From Wikipedia, the free encyclopedia
De Unrepresented Nations and Peoples Organization (UNPO), yn it Frysk de Organisaasje fan Net-Fertsjintwurdige Naasjes en Folken, is in demokratyske organisaasje dy't wurket as in alternatyf ynternasjonaal foarum foar naasjes en folken dy't harsels net fertsjintwurdige achtsje troch ien as mear oare leden fan 'e Feriene Naasjes. Op it stuit (1 jannewaris 2024) binne der 40 leden. Dêrûnder binne etnyske en religieuze minderheden, lânseigen folken, besette gebieten en de facto ûnôfhinklike steaten sûnder ynternasjonale erkenning. In diel fan de âld-leden hat no de status fan erkend selsstannich lân, en is no lid fan 'e Feriene Naasjes. Oaren hawwe troch it ûnderhanneljen mear selsbestjoer krigen. De UNPO, dy't eins in non-gûvernemintele organisaasje is, waard oprjochte yn 1991. De fiertaal is Ingelsk. De UNPO hat syn sit yn De Haach, Nederlân.
Unrepresented Nations and Peoples Organization (UNPO) | |||
---|---|---|---|
Lânkaart: hjoeddeistige leden yn kleur; eardere leden yn dûnkergriis | |||
Offisjele taal: | Ingelsk | ||
Haadkertier: | De Haach (Nederlân) | ||
Oprjochte: | 11 febrewaris 1991 | ||
Tal leden: | 40 (ledetal 1 jann. 2024) |
De skiednis fan 'e UNPO giet hielendal tebek nei 1960, doe't der al oerlis wie tusken foaroanlju fan 'e ûnderdrukte Oeigoerske minderheid yn Sina en fan it troch de Sinezen besette Tibet oer in mienskiplike ynternasjonale fertsjintwurdiging. De tiid wie dêr doe lykwols noch net ryp foar. Yn 'e jierren tachtich waard it idee nij libben ynblazen troch de yn Nederlân wenjende Tibetaanske Tsering Jampa, de Oeigoer Erkin Alptekin en de jurist Michael van Walt van Praag, dy't lange tiid de abbekaat fan 'e Dalai Lama wie. Der waarden kontakten lein mei oare groepen, en as sit waard De Haach útkeazen, mei't dêr ek it Ynternasjonaal Gerjochtshôf fêstige wie. De namme dy't foar de nije organisaasje betocht waard, de Unrepresented Nations and Peoples Organization (dy't mei syn earste beide letters ferwiist nei de Feriene Naasjes), wie "in boppeslach", sa't Onno Falkena sei, dy't der yn Frysk en Frij oer berjochte.
En sa waard op 11 febrewaris 1991 yn it Fredespaleis yn De Haach de UNPO oprjochte troch fyftjin leden: Armeenje; de Australyske Aboriginals; Estlân; Georgje; de Grykske minderheid yn Albaanje; de Koerden fan Irak; de Kordyljeraanske folken fan 'e Filipinen; de Krimtataren; Letlân; de Oeigoeren; Palau, Taiwan, Tatarstan, Tibet en West-Papoea. Dêrby wie der neffens Falkena ta fernuvering fan 'e Tibetaanske delegaasje frijwat strideraasje oer it prinsipe fan geweldleazens, dat de Dalai Lama al withoelang útdroech. Victor Kaseipo, de fertsjintwurdiger fan 'e Papoea-minderheid yn Yndoneezje, ferwurde it sa: "As der fleantugen mei bommen oerkomme, kin ik myn minsken net sizze dat se harren pylk en bôge dellizze moatte." Uteinlik waard der in kompromis sletten dat stelt dat elts folk it rjocht op selsferdigening hat, wylst tagelyk terrorisme skerp feroardiele waard. Sûnt syn oprjochting hat de UNPO him allegeduerigen ynset foar syn leden en foar frede en minskerjochten yn it algemien. Yn 1993 waard organisaasje nominearre foar de Nobelpriis foar de Frede.
