From Wikipedia, the free encyclopedia
The Wolf of Wall Street is in Amerikaanske biografyske misdiefilm en swarte komeedzje út 2013 ûnder rezjy fan Martin Scorsese, mei yn 'e haadrollen Leonardo DiCaprio en Margot Robbie. De film is basearre op 'e autobiografy mei deselde namme fan 'e lûsje effektehanneler Jordan Belfort, waans bynamme "de Wolf fan Wall Street" wie. It ferhaal folget Belfort as er yn 'e Amerikaanske finansjele sektor yn New York oan it wurk giet, by de oprjochting fan syn eigen ynvestearringsbedriuw Stratton Oakmont en yn syn fierdere karriêre. Der wurdt toand hoe't Belfort puissant ryk wurdt troch fraude, oplichtingspraktiken en korrupsje, en hoe't er al syn jild fergriemt oan syn dekadinte priveelibben fol drugs, seks en ekstrafagânsje. Uteinlik liedt syn minachting foar de regels ta syn fal as de FBI him foar de rjochter bringt. The Wolf of Wall Street krige fan 'e filmkritisy oer it algemien positive resinsjes en wie kommersjeel súksesfol yn 'e bioskopen. De film waard nominearre foar 5 Oscars (wêrûnder de Oscar foar Bêste Film) en 2 Golden Globes, mar wûn inkeld de Golden Globe foar bêste akteur yn in musical of komeedzje, dy't nei DiCaprio gie.
The Wolf of Wall Street | ||
film | ||
(Filmposter yn 'e Ingelske Wikipedy) | ||
makkers | ||
regisseur | Martin Scorsese | |
produsint | Martin Scorsese Leonardo DiCaprio Riza Aziz Joey McFarland Emma Tillinger Koskoff | |
senario | Terence Winter | |
basearre op | de autobiografy fan Jordan Belfort | |
kamerarezjy | Rodrigo Prieto | |
muzyk | (gearstald tr.) Martin Scorsese | |
filmstudio | Red Granite Pictures Appian Way Productions Sikelia Productions EMJAG Productions | |
distribúsje | Paramount Pictures | |
spilers | ||
haadrollen | Leonardo DiCaprio Margot Robbie | |
voice-over | Leonardo DiCaprio | |
byrollen | Jonah Hill Jon Bernthal Joanna Lumley Kenneth Choi Henry Zebrowski Brian Sacca Kyle Chandler Rob Reiner Matthew McConaughey | |
skaaimerken | ||
lân/lannen | Feriene Steaten | |
premiêre | 17 desimber 2013 | |
foarm | langspylfilm | |
sjenre | biografyske misdiekomeedzje | |
taal | Ingelsk | |
spyltiid | 180minuten | |
budget en resultaten | ||
budget | $100 miljoen | |
opbringst | $392 miljoen | |
prizen | 1 × Golden Globe 1 × Empire Award |
Yn 1987 wit de jonge Jordan Belfort in baan te bemachtingjen as effektemakeler op Wall Street, yn New York, it hert fan 'e Amerikaanke finansjele sektor. Hy komt te wurkjen by de firma L.F. Rothschild ûnder de eksintrike hanneler Mark Hanna. Dyselde wurdt in soarte fan mentor foar him, dy't him bybringt dat it op Wall Street inkeld draait om jild en hoefolle oft men dêrfan nei jinsels ta swylje kinne. Ek yntrodusearret er Belfort yn 'e op drugs (benammen kokaïne) en seks draaiende bedriuwskultuer op Wall Street, hoewol't Belfort him dêr op dat stuit noch fier fan hâldt.
Inkele moannen letter rekket Belfort lykwols wurkleas troch de beurskrach fan 1987 op Swarte Moandei. Hy lit it yn him omgean om 'e finansjele sektor farwol te sizzen, mar kriget dan in fakatuere ûnder eagen fan in effektemakelerdij op Long Island, dy't hannelet yn saneamde penny stocks, oandielen fan bedriuwen dy't net op 'e effektebeurs ynskreaun steane om't se dêr net genôch omset foar hawwe. Yn ferhâlding ta wat Belfort op Wall Street wend is, geane dêr mar hiel lytse bedraggen yn om, mar wat it ferskil makket, is dat syn kommisje op Wall Street mar 1% bedroech en by it ferhanneljen fan penny stocks mar leafst 50%. Troch syn glêde, agressive manear fan oanpraten wurdt Belfort dêr tige súksesfol mei en fertsjinnet er yn in moanne tiid $72.000.
