Remove ads
drank From Wikipedia, the free encyclopedia
Molke is in floeistof (in emulsy fan fetdrippen yn wetter) en wurdt troch froulike sûchdieren oanmakke foar harren jongen. De molke fan de frou (minske) wurdt tate neamd. Minsken drinken ek molke fan bisten, lykas fan kij en skiep. Molkeprodukten (meastentiids fan kij, skiep of geiten) binne tsiis, bûter, rjemme en waai. Molke bestiet út fetten, aaiwiten, sûker en sâlten. Meastenttids wurdt kowemolke brûkt as minsklike konsumpsje. Ien liter kowemolke wêget 1030 gram. Geitemolke en skieppemolke wurde minder brûkt as komolke. Yn Jeropa en Ruslân wurdt ek wol hynstemolke produsearre. Buffelmolke wurdt hast allinne brûkt foar de produksje fan tsiis. Eartiids waard ezelinnemolke ek wol brûkt yn pleats fan tate, omdat de gearstalling dêrmei noch wol oerienkomt. Yn it noarden fan Skandinaavje en Ruslân wurdt ek wol rindiermolke brûkt. Molke is in boarne fan kalsium dy't goed is foar sterke bonken
Foar it better bewarjen fan molke wurdt raumolke yn 't molkfabryk bewurke middels in tal prosessen. Om molke langer hâldber te hâlden moatte de measte baktearjes deamakke wurde. Seane molke hat grif in oare smaak, dus moat der in lykwicht fûn wurde tusken hâldberheid en smaak.
eigen molke brûke dogge dit meastal)
Ek it fet yn 'e molke kin oanpast wurde.
hjirfan dus ek net fêst. It hinget ek ôf fan it seizoen. It wurdt ek wol boerelânmolke neamd
Fan molke kinne ferskate suvelprodukten makke wurde, bygelyks jochert, fla, sûpe, bûter en tsiis.
Seamless Wikipedia browsing. On steroids.
Every time you click a link to Wikipedia, Wiktionary or Wikiquote in your browser's search results, it will show the modern Wikiwand interface.
Wikiwand extension is a five stars, simple, with minimum permission required to keep your browsing private, safe and transparent.