Remove ads
From Wikipedia, the free encyclopedia
Douwe Fokkema sr. (Ljouwert, 27 febrewaris 1891 – Drachten, 21 maart 1983) wie in Frysk publisist, amateur-taalkundige en oersetter dy't as ûnderwizer op it Waadeilân Skiermûntseach bedarre. Hy sette him jierrenlang fûleindich yn foar it behâld fan it Skiermûntseagerske dialekt.
Douwe Fokkema sr. | ||
skriuwer | ||
persoanlike bysûnderheden | ||
echte namme | Douwe Fokkema sr. | |
nasjonaliteit | Nederlânsk | |
berne | 27 febrewaris 1891 | |
berteplak | Ljouwert (Fryslân) | |
stoarn | 21 maart 1983 | |
stjerplak | Drachten (Fryslân) | |
etnisiteit | Frysk | |
wurk | ||
taal | Skiermûntseagersk, Nederlânsk, Frysk | |
sjenre | non-fiksje (taalkunde), oersettings | |
perioade | 2e helte 20e iuw | |
bekendste wurk(en) | Beknopte Spraakkunst van het Schiermonnikoogs Ut it Wes: Stokken út de Biibel | |
jierren aktyf | 1958 – 1983 | |
offisjele webside | ||
n.f.t. |
Fokkema waard yn 1891 berne yn Ljouwert.[1] Hy kaam op Skiermûntseach telâne doe't er dêr in oanstelling as ûnderwizer krige. Op it eilân krige er niget oan it pleatslike dialekt, it Skiermûntseagersk, dat er him eigen makke. Fan 'e fyftiger jierren fan 'e tweintichste iuw oant syn ferstjerren yn 1983 wie Fokkema de wichtichste pleitbesoarger fan it einlândialekt. Sa makke er yn 1958 mei Fedde Dijkstra in útstel foar in standerdisearre stavering fan it dialekt, wylst er datselde jiers in earste foarriedige wurdlist mei 2.500 Skiermûntseagerske wurden útbrocht.
Yn 1962, doe't er dy list op 'e nije publisearre, hied er it tal wurden ferdûbele, ta 5.000. Uteinlik kaam dêr yn 1968 syn by de Fryske Akademy útjûne, definitive Wezzenlist fan it Schiermonnikoogs út fuort, dy't er neffens it foaropwurd trouwens al yn 1966 ree hie. Yn 'e ynlieding ta harren nije Eilander Wezzenbúek (2002) priizgje Willem Visser en Siebren Dyk Fokkema syn ynset en syn wurk. Neffens harren wie syn beskieden titele Wezzenlist folle mear as in "wurdlist", mei't der ek omtinken yn jûn waard oan 'e wurdsoarte en it idioom. It Eilander Wezzenbúek bordueret foar it oergrutte diel fuort op Fokkema syn wurk.
Njonken wurdlisten publisearre Fokkema yn 1960 ek de Beknopte Spraakkunst van het Schiermonnikoogs, in Nederlânsktalich wurk wêryn't er sekuer de grammatika fan it eilândialekt útinoar sette. Fierders skreau er noch ferskate artikels oer syn memmetaal, dy't yn ferskillende tydskriften ôfprinte waarden. Ek wie Fokkema aktyf as oersetter, wêrby't er û.m. it Evangeelje fan Mattéus, it boek Ruth en ferskaten fan 'e Psalmen nei it Skiermûntseagersk ta oerbrocht. Teffens fertaalde er in grut diel fan it tsjerklik lietboek en fierders ferskynde yn 1959 fan him in bondeltsje mei oersette koarte ferhalen fan û.m. Nicolaas Beets (Hildebrand) en Multatuli. Yn 1979 kaam ûnder syn redaksje fierders ek noch it earste lêsboek foar skoalbern yn it Skiermûntseagersk út, it Schiermonnikoger Lôzbúek.
Hy ferstoar yn 1983 yn Drachten en waard begroeven yn Burgum.[2]
Seamless Wikipedia browsing. On steroids.
Every time you click a link to Wikipedia, Wiktionary or Wikiquote in your browser's search results, it will show the modern Wikiwand interface.
Wikiwand extension is a five stars, simple, with minimum permission required to keep your browsing private, safe and transparent.