Súd-Sûdan is in lân yn Afrika. De haadstêd is Jûba.
| |||||
Offisjele taal | Ingelsk (amtstaal) | ||||
Haadstêd | Jûba | ||||
Steatsfoarm | Republyk | ||||
Gebiet | 619.745 km² | ||||
Ynwenners (2008) | 7,5–9,7 miljoen | ||||
Munt | Sudaneeske pûn | ||||
Tiidsône | UTC +3 | ||||
Nasjonale feestdei | 9 july | ||||
Tillefoan | 249 |
Geografy
Lizzing
Súd-Sûdan wurdt begrinzge troch:
- Sûdan yn it noarden;
- de Sintraal-Afrikaanske Republyk yn it westen;
- de Demokratyske Republyk Kongo, Uganda en Kenia yn it suden
- Etioopje yn it easten;
Skiednis
Op 12 en 13 juny 1947 waard yn Jûba, de notiidske haadstêd fan Súd-Sûdan, de saneamde Jûba Konferinsje holden. By dizze konferinsje waard troch it Britske koloniale bestjoer en fertsjintwurdigers fan Noard-Sûdan de werieniging fan Noard- en Súd-Sûdan besletten, sûnder bywêzigens fan Súd-Sûdaneeske fertsjintwurdigers. De konferinsje waard op priemmen set om foar te kommen dat it koloniale gebiet nei de ûnôfhinklikens net út elkoar falle soe. Benammen de fertsjintwurdigers fan Noard-Sûdan woenen ienheid ha, sadat der nei de ûnôfhinklikens ien sterke Sûdaneeske steat komme soe.
Yn 1956 waard Sûdan ûnôfhinklik. In protte Súd-Sûdanezen fielden har yn de grutte Sûdaneeske steat tekoartdien en ûnderdrukt. In wichtige faktor dy’t meispile wienen de demografyske ferskillen tusken Noard en Súd-Sûdan; it suden wie foar in grut diel negroïde en kristlik, it noarden wie foar in grut diel islamitysk en Arabysk. Yn it tiidrek 1955-1972 fochten rebellen dêrom foar in ûnôfhinklik Súd-Sûdan. De twadde boargerkriich fûn plak yn it tiidrek 1983-2005. Sûnt 1983 hie it Sûdaneeske Folksbefrijingsleger de lieding oer de Súd-Sûdaneeske rebellen. De twadde boargerkriich einige yn 2005 yn Kartûm mei in fredesoerienkomst. Mei de fredesoerienkomst krige Súd-Sûdan autonomy.
Fan 9 oant en mei 15 jannewaris 2011 fûn der in referindum plak oer de ûnôfhinklikens fan Súd-Sûdan. Neist it begryp Súd-Sûdan wurdt troch de Sûdaneeske Folksbefrijingsbeweging (SPLM/A) de namme New Sudan (Nij Sûdan) brûkt. 98,9 persint fan de Súd-Sûdanezen stimden foar ûnôfhinklikens.[1]
Befolking
It ynwennertal fan Súd-Sûdan hinget tusken de 7,5 en 13 miljoen minsken. Der binne ferskate folkstellingen, mar troch de ûnôhinklikenskriich en de nomadyske kultuer koenen gjin krekte tellingen dien wurde. Sûdan hat it ynwennertal fan Súd-Sûdan altyd oan 'e lege kant rûsd, om dêrmei it politike gewicht yn de regio lytser lykje te litten.[2] Yn Súd-Sûdan is it kristendom de grutste religy.[3]
Keppeling om utens
Boarnen, noaten en referinsjes
Wikiwand in your browser!
Seamless Wikipedia browsing. On steroids.
Every time you click a link to Wikipedia, Wiktionary or Wikiquote in your browser's search results, it will show the modern Wikiwand interface.
Wikiwand extension is a five stars, simple, with minimum permission required to keep your browsing private, safe and transparent.