De fisy fan 'e UNPO is om demokrasy te bekrêftigjen as in fûneminteel ûnderdiel fan 'e minskerjochten, om boargerlike en politike rjochten fan befolkingsgroepen en minderheden oer de hiele wrâld te ymplemintearjen, om it universeel rjocht op selsbeskikking en selsbestjoer te ûnderstypjen en om federalisme út te dragen as alternatyf foar sintralistyske steatsstruktueren. De organisaasje moediget geweldleaze metoaden oan om freedsume oplossings te finen foar konflikten en ûnderdrukking. De UNPO stipet syn leden by it ôftwingen fan harren minskerjochten, respekt foar harren kultuer en it ekologysk behâld fan harren wengebieten. Dêrta fersoarget de UNPO foar de oanwiisde fertsjintwurdigers fan syn leden opliedings op it mêd fan ynternasjonale wetjouwing, ynternasjonale gearwurking, diplomasy en public relations. Boppedat biedt de organisaasje foar syn leden in foarum wêryn't se harren soargen op ynternasjonaal nivo oankaartsje kinne en dat teffens foar oerlis brûkt wurde kin mei lykstimde naasjes en folken, dy't gauris mei itselde soarte swierrichheden kampe.
De UNPO is wijd oan 'e fiif prinsipes dy't fêstlein binne yn it UNPO-konvenant:
Alle UNPO-leden moatte dit konvenant ûndertekenje en neilibje. (Hjirby moat miskien opmurken wurde dat it selsbeskikkingsrjocht net automatysk it neistribjen fan in eigen ûnôfhinklike steat, of sels mar fan autonomy binnen in besteande steat ynhâldt. It ferwiist ienfâldichwei nei it rjocht fan alle folken en befolkingsgroepen om op demokratyske wize oer harren eigen politike status en harren ekonomyske, sosjale en kulturele ûntjouwing te beslissen. It útoefenjen fan dat rjocht kin in ferskaat oan útkomsten hawwe, útinoar rinnend fan folsleine ûnôfhinklikens oant folsleine yntegraasje yn in besteande steat.)
Njonken syn sit yn De Haach hat de UNPO ek in kantoar yn Brussel en in fertsjintwurdiging yn Sjenêve, en kin it him ferlitte op in netwurk fan assosjearre organisaasjes oer de hiele wrâld. De ynkomsten fan 'e UNPO besteane út 'e kontribúsje fan 'e leden en de jeften fan yndividuën en stiftings. De UNPO hat fan it begjin ôf oan syn eigen parseburoke ûnderholden, wêrmei't de organisaasje syn betrouberens fêstige hat troch, gauris as earste, nijs út 'e earste hân oer ôfhandige plakken en gebieten te fersprieden. Dêrby is de ynformaasje frijwol sûnder útsûndering objektyf bleken.
De UNPO stiet iepen foar alle naasjes en folken dy't ûnder de folgjende omskriuwing (ôfkomstich fan 'e webside fan 'e UNPO) beflapt wurde kinne: in befolkingsgroep "dy't de wil hat om identifisearre te wurden as in naasje of folk, en dy't ferbûn wurdt troch in mienskiplik beërf dat histoarysk, rasiaal, etnysk, religieus of territoriaal wêzen kin. It kandidaat-lid kin ek in diel fan in folk wêze, besteande út in minderheid dy't op in part fan it foarâlderlik territoarium fan dat folk libbet, dat ynkorporearre is yn in oare steat as de steat dy't dat folk fertsjintwurdiget." Dêrby moat in organisaasje dy't in aspirant-lid fertsjintwurdigje wol, noch wol sjen litte dat er genôch oanhing ûnder de befolking hat dy't er represintearje wol.
Op it stuit (1 jannewaris 2024) hat de UNPO 40 leden. Dêrûnder binne etnyske en religieuze minderheden, lânseigen folken, besette gebieten en de facto ûnôfhinklike steaten sûnder ynternasjonale erkenning. Hoewol't UNPO-leden gauris ferskillende doelen hawwe, hawwe se ien ding mienskiplik: hja wurde op ynternasjonaal nivo (bygelyks troch de Feriene Naasjes of in soartgelikense organisaasje) net diplomatyk fertsjintwurdige (of inkeld mei in legere status, lykas Kosovo). Fan gefolgen is harren fermogen beheind om har soargen en swierrichheden foar it fuotljocht te bringen by mondiale organen dy't oanwiisd binne om de minskerjochten te beskermjen.
