Remove ads
From Wikipedia, the free encyclopedia
Variety is in Amerikaansk tydskrift op it mêd fan 'e entertainment- en muzykyndustry, dat foar dy beide sektoaren ek as fakblêd fungearret. It waard yn 1905 yn New York oprjochte troch Sime Silverman as in krante oer teäter en vaudeville dy't ienris yn 'e wike ferskynde. Yn 1933 kaam der in twadde publikaasje by, de Daily Variety, dy't útjûn waard yn Los Angeles en de filmyndustry fan Hollywood beskreau. De oarspronklike Variety oer it teäter waard neitiid de Weekly Variety neamd. Yn 2013 hold de Daily Variety op, wêrnei't de Weekly Variety wer gewoan Variety kaam te hjitten. Dat blêd folget sûnt net inkeld ûntwikkelings yn 'e teäters fan Broadway, mar ek yn 'e filmyndustry fan Hollywood en yn 'e Amerikaanske muzyksektor. De haadredaksje is tsjintwurdich fêstige yn Los Angeles. Variety ferskynt no ien kear yn 'e wike en hat in oplaach fan 40.000 eksimplaren. It wurdt útjûn troch Variety Media, LLC, in ûnderdiel fan 'e Penske Media Corporation (PMC).
Variety | ||
algemiene ynformaasje | ||
nasjonaliteit | Amerikaansk | |
taal | Ingelsk | |
sjenre | entertainment-, muzyk-, fakblêd | |
frekwinsje | 1x yn 'e wike | |
bestean | 1905 – no | |
oprjochter | Sime Silverman | |
plak haadred. | Los Angeles (Kalifornje) | |
útjouwer | Variety Media, LLC | |
oplaach | 40.000 (2013) | |
ISSN | 0042-2738 | |
offisjele webside | ||
variety.com |
Variety waard yn 1905 yn New York oprjochte troch Sime Silverman. It wie fan it begjin ôf oan in wykblêd dat berjochte oer teäter en vaudeville yn 'e Feriene Steaten, mei as swiertepunt Broadway. Silverman wie in teäterkritikus dy't earder by The Morning Telegraph wurke hie, mar dêr ûntslein wie om't er in foarstelling in minne resinsje jûn hie wylst dy yn deselde krante foar $50 in advertinsje pleatse litten hie. Neffens him moast er blykber sels in útjefte begjinne as er de wierheid sprekke woe. Sadwaande liende er $1.500 fan syn skoanheit en begûn er Variety mei himsels as haadredakteur en útjouwer. Yn 't earstoan moast er dêrby opbokse tsjin fêstige publikaasjes dy't har ek taleine op it beskriuwen fan it teäter, lykas syn eardere wurkjouwer The Morning Telegraph en fierders The New York Clipper en de New York Dramatic Mirror. De earste edysje fan Variety (Ingelsk foar "Fariëtee") kaam út op 16 desimber 1905.
Yn 1922 kocht Silverman The New York Clipper op, in krante dy't al sûnt 1853 bestie, mar yn 1924 foargoed opheft waard. Guon ûnderdielen fan 'e Clipper giene doe op yn Variety. Yn 1922 besocht Silverman ek in algemien deiblêd út te bringen, de Times Square Daily, dat, sa joech er ta, de minste krante wie dy't er sels ea lêzen hie, en dat er dêrom al rillegau wer ophefte. Yn dy snuorje wurken sjoernalisten fan Variety tagelyk ek oan The New York Clipper en de Times Square Daily.
Nei't The Hollywood Reporter, dy't yn 1930 oprjochte waard, sjen litten hie dat der in merk wie foar in krante oer de filmyndustry fan Hollywood, sette Silverman yn 1933 sels útein mei sa'n krante, dy't er de Daily Variety neamde, om't it blêd yn 't earstoan alle dagen útkaam útsein snein (hoewol letter almeast inkeld op moandei en freed). Foar de Daily Variety waard yn Hollywood in aparte redaksje fêstige mei Arthur Ungar as haadredakteur. Dy ferfolle dy funksje oant 1950, doe't er opfolge waard troch Joe Schoenfeld. Yn 1959 waard Schoenfeld sels opfolge troch Thomas M. Pryor, dy't de funksje oant 1988 behold, doe't er opfolge waard troch syn soan Pete Pryor. De Daily Variety yn Hollywood en de oarspronklike útjefte yn New York, dy't no de Weekly Variety neamd waard om't er ien kear yn 'e wike útkaam, waarden oarspronklik rund as twa ferskillende blêden.
Underwilens hie Sime Silverman it haadredakteurskip fan 'e Weekly yn 1931 oerdien oan Abel Green, hoewol't er sels útjouwer bleau oant syn ferstjerren yn 1933, koart nei't er de Daily oprjochte hie. Green bleau de haadredakteur fan 'e Daily oant syn eigen dea yn 1973. Sime syn soan Sidne Silverman waard yn 1933 útjouwer fan beide blêden, en nei't er yn 1950 oan tuberkuloaze beswykt wie, urf syn jonge soan Syd Silverman it hiele bedriuw, dat doe Variety, Inc. hiet. As fâd waard Harold Erichs oansteld, dy't op 'e winkel paste oant Syd Silverman yn 1956 âld genôch wie om it útjouwerskip oer te nimmen. Dyselde ferkocht Variety, Inc. yn 1987 foar $64 miljoen oan Cahners Publishing, mar behold ûnder it nije rezjym de funksje fan útjouwer fan beide blêden oant er yn 1990 mei pinsjoen gie en opfolge waard troch Gerard A. Byrne by de Weekly en syn eigen soan Michael Silverman by de Daily. Sels beklaaide er neitiid de funksje fan foarsitter fan 'e ried fan bestjoer fan 'e beide útjeften.
Op 7 desimber 1988 hie haadredakteur Roger Watkins it tafersjoch oer de oerstap fan Variety fan swart-wyt- nei kleuredruk. Yn 1989 waard Peter Bart haadredakteur fan 'e Weekly Variety, in funksje dy't er tweintich jier lang beklaaie soe. Letter besette er tagelyk ek it haadredakteurskip fan 'e Daily, dat earder yn 'e hannen west hie fan Michael Silverman. Yn oktober 2012 ferkocht Reed Business Information (foarhinne Reed-Elsevier), de memme-ûndernimming fan Cahners Publishing, Variety oan Penske Media Corporation (PMC). Dat bedriuw wie ek de eigner fan Deadline Hollywood, dat sûnt 2007 beskôge waard as de wichtichste konkurrint fan Variety. Yn oerlis mei de haadredakteurs en útjouwers besleat Jay Penske, de eigner fan PMC, om op te hâlden mei de Daily Variety. De lêste edysje fan it blêd ferskynde op 19 maart 2013. Neitiid waard it nijs oer de hiele entertainmentyndustry konsintrearre yn 'e Weekly Variety, dy't no wer gewoan Variety neamd waard.
De earste edysje fan Variety hie yn 1905 in oplaach fan 320 eksimplaren. Yn 2013 bedroech de oplaach 40.000. Mei't men berekkene hat dat elts eksimplaar yn trochsneed troch trije minsken lêzen wurdt, kin men stelle dat Variety yn totaal 120.000 lêzers berikt. De webside Variety.com wurdt eltse moanne besocht troch 17 miljoen unike besikers.
Seamless Wikipedia browsing. On steroids.
Every time you click a link to Wikipedia, Wiktionary or Wikiquote in your browser's search results, it will show the modern Wikiwand interface.
Wikiwand extension is a five stars, simple, with minimum permission required to keep your browsing private, safe and transparent.