Remove ads
From Wikipedia, the free encyclopedia
De oerseeske gebietsdielen fan Frankryk, dy't yn it Frânsk yn it spraakgebrûk yn 'e regel de DOM-TOM neamd wurde (in ôfkoarting fan départements d'outre-mer, "oerseeske departeminten", en territoires d'outre-mer, "oerseeske territoaria"), binne alle gebieten dy't bestjoerlik ûnder de Frânske steat falle en net ûnderdiel útmeitsje fan Jeropeesk Frankryk. Dizze gebieten hawwe ferskillende soarten politike status en ûnderskate nivo's fan autonomy, mar allegear binne se fertsjintwurdige yn it Frânske Parlemint (útsein fansels dy dy't gjin ynwenners hawwe), en sadwaande ek yn it Jeropeesk Parlemint.
De oerseeske gebietsdielen fan Frankryk omfiemje eilannen yn 'e Atlantyske, Yndyske, Stille en Súdlike Oseaan en yn 'e Karibyske See, fierders in diel fan it Súdamerikaanske kontinint en teffens in taartpunt fan Antarktika dêr't oanspraak op makke wurdt. De lânclaim yn Antarktika en de ûnbewenne eilannen yn 'e Súdlike en Yndyske Oseaan binne byinoar foege ta de Frânske Súdlike en Antarktyske Lannen of TAAF (Terres Australes et Antarctiques Français). Yn totaal hawwe de oerseeske gebietsdielen fan Frankryk in oerflak fan 119.394 km² en in befolking fan likernôch 2.691.000 (yn jannewaris 2013).
Oerseeske departeminten (départements d'outre-mer) binne folslein yntegrearre yn 'e Frânske steat, en hawwe persiis deselde rjochten en politike status as de departeminten fan Jeropeesk Frankryk.
De kategory oerseeske kollektiviteiten (collectivités d'outre-mer) is in nijenien, dy't ûntstien is by de Frânske konstitúsjonele herfoarming fan maart 2003. Foarhinne wiene dit yn 'e regel oerseeske territoaria (territoires d'outre-mer) of territoriale kollektiviteiten (collectivités territoriales). Elts fan dizze gebieten hat syn eigen statút, en ûnderling kin dêr frijwat ferskil tusken sitte.
Yn 2004 waard de nije status fan oerseesk lân (pays d'outre-mer) kreëarre en taparte oan Frânsk Polyneezje. De Konstitúsjonele Rie fan Frankryk hat lykwols kedize dat it gebiet nettsjinsteande dy nije oantsjutting noch altyd in politike status hat dy't gelyk is oan dy fan 'e oerseeske kollektiviteiten.
Nij-Kaledoanje hat as resultaat fan it Akkoart fan Nouméa, fan 1998, dat tuike-oan op ûnôfhinklikheid ôfstjoerd, in spesjaal statút (statut particulier), dat it yn abbekatejargon in sui generis-status jout (d.w.s. dat it yn gjin inkele kategory thúsheart).
Sûnt de Frânske konstitúsjonele herfoarming fan maart 2003 kinne oerseeske territoaria (territoires d'outre-mer) inkeld noch ûnbewenne gebieten wêze.
Der is ien oar gebiet, it ûnbewenne atol Clipperton, yn 'e noardeastlike Stille Oseaan, dat as priveebesit fan 'e Frânske steat streekrjocht troch it Frânske regear bestjoerd wurdt, yn 'e persoan fan 'e minister fan Oerseesk Frankryk.
Seamless Wikipedia browsing. On steroids.
Every time you click a link to Wikipedia, Wiktionary or Wikiquote in your browser's search results, it will show the modern Wikiwand interface.
Wikiwand extension is a five stars, simple, with minimum permission required to keep your browsing private, safe and transparent.