Guon leden wolle erkend wurde as ûnôfhinklike steaten. Yn it ferline is it de stiftsjende leden Armeenje, Estlân, Georgje en Letlân, dy't yn 1991 allegearre út 'e eardere Sovjet-Uny fuortkommen binne, slagge om dat doel te berikken. In oar stiftsjend lid, de eilannesteat Palau, yn 'e Stille Oseaan, dy't by de oprjochting fan 'e UNPO, yn 1991, noch in mandaatgebiet fan 'e Feriene Steaten foarme, en troch de strategyske belangen dy't de Amerikanen dêre yn it ramt fan 'e Kâlde Oarloch hiene fan ûnôfhinklikens wjerholden waard, koe him einlings yn oktober 1994 ta in selsstannige steat ûntjaan. En East-Timor, dat sûnt de ein fan it Portegeeske koloniaal bestjoer, yn 1975, ûnder in bloedige Yndonezyske besetting suchte, waard nei in referindum (holden yn 1999) yn 2002 ûnôfhinklik.
Oare âld-leden fan 'e UNPO hawwe troch ûnderhannelings in beskate foarm fan autonomy witten te berikken. Sa krige Atjeh yn 2006 selsbestjoer binnen it Yndonezyske steatsbestel as in "spesjale bestjoerlike regio" en sei it doe syn lidmaatskip fan 'e UNPO op (al die letter bliken dat de autonomy fral op papier bestiet, sadat Atjeh yn 2014 fannijs lid wurden is). Gagaûzje waard yn 1994 in autonome republyk binnen Moldaavje, in regeling dêr't de Gagaûzen sels earst noch harren twifels oer hiene, mar dy't nei ferrin fan hast fyftjin jier sa goed bliek te wurkjen dat se har lidmaatskip fan 'e UNPO opseine. En Bougainville, oftewol de Autonome Regio fan 'e Noardlike Solomoneilannen, sleat yn 2000 in fredesferdrach mei Papoea Nij-Guineä wêrby't selsbestjoer betongen waard, en boppedat dat der tusken 10 en 15 jier neitiid (tusken 2012 en 2017 dus) in referindum oer ûnôfhinklikens holden wurde sil.
Wer oare leden wisten har eigen doelen te ferwêzentlikjen. Sa koene de Nûhalk (of Bella Kûla), in Yndiaansk folk út 'e Kanadeeske provinsje Britsk-Kolumbia, mei har lidmaatskip fan 'e UNPO de Kanadeeske autoriteiten op 't langelêst bewege om harren soargen oer de fersmoarging en ferneatiging fan harren wengebiet serieus te nimmen. In apart gefal wie de demokratyske opposysje fan Birma (lid fan 2008 oant 2010), dy't úthold dat de Birmeeske befolking troch de militêre diktatuer fan it lân net op ynternasjonaal mêd fertsjintwurdige waard. Nei't der einlings en te'n lêsten demokratyske herfoarmings yn Birma plakfûnen, skoarre de opposysje syn lidmaatskip fan 'e UNPO op.
Wat de rest fan 'e hjoeddeistige en histoaryske leden oanbelanget, binne (of wiene) der in stikmannich net-erkende (of net algemien erkende) mar feitlik ûnôfhinklike steaten dy't ynternasjonale erkenning hawwe wolle: Abgaazje, Kosovo, Somalilân en Taiwan. Dan binne der guon leden dy't ûnôfhinklik wurde wolle, lykas Súd-Kameroen, de Súd-Molukken en Tibet. Fierders guon etnyske minderheden dy't selsbestjoer (of mear selsbestjoer) hawwe wolle, lykas de Hongaren yn Roemeenje, de Rehobot-Basters fan Namybje en de Kordyljeranen op 'e Filipinen. En ek binne der in stik as wat lânseigen folken dy't stride foar it behâld fan harren kultuer en/of wengebiet, lykas de Ogony yn Nigearia, de Batwa yn Rûanda en de Djûmma-folken fan 'e Chittagong Hill Tracts yn Banglades. De Haratin fan Mauretaanje foarmje in apart en tige skrinend gefal: dat binne de neikommelingen fan swarte slaven dy't noch altiten yn in ferhoalen foarm fan slavernij libje (Mauretaanje wie ek it lêste lân op 'e wrâld dat offisjeel de slavernij ôfskafte, yn 1981).