Belfort rekket befreone mei Donnie Azoff, dy't yn itselde appartemintekompleks as hy wennet. Dyselde kriget him oan 'e drugs. Se beslute in eigen bedriuw op te rjochtsjen, wêrfoar't se ferskaten fan Belfort syn freonen rekrutearje as de earste wurknimmers. Belfort traint de oaren yn 'e technyk fan 'hurde ferkeap'. Harren wurkwize is wat yn 'e Feriene Steaten pump and dump neamd wurdt, in yllegale, frauduleuze technyk, wêrby't de priis fan in beskaat oandiel op keunstmjittige wize omheech brocht wurdt troch sels fia striemannen grutte hoemannichten oandielen op te keapjen en dêrnei oan kliïnten positive, misliedende ynformaasje te jaan. Sadree't de striemannen harren oandielen allegear tsjin grou jild ferkeapje, sakket de priis op slach werom nei syn normale nivo, wat betsjut dat de besoademitere kliïnten mei oandielen sitten bliuwe dy't ynienen frijwol weardeleas binne.
Tink derom: Yn de tekst hjirûnder wurdt de ôfrin fan de film beskreaun. As jo de film sels sjen wolle, is it mooglik better dat jo it no folgjende diel fan 'e plotbeskriuwing (earst noch) net lêze. |
Belfort syn frou Teresa hat begrutsjen mei it sljochtwei folk dat op dy manear troch har man oplichte wurdt, dat se freget him oft er net ynstee efter de riken oan gean kin. Mar de riken keapje gjin penny stocks om't se dêr te skrander foar binne. It bringt Belfort lykwols yn 1989 op it idee om in Wall Street-firma op te rjochtsjen, dy't er de namme Stratton Oakmont jout. Mei dy respektabele fasade hellet er rike kliïnten binnen troch earst harren fertrouwen te winnen mei de ferkeap fan oandielen fan renommearre grutte bedriuwen, lykas Disney en Coca-Cola. As se him ienris fertrouwe, skoot er harren de weardeleaze penny stocks op 'e lea.
Om't de riken folle grutte oantallen oandielen tagelyk keapje en de kommisje by penny stocks noch altyd 50% bliuwt, fertsjinje Belfort en syn maten op dy manear jild as wetter. Se mjitte harren in dekadinte libbenswize oan fol drugs en seks mei prostituees. Belfort sels moetet op in feestje it model Naomi Lapaglia, dy't er de "Hartoginne fan Bay Ridge" neamt. Mei har begjint er in hertstochtlike oerhuorrige relaasje. As syn frou Teresa dêrefter komt, rint syn houlik út op in skieding. Yn 1991 wertrout er mei Naomi.
Underwilens giet it mei Belfort syn sakekarriêre dat it slydjaget. Hy jout in fraachpetear oan it tydskrift Forbes, dat in tige negatyf artikel oer him ôfprintet wêryn't er "De Wolf fan Wall Street" neamd wurdt. It docht lykwols bliken dat soks op Wall Street yn syn foardiel wurket, mei't hûnderten jonge effektemakelers yn 'e rige steane om by Stratton Oakmont oan it wurk te gean. Alle finansjele súkses lûkt lykwols de oandacht fan 'e Securities and Exchange Commission (SEC), de Amerikaanske oerheidsynstânsje dy't frauduleuze ûngerjochtichheden yn 'e finansjele sektor opspoare en bestraffe moat. Yn 1993 fertsjinnet Belfort yn trije oeren tiid op yllegale wize $22 miljoen troch de beursgong fan skuonprodusint Steve Madden te beävensearjen. Dêrtroch begjint ek de Amerikaanske federale resjerzje FBI in ûndersyk nei him.
