Piter Yedema

From Wikipedia, the free encyclopedia

Piter Yedema (Boalsert, 22 april 1941 - Ljouwert, 20 april 2018)[1] wie in Frysk learaar, dichter, oersetter en tydskriftredakteur út Mantgum.

Fluch de feiten
Piter Yedema
skriuwer
persoanlike bysûnderheden
nasjonaliteit Nederlânsk
berne22 april 1941
berteplakBoalsert
stoarn20 april 2018 (76 jier)
stjerplakLjouwert
etnisiteit Frysk
wurk
taalFrysk
sjenrepoëzy (fêste fersfoarm), koart ferhaal, kollumn
bekendste
  wurk(en)
Manneboete
jierren aktyf1987-2018
offisjele webside
gjin
Slute

Yedema wie ferskate jierren learaar wiskunde en natuerkunde oan middelbere skoallen yn Snits en Ljouwert. Fierders wenne er koarte tiid om utens yn Ingelân en letter yn Skotlân, en ek brocht er ferskate winters troch op Sisylje en Sardynje. Tusken 1975 en 1979 wie er redakteur fan it literêre tydskrift Hjir.

Yedema debutearre yn 1987 as dichter mei de bondel Boarring. Oar wurk fan him ferskynde yn Trotwaer, Frysk en Frij en de Moanne. Yn 1992 kaam syn fertaling fan 'e Sonnetten fan William Shakespeare út, njonken eigen sonnetten, yn de bondel Manneboete. Yedema hie fan 1998 oant 1999 in kollumn yn de Ljouwerter Krante en skreau ek foar it Frysk Deiblêd.

Yedema ferstoar op 21 april 2018 hommels oan in hertstilstân yn de âldens fan 76 jier yn it MCL.

Poëzy

  • 1987: Boarring
  • 1987: Lieten fan de flakte : 19 villanellen
  • 1987: Under oaren : 8 rondielen
  • 1988: In iepen winter
  • 1992: Manneboete : sonnetten

Keppelingen om utens

Boarnen, noaten en referinsjes

Wikiwand - on

Seamless Wikipedia browsing. On steroids.