From Wikipedia, the free encyclopedia
De San Francisco Chronicle (Ingelsk foar "Kronyk fan San Francisco") is in Amerikaanske krante dy't yn haadsaak de Baaikrite (om 'e Baai fan San Francisco hinne) betsjinnet, yn Noardlik Kalifornje. Dizze krante waard yn 1865 troch in pear teenagers oprjochte as The Daily Dramatic Chronicle en is sûn 2000 eigendom fan 'e Hearst Corporation. It is it iennichste grutte deiblêd yn 'e stêd San Francisco.
San Francisco Chronicle | ||
algemiene ynformaasje | ||
hist. namme | The Daily Dramatic Chronicle | |
nasjonaliteit | Amerikaansk | |
taal | Ingelsk | |
sjenre | krante | |
frekwinsje | 1x deis | |
bestean | 1865 – no | |
oprjochter | Charles de Young Michael H. de Young | |
plak haadred. | San Francisco (Kalifornje) | |
útjouwer | Hearst Communications | |
oplaach | 60.098 (papierren edysje 2022) | |
tal abonnees | 306.535 (digitale edysje 2022) | |
ISSN | 1932-8672 | |
offisjele webside | ||
www.sfchronicle.com |
De San Francisco Chronicle waard yn 1865 yn San Francisco oprjochte as The Daily Dramatic Chronicle troch de bruorren Charles de Young en Michael H. de Young, dy't doe noch teenagers wiene. Hja finansierden harren bedriuw mei in liend goudstik ter wearde fan 20 (doetiidske) Amerikaanske dollars. Binnen tsien jier hie de San Francisco Chronicle, sa't de krante al rillegau kaam te hjitten, de grutste oplaach fan alle deiblêden bewesten de Mississippy. Yn letter jierren saksearre dat súkses en stribben konkurrearjende kranten de San Francisco Chronicle foarby.
De redaksje hie earst syn sit yn in gebou op 'e hoeke fan Bush Street en Kearney Street, mar doe't se it betelje koene, lieten de bruorren De Young in nij gebou sette op 690 Market Street, oan wat neitiid de bynamme Newspaper Row ("Kranterige") krige. It nije gebou wie (mei tsien ferdjippings) de earste wolkekliuwer fan San Francisco, dy't yn 1889 oplevere waard. By de grutte ierdbeving fan 1906 rekke it gebou skansearre, mar it waard werboud. Tsjintwurdich is it in monunint. De San Francisco Chronicle sit der al lang net mear, mar it stiet noch altyd bekend as it Old Chronicle Building of ek wol as it De Young Building.
Yn 1924 liet de San Francisco Chronicle wer in nij gebou sette op 901 Mission Street, op 'e hoeke fan 5th Street yn wat no de buert South of Market (SoMa) is. It waard ûntwurpen troch de arsjitekten Charles Peter Weeks en William Peyton Day yn Gothic Revival-styl, mar de measte details fan dy arsjitektoanyske streaming waarden yn 1968 ferwidere, doe't it hiele gebou op 'e nij beklaaid waard mei pleisterkalk. De redaksje fan 'e San Francisco Chronicle sit dêr anno 2023 noch altyd, hoewol't der ek oare bedriuwen yn it gebou fêstige binne.
Tusken de ein fan 'e Twadde Wrâldoarloch en it begjin fan 'e 1970-er jierren yn stie de San Francisco Chronicle ûnder lieding fan haadredakteur Scott Newhall, dy't in drystmoedige en ek wat provokative wize fan nijspresintaasje foar de moade hie. Yn dy tiid die de krante in protte oan ûndersykssjoernalistyk, mei sjoernalisten as Pierre Salinger, dy't letter de polityk yngean soe, en Paul Avery, dy't ein 1960-er jierren efter in pleatslike searjemoardner oan gie dy't bekend kaam te stean as de Zodiac Killer. Dyselde stjoerde de San Francisco Chronicle en twa oare kranten in kryptogram yn trije dielen ta.
Yn 'e 1950-er jierren sneuvelen ien foar ien alle oare kranten yn San Francisco, oant inkeld de San Francisco Chronicle en syn neiste konkurrint, de San Francisco Examiner, noch oer wiene. Yn 'e 1960-er jierren groeide de Chronicle de Examiner foarby. De twastriid hie negative gefolgen foar beide kranten, dat yn 1965 kaam troch in ferkapte fúzje in joint operating agreement ta stân, wêrby't de Chronicle in moarnskrante en de Examiner in jûnskrante waard. (Uteinlik soe dat ferkeard útpakke foar de Examiner, om't de lêzers blykber leaver in moarnskrante hiene.) Beide kranten tegearre brochten in sneinsedysje út. Dizze stân fan saken bleau yn stân oant 2000.
Yn dat jier ferkocht de famylje De Young, dy't nei 135 jier noch altyd eigner fan 'e San Francisco Chronicle wie, de krante oan 'e Hearst Corporation. De Chronicle waard doe ûnderdiel fan útjouwerij Hearst Communications, dêr't de Examiner ek al ta hearde. De Hearst Corporation besleat dêrop de Examiner te ferkeapjen oan 'e famylje Fang, de útjouwers fan 'e San Francisco Independent en AsianWeek. Neitiid waard de Examiner omfoarme ta in fergees beskikbere tabloid, wat betsjutte dat de Chronicle yn San Francisco as iennichste echte deiblêd oerbleau.
Yn 1994 sette de San Francisco Chronicle útein mei de webside SFGATE, wat min ofte mear in online-edysje wie mei ynhâld út 'e (papierrene) Chronicle, mar ek út oare boarnen. The Gate, sa't de webside bekend kaam te stean, wie de earste grutte online-krante fan 'e wrâld. Hy waard oprjochte troch Allen Weiner en John Coate en krige troch de jierren hinne syn eigen stêf fan sjoernalisten, korrespondinten en kollumnisten. Yn 2013 begûn San Francisco Chronicle in oare webside, SFChronicle.com, dat mear in 'tradisjonele' online-edysje wie, mei inkeld materiaal út 'e papierrene edysje. Neitiid waard SFGATE stadichoan losweakke fan 'e Chronicle en waard it in folslein selsstannich online-deiblêd. Tsjintwurdich besteane der gjin bannen mear tusken de Chronicle en SFGATE en binne it twa folsleine ûnôfhinklike entiteiten.
Krekt as oare kranten makke de San Francisco Chronicle yn 'e ienentweintichste iuw in flugge tebekrin fan 'e oplaach mei. Yn 2022 waarden der fan 'e papierren krante noch mar goed 60.000 printe. Oan 'e oare kant hie de online-edysje datselde jiers krapoan 307.000 abonnees. Fierders hat de online-edysje 31,3 miljoen unike besikers yn 'e moanne.
Seamless Wikipedia browsing. On steroids.
Every time you click a link to Wikipedia, Wiktionary or Wikiquote in your browser's search results, it will show the modern Wikiwand interface.
Wikiwand extension is a five stars, simple, with minimum permission required to keep your browsing private, safe and transparent.