rivierke yn de gemeenten Dantumadiel en Tytsjerksteradiel From Wikipedia, the free encyclopedia
De Moark is in rivierke yn de gemeenten Dantumadiel en Tytsjerksteradiel. De rivier rint fan Rinsumageast nei it súdwesten, rint troch de Wide Moark en dan troch Aldtsjerk en de Aldtsjerkster Mar nei de Kanterlânsbrêge west fan Gytsjerksterhoeke. It lêste stikje is it de grins tusken Tytsjerksteradiel en Ljouwert.
De namme De Moark jildt sûnt 15 maart 2007 as de offisjele namme, as ferfanging foar de eardere offisjele namme Murk.
De Canterlandske brêge oer de Moark is ûnder it motto 'It sil heve' ta in artistyk earebetoan foar de Alvestêderiders makke yn de foarm fan in Alvestêdemonumint. Tûzenen hânmakke tegeltsjes sitte op de brêge dêr't de riders fan de Alvestêdetocht ûndertroch ride yn de rjochting fan de einstreek op De Bonke. Elk tegeltsje fan it grutte ôfbyld is in portret. Printe op blau glazuer stean de ôfbylden fan tûzenen riders dy't de einstreek fan de earste Alvestêdetochten helle hawwe.
Seamless Wikipedia browsing. On steroids.
Every time you click a link to Wikipedia, Wiktionary or Wikiquote in your browser's search results, it will show the modern Wikiwand interface.
Wikiwand extension is a five stars, simple, with minimum permission required to keep your browsing private, safe and transparent.