de deadlike slachtoffers. Inkeld om syn eigen reputaasje en dy fan syn bedriuw te sparjen seit Jongbloed oan Kroon it mannewaar op en fertelt him dat er fierder neat mear mei te krijen hawwe wol mei syn eksperiminten.
Adelaar, dy't thúskommen is yn in leech hûs om't Saskia de bern meinommen hat nei har mem ta út razernij oer syn fermiende ûntrou, beslút dy jûns op ûndersyk út te gean yn Kronenstede. Hy brekt dêr yn en giet nei de wurkromte boppe-yn it gebou, dêr't it meganyk en it bestjoeringssysteem fan 'e liften fêstige binne. As er it kastke fan 'e mikroprosessor iepenbrekt, blykt dat lykwols leech te wêzen. Adelaar begrypt dat der mar ien plak wêze kin dêr't de prosessor dan wol sit. Hy bejout him yn ien fan 'e liften, klimt troch it lûkje yn it plafon en komt sa yn 'e liftskacht. Dêr ûntdekt er úteinlik op in sideplak de bestjoeringsienheid, dy't oandreaun blykt te wurden troch biochips dy't har begûn binne te fermannichfâldigjen en út it kastke lekke.
Yn razernij stekt Adelaar mei syn skroevedraaier op 'e chips yn. Dêrop begjint de neiste lift op en del te bewegen om him te ferwûnjen, wat slagget: hy rint ferskate rytwûnen op 'e rêch op, dêr't de liftkoai by him lâns raamt. De bekeabeling is net berekkene op dy nuvere meneuvels fan 'e lift en rekket skansearre. Om't de liftkoai op dat stuit boppe him hinget, beseft Adelaar dat er sjen moat dat er út 'e skacht komt. Hy klimt nei in liftdoar ta, dy't er iepen wit te krijen, en besiket út 'e skacht te klimmen ear't de keabels brekke en de lift omleech komt en him mei skuort, de djipte yn. Ferswakke troch syn wûnen slagget it him lykwols net om himsels út 'e skacht te lûken, mei't syn hannen gjin grip op 'e glêde flier fan 'e hal krije. As de lêste string fan 'e keabel knapt en de liftkoai op him ta raast, wurdt er ynienen, krekt op 'e tiid, mei in geweldigen skuor troch Mieke de Beer út 'e skacht lutsen. It docht bliken dat sy deselde gedachten hie as Adelaar en ek by nacht en ûntij sels op ûndersyk útgien is.
Wylst Adelaar noch oan it bekommen is fan syn beproeving, ferskynt ynienen Kroon fan Rising Sun yn 'e hal, dy't in pistoal út 'e bûse hellet. Eefkes tinke Adelaar en Mieke dat er harren dêrmei te liif wol, mar it docht bliken dat Kroon noch mar ien oplossing sjocht foar syn eksperimint. Hy rint nei de liftdoar ta, dy't noch altyd iepen stiet, en sjit syn wapen leech op 'e bestjoeringsienheid fan 'e lift. Dêrmei 'deadet' er syn eigen skepping. As er him dêrnei omdraait nei Adelaar en Mieke, mei de skynbere bedoeling om himsels te ferantwurdzjen, fljocht de iene útein fan 'e brutsen liftkeabel ynienen ta de liftdoar út, wuollet himsels om Kroon syn hals en skuort him de liftskacht yn. Kroon komt alsa, by wat de lêste stûpe fan 'e lift is, oan syn ein troch ophinging, wylst Adelaar en Mieke skokt tasjogge.
personaazje | akteur/aktrise |
Felix Adelaar | Huub Stapel |
Mieke de Beer | Willeke van Ammelrooy |
personaazje | akteur/aktrise |
Saskia Adelaar | Josine van Dalsum |
Kees, hûsmaster fan Kronenstede | Paul Gieske |
Ravesteijn, behearder fan Kronenstede | Piet Römer |
Jongbloed, sjef DETA Liften | Ab Abspoel |
liftmonteur Spiekerman | Hans Dagelet |
Kroon, baas Rising Sun Nederlân | Hans Veerman |
nachtportier Kees | Kees Prins |
ûnthalze nachtportier | Gerard Thoolen |
makelder | Manfred de Graaf |
plysje-ynspekteur | Siem Vroom |
resjersjeur Smith | Aat Ceelen |
dronken man yn lift #1 | Huib Broos |
dronken man yn lift #2 | Pieter Lutz |
dronken frou yn lift #1 | Liz Snoijink |
dronken frou yn lift #2 | Wiske Sterringa |
famke by lift | Isabelle Brok |
suster fan Saskia | Arnica Elsendoorn |
sweager Kees | Guus Hoes |
professor | Peer Mascini |
deiportier | Cor Witschge |
ferpleechkundige yn psychiatrysk sikehûs | Theo Pont |
psychiater Kraaijvanger | Serge-Henri Valcke |
soan fan Felix en Saskia Adelaar | Sydney Kuyer |
dochter fan Felix en Saskia Adelaar | Emma Onrust |
mêtresse fan Ravensteijn | Carola Gijsbers van Wijk |
skjinmakker Van Rooijen | Michiel Kerbosch |
baas skjinmakkersbedriuw | Luk van Mello |
Marius Vink | Onno Molenkamp |
liftmonteur Breuker | Ad Noyons |
sekretaresse fan Ravesteijn | Mariëlle Sprong |
nachtportier #3 | Jan Anne Drenth |
sjerant | Dick Scheffer |
ober #1 | Ger van Groningen |
ober #2 | Johan Hobo |
ober #3 | Matthias Maat |
resepsjoniste Rising Sun | Coby Timp |
wurkster | Agnes Schuch |
De Lift waard regissearre troch Dick Maas nei in senario dat er sels skreaun hie. De film markearre syn rezjydebút. As produsint wie Matthijs van Heijningen by it projekt belutsen foar de filmstudio Sigma Film Producties. De kamerarezjy wie yn 'e hannen fan Marc Felperlaan, en de filmmuzyk, folslein makke op synthesizers, waard fersoarge troch Dick Maas. Foar de film wie in budget beskikber fan ƒ750.000, wat omrekkene nei hjoeddeistich jild likernôch €350.000 is. Produsint Van Heijningen hold de hân op 'e knip en besocht alles sa goedkeap mooglik te dwaan. Dêrom waard yn De Lift ek oan reklame dien, yn it filmjargon mei in eufemisme product placement neamd, fan eksplisyt yn byld brochte merken lykas Sony, Skandia en Drum.
