Remove ads
From Wikipedia, the free encyclopedia
Salisbury (histoaryske nammen: New Sarum en Sorbiodunum) is in stêd (city) yn de unitary authority Wiltshire, yn it Ingelske seremoanjele greefskip Wiltshire, yn de regio Súdwest. De stêd leit oan de rivier de Avon.
Salisbury | ||
De katedraal fan Salisbury troch John Constable | ||
Bestjoer | ||
Lân | Feriene Keninkryk | |
Unitary authority | Wiltshire | |
Ser. greefskip | Wiltshire | |
Sifers | ||
Ynwennertal | 50.000 (2008, rûsd) | |
Oar | ||
Koördinaten |
De skiednis fan de stêd giet werom oant de izertiid. De Romeinen neamden it plak "Sorbiodunum". De Normandjers bouden dêr in kastiel dat sy "Sarum" neamden. De oerlevering wol hawwe dat Willem de Oermasterder dêr syn lienmannen byinoar rôp om him fannijs trou te swarren. It plak hjit no Old Sarum.
Yn 1220 sette biskop Richard Poore út ein mei de bou fan de katedraal, dy't yn mar 38 jier - foar it grutste part - foltôge waard. De 123 meter hege toerspits is fan 1330 en is de heechste fan it Feriene Keninkryk. De bibleteek fan de katedraal hat ien fan de fjouwer oerbleaune eksemplaren fan de oarspronklike Magna Karta. De stêd, dy't doe noch New Sarum hiet, krige yn 1227 stedrjochten.
Op 13 km noardeastlik fan de stêd, op de Salisbury Plain, leit it pre-histoaryske monumint Stonehenge.
Ofbylden dy't by dit ûnderwerp hearre, binne te finen yn de kategory Salisbury fan Wikimedia Commons. |
Seamless Wikipedia browsing. On steroids.
Every time you click a link to Wikipedia, Wiktionary or Wikiquote in your browser's search results, it will show the modern Wikiwand interface.
Wikiwand extension is a five stars, simple, with minimum permission required to keep your browsing private, safe and transparent.