From Wikipedia, the free encyclopedia
De Dairy Campus (útspr.: ['dɛ:ɹi 'kæmpəs], likernôch: "dê-ry kem-pus"; Ingelsk foar "suvel-kampus") is in proefbedriuw en sintrum foar wittenskiplik ûndersyk en praktykûnderwiis[1][2][3] op it mêd fan 'e melkfeehâlderij (fan kij)[1][3] yn 'e Fryske haadstêd Ljouwert.[1][3] Ta oprjochting dêrfan waard besletten yn 2011,[3][4] wêrnei't it sintrum yn 2016 iepene waard.[2][4][5][6][7] De Dairy Campus komt fuort út 'e Proefbuorkerij Bosma Zathe,[3][4] dy't yn 1944 yn Oerterp ûntstie,[4] en it gebouwekompleks fan it sintrum droech sadwaande earder de namme Nij Bosma Zathe.[3][4] Tsjintwurdich makket de Dairy Campus diel út fan Wageningen University & Research (WUR).[1][2][3][7] Alle aktiviteiten yn it sintrum binne rjochte op 'e ûntjouwing fan duorsume suvelproduksje en -ferwurking.[1][6]
Dairy Campus | ||
algemiene ynformaasje | ||
nasjonaliteit | Nederlânsk | |
type org. | ûndersyks- en praktyksintrum | |
wurkmêd | feehâlderij (kij) | |
fêstige yn | Ljouwert (Fryslân) | |
oprjochte | 2011 | |
fuortk. út | proefbuorkerij Bosma Zathe | |
oprjochter | WUR | |
wurknimmers | ~20 | |
offisjele webside | ||
www.dairycampus.nl | ||
kaart | ||
Lokaasje krekt bûten de beboude kom fan Ljouwert.
|
Yn maaie 1944[4] pachte it Sintraal Ynstitút foar Lânboukundich Undersyk (CILO), út Wageningen,[4] de feehâlderij Bosma Zathe yn Oerterp om dêr lânboukundich ûndersyk te dwaan.[3][4] Yn 1956[4] kaam de proefbuorkerij yn 'e hannen fan it Fryske Kristlik Boere en Túnkers Bûn (CBTB),[3][4] dêr't it sechstjin jier lang by hearde.[4] Yn 1972 folge in reorganisaasje, wêrby't Proefbuorkerij Bosma Zathe omfoarme waard ta in regionaal ûndersykssintrum (ROC).[4] Yn dy hoedanichheid wie Bosma Zathe fan 1974 ôf[3] in gearwurkingsferbân fan it CBTB, de Fryske Maatskippij fan Lânbou en de stânsorganisaasjes fan Grinslân.[3][4] Yn 1995 kaam de proefbuorkerij troch in fúzje te hearren ta in lanlike Stichting Praktykûndersyk Kij, Skiep en Hynders.[4] De ûndersiken dy't der fan dy tiid ôf plakfûnen, waarden út Lelystêd wei koördinearre.[4]
Yn 2000 ferhuze it proefbedriuw Bosma Zathe fan Oerterp nei Ljouwert,[3][4] dêr't it op in nije lokaasje yn 'e Boksumerpolder[8] de namme 'Nij Bosma Zathe' oannaam.[3][4] It gebouwekompleks dêre wie yn 1999 nij boud.[7] Nij Bosma Zathe waard op 6 desimber 2000 troch kommissaris fan 'e keninginne Ed Nijpels offisjeel iepene.[8] De ferhuzingsoperaasje koste mear as ƒ17 miljoen.[8] Nij Bosma Zatha kaam, yn 'e mande mei de oare fiif regionale ûndersykssintra op it mêd fan 'e melkfeehâlderij (Cranendonck, De Vlierd, Zegveld, Aver Heino en de Waiboerhoeve),[4] te hearren ta Wageningen University & Research (WUR).[3][4] Nij Bosma Zathe krige dêrby de funksje fan praktyksintrum foar it melkfeehâlderijgebiet Noard-Nederlân.[4] Yn 2001 kaam it proefbedriuw te hearren ta it Praktykûndersyk Feehâlderij, in selsstannich operearjend ûnderdiel binnen WUR.[4] Yn dy tiid bestie Nij Bosma Zathe út twa bedriuwswenten, in skuorre, in lisboksstâl mei romte foar 184 kij, in jongfeestâl mei in stâl foar kealjen en in wurktúgeberging.[4]
