Remove ads
doarp yn de gemeente Tytsjerksteradiel From Wikipedia, the free encyclopedia
Oentsjerk is in doarp yn de gemeente Tytsjerksteradiel. Oentsjerk leit oan de N361, tusken Aldtsjerk en Gytsjerk en is oer de Oentsjerkster Feart ferbûn mei De Moark.
Oentsjerk | ||
Staniastate | ||
Emblemen | ||
Bestjoer | ||
Lân | Nederlân | |
Provinsje | Fryslân | |
Gemeente | Tytsjerksteradiel | |
Sifers | ||
Ynwennertal | 2.060 (1 jannewaris 2023)[1] | |
Oerflak | 3,75 km², wêrfan - lân: 3,71 km² - wetter 0,03 km² | |
Befolkingsticht. | 548 ynw./km² | |
Oar | ||
Tiidsône | UTC +1 | |
Simmertiid | UTC +2 | |
Koördinaten | 53° 15' N 5° 53' E | |
Doarpsgebiet fan Oentsjerk (grien) yn de gemeente Tytsjerksteradiel | ||
Offisjele webside | ||
Oentsjerk op de side fan Trynwâlden | ||
Kaart | ||
Oentsjerk hat 2.060 (1 jannewaris 2023)[2] ynwenners.
Oentsjerk is ûntstien op it sân fan de Trynwâlden. Yn de 12e iuw hie it doarp al in tsjerkje fan dowestien, dy't om 1230 hinne troch de hjoeddeiske tsjerke ferfongen is. It doarp lei nei alle gedachten yn dy tiid by de tsjerke. Letter is it lykwols in lintdoarp de Wâlddyk bylâns wurden.
De sângrûn makke in boskgebiet mooglik. Ferskate aadlike geslachten hawwe dêrom by it doarp states mei grutte parken boud. Likernôch healwei de 15e iuw waard benoarden it doarp Eysingastate boud, dat lykwols yn 1759 ôfbrutsen is. Om 1500 hinne waard oan de eastkant fan it doarp Heemstra State oanlein, dat oant de jierren 1970 bestien hat, mar doe ôfbrutsen en ferfongen is troch it âldereinsintrum Nij Heemstrastate. Oan de noardein fan it doarp stiet sûnt de 17e iuw Staniastate. Benoarden fan de state rint in âld boskpaad, De Reade Singel, en steane de boskjes Grikelân en Turkije.
Yn it eastlik part fan de himrik ûntstie yn de 19e en 20e iuw in aparte buorskip, sûnt 1948 it selsstannige doarp Mûnein. Oentsjerk hat yn de twadde helte fan de 20e iuw in soad nijbou krige oan de eastlike kant fan it doarp.
Yn it ferline telde Oentsjerk fiif states. Fan dizze fiif binne der noch twa folslein yntakt en yn it park fan in tredde stiet it moderne âldereinkompleks Skewiel. Fan de oare beide binne allinnich in strjitnamme en in pleats op it stee werom te finen.
De states binne:
Oentsjerk hat gjin doarpshûs, mar wol in feriening foar Doarpsbelang. De skoallen fan it doarp hjitte 'De Opstap' en 'De Paadwizer'. De Koeketromp is de doarpskrante. De bynamme foar in ynwenner fan Oentsjerk is koekefretter.
Jier | 1845 | 1913 | 1954* | 1959 | 1964 | 1969 | 1973 | 2005 | 2009 |
---|---|---|---|---|---|---|---|---|---|
Ynwenners | 720 | 1.197 | 698* | 705 | 659 | 782 | 1.012 | 1.784 | 1.810 |
Jier | 2015 | 2020 | |||||||
Ynwenners | 1.810 | 1.912 |
.(* sûnder Mûnein)
De PKN-gemeente Trynwâlden hat bûten de oare tsjerken yn Gytsjerk en Aldtsjerk twa tsjerken yn Oentsjerk:
|
Yn Oentsjerk stiet sûnt 1986 yn stânbyld fan Tryntsje-muoi en har sân soannen, makke troch Annet Haring.
Andringasingel, De Dobbe, De Finne, De Greide, De Ikker, De Jister, De Kamp, De Mieden, De Pleats, Dokter Kijlstrawei, Douweleane, Frisiastate, Heemstrasingel, Hofwegen, It Medsje, Jan de Wittstrjitte, Rengerswei, Sanjesreed, Staniasingel, Uniasingel, Van Haersmasingel, Wynserdyk.
Seamless Wikipedia browsing. On steroids.
Every time you click a link to Wikipedia, Wiktionary or Wikiquote in your browser's search results, it will show the modern Wikiwand interface.
Wikiwand extension is a five stars, simple, with minimum permission required to keep your browsing private, safe and transparent.