namme | fertsjintwurdigjende organisaasje | befolkings- grutte |
lân/lannen | lid sûnt | opmerkings | |
---|---|---|---|---|---|---|
de Republyk Abgaazje | it Ministearje fan Bûtenlânske Saken fan de Republyk Abgaazje |
243.000 | Georgje | 6 aug. 1991 | in de facto ûnôfhinklike steat (sûnt 1992) yn 'e Kaukasus | |
de Afrikaners fan Súd-Afrika | it Vryheids Front Plus (VF+) | 3.400.000 | Súd-Afrika | 15 maaie 2008 | de ôfstammelingen fan 'e Nederlânske kolonisten | |
de Arabyske minderheid yn Iraan | de Democratic Solidarity Party of Ahwāz (DSPA) | 5.000.000 | Iraan | 14 nov. 2003 | ||
de Assyriërs | de Assyrian Universal Alliance (AUA) | 1.820.000 | Irak Syrje Turkije diaspoara |
6 aug. 1991 | in kristlike minderheid yn it Midden-Easten | |
de Republyk Atjee | de Aceh-Sumatra National Liberation Front (ASNLF) | 3.000.000 | Yndoneezje | 15 july 2014 | rôp yn 1976 de ûnôfhinklikens út; earder lid fan 1991-2008, doe fertsjintwurdige troch de Free Aceh Movement (GAM) | |
it Keninkryk Barotselân | de Barotse National Freedom Alliance (BNFA) | 400.000 | Sambia | 23 nov. 2013 | in tradisjoneel Afrikaansk keninkryk; foarhinne fertsjintwurdige troch de Barotse National Council (BNC) | |
de Batwa fan Rûanda | de Communauté des Autochtones du Rwanda (CAURWA) | 25.000 | Rûanda | 17 jann. 1993 | de lânseigen pygmeeske befolking; fan 2019-2021 lidmaatskip opskoarre | |
Biafra | de Movement for the Actualization of the Sovereign State of Biafra (MASSB) / Biafra Independence Movement (BIM) |
33.000.000 | Nigearia | 31 july 2020 | de foarstelde steat fan Ibo yn súdlik Nigearia | |
Binnen-Mongoalje | de Southern Mongolian Human Rights Information Center (SMHRIC) | 4.000.000 | Sina | 2 feb. 2007 | de Mongoalske minderheid yn Sina; foarhinne fertsjintwurdige troch de Inner Mongolian People's Party (HB) | |
Bretanje | de Kelc'h An Dael (KAD) | 4.475.000 | Frankryk | 8 juny 2015 | in minderheidsgebiet yn Frankryk | |
de Djûmma-folken fan de Chittagong Hill Tracts |
de United People's Party of the Chittagong Hill Tracts (JSS) | 600.000 | Banglades | 6 aug. 1991 | in stikmannich berchstammen yn súdeastlik Banglades | |
East-Balûtsjistan | de Balochistan National Party (BNP) | 7.100.000 | Pakistan | 1 maart 2008 | súdwestlike provinsje fan Pakistan | |
it Distrikt Columbia | de D.C. Statehood Congressional Delegation | 660.000 | Fer. Steaten | 4 des. 2015 | net fertsjintwurdige is yn it Amerikaanske Kongres | |
de Easttoerkestaanske Republyk | it World Uyghur Congress (WUC) | 7.500.000 | Sina | 11 feb. 1991* | de yn 2004 útroppen steat fan 'e Oeigoeren | |
Gilgit-Baltistan | de Gilgit Baltistan Democratic Alliance (GBDA) | 1.800.000 | Pakistan | 20 sept. 2008 | de berchfolken yn it Pakistaanske diel fan Kasjmier | |
Gûam | it regear fan Gûam | 165.000 | Fer. Steaten | 31 july 2020 | in ûnynkorporearre territoarium fan 'e Feriene Steaten | |
de Haratin fan Mauretaanje | it Initiative de Résurgence du Mouvement Abolitionniste en Mauritanie (IRA) |
1.160.000 | Mauretaanje | 18 sept. 2011 | de swarte slaven fan Mauretaanje | |
de Hmong fan Laos | it Congress of World Hmong People (CWHP) | 2.300.000 | Laos | 2 feb. 2007 | foarhinne fertsjintwurdige troch de Hmong ChaoFa Federated State (HCFS) | |
