From Wikipedia, the free encyclopedia
Vaudeville (Ingelske útspr.: ['vɔ:d(ə)vɪl], likernôch: "vâd-vil" of "vâ-duh-vil") is in teätersjenre besteande út fariëtee, muzyk en komeedzje, dat oan 'e ein fan 'e njoggentjinde iuw yn 'e Feriene Steaten ûntstie. It ûntliende syn namme oan in Frânsk toanielsjenre dat oan 'e ein fan 'e achttjinde iuw fuortkaam út it ymprovisaasjetoaniel. Dat wie in komeedzje sûnder psychologyske of morele bedoelings, dus wat tsjintwurdich in klucht neamd wurde soe. By de vaudeville wiene de teksten fan 'e akteurs lykwols op rym set en waard it toaniel ôfwiksele troch muzyk en dûns.
Wêr't de (fan oarsprong Frânsktalige) oantsjutting vaudeville weikomt, is ûnbekend. Der wurdt wol sein dat it in ferbastering is fan voix de ville, wat "stim fan 'e stêd" betsjut. In oare mooglikheid is dat it in ferbastering is fan vaudevire. Yn 'e fyftjinde iuw ûntstie yn 'e Normandyske stêd Vire in tradysje fan satiryske drinklieten dy't yn hiel Frankryk populêr waarden. Se stiene bekend as de chansons de Vau de Vire ("lieten út 'e Vire-delling"). Dêrútwei groeide vaudevire út ta in algemiene oantsjutting foar satiryske lieten.
Yn 'e Feriene Steaten en ek Kanada waard vaudeville koart nei 1880 populêr, mar yn in foarm dy't radikaal ferskilde fan it Frânske orizjineel. Feitliks hie it mear wei fan 'e foarstellings dy't opfierd waarden yn 'e muzykhallen fan it Fiktoriaanske Ingelân. It wie in fariëtee dat opboud wie út in rige folslein op harsels steande optredens dy't mei-inoar in jûnfoljend programma foarmen. De optredens waarden fersoarge troch folkssjongers en operasjongers, klassike musisy en folksmuzikanten, komiken, dompteurs mei trainde bisten, gûchelders, búksprekkers, krêftsporters, manlike en froulike imitators, akrobaten, jongleurs, minstreels, akteurs dy't ienakters of sênes út langere toanielstikken opfierden, foardrachtskeunstners en bekende persoanen dy't serieuze lêzings joegen. Ek waarden der wol koarte films fertoand. Vaudeville bea dus in miks fan 'plat' folksfermaak en 'heechsteande' optredens.
De Amerikaanske foarm fan vaudeville ûntjoech him út in grut tal ynfloeden, wêrûnder saloonkonserten, minstreelshows, rariteitekabinetten, goedkeape folksmuseä en de Amerikaanske foarm fan burlesque. It publyk bestie foar it meastepart út sljochtwei folk, lykas arbeiders. Hoewol't it wol 'it hert fan 'e Amerikaanske showbusiness' neamd waard, hie vaudeville fanwegen it folk dat derop ôf kaam dochs wat in ordinêr karakter. Nettsjinsteande dat wie it fan 'e 1880-er oant 1930-er jierren de populêrste teäterfoarm yn Noard-Amearika. Neitiid rekke it yn it neigean en tsjintwurdich komt er eins net mear foar. Vaudeville fungearre as kweekfiver foar talint, en in grut tal ferneamde komiken, lykas Charlie Chaplin, Buster Keaton, Mae West, de Marx Brothers, The Three Stooges, W.C. Fields en George Burns, kamen derút fuort. It kin beskôge wurde as in foarrinner fan it hjoeddeiske kabaret en de tsjintwurdige stand-upcomedy.
Seamless Wikipedia browsing. On steroids.
Every time you click a link to Wikipedia, Wiktionary or Wikiquote in your browser's search results, it will show the modern Wikiwand interface.
Wikiwand extension is a five stars, simple, with minimum permission required to keep your browsing private, safe and transparent.