Remove ads
From Wikipedia, the free encyclopedia
Razernij, breinroerens of fuery is in emoasje en gemoedstastân dy't bestiet út in ekstreme foarm fan lulkens, wêrby't men jins selsbehearsking ferliest. Etymologysk is 'razernij' in ferhaadwurdlike foarm fan it eigenskipswurd razen, dat komt fan it Aldfrânske raige of rage (modern Frânsk: rage), mei de betsjutting "razernij". Dy wurden geane wer werom op it Latynske rabies, mei deselde betsjutting, dêr't ek de wittenskiplike namme foar de sykte hûnsmâlens (rabiës) fan komt. It is fierders besibbe oan it Sanskrityske wurd rabhas, dat "geweld" betsjut. Histoarysk makken de berserkers, Noardske krigers dy't oan 'e god Odin wijd wiene, gebrûk fan in mei sin opwekke steat fan razernij om ûnoerwinlik yn 'e striid te wurden.
Immen dy't him yn in steat fan razernij befynt, tinkt net mear logysk, of hielendal net mear nei. Sa'n gemoedstastân is faak in reäksje op in bysûnder pynlike mislediging of oare foarm fan ûnrjocht. It kin ek fuortkomme út in opinoarheaping fan lytse ergernissen dy't ûnderdrukt wurde oant alle opkroppe emoasjes op in stuit ynienen ta útbarsting komme. Yn in steat fan razernij wurdt gauris geweld brûkt, soms tsjin persoanen, mar faak ek tsjin foarwerpen, om jins lulkens op te bekuoljen. Dejinge dy't de razernij belibbet, kin himsels of oaren mei sok hâlden en dragen earnstich ferwûnje. Yn guon gefallen liedt it sels ta moard. Faak hat de razene, nei't er wat bekommen is, spyt fan wat er sein of dien hat.
Yn in steat fan razernij kinne persoanen miene dat se dingen dwaan kinne – en yn sommige gefallen ek wier-wier dingen dwaan – dy't oars foar harren ûnmooglik wêze soene. Soks is in gefolch fan it hege adrenalinenivo dat razernij opropt; yn grutte hoemannichten fergruttet dat hormoan jins lichaamlike krêft en ferskerpet it jins sintugen, wylst it tagelyk it fernimmen fan pine ûnderdrukt. Ek kin in heech adrenalinenivo jins ûnthâld foar koarte skoftkes útskeakelje, sadat men neitiid gjin oantinken oan jins dieden hat. De ûnderfining fan tiid kin ek oantaast wurde: foar lju dy't yn in steat fan razernij ferkeare, kinne foarfallen yn slow-motion lykje te barren. Guon saakkundigen binne fan tinken dat de tiid fansels net stadiger giet, mar dat eins it hege nivo fan adrenaline yn it lichem makket dat sokke minsken alle spesifike lytse details yn har opnimme dy't oars by harren lâns geane, en dat it dêrom liket as giet de tiid stadiger.
Seamless Wikipedia browsing. On steroids.
Every time you click a link to Wikipedia, Wiktionary or Wikiquote in your browser's search results, it will show the modern Wikiwand interface.
Wikiwand extension is a five stars, simple, with minimum permission required to keep your browsing private, safe and transparent.