Jorûba | it Yoruba World Congress (YWC) | 42.000.000 | Benyn Nigearia |
31 july 2020 | it grutste folk fan súdlik Nigearia en súdlik Benyn | |
Iraansk-Koerdistan | de Democratic Party of Iranian Kurdistan (PDKI) / Komala Party of Iranian Kurdistan (KPIK) |
4.000.000 | Iraan | 2 feb. 2007 | de Koerdyske minderheid fan Iraan | |
Kabylje | de Mouvement pour l'Autodétermination de la Kabylie–Anavad (MAK-Anavad) |
3.500.000 | Algerije | 6 juny 2017 | in Berberske minderheid yn noarldik Algerije | |
Kataloanje | de Asemblea Nacional Catalana (ANC) | 7.544.000 | Spanje | 14 desimber 2018 | in autonome mienskip fan Spanje dy't nei ûnôfhinklikheid stribbet | |
de Kmer-minderheid yn Fjetnam | de Khmer Kampuchea-Krom Federation (KKF) | 700.000 | Fjetnam | 15 july 2001 | ||
de Krimtataren | de Milli Mejlis (it Krimtataarske parlemint) | 806.000 | de Oekraïne diaspoara |
11 feb. 1991* | de lânseigen befolking fan it skiereilân de Krim | |
de Folksrepublyk Nagalân | de National Socialist Council of Nagaland (NSCN) | 3.100.000 | Birma Yndia |
19 jann. 1993 | de eigen steat fan 'e Naga's, útroppen yn 1980 | |
de folken fan 'e Nigerdelta | de Niger Delta Peoples' Movement (NDPM) | 25.000.000 | Nigearia | 1 juny 2023 | 20 etnyske groepen yn 'e Nigerdelta | |
de Ogony | de Movement for the Survival of the Ogoni People (MOSOP) | 500.000 | Nigearia | 19 jann. 1993 | in minderheid yn 'e Nigerdelta | |
de Oromo | it Oromo Liberation Front (OLF) | 30.000.000 | Etioopje Kenia |
19 des. 2004 | de grutste minderheid yn 'e Hoarn fan Afrika | |
de Rehobot-Basters | de Kapteinsraad van die Rehoboth Basters | 35.000 | Namybje | 2 feb. 2007 | in Afrikaansktalige kleurlingeminderheid | |
de Rivierfolken fan Sambeezje | Movement for the Survival of the River Races of Zambesia | 500.000 | Botswana Namybje Simbabwe |
31 july 2020 | in groep lytse folken oan 'e iggen fan 'e Sambezy | |
de Sind | de World Sindhi Institute (WSI) | 25.000.000 | Pakistan Yndia |
19 jann. 2002 | súdeastlike provinsje fan Pakistan | |
de Republyk Somalilân | it regear fan 'e Republyk Somalilân | 3.500.000 | Somaalje | 19 des. 2004 | in de facto ûnôfhinklike steat (sûnt 1991) yn 'e Hoarn fan Afrika | |
de Somalyske minderheid yn Etioopje | it Ogaden National Liberation Front (ONLF) | 4.400.000 | Etioopje | 6 febr. 2010 | ||
Súd-Azerbeidzjan | de Southern Azerbaijan National Awakening Movement (SANAM) | 19.000.000 | Iraan | 2 febr. 2007 | de Azerbeidzjaanske minderheid yn Iraan | |
de Republyk fan de Súd-Molukken | it regear yn ballingskip fan de Republyk fan de Súd-Molukken (RMS) |
1.100.000 | Yndoneezje | 6 aug. 1991 | ûnôfhinklikens útroppen yn 1950; lidmaatskip opskoarre 2015-2016 | |
Taiwan | de Taiwan Foundation for Democracy (TFD) | 23.000.000 | Sina | 11 febr. 1991* | de Republyk Sina, ûntstien yn 1949 | |
de Steat Tibet | it regear yn ballingskip fan Tibet (CTA) | 4.700.000 | Sina | 11 febr. 1991* | sûnt 1950 beset troch Sina | |
West-Balûtsjistan | de Balochistan People's Party (BPP) | 3.800.000 | Iraan | 26 juny 2005 | de Balûtsyske minderheid yn Iraan | |
de Republyk West-Papoea | it West Papua People's Front (WPPF) de Free Papua Movement (OPM) |
900.000 | Yndoneezje | 11 febr. 1991* | West-Papoea (of Irian Jaya), dat yn 1971 de ûnôfhinklikens útrôp; lidmaatskip opskoarre 2008-2013, 2020-2021 | |
