From Wikipedia, the free encyclopedia
Paulus Akkerman (Aldeboarn, 13 juny 1908 - Drachten, 24 septimber 1982) wie bakker fan berop en Frysk folksskriuwer fan protestantsk-kristlike sinjatuer.
Paulus Akkerman | ||
skriuwer | ||
Paulus Akkerman | ||
persoanlike bysûnderheden | ||
oar pseudonym | Paul fen Nijenborn | |
nasjonaliteit | Nederlânsk | |
berne | 13 juny 1908 | |
berteplak | Aldeboarn | |
stoarn | 24 septimber 1982 | |
stjerplak | Drachten | |
etnisiteit | Frysk | |
wurk | ||
taal | Frysk | |
sjenre | Koart ferhaal, roman, toaniel, kabaret | |
perioade | 20e iuw | |
prizen | KFFB Romanpriisfraach, Rely Jorritsmapriis, Gysbert Japicxpriis | |
jierren aktyf | 1936 - |
Hy wie in soan fan Otte Sijes Akkerman (1872-1957) en Antje Harmsma (1871-1965). Syn heit hie as jongfeint al namme makke as folksdichter en foardrager. Ek syn âldere broer Sijas Paulus Akkerman wie skriuwer.
Akkerman groeide op yn Aldeboarn en hat yn Akkrum de u.l.o.-skoalle ôfmakke, dêrnei waard er bakker. Hy troude mei Riemke Feenstra, se krigen sân bern. Lange jierren hat Paulus Akkerman by de Centrale Bakkerij yn Marrum wurke en dêrneist hiene hy en syn frou ek noch in winkel yn dat doarp. Doe't de Centrale Bakkerij ophold hat Akkerman in jiermannich besocht fan syn pinne te libjen. Hy skreau foar ûnderskate kranten en blêden en gong der faak op út om lêzingen te hâlden oer syn wurk as skriuwer, mar in bestean foar syn húshâlding koe er der net mei beskreppe. Dêrom is er yn 1965 noch kassier woarn fan de Raiffeisenbank op Skiermuontseach en dat oan syn pinsjoen ta bleaun. Nei syn pensjonearring hat er him mei syn frou yn Drachten nei wenjen set.
Paulus Akkerman debutearre yn 1925 yn it Friesch Dagblad mei koarte stikjes yn de rubryk 'Fan it Selskip'. Under it pseudonym Paul fen Nijenborn publisearre hy syn earste fers 'Krystnacht' yn Sljucht en Rjucht en syn earste roman 'As de bern great wurde', dat as earste yn de rige fan de yn 1934 oprjochte Kristlik Fryske Folksbibleteek ferskynde. Syn lettere romans ferskynden allegearre ûnder eigen namme.
Akkerman heart ta de produktyfste skriuwers fan de tweintichste iuw yn Fryslân. Hy hat tweintich romans, in tal berneboeken en in soad koarte ferhalen op syn namme brocht (meast bondele krantestikken). Dêrnjonken hat er ek harkspullen, toaniel- en kabaretteksten skreaun.
Neffens Tineke Steenmeijer-Wielenga skreau Akkerman minder as de 'echte KFFB-skriuwers' neffens 'in resept'. Akkerman wie yn in grifformeerde húshâlding grutbrocht; hy libbe ek wol út in rjochtsinnich-kristlike libbensoertsjûging wei, mar as auteur hied er it mier oan 'opsetlike tapassingen'. 'Ik skriuw nei it libben en as de frommens der net yn sit, lis ik dy der ek net op', hat er wolris sein. Hy hie grutte bewondering foar skriuwers lykas Reinder Brolsma en Ulbe van Houten, mar hat nea besocht om dy yn har wurk nei te folgjen. Hy woe syn eigen paad gean en koe nei syn betinken net oars skriuwe as sa't er it die.
It skriuwerskip fan Akkerman kin karakterisearre wurde as dat fan in (swak) realistyske folksskriuwer fan protestantsk-kristlike sinjatuer mei grutte kennis fan it fermidden fan syn romanpersonaazjes. Hy kin de minsken skerp en raak typearje. Ut al syn wurk sprekt in myld gefoel foar humor. Psychologysk dolt er net djip en syn romans misse it histoarysk perspektyf, syn wrâldbyld is statysk. Der sit wol in soad tragyk yn, mar net folle drama en syn stofkar is er frijwat beheind. Syn helden binne de lytse wrotters, boeren, komelkers, skippers en winkellju, minsken sûnder folle aventoer en dêrtroch oerhearsket in wat ferfeelsume, mistreastige sfear. Dêrfoaroer steane lykwols kwaliteiten as in geef taalgebrûk, ryk idioom en in styl dy't in libbene ôfwikseling biedt fan dialogen en beskriuwing. De rykdom skûlet benammen yn de wize fan sizzen. Akkerman skriuwt yn in folksaardige praatstyl dy't autentyk oandocht.
As taalkundich ûnderstiper wurke er yn it ramt fan 'e Nije Fryske Bibeloersetting (1966-1978) mei oan 'e fertaling fan 'e apokrife bibelboeken Jezus Sirach en Ester (Gryksk).
Seamless Wikipedia browsing. On steroids.
Every time you click a link to Wikipedia, Wiktionary or Wikiquote in your browser's search results, it will show the modern Wikiwand interface.
Wikiwand extension is a five stars, simple, with minimum permission required to keep your browsing private, safe and transparent.