Remove ads
From Wikipedia, the free encyclopedia
In kollumn is in koart stikje proaza dêr de auteur spits en útdaagjend syn miening yn fentilearret. Faak wurdt in kollumn yn in krante of tydskrift publisearre, mar ek in sprutsen kollumn op radio of telefyzje, of publikaasje op ynternet komme foar.
Der jilde amper beheinings foar wat it ûnderwerp fan in kollumn wêze kin; it gamma rikt fan húslike foarfallen oant de wrâldpolityk. Dei- en wykblêden hawwe faak ien of mear fêste kollumnisten yn hûs, dy't ynspylje op de aktualiteit.
De kollumn is in mear beskôgjende fariant fan it kursyfke, dat it mear fan koartswilige observaasje of fertelling hawwe moat. Sûnt de jierren 70-80 hat de kollumn it kursyfke opfolge. It essay ûnderskiedet him fan de kollumn troch de bredere útwurking en gruttere djipgong. It is ek faak wat objektivearjender.
Oan kollumnisten wurdt troch de Nederlânske rjochter in grutte mate fan frijheid takend yn harren kollumns. Dy frijheid kin him ek útstrekke ta teksten dy't, as se bûten in kollumn skreaun wêze soene, as kwetsend of beledigjend oanmerke wurde.
Seamless Wikipedia browsing. On steroids.
Every time you click a link to Wikipedia, Wiktionary or Wikiquote in your browser's search results, it will show the modern Wikiwand interface.
Wikiwand extension is a five stars, simple, with minimum permission required to keep your browsing private, safe and transparent.