West-Togolân | de Homeland Study Group Foundation (HSGF) | 4.000.000 | Gana | 15 nov. 2017 | it eardere Britsk-Togolân |
*) = oprjochtsjend lid
namme | fertsjintwurdigjende organisaasje | befolkings- grutte |
lân/lannen | lidmaatskip | opmerkings | |
---|---|---|---|---|---|---|
de Albaneeske minderheid yn Masedoanje | de Party for Democratic Prosperity (PPD) de Party for Democracy for Albanians in Macedonia (PPDSh) |
620.000 | Masedoanje | 1994–2008 | ||
de Ambazoanje | de Ambazonia Governing Council (SCNC) | 5.100.000 | Kameroen | 2004-2015 2018-2021 |
it Ingelsktalige diel fan Kameroen; rôp yn 1999 de ûnôfhinklikens út; fan 2004–2015 lid ûnder de namme Federale Republyk fan Súd-Kameroen en fertsjintwurdige troch de Southern Cameroons National Council (SCNC) | |
de Araukanen | de Consejo Interregional Mapuche (CIM) | 1.000.000 | Sily Argentynje |
1993–2016 | in Yndiaansk folk yn Súd-Amearika | |
de Republyk Armeenje | it regear fan de Republyk Armeenje | 3.400.000 | de Sovjet-Uny | 1991–1992* | rôp yn augustus 1991 de ûnôfhinklikens út | |
de Aboriginals fan Austraalje | it National Committee to Defend Black Rights (NCDBR) | 350.000 | Austraalje | 1991–2012* | de lânseigen befolking fan Austraalje | |
de Azteken fan de Opper-Balsasrivier | de Consejo del Pueblo Náhua del Alto Balsas (CPNAB) | 56.000 | Meksiko | 2004–2008 | in Azteekske stamme yn sintraal súdlik Meksiko | |
de Republyk Baskortostan | it regear en parlemint fan de Republyk Baskortostan | 1.500.000 | Ruslân | 1996–2008 | in dielrepublyk fan Ruslân | |
de Bella (of Ikelan) | Association Malienne pour la Préservation de la Culture Bellah | 400.000 | Maly | 2017–2023 | in kaste yn 'e Tûarek-maatskippij dy't bestiet út slaven | |
de Berbers | it Congrès Mondial Amazigh (CMA) | 30.000.000 | Algerije Boerkina Faso Egypte Lybje Maly Marokko Mauretaanje Niger Spanje Tuneezje West-Sahara diaspoara |
2015–2016 | de lânseigen befolking fan Noard-Afrika | |
de Uny fan Birma | de National Council for the Union of Burma (NCUB) de Sasana Moli International Burmese Monks Association (SM-IBMA) |
31.000.000 | Birma | 2008–2010 | de demokratyske opposysje fan Birma | |
de Boerjaten fan Sibearje | de All-Buryat Association for the Development of Culture (ABADC) | 425.000 | Ruslân | 1996–2010 | in boedistyske minderheid yn Sibearje | |
de Bosnyske minderheid yn Servje en Montenegro |
de Muslim National Council of the Sanjak (MNCS) | 355.000 | Servje Montenegro |
1993–2010 | de "Bosnyske Moslims" bûten de Bosnyske grinzen | |
Bougainville | de Bougainville Interim Government (BIG) | 170.000 | Papoea Nij-Guineä | 1991–2008 | rôp yn 1990 de ûnôfhinklikens út as de Republyk Meekamui | |
de Buffalo River Dené Naasje | de Buffalo River Dene Nation Non-Governmental Organization (BRDN NGO) | 1.000 | Kanada | 2004–2009 | in Yndianestam yn 'e Kanadeeske provinsje Saskatchewan | |
de Republyk East-Timor | it Frente Revolucionária de Timor-Leste Independente (FRETILIN) | 650.000 | Yndoneezje | 1993–2002 | beset sûnt 1975; waard ûnôfhinklik yn 2002 | |
de Republyk Estlân | it regear fan de Republyk Estlân | 1.500.000 | de Sovjet-Uny | 1991–1992* | rôp yn augustus 1991 de ûnôfhinklikens út | |
