Remove ads
From Wikipedia, the free encyclopedia
Baron Willem Hendrik Scheltes van Heemstra (Oentsjerk, 18 oktober 1779 - Ljouwert 30 desimber 1826) wie in militêr en politikus.
Wykte yn 1795 út mei syn heit, dy't ek fûl oranjegesind wie. Hy die mei oan de Ingelsk-Russyske ynfal fan 1799. Werom yn Fryslân yn 1809 en yn 1813 waard hy maire fan Aldwâld en letter grytman fan Kollumerlân.
Yn desimber 1813 rjochte Willem Hindrik in frijwillich korps op (sjoch Johannes Galenus fan Sytzama). Yn 1814 wie er as ofsier belutsen by de striid om Coevorden en Delfsyl. Hy waard lid fan Provinsjale Steaten yn 1818 en lid fan de Twadde Keamer yn 1822.
Van Heemstra troude yn 1803 mei Johanna Balthazarina fan Idsinga (1783-1850), dochter fan Balthasar Daniel fan Idsinga (1745-1818) en Margaretha Theodora Collot d'Escury (1751-1807). It pear krige seis bern:
Seamless Wikipedia browsing. On steroids.
Every time you click a link to Wikipedia, Wiktionary or Wikiquote in your browser's search results, it will show the modern Wikiwand interface.
Wikiwand extension is a five stars, simple, with minimum permission required to keep your browsing private, safe and transparent.