De opnamen foar De Lift fûnen plak yn it neijier fan 1982. Der waard filme yn 'e Cinetone Studio's yn Duivendrecht en op lokaasje yn Almeare, Amstelfean, Amsterdam, Bussum, De Haach, Hilversum, Saandam en Utert. Kronenstede, in kantoargebou oan 'e Laan van de Kronenburg yn Amstelfean, gie troch foar it flatgebou mei de har misdragende liften.
Binnen yn dat gebou waarden ek alle sênes mei de trije liften opnommen, mei meiwurking fan liftfabrikant Schindler Liften, wêrfan't twa liftmonteurs hieltyd op 'e filmset oanwêzich wiene. Alle sênes yn 'e hallen mei de trije liftdoarren waarden op ien en deselde ferdjipping filme, dêr't dan ferskillen oanbrocht waarden troch om 'e liften hinne oar meubilêr oan te bringen en ferskillende wanden te pleatsen. In protte sênes, lykas de ûnthalzing fan 'e nachtportier, waarden efterstfoarst opnommen sadat de feilichheid fan 'e akteurs waarboarge wurde koe.
Geandewei de opnamen ûntstie der in heech oprinnend konflikt tusken regisseur Dick Maas en filmprodusint Matthijs van Heijningen, dat úteinlik oanlieding wie ta it ûntslach fan Maas troch Van Heijningen. Doe't lykwols bliken die dat it mei de film sûnder Maas op 'e non rinne soe, kaam Van Heijningen werom op syn beslissing.
De distribúsje fan De Lift waard yn 't earstoan fersoarge troch Tuschinski Film Distributie. Nei de oprjochting fan First Floor Features, de eigen filmstudio fan Dick Maas en syn sakepartner Laurens Geels, yn 1984, naam dat bedriuw de distribúsje fan 'e film oer. De Lift gie op 11 maaie 1983 yn 'e Nederlânske bioskopen yn premiêre. It wie de earste Nederlânske film dy't ferkocht waard om wrâldwiid útbrocht te wurden. De ynternasjonale distribúsje waard fersoarge troch de Amerikaanske filmstudio Warner Bros. Under de ynternasjonale titel The Lift iepene de film op 4 july 1985 yn in beheind tal Amerikaanske bioskopen.
Yn 2017 waard De Lift folslein remastere ûnder tafersjoch fan regisseur Dick Maas en filmeditor Hans van Dongen, wêrnei't er yn 'e Feriene Steaten op blu-ray útbrocht waard mei as bonusmateriaal in nij fraachpetear mei haadrolspiler Huub Stapel.
Fan 'e filmkritisy krige De Lift mingde resinsjes. Guon resinsinten priizgen de film foar syn ferminging fan spanning en humor, wylst oaren krityk hiene op 'e útfiering fan wat se erkenden dat in gâns ûnthjittend idee wie. It Amerikaanske tydskrift Variety hearde ta de earste kategory, en skreau: "Humor fan houtskoalgriis oant inketswart, goede spanning, moarden en skrikmominten, en dat alles sûnder ûnnedige bluodderigens, foarmje mei-inoar luchtich fermaak yn [dizze film]".
Oan 'e oare kant moast Janet Maslin yn The New York Times net folle fan De Lift hawwe, dy't se omskreau as "opmerklik frij fan spanning" en as "te lau". Hja skreau ek: "Fansels kin yn 'e hannen fan 'e juste filmmakker sels in bôleroaster eangst oanjeie, mar Maas lit it potinsjeel duvelske gefaar fan 'e lift fierhinne gewurde." Yn it Britske blêd Time Out London skreau de resinsint: "De film wurdt ferrinnewearre troch betizing fan skript en útfiering, dy't net ien fan beiden it orizjinele goede idee belykje kinne."
Hoewol't dúdlik is dat De Lift, alteast yn 'e Nederlânske bioskopen, in kommersjeel súksesfolle filme wie, is ûnbekend hoefolle oft de opbringst krekt bedroech. Sadwaande kin de winst likemin fêststeld wurde.
Seamless Wikipedia browsing. On steroids.
Every time you click a link to Wikipedia, Wiktionary or Wikiquote in your browser's search results, it will show the modern Wikiwand interface.
Wikiwand extension is a five stars, simple, with minimum permission required to keep your browsing private, safe and transparent.