Golf fan Meksiko
From Wikipedia, the free encyclopedia
De Golf fan Meksiko (Ingelsk: Gulf of Mexico, Spaansk: Golfo de México) is in see yn Noard-Amearika.
Golf fan Meksiko | ||
![]() | ||
De Golf fan Meksiko yn 3D | ||
geografy | ||
type wetter | Oseanysk bekken | |
lokaasje | Atlantyske Oseaan | |
lân | Meksiko, Kuba Feriene Steaten | |
koördinaten | 25° 22' N, 90° 23' W | |
sifers | ||
maks. lingte | 3.750 km | |
maks. breedte | 1.500 km | |
oerflak | 1.550.000 km² | |
djiptegemiddelde | 1.615 m | |
djipste punt | 4.593 m | |
![]() | ||
Batymetryske kaart fan de Golf fan Meksiko | ||
kaart | ||
Namme
De Golf fan Meksiko hat yn it ferline ferskillende nammen hân. Yn 'e 16e en 17e iuw brûkten Spaanske ûntdekkingsreizgers soms de namme "Golfo de la Florida", wat ferwiisde nei it lân dat Ponce de León yn 1513 "La Florida" neamde. Oare histoaryske kaarten en dokuminten wize derop dat ferskate dielen fan 'e Golf fan Meksiko ferskillende nammen krigen, ôfhinklik fan hokker regio oft besprutsen waard.
Oare âlde nammen foar de folsleine bocht (golf) binne de "Baai fan Meksiko" of de "Meksikaanske See". Foar de komst fan Europeeske ûntdekkingsreizgers hienen de lânseigen Yndiaanske folken grif har eigen nammen foar de see, mar dy binne net oerlevere. De namme "Golf fan Meksiko" waard foar it earst oerlevere op in kaart út 1550. Sûnt de 17e iuw wurdt de namme algemien brûkt yn publikaasjes en kaarten.
Op 20 jannewaris tekene de Amerikaanske presidint Donald Trump in beliedsoarder om de namme yn "Golf fan Amearika" te feroarjen. Dêrby waard lykwols spesifisearre dat it inkeld gie om it diel fan 'e Golf dat binnen de territoriale wetters fan 'e Feriene Steaten foel, tusken de eastkust fan it Floaridaskiereilân en de súdeastkust fan Teksas. Dat komt del op rûchwei 40% fan 'e Golf fan Meksiko. Hoewol't it Amerikaanske ministearje fan Ynlânske Saken befêstige dat de namme Golf fan Amearika op 24 jannewaris fan krêft waard foar Amerikaanske federale agintskippen, is de feroaring net fan tapassing yn in ynternasjonale kontekst.[1]
De namme waard in wykmannich letter wol sichtber op Google Maps, Apple Maps en Bing Maps.
Geografy
Lannen oan de Golf fan Meksiko binne Meksiko (mei de dielsteaten Yucatán, Campeche, Veracruz, Tamaulipas), de Feriene Steaten (fan east nei west: Florida, Alabama, Louisiana, Mississippy, Texas) en Kuba.
De Golf fan Meksiko beslacht likernôch 1.600.000 km². It djipste punt fan de Golf fan Meksiko is 4.384 meter, yn it Sigsbee Deep. De see hat in rûne ovale foarm en is fan west nei east likernôch 1.500 km lang. By de noard- en westkust binne boareilannen dy't nei oalje boare. De Golf fan Meksiko is troch de Strjitte fan Florida ferbûn mei de Atlantyske Oseaan. De Strjitte fan Yacatan jout de Golf fan Meksiko yn ferbining mei de Karibyske See. It súdlike part fan de Golf fan Meksiko wurdt ek de Golf fan Campeche neamd.
De belangrike rivieren dy't yn de Golf fan Meksiko einigje binne de Mississippy, de Rio Grande en de Río Grijalva. Wichtichste havenstêden binne Tampa, New Orleans, Houston, Tampico, Veracruz en Havana. De Golfstream ûntstiet yn de Golf fan Meksiko. Lannen om de Golf hinne wurde ek wol de Golfsteaten neamd (in namme dy't se ek brûke foar de lannen om de Perzyske Golf hinne).
Golfstream

De golfstream ûntstiet yn de Golf fan Meksiko. De Antillenstream komt yn it súdwesten de Golf yn. Hjir wurdt it wetter fierder ferwaarme en streamt dan fia Straat Florida de Golf út lâns de eastlike kusten fan de Feriene Steaten en Newfoundland nei it noarden. Dêrnei stekt er as Noard-Atlantyske stream en berikt Europa ta hichte fan de Golf fan Biskaje. Dan streamt er fierder nei it noarden oan de Noardlike Iissee ta. Troch de Golfstream is it klimaat op 50° noarderbreedte yn Europa waarmer as op oare plakken op deselde breedtegraad op ierde. It oanfierde waarme seewetter soarget derfoar dat de havens fan Noarwegen oant en mei Moermansk winterdeis iisfrij binne.
Orkanen
Troch it waarme wetter fan de Golf krije orkanen in ekstra ympuls en nimme yn krêft ta. Yn dizze regio komme in protte orkanen foar fan 1 juny oant 30 novimber, mei in pyk fan mids augustus oant ein oktober.
Ekonomy

Yn de Golf fan Meksiko wurdt in protte fiske, sa'n 40% fan de nasjonale fiskfangst fan de Feriene Steaten komt út de Golf. Fierder is der in soad skipfeartferkear nei de ferskate havens lâns de Amerikaanske en Meksikaanske kust. It grutste ekonomyske belang is de oalje- en gaswinning, sawol offshore as onshore. De offshore oaljeproduksje yn 'e Golf fan Meksiko hat in oandiel fan 17% yn 'e totale Amerikaanske produksje fan rûge oalje en foar ierdgas leit dat op 5%. Hast de helte fan de totale Amerikaanske raffinaazjekapasiteit leit by de Golfkust, lykas 51% fan de totale kapasiteit om ierdgas te ferwurkjen. Foar Meksiko is it oandiel oalje dat yn de Golf fan Meksiko wûn wurdt hast trijekwart fan it nasjonale totaal. De Golf fan Campeche is de wichtichste regio mei fjilden as Ku-Maloob-Zaap en Cantarell.
Fersmoarging
Op 20 april 2010 wie der op sawat 64 kilometer fan de kust fan Louisiana in ramp mei it boareilân Deepwater Horizon. Nei skatting kaam der deis 800.000 liter ierdoalje yn 'e Golf fan Meksiko. Al gau fersprate de oaljeflek him oer hûnderten fjouwerkante meters op it oseaanoerflak.
Boarnen, noaten en referinsjes
Wikiwand - on
Seamless Wikipedia browsing. On steroids.