Remove ads
From Wikipedia, the free encyclopedia
Trotwaer wie in Frysk literêr tydskrift. It bestie sûnt jannewaris 1969 en befettet ferhalen, gedichten, romanfeuilletons, boekbesprekkings, skôgingen ensafuorthinne. It is de opfolger fan De Tsjerne. It earste nûmer ferskynde ûnder redaksje fan Bauke de Jong, Steven H.P. de Jong, Leo Popma, Trinus Riemersma en Geart van der Zwaag.
Yn 1974 bestie de redaksje út Willem Abma, Adri van Hijum, Bartle Laverman, Alex Riemersma en Trinus Riemersma. It stribjen nei fernijing utere him ûnder mear yn in iepener redaksjebelied: sa waarden yn it earstoan de lêzers yn de gelegenheid steld om op de saneamde "Rebûljegearkomsten" kandidaten foar it redakteurskip foar te dragen. Yn 1969 besleat de redaksje, nei oanlieding fan it net takennen troch Deputearre Steaten fan Fryslân oan Operaesje Fers, sels de priis oan de inisjatyfnimmers út te rikken. Yn 1970, doe't de útjefte fan Trotwaer stûke, joegen de redaksjeleden sels de saneamde Trotwaersuppleminten út. Der wienen yn 1974 sa'n 300 abonnees.
Sûnt 2003 ferskynt it net mear as selsstannich tydskrift, mar as literêr katern yn it moanneblêd De Moanne.
Seamless Wikipedia browsing. On steroids.
Every time you click a link to Wikipedia, Wiktionary or Wikiquote in your browser's search results, it will show the modern Wikiwand interface.
Wikiwand extension is a five stars, simple, with minimum permission required to keep your browsing private, safe and transparent.