Remove ads
From Wikipedia, the free encyclopedia
Dame Olivia Newton-John OA-OBE (Cambridge, 26 septimber 1948 - Santa Barbara Kalifornje, 8 augustus 2022) wie in Britsk-Australysk sjongster en aktrise. Hja waard berne yn Ingelân, mar groeide op yn Austraalje. Yn 'e 1970-er jierren makke Newton-John karriêre as sjongster, benammen mei countrymuzyk, al die se yn 1974 ek foar it Feriene Keninkryk mei oan it Eurofyzjesjongfestival. Hja briek yn 1978 wrâldwiid troch as aktrise en as sjongster mei har rol as Sandy yn 'e filmmusical Grease. Dêrút kamen ferskate ûnbidich grutte hits fuort, lykas You're the One That I Want (in duët mei har tsjinspiler John Travolta), Summer Nights en Hopelessly Devoted to You. Se hie neitiid noch ferskate oare grutte hits, wêrûnder Xanadu (1980) en Physical (1981). Yn 1992 waard by Newton-John boarstkanker fêststeld, mar nei behanneling waard se genêzen ferklearre. Yn 2017 kaam de sykte lykwols werom en yn augustus 2022 kaam hja dêroan te ferstjerren yn 'e âlderdom fan 73 jier.
Olivia Newton-John | ||
sjonger en/of muzikant | ||
Olivia Newton-John (2008) | ||
persoanlike bysûnderheden | ||
echte namme | Dame Olivia Newton-John | |
nasjonaliteit | Britsk, Australysk | |
berne | 26 septimber 1948 | |
berteplak | Cambridge | |
stoarn | 8 augustus 2022 | |
stjerplak | Santa Barbara | |
etnisiteit | Welsk Joadsk | |
wurkpaad | ||
sjenre | Pop, Country | |
sjongtaal | Ingelsk | |
grutste hit(s) | You're the One That I Want (mei John Travolta), Hopelessly Devoted to You, Xanadu (mei ELO), Physical | |
jierren aktyf | 1963-2022 | |
prizen | Grammy Award (1973, 1974, 1982), Emmy Award (1999) |
Olivia Newton-John waard yn 1948 berne yn Cambridge, yn Ingelân, út in Welske heit en in Joadske mem dy't mei har famylje it nazyrezjym yn Dútslân ûntflechte wie.
Doe't sy fiif jier wie ferfear sy mei har âlden nei Austraalje. Olivia is in pakesizzer fan Max Born (winner fan de Nobelpriis foar de Natuerkunde yn 1954).
Yn de jierren 60 gie Newton-John werom nei Grut-Brittanje. Yn 1970, mei 21 jier, sette sy har muzikale karriêre útein yn de band Toomorrow, de namme ôflaat fan har twadde film Toomorrow. De groep hie net safolle súkses, mar it slagge Newton-John wol rillegau in solokarriêre te begjinnen. Sy skoarde har earste hit yn 1971 mei it Bob Dylan-nûmer If not for you. Sy hie yn dy snuorje ferkearing mei Bruce Welch, gitarist fan The Shadows en trede op yn de wyklikse show fan Cliff Richard.
Olivia kaam foar it Feriene Keninkryk út op it 19e Eurofyzjesjongfestival, op 6 april 1974 in Brighton, Ingelân. Fan de 17 lannen dy't meidienen wûn Sweden mei 24 punten mei it nûmer Waterloo, útfierd troch ABBA. Olivia einige op it 4e plak mei 14 punten. De plaat kaam op in 11e plak yn de Britske hitlist. Yn 1974 wie se ien fan de meast populêre sjongsters fan Grut-Brittanje.
In skofte letter ferhuze sy nei de Feriene Steaten. Ek dêr krige hja in súksesfolle sjongkarriêre; sy skoarde fiif nûmer-1 hits en wûn fjouwer Grammy Awards.