de Fenda fan Súd-Afrika | it Dabalorivhuwa Patriotic Front (DPF) | 700.000 | Súd-Afrika | 2003–2015 | in Bantoefolk | |
de Republyk Gagaûzje | it regear fan 'e Republyk Gagaûzje | 190.000 | Moldaavje | 1994–2007 | in autonoom gebietsdiel fan Moldaavje | |
de Republyk Georgje | it regear fan de Republyk Georgje | 5.100.000 | de Sovjet-Uny | 1991–1992* | rôp yn april 1991 de ûnôfhinklikens út | |
de Grykske minderheid yn Albaanje | de Democratic Union of the Greek Ethnic Minority in Albania (OMONIA) | 175.000 | Albaanje | 1991–2012* | ||
Hawaï | Ka Lāhui Hawai'i (KLH) | 240.000 | Fer. Steaten | 1993–2012 | de lânseigen Polynezyske befolking fan Hawai | |
de Hongaarske minderheid yn Roemeenje | de Democratic Alliance of Hungarians in Romania (RMDSz) | 2.000.000 | Roemeenje | 1994–2015 | ||
de Yndianen fan Latynsk-Amearika | de Latin American Indigenous Peoples Project (LAIPP) | 32.000.000 | hiel Latynsk-Amearika | 2019–2020 | de lânseigen befolking fan Midden- en Súd-Amearika | |
de Yngryske Finnen | de Ingrian Association (IL) | 87.000 | Ruslân | 1992–2009 | de Finske minderheid yn Ruslân | |
de Republyk Yngûsjeesje | it regear fan 'e Republyk Yngûsjeesje | 240.000 | Ruslân | 1994–2008 | in dielrepublyk fan Ruslân | |
Iraaksk-Koerdistan | de Kurdish Democratic Party (KDP) de Patriotic Union of Kurdistan (PUK) |
4.000.000 | Irak | 1991–2015* | de Koerdyske minderheid yn Irak | |
de Republyk Kabinda | it Frente de Libertação do Enclave de Cabinda (FLEC) de Forças Armadas de Cabinda (FAC) |
500.000 | Angoala | 1997–2011 | de Angoleeske eksklave oan 'e Kongo; rôp yn 1975 de ûnôfhinklikens út | |
de Republyk Kalistan | it regear yn ballingskip fan Kalistan | 21.000.000 | Yndia | 1993–1995 | de yn 1986 útroppen steat fan 'e Sikhs | |
de Feriene Unôfhinklike Karenny-Steaten | Karenni Independence Through Education (KITE) de Karenni National Progressive Party (KNPP) |
300.000 | Birma | 1993–2012 | de yn 1948 útroppen steat fan 'e Karenny | |
de Koemukken | de Kumyk People's Movement "Tenglik" | 300.000 | Ruslân | 1997–2008 | in minderheid yn 'e Kaukasus | |
de Komy | it Komi National Revival Committee (KNRC) | 342.000 | Ruslân | 1992–2009 | in minderheid yn noardlik Ruslân | |
de Kordyljeraanske folken fan noardlik Lûzon | Cordillera Peoples' Alliance (CPA) | 1.100.000 | de Filipinen | 1991–2015* | in stikmannich berchstammen op it haadeilân fan 'e Filipinen | |
de Republyk Kosovo | de Democratic League of Kosovo (LDK) | 1.800.000 | Servje | 1991–2018 | in de facto ûnôfhinklike steat (sûnt 2008) op 'e Balkan | |
de Republyk Letlân | it regear fan de Republyk Letlân | 2.400.000 | de Sovjet-Uny | 1991–1992* | rôp yn augustus 1991 de ûnôfhinklikens út | |
Lezgistan | de Federal Lezghin National and Cultural Autonomy (FLNCA) | 670.000 | Azerbeidzjan Ruslân |
2012–2023 | in minderheid yn 'e Kaukasus | |
Madesj | de Alliance for Independent Madhesh (AIM) | 13.000.000 | Nepal | 2017–2023 | de Terai-regio yn it suden fan Nepal | |
de Mary | de Mari National Movement (MU) | 660.000 | Ruslân | 1991–2009 | in minderheid yn sintraal Ruslân | |
de Maohy fan Frânsk-Polyneezje | Hiti Tau | 135.000 | Frankryk | 1994–2007 | de lânseigen befolking fan Frânsk-Polyneezje | |