Om syn jild te ferbergjen iepenet Belfort mei help fan 'e korrupte bankier Jean-Jacques Saurel by in bank yn Sjenêve in Switserske bankrekken op namme fan Naomi har muoike Emma. Dy hat de Britske nasjonaliteit en wennet yn Londen, en is dêrom bûten berik fan 'e Amerikaanske autoriteiten. Hy brûkt Chantalle, de heal Switsersk, heal Sloveenske frou fan syn maat Brad Bodnick, en har âldelju en bruorren en susters, dy't allegearre Jeropeeske paspoarten hawwe, om it kontante jild ûnder de klean en yn harren bagaazje nei Sjenêve ta te smokkeljen.
De eksintrike Azoff, dy't wol dat ek syn jild op deselde wize nei Switserlân brocht wurdt, rekket by de oerdracht oan Bodnick mei dyselde slaande deilis. In passearjende plysje-auto komt ôf op wat in oerfal liket te wêzen fan in sakeman yn in djoer pak troch in bruier yn in learen jaske. By eintsjebeslút wurdt Bodnick arrestearre wylst Azoff ûntkomt. Bodnick wegeret lykwols de mûle iepen te dwaan oer Azoff of Belfort en komt derfan ôf mei in fearnsjier finzenisstraf foar minachting fan 'e rjochtbank.
Net folle letter heart Belfort lykwols fan syn privee-detektive Bo Dietl dat de FBI it net om him hinne oan it sluten is. Tsjin Dietl syn útsprutsen advys yn besiket er spesjaal agint Denham, dy't it ûndersyk liedt, om te keapjen, wat útrint op in folslein fiasko. As Dietl Belfort warskôget dat syn tillefoanen thús en op it wurk troch de FBI ôflústere wurde, begjint Belfort syn heit Max oer syn soan yn te sitten. Hy bepraat Belfort om Stratton Oakmont oer te dwaan oan Azoff, wylst er syn abbekaat mei de SEC ûnderhannelje lit om him út it tichthûs te hâlden. As er mei de SEC ta oerienstimming komme kin, soe dat it ûndersyk fan Denham raar in stôk yn 'e speaken stekke. Belfort beslút om dy goerie op te folgjen en kundiget op 'e wurkflier by Stratton Oakmont yn in taspraak foar alle wurknimmers syn ôftreden as algemien direkteur oan. Hy kin it lykwols net ferneare om fan 'e sydline tasjen te moatten, en healwei de taspraak praat er himsels oan om dochs te bliuwen.
Hoewol't se de rie krigen hawwe om it lân net te ferlitten, mar om't se sjen litte wolle dat se har neat gelegen lizze litte oan 'e FBI, geane Belfort en Azoff mei harren froulju Naomi en Hildy yn 1996 op Belfort syn superjacht de Naomi op fakânsje nei Itaalje. As se dêr binne, krije se it berjocht dat muoike Emma tige hommels oan in hertoanfal ferstoarn is. Dat betsjut dat Belfort no net mear by de $20 miljoen kin dy't er ûnder Emma har namme op 'e Switserske bankrekken stoart hat, mar bankier Saurel stelt foar om in dokumint te ferfalskjen wêryn't Emma Belfort as har erfgenamt oanwiist. Dêrfoar moat er wol fuortendaliks yn Sjenêve komme. Om grinskontrôles te ûntrinnen, lit Belfort de Naomi nei Monako farre, ek al warskôget syn kaptein Beecham him dat der in stoarm op til is.
De stoarm blykt swierder te wêzen as foarsein en dy nachts kapseist de Naomi op folle see en sinkt. De opfarrenden wurde rêden troch in skip fan 'e Italjaanske kustwacht. Se sille oppikt wurde troch in fleanmasine om troch te reizgjen nei Sjenêve, mar der fljocht in seefûgel yn ien fan 'e motors en it fleantúch ûntploft foar Belfort syn eagen. Hy sjocht dat as in teken fan God en beslút syn libben te betterjen. Hy giet net mear nei de hoeren, hâldt op mei drinken fan alkohol en kickt ôf fan 'e drugs.