As aktrise waard sy tige ferneamd troch har haadrol, neist John Travolta, yn de film Grease. Lettere films dêr't sy yn meidie hiene lang safolle súkses net. Sy hie noch wol in nûmer-1 hit yn Nederlân mei Xanadu, de titelsong fan de film mei deselde namme, dêr't sy yn spile mei ûnder oaren Gene Kelly en Michael Beck. De muzyk yn dy film wie fan ELO (Electric Light Orchestra). Ien fan de lieten wie 'Suddenly', in duet mei Cliff Richard.
Newton-John hat tusken 1984 en 1995 troud west mei Matt Lattanzi; sy hawwe in dochter, Chloe (1986).
Yn 1992 krige se boarstkanker, dêr't sy better fan wurden is. Sûnt 1996 wenne sy mei kameraman Patrick McDermott, dy't yn 2005 samar ynienen fuort rekke by it fiskjen. Der wurdt lykwols oannaam dat McDermott noch libbet.[1]
Yn 2008 boaske sy mei sakeman John Easterling. Yn 2017 waard bekend de boarstkanker wer werom wie[2], Olivia Newton-John ferstoar op 8 augustus 2022 yn 'e âldens fan 73 jier oan de gefolgen fan dizze sykte.[3]
Filmografy as akteur | |||
jier | titel | rol of funksje | opmerkings |
---|---|---|---|
films | |||
1965 | Funny Things Happen Down Under | Olivia | |
1970 | Toomorrow | Liv | |
1978 | Grease | Sandy Olsson | |
1980 | Xanadu | Kira | |
1983 | Two of a Kind | Debbie Wylder | |
1990 | A Mom for Christmas | Amy Miller | Telefyzjefilm |
1994 | A Christmas Romance | Julia Stonecypher | Telefyzjefilm |
1996 | It's My Party | Lina Bingham | |
2000 | Sordid Lives | Bitsy Mae Harling | |
2001 | The Wilde Girls | Jasmine Wilde | Telefyzjefilm |
2010 | 1 a Minute | Herself | |
2010 | Score: A Hockey Musical | Hope Gordon | |
2011 | A Few Best Men | Barbara Ramme | |
2017 | Sharknado 5: Global Swarming | Orion | Telefyzjefilm |
2020 | The Very Excellent Mr. Dundee | Olivia |
Album | Utbrocht op | Label | Singles |
---|---|---|---|
If Not for You | 1 novimber 1971 | Festival | If Not for You (Bob Dylan cover), Banks of the Ohio |
Olivia | 11 augustus 1972 | What Is Life (George Harrison cover), Just a Little Too Much (Ricky Nelson cover) | |
Let Me Be There | 20 maart 1973 | MCA | Take Me Home, Country Roads (John Denver cover), Let Me Be There |
Long Live Love | 24 juny 1974 | EMI | Long Live Love |
Have You Never Been Mellow | 12 febrewaris 1975 | MCA | Have You Never Been Mellow, Please Mr. Please |
Clearly Love | 30 septimber 1975 | Something Better to Do, Let It Shine | |
Come On Over | 29 febrewaris 1976 | Come on Over (Bee Gees cover), Jolene (Dolly Parton cover) | |
Don't Stop Believin' | 30 oktober 1976 | Don't Stop Believin', Every Face Tells a Story (Cliff Richard cover), Sam | |
Making a Good Thing Better | 3 novimber 1977 | Making a Good Thing Better, Don't Cry for Me Argentina (Julie Covington cover) | |
Totally Hot | 22 novimber 1978 | A Little More Love, Deeper Than the Night, Totally Hot | |
Physical | 13 oktober 1981 | Physical, Make a Move on Me, Landslide | |
Soul Kiss | 25 oktober 1985 | Soul Kiss, Toughen Up | |
The Rumour | 2 augustus 1988 | The Rumour, Can't We Talk It Over in Bed | |
Warm and Tender | 9 septimber 1989 | Geffen | Reach Out for Me (Lou Johnson cover), When You Wish Upon a Star (Cliff Edwards cover) |
Gaia: One Woman's Journey | 26 july 1994 | Festival | No Matter What You Do, Don't Cut Me Down |
Back with a Heart | 12 maaie 1998 | MCA | I Honestly Love You, Precious Love, Back with a Heart |
