Omset
From Wikipedia, the free encyclopedia
From Wikipedia, the free encyclopedia
Omset is in bedriuwsekonomyske term dy't ferwiist nei it totaalbedrach fan ferkeapen fan in bedriuw (of organisaasje of oare rjochtspersoan) oer in beskate perioade. De omset is opboud út twa komponinten: priis (binnenkommen betelling) en ôfset (ferkochte hoemannichte). De bydrage fan ien beskaat produkt oan 'e omset kin berekkene wurde troch de formule: priis × ôfset. Omset hâldt gjin rekken mei de fraach oft de opbringst fan 'e ferkeapen al yn jild oanwêzich is, of dat it noch útsteande foarderings by klanten betreft.
It omsetbedrach wurdt altyd eksklusyf BTW werjûn. De bruto-omset is it totaal fan alle ferkeapen, identyk oan wat hjirboppe as omset definiëarre is. De netto-omset is de bruto-omset minus weromnommen ferkeapen, skeafergoedings oan ôfnimmers foar minne produkten en betellingskoartings oan ôfnimmers foar konstante betelling. In synonym fan it begryp 'omset' is it omsetsifer.
Seamless Wikipedia browsing. On steroids.
Every time you click a link to Wikipedia, Wiktionary or Wikiquote in your browser's search results, it will show the modern Wikiwand interface.
Wikiwand extension is a five stars, simple, with minimum permission required to keep your browsing private, safe and transparent.