Yn 1998 wurdt Saurel yn 'e Feriene Steaten arrestearre foar in kwestje dy't neat mei Belfort te krijen hat. Om himsels te rêden, biedt de bankier lykwols oan om in boekje iepen te dwaan oer Belfort. Fan gefolgen wurdt Belfort, yn ôfwachting fan syn rjochtsaak, ûnder hûsarrest pleatst. Om dyselde snuorje hinne seit Belfort syn frou Naomi him oan, nei't er har twongen hat ta seks, dat se fan him skiede wol. Dat is genôch om Belfort in weromfal te besoargjen, wêrby't er wer oan 'e drugs giet. As Naomi dêrnei oankundiget de folsleine fâdij oer harren beide lytse bern hawwe te wollen, slacht Belfort har yninoar yn in troch kokaïne oproppen razernij en besiket er út te piken mei harren dochterke Skylar. Hy komt lykwols net fierder as de opriidleane, dêr't er de auto al total loss riidt.
Mei't it bewiismateriaal tsjin him oerweldigjend is, stimt Belfort deryn ta om foar FBI-agint Denham bewiis te sammeljen tsjin syn eigen maten troch it dragen fan in stjoerderke. Hy sabotearret dat lykwols troch Azoff mei in bryfke te warskôgjen. Denham ûntdekt dat, arrestearret Belfort op 'e nij en docht hûssiking by Stratton Oakmont, wêrnei't it bedriuw fan oerheidswegen sletten wurdt. Belfort is dan dochs noch twongen om alles wat er oer syn maten wit, te fertellen. Hoewol't er him net oan 'e ôfspraken holden hat, kriget Belfort yn ruil foar syn tsjûgenis dochs in ynkoarte finzenisstraf fan 3 jier yn in lichtbefeilige penitinsjêre ynrjochting yn Nevada, dy't suver mear op in fakânsjepark liket. Yn 2000 komt er mei goed gedrach frij nei't er ien jier en tsien moannen útsitten hat. Neitiid fynt Belfort himsels op 'e nij út as ien dy't oer de hiele wrâld tsjin grou jild lêzings en workshops hâldt oer ferkeaptechniken.
personaazje | akteur/aktrise |
Jordan Belfort / voice-over | Leonardo DiCaprio |
Naomi Lapaglia Belfort | Margot Robbie |
personaazje | akteur/aktrise |
Donnie Azoff * | Jonah Hill |
Brad Bodnick | Jon Bernthal |
muoike Emma | Joanna Lumley |
Chester Ming | Kenneth Choi |
Alden Kupferberg | Henry Zebrowski |
Robbie Feinberg | Brian Sacca |
FBI-agint Patrick Denham | Kyle Chandler |
Max Belfort | Rob Reiner |
Mark Hanna | Matthew McConaughey |
Teresa Petrillo Belfort | Cristin Milioti |
Jean-Jacques Saurel | Jean Dujardin |
Katarina Čas | Chantalle Bodnick |
Hildy Azoff | Mackenzie Meehan |
himsels | Bo Dietl |
Manny Riskin | Jon Favreau |
Leah Belfort | Christine Ebersole |
Lucas Solomon | J.C. MacKenzie |
kaptein Ted Beecham | Shea Whigham |
Steve Madden | Jake Hoffman |
Toby Welch | Ethan Suplee |
Kimmie Belzer | Stephanie Kurtzuba |
Janet | Aya Cash |
Nicky Koskoff | P.J. Byrne |
Nicholas | Jon Spinogatti |
Nijseelânske presintator | Jordan Belfort (cameo) |
Jerry Fogel | Stephen Kunken |
Peter DeBlasio | Barry Rothbart |
FBI-agint Hughes | Ted Griffin |
Rochelle Applebaum | Ashlie Atkinson |
rjochter Samantha Stogel | Fran Lebowitz |
*) basearre op Danny Porush
De filmrjochten op The Wolf of Wall Street, de autobiografy fan Jordan Belfort, kamen yn 2007 nei in taaie striid mei oare gadingmakkers yn 'e hannen fan akteur Leonardo DiCaprio en filmstudio Warner Bros. Regisseur Martin Scorsese woe de film graach meitsje en wie belutsen by it omwurkjen fan it boek ta in ferfilmber senario troch Terence Winter, mar de studio hold him oan it lyntsje oant er nei fiif moannen syn nocht hie en opstapte. Warner Bros. woe leaver Ridley Scott as regisseur hawwe, mar dat waard neat en nei 2010 waard de ferfilming op 'e lange baan skood. De filmrjochten bedarren yn 2012 by de ûnôfhinklike lytsere filmstudio Red Granite Pictures, dy't Scorsese weromlokke troch him oan te bieden de film krekt sa te meitsjen sa't hy him hawwe woe, sûnder yngripen fan 'e studiobazen.