'Tis the Season (mei Vince Gill) |
1 septimber 2000 | Hallmark | |
(2) | 12 novimber 2002 | Festival | |
Stronger Than Before | 1 septimber 2005 | Warner | |
Grace and Gratitude | 25 augustus 2006 | EMI | Instrument of Peace, Help Me to Heal |
Christmas Wish | 1 oktober 2007 | Warner | |
A Celebration in Song | 3 juny 2008 | ||
This Christmas (mei John Travolta) |
9 novimber 2012 | Universal | |
Liv On (mei Amy Sky & Beth Nielsen Chapman) |
7 oktober 2016 | Sony | |
Friends for Christmas (mei John Farnham) |
11 novimber 2016 |
Album | Utbrocht op | Label | Singles |
---|---|---|---|
Indigo: Women of Song | 17 oktober 2004 | Festival |
Film | Album | Utbrocht op | Label | Singles |
---|---|---|---|---|
Grease | Grease (mei John Travolta) |
14 april 1978 | RSO | Grease, You're the One That I Want, Hopelessly Devoted to You, Summer Nights, Sandy, Greased Lightnin' |
Xanadu | Xanadu (mei ELO) |
8 augustus 1980 | MCA | Magic, I'm Alive, Xanadu, All Over the World, Suddenly, Don't Walk Away |
Two of a Kind | Two of a Kind (mei John Travolta) |
16 desimber 1983 | Twist of Fate, Ask the Lonely, Livin' in Desperate Times, It's Gonna Be Special, Take a Chance | |
Sordid Lives | Sordid Lives | 11 maaie 2001 | Varèse Sarabande | |
Sordid Lives: The Series | Sordid Lives: The Series | 1 jannewaris 2008 | ||
A Few Best Men | A Few Best Men | 20 jannewaris 2012 | Universal | Mickey (Chew Fu Fix) |
Album | Utbrocht op | Label |
---|---|---|
Love Performance | 1981 | EMI |
Highlights from The Main Event (mei John Farnham en Anthony Warlow) |
3 desimber 1998 | Festival |
One Woman's Live Journey | 19 septimber 2000 | |
Olivia's Live Hits | 15 jannewaris 2008 | EMI |
Summer Nights: Live in Las Vegas | 3 maart 2015 | Sony |
Two Strong Hearts Live (mei John Farnham) |
26 juny 2015 |
Album | Utbrocht op |
---|---|
If You Love Me, Let Me Know | 28 maaie 1974 |
First Impressions | 1974 |
Crystal Lady | 1976 |
Olivia Newton-John's Greatest Hits | 1977 |
Retrato | 1981 |
Olivia's Greatest Hits Vol. 2 | 3 septimber 1982 |
Olivia Newton-John Box | 3 desimber 1983 |
Back to Basics: The Essential Collection 1971–1992 |
9 juny 1992 |
Magic: The Very Best of Olivia Newton-John |
11 septimber 2001 |
The Definitive Collection | 2001 |
Gold | 14 juny 2005 |
40/40: The Best Selection | 13 oktober 2010 |
40th Anniversary Collection | 13 desimber 2010 |
Icon | 8 oktober 2013 |
Hopelessly Devoted: The Hits | 8 juny 2018 |
Single | Utbrocht yn |
---|---|
Till You Say You'll Be Mine (Jackie DeShannon cover) | 1966 |
The Grease Megamix (mei John Travolta) |
1990 |
Grease: The Dream Mix (mei Frankie Valli en John Travolta) |
1991 |
Hope Is Always Here (mei David Foster) |
2009 |
Magic (mei Wacci) |
2011 |
When You Wish upon a Star | |
The Window in the Wall (mei Chloe Lattanzi) |
2021 |
Single | Utbrocht yn | Mei |
---|---|---|
I Touch Myself | juny 2014 | I Touch Myself Project |
You Have to Believe | 10 augustus 2015 | Dave Audé & Chloe Lattanzi |
Seamless Wikipedia browsing. On steroids.
Every time you click a link to Wikipedia, Wiktionary or Wikiquote in your browser's search results, it will show the modern Wikiwand interface.
Wikiwand extension is a five stars, simple, with minimum permission required to keep your browsing private, safe and transparent.