Troch de ôfskaffing fan it Lânbouskip, dat de boeren earder in kollektive heffing oplein hie dêr't praktykûndersyk út betelle waard, moast der op 'e proefbedriuwen besunige wurde.[2] Yn 2008-2009 waard troch alle belutsen partijen ôfpraten dat de ûnderskate proefbuorkerijen foar de melkfeehâlderij op ien lokaasje gearbrocht wurde moasten,[4][9][10] om troch sintralisearring de kommunikaasje te ferienfâldigjen en it nivo fan it wurk dat dêr dien waard, te maksimalisearjen.[4][10][11] De bedoeling wie dat der ien nasjonaal kennissintrum komme soe foar ynnovaasje, wittenskiplik ûndersyk, edukaasje en praktyk op it mêd fan 'e melkfeehâlderij en de suvelproduksje en -ferwurking,[4][9] dat de 'Dairy Campus' komme moast te hjitten.[4] Der wie fuortendaliks al sprake fan dat it nije sintralisearre proefbedriuw yn Ljouwert komme soe,[9][10] mar dêr kaam de ûndernimmingsried fan 'e Animal Science Group fan Wageningen University tsjin yn it gewear.[12][13] Dy fûn nammentlik dat in konsintraasje fan 'e proefbedriuwen foar de melkfeehâlderij op 'e Waiboerhoeve by Lelystêd,[12] de grutste proefbuorkerij fan Nederlân,[2][10] fanwegen de sintralere lizzing folle mear foar de hân lei.[12]
Uteinlik waard yn 2011 besletten dat de Dairy Campus komme soe op 'e lokaasje fan it proefbedriuw Nij Bosma Zathe.[3][4][7][11][14] As reden dêrfoar waard jûn dat Fryslân in suvelprovinsje by útstek is,[2][4][11] dêr't in protte organisaasjes op it mêd fan 'e lânbou fêstige binne.[2][4] Efter de skermen wie it lykwols sa dat de Provinsje Fryslân en de Gemeente Ljouwert der hurd oan skuord hiene om 'e Dairy Campus yn Ljouwert te krijen, û.m. troch €20 miljoen subsydzje yn it foarútsicht te stellen,[2][4][5][7][11][15] in trêdepart foar de ynfrastruktuer en de rest foar it ûnderwiisprogramma en it wittenskiplik ûndersyk.[4] Fan dy €20 miljoen kaam €2,5 miljoen fan 'e provinsje, nochris €2,5 miljoen fan 'e gemeente en de oare €15 miljoen út it Fryske oandiel yn it Gearwurkingsferbân Noard-Nederlân (SNN).[11] Oan 'e ein fan 'e simmer fan 2014 soe de útwreiding fan Nij Bosma Zathe begjinne mei de bou fan in fjouwertal nije lisboksstâlen en in nij ûntfangstgebou.[16] De plannen rûnen lykwols fertraging op troch besunigings.[16][17] Uteinlik duorre it oant febrewaris 2015 foar't mei de bou úteinset wurde koe.[17] Dy soe yn totaal €9 miljoen kostje.[11] It wie de bedoeling dat Nij Bosma Zathe fan 2015 ôf it iennichste Nederlânske proefbedriuw foar kowehâlderij wêze soe,[3] mar úteinlik wie de Dairy Campus oant begjin 2016 noch fêstige op twa lokaasjes: Nij Bosma Zathe en de Waiboerhoeve, yn Lelystêd.[4] Nei't de nijbou fan Nij Bosma Zathe reälisearre wie, waarden alle aktiviteiten yn Ljouwert sintralisearre.[4] De Dairy Campus waard op 26 maaie 2016 offisjeel iepene troch steatssekretaris Martijn van Dam fan Ekonomyske Saken.[2][5][6] Yn augustus 2018 brocht premier Mark Rutte in besyk oan 'e Dairy Campus.[18][19] Fan 2016 ôf waard oer in perioade fan tsien jier €40 miljoen yn 'e Dairy Campus ynvestearre, wêrfan't elts jier krapoan €1 miljoen foar ynnovaasjeprojekten beskikber kaam.[5] De helte fan dat jild bestie út subsydzje fan 'e Provinsje Fryslân en de Gemeente Ljouwert, wylst de oare helte ynbrocht waard troch Wageningen University en partners yn 'e private sektor.[5]
Anno 2019 bestiet de Dairy Campus út in ûntfangst- en presintaasjeromte,[11][20] gearkomstefasiliteiten,[11][20] in gebou mei trainingsromten,[11][20] in 'dongplein',[20] fivers foar wettersuvering,[20] in melkkarrûsel en seis lisboksstâlen[11][20] mei elts har eigen funksje,[16][17][20] lykas de opfok fan jongfee, dongbewurking, en ûndersyk nei ammoniakopheaping, nei libbensdoer, nei beweidingssystemen en nei feefoer en effisjint fuorjen.[7][11][18][20] It proefbedriuw hat 18 fêste wurknimmers (wêrfan mear as de helte yn 'e stâlen en de rest op kantoar)[11] en 550 melkkij[2][7][11][17][20] (in pear hûndert stiks jongfee net meirekkene).[11] Ek omfiemet it 300 ha (of 825 pûnsmiet) oan greidlân.[11][20] Der wurde mear as tritich ûndersyks- en ynnovaasjeprojekten tagelyk útfierd.[21] Njonken kennis- en ûndersykssintrum is de Dairy Campus ek noch in bedriuw, dat gewoan rendabel wêze moat. De helte fan 'e omset komt út 'e levering fan molke oan FrieslandCampina, wylst de oare helte komt fan sponsoring fan wittenskiplik ûndersyk.[boarne nedich] Yn desimber 2018 waard it biogas út in biofergêster dy't Biogas B.V. op 'e Dairy Campus pleatst hie, troch yngebrûkname fan in fernijde gasynstallaasje geskikt makke foar levering oer it iepenbiere gasnet.[22]