As produsinten wiene njonken Scorsese en DiCaprio ek Riza Aziz, Joey McFarland en Emma Tillinger Koskoff by it projekt belutsen foar de produksjemaatskippijen Red Granite Pictures, Appian Way Productions, Sikelia Productions en EMJAG Productions. Foar de film wie in mânsk budget beskikber fan $100 miljoen. De kamerarezjy wie yn 'e hannen fan Rodrigo Prieto, en de filmmuzyk waard út besteane lieten fan û.o. Billy Joel, Eartha Kitt en Bo Diddley en nije komposysjes fan Theodore Shapiro gearstald troch Scorsese.
De opnamen foar The Wolf of Wall Street setten op 8 augustus 2012 útein en fûnen foar it meastepart plak op lokaasje yn New York. Der waard ek filme yn Closter, yn 'e steat Nij-Jersey, en yn Harrison, yn 'e steat New York.
Oars as yn it boek dêr't it ferhaal fan 'e film oan ûntliend is, binne yn 'e film de measte personaazjes dy't basearre binne op echte minsken omneamd. Sa is Donnie Azoff basearre op Danny Porush, dy't drige hie mei in rjochtsaak en nei it útkommen fan The Wolf of Wall Street folhold dat de film fiksje wie en dat it personaazje fan Donnie Azoff neat mei himsels te krijen hie. Oare foarbylden fan omneamde personaazjes binne FBI-agint Patrick Denham (basearre op FBI-agint Gregory Coleman), abbekaat Manny Riskin (basearre op Ira Sorkin), en Belfort syn earste en twadde frouwen Denise Lombardo en Nadine Caridi, dy't yn 'e film Teresa Petrillo en Naomi Lapaglia hjitte. Jordan Belfort sels, syn âldelju Max en Leah en syn mentor Mark Hanna (dy't ek in finzenisstraf foar fraude útsiet) holden yn 'e film wol harren echte nammen.
As ferfanging foar it yn 'e film rûnom brûkte kokaïne waard fitamine D-poeier ynset. Nettsjinsteande dat rekke akteur Jonah Hill (dy't de rol fan Donnie Azoff spile) yn it sikehûs mei brongitis om't er safolle fan dat guod opsnúfd hie. Yn jannewaris 2014 fertelde Hill yn in fraachpetear mei radiopresintator Howard Stern dat er oan syn rol yn The Wolf of Wall Street mar $60.000 fertsjinne hie. Syn tsjinspiler Leonardo DiCaprio (dy't njonken haadrolspiler ek filmprodusint wie) fertsjinne mei de film $10 miljoen.
De distribúsje fan The Wolf of Wall Street waard fersoarge troch Paramount Pictures. De film gie op 17 desimber 2013 yn New York yn premiêre, en iepene dêrnei op 25 desimber yn 'e Amerikaanske bioskopen. Yn Kenia, Maleizje, Nepal en Simbabwe waard The Wolf of Wall Street ferbean omreden fan it ôfbyldzjen fan neakenens, seks en drugsgebrûk en it eksessyf brûken fan krêftwurden. Yn Yndia en Singapoer waarden troch de sensuer beskate sênes út 'e film snien. It byhearrende soundtrackalbum ferskynde op 17 desimber om digitaal download te wurden by platemaatskippij Virgin Records. The Wolf of Wall Street waard op 25 maart útbrocht op dvd en blu-ray.
