From Wikipedia, the free encyclopedia
Tsjêbbe Piter Hettinga (Burchwert, 15 jannewaris 1949 - Ljouwert, 7 maart 2013) wie in Fryske dichter, sjonger en saksofonist.
Tsjêbbe Hettinga | ||
skriuwer | ||
Hettinga op 9 novimber 2008 | ||
persoanlike bysûnderheden | ||
echte namme | Tsjêbbe Piter Hettinga | |
nasjonaliteit | Nederlânsk | |
berne | 15 jannewaris 1949 | |
berteplak | Burchwert | |
stoarn | 7 maart 2013 | |
stjerplak | Ljouwert | |
etnisiteit | Frysk | |
wurk | ||
taal | Frysk | |
sjenre | Poëzy | |
prizen | sjoch artikel | |
offisjele webside | ||
Webstek Tsjêbbe Hettinga |
De boeresoan Hettinga gie nei de kweekskoalle en wurke dêrnei as opnametechnikus by de blinebibleteek yn Grins. Yn 1986 helle er it doktoraal eksamen Frysk en Nederlânsk oan de Ryksuniversiteit fan Grins. Sûnt 1982 wenne er yn Ljouwert. Tsjêbbe wie de broer fan dichter Eeltsje Hettinga. Winterdeis joech er workshops/kursussen gedichten skriuwen.
Yn 1971 ferskynde syn earste literêre wurk en hy krige dêrfoar de Rely Jorritsmapriis. Yn 2001 wûn Hettinga de meast wichtige priis foar Fryske literatuer, de Gysbert Japicxpriis.
Hettinga krige in protte lanlik omtinken fanwege syn foardracht op de Frankfurter Buchmesse yn oktober 1993. Omdat Tsjêbbe sokke minne eagen hie, died er alles út 'e holle, wêrby't er safolle mooglik lading oan it wurk joech troch it brûken fan syn stim. Syn poëzij giet in soad oer it lânskip om him hinne, mar ek oer Wales en Grikelân.
Hy joech optredens foar ynternasjonale festivals lykas it Festival Internacional de Poesía de Medellín (Kolombia), it "Poetry International Festival" yn Rotterdam, de Barcelona Book Fair (Spanje), de Writers' Week yn Listowel (Ierlân) en it London Festival of Literature (Grut-Brittanje).
Pieter Verhoeff hat in dokumintêre oer it libben fan Tsjêbbe Hettinga makke, Yn dat sykjen sûnder finen, dyt op 8 jannewaris 2006 útstjoerd waard troch de VPRO. Verhoeff hie de dichter twa jier lang folge. De film ferskynde ek yn it Ingelsk.
Op 7 maart 2013 ferstoar Hettinga yn 'e âldens fan 64 jier yn Ljouwert. Hettinga wie al in skoft siik, hy hie kanker.[1]
Hettingas wurk is oerset yn it Hollânsk, Ingelsk, Dútsk, Frânsk en Spaansk. Sels sette er wurk fan Dylan Thomas, Derek Walcott en Walt Whitman oer yn it Frysk.
Seamless Wikipedia browsing. On steroids.
Every time you click a link to Wikipedia, Wiktionary or Wikiquote in your browser's search results, it will show the modern Wikiwand interface.
Wikiwand extension is a five stars, simple, with minimum permission required to keep your browsing private, safe and transparent.