De Dairy Campus is it (iennichst oerbleaune) sintrum foar wittenskiplik ûndersyk en praktykûnderwiis op it mêd fan 'e melkfeehâlderij yn Nederlân.[1][3] Dêrby wurdt it proefbedriuw ynset foar it sammeljen fan data dy't neitiid brûkt wurde kin foar it betinken fan nije, ynnovative manearen foar it runnen fan it boerebedriuw en de ferwurking fan suvel.[1][6][7] As ûnderdiel fan Wageningen University leit de Dairy Campus him ta op nauwe gearwurking tusken wittenskip, ûnderwiis en de agraryske sektor.[1] Studinten fan sawol it MBO, it HBO as it universitêr ûnderwiis kinne op 'e Dairy Campus in staazje-opdracht of ôfstudearprojekt útfiere of praktykles folgje.[1][2][7] Ek is it mooglik om mei ideeën fan wittenskippers oan 'e gong te gean troch in ferkennend ûndersyk te dwaan.[1] En bedriuwen kinne der, tsjin betelling, ûndersyk nei harren produkten útfiere litte.[2]
Neffens de Dairy Campus sels is it ynstitút mei dat konsept "unyk yn 'e wrâld",[1][2][5] want nearne oars soe in ynstelling bestean dy't wittenskiplik ûndersyk en praktykedukaasje ûnder ien dak gearbringt.[1][5] It proefbedriuw sjocht himsels as in "(ynter)nasjonaal toanoanjaand sintrum dêr't ûndersyk, ynnovaasje, edukaasje, praktyktraining en kennisfersprieding yn 'e hiele suvelkeatling bondele wurde."[1][7][11] De bedoeling is om melkfeehâlderij nei in heger plan te tillen op mêden as ekonomysk rindemint, omgong mei it miljeu, bistewolwêzen en maatskiplike akseptaasje.[2][11][18] De Dairy Campus wol it wichtichste ynnovaasjesintrum fan Nederlân wurde[5][11] en him fierder ûntwikkelje ta "it Silicon Valley fàn en foàr de hiele suvelsektor."[1] Alle aktiviteiten yn it sintrum binne rjochte op 'e ûntjouwing fan duorsume suvelproduksje en -ferwurking.[1][6]
De Dairy Campus wurket gear mei in grut tal bedriuwen, ûndersyksynstituten, ûnderwiisynstellings, oerheden en belange-organisaasjes.[6][23] Dêrûnder binne fansels de oare ûnderdielen fan Wageningen University,[6][7][11][23] mar ek it Nordwin Kolleezje,[2][7][23] Hegeskoalle Van Hall Larenstein,[2][7][11][14][23] de Ryksuniversiteit Grins, kampus Fryslân,[2][23] LTO Nederlân,[2][7][23] FrieslandCampina,[2][7][23] de Gemeente Ljouwert,[2][23] de Provinsje Fryslân[2][23] en ferskate ûnderwiisynstellings yn it bûtenlân.[24] Yn 2013 sleat praktykskoalle PTC+ út Oentsjerk him ûnder de nije namme Dairy Training Centre (DTC) by de Dairy Campus oan,[7] nei't in earder besykjen om ta gearwurking te kommen begjin 2011 ôfkitst wie.[15][25] Oant syn fallyt yn desimber 2017 fersoarge it DTC op 'e Dairy Campus trainings op it mêd fan melkfeehâlderij en molkeferwurking foar groepen út binnen- en bûtenlân.[7][11] Dat barde yn gearwurking mei útstjoerburo AB Vakwerk en consultancyburo The Friesian.[7][11]
Seamless Wikipedia browsing. On steroids.
Every time you click a link to Wikipedia, Wiktionary or Wikiquote in your browser's search results, it will show the modern Wikiwand interface.
Wikiwand extension is a five stars, simple, with minimum permission required to keep your browsing private, safe and transparent.