Fan 'e filmkritisy krige The Wolf of Wall Street oer it algemien positive resinsjes. Sa neamde Peter Travers fan it tydskrift Rolling Stone de film de op twa nei bêste fan it jier, nei 12 Years a Slave en Gravity. Neffens Mick LaSalle fan 'e San Francisco Chronicle wie it sels "de bêste en meast genietbere Amerikaanske film dy't dit jier ferskynd is". Yn 'e Chicago Sun-Times parte Richard Roeper oan The Wolf of Wall Street in 81/2 op in skaal fan 1 oant 10 ta en omskreau it as "in goede, mar net geweldige Scorsese-film".
Jordan Belfort sels sei yn in fraachpetear mei London Real dat de film slagge wie yn it fangen fan 'e "algemiene sfear" fan dy jierren. Dêr heakke er oan ta: "De kammeraatskip, de gekte, dat wie echt sa." Befrege oer syn gebrûk fan drugs, seid er dat it yn wurklikheid noch folle slimmer mei him steld wie as yn 'e film werjûn wurdt. Hy sei dat er "tsjin 'e ein" ferslave wie "oan 22 ûnderskate soarten drugs". Minder goed te sprekken wied er oer de ferienfâldiging (neffens him oerferienfâldiging) troch de film fan syn ferfal fan ideälistyske jonge effektehanneler ta ynklauwerige fraudeur. Neffens him wie dat in folle stadiger en ferrifeljender proses as dat út 'e film blykt.
Op 'e webside Rotten Tomatoes, dy't resinsjes sammelet, hat The Wolf of Wall Street in goedkarringspersintaazje fan 79%, basearre op 286 ûnderskate resinsjes. De konsensuskrityk fan 'e webside, gearstald út al dy resinsjes, stelt: "[De film] is grappich […] en sa ûnearbiedich as it mar kin, en lit Martin Scorsese en Leonardo DiCaprio op harren oansteklikst sjen." Op Metacritic, de wichtichste konkurrint fan Rotten Tomatoes, behellet The Wolf of Wall Street in goedkarringspersintaazje fan 75%, basearre op 47 resinsjes.
The Wolf of Wall Street brocht yn 'e bioskopen yn 'e Feriene Steaten en Kanada $116,9 miljoen op, en yn alle oare lannen en territoaria $275,1 miljoen. Wrâldwiid kaam de opbringst dêrmei út op $392,0 miljoen. Ofset tsjin it budget fan $100 miljoen betsjut dat in winst fan $292 miljoen, hoewol't dêr de marketingkosten noch wol ôf moatte.
Yn 2014 waard The Wolf of Wall Street by de Oscars nominearre foar prizen yn 5 kategoryen: bêste film, bêste regisseur, bêste akteur (Leonardo DiCaprio), bêste byrol fan in akteur (Jonah Hill) en bêste adaptearre senario. By de Golden Globes waard The Wolf of Wall Street nominearre foar de Golden Globe foar Bêste Film – Musical of Komeedzje en wûn er de priis foar bêste akteur yn in musical of komeedzje (Leonardo DiCaprio). The Wolf of Wall Street wûn ek in Empire Award foar bêste froulike nijynkommelinge (Margot Robbie) en twa MTV Movie Awards foar bêste ferrassende momint en bêste komyske aktearprestaasje (Jonah Hill). Fierders waard de film nominearre foar in Grammy, 5 Satellite Awards, 4 Britske BAFTA's, in Australyske AACTA International Award, in Writers Guild of America Award, in twadde Empire Award en noch 6 MTV Movie Awards.
Seamless Wikipedia browsing. On steroids.
Every time you click a link to Wikipedia, Wiktionary or Wikiquote in your browser's search results, it will show the modern Wikiwand interface.
Wikiwand extension is a five stars, simple, with minimum permission required to keep your browsing private, safe and transparent.