de Masai | de Maasai Women for Education and Economic Development (MAWEED) de Mainyoito Pastoralist Integrated Development Organisation (MPIDO) de Kitengela Ilparakuo Land Owners Association (KILOA) |
910.000 | Kenia Tanzania |
2004–2012 | de lânseigen befolking fan 'e Serengetiflakte | |
de Mon fan Birma | de Mon Unity League (MUL) | 4.100.000 | Birma | 1996–2012 | in minderheid yn Birma en Tailân | |
de Montanjerts fan Fjetnam | de Montagnard Foundation, Inc. (MFI) | 900.000 | Fjetnam | 2003–2016 | de berchstammen of Montagnards fan Fjetnam | |
de Moaro's fan Mindanao | it Moro Islamic Liberation Front (MILF) | 6.500.000 | de Filipinen | 2010–2015 | de islamityske befolking fan 'e súdlike Filipinen | |
de Nûhalk Naasje | it langhûs fan de erfopperhaden en de rie fan de âldsten | 1.100 | Kanada | 1998–2008 | in Yndianestam yn 'e Kanadeeske provinsje Britsk-Kolumbia | |
de Oedmoerten | de Udmurt Council (UK) | 750.000 | Ruslân | 1993–2014 | in minderheid yn sintraal Ruslân | |
de Republyk Palau | it regear fan 'e Republyk Palau | 15.000 | Fer. Steaten | 1991–1994* | in mandaatgebiet yn 'e Stille Oseaan ûnder Amerikaansk bestjoer | |
de Republyk Sacha | it regear fan de Republyk Sacha | 385.000 | Ruslân | 1993–2004 | in dielrepublyk fan Ruslân | |
Sansibar | it Zanzibar Democratic Alternative (ZANA) it Civic United Front (CUF) |
815.000 | Tanzania | 1991–2015 | in eilannegroep, ûnôfhinklik yn 1963-1964 | |
Savoaye | it Provysjoneel Regear fan 'e Steat Savoaye | 1.170.000 | Frankryk | 2014–2023 | diel fan it histoaryske keninkryk Piëmont-Sardynje dat yn 1860 troch Frankryk anneksearre waard | |
de Sirkassiërs | de International Circassian Association (ICA) | 515.000 | Ruslân diaspoara |
1994–2015 | lânseigen befolking fan 'e noardwestlike Kaukasus | |
de Federearre Sjan-Steaten | de Shan States Organization (SSO) | 4.000.000 | Birma | 1997–2010 | de yn 2005 útroppen steat fan 'e Sjan | |
Skâne | de Scanian Future Foundation (SSF) | 1.400.000 | Sweden | 1993–2011 | de net erkende Skânsktalige minderheid yn súdlik Sweden | |
de Grutte Sû Naasje | de Great Sioux Nation | 128.000 | Fer. Steaten | 1994–2007 | in Yndiaansk folk op 'e Grutte Flakten fan 'e Feriene Steaten | |
Subkarpatysk Roeteenje | it provysjoneel regear fan Subkarpatysk Roeteenje | 1.600.000 | de Oekraïne Slowakije Poalen Hongarije |
1994–2007 | in net erkende Eastslavyske minderheid | |
Súd-Araabje | de Southern Democratic Assembly (SDA) | 3.000.000 | Jemen | 2016–2017 | it eardere Súd-Jemen | |
de Sûlû-eilannen | de Sulu Foundation of Nine Ethnic Tribes, Inc. (SUFONETI) | 700.000 | de Filipinen | 2015–2023 | 9 lânseigen stammen op 'e eilannen yn 'e Sûlûsee | |
Talystan | de National Talysh Movement (NTM) | 800.000 | Azerbeidzjan Iraan |
2005–2008, 2014–2020 |
in minderheid oan 'e kust fan 'e Kaspyske See | |
de Republyk Tatarstan | it regear fan de Republyk Tatarstan | 6.700.000 | Ruslân | 1991–2008* | in dielrepublyk fan Ruslân | |
de Frije Stêd Triëst | de Triest Foundation | 206.000 | Itaalje | 2015–2018 | de stêd Triëst, tusken 1947 en 1954 in frij gebiet ûnder bestjoer fan de F.N. | |
de Tsimsjian Naasje | de Tsimshian Nation People of the Land and Hereditary Chiefs' Society | 3.100 | Kanada | 2007–2011 | in Yndianestam yn 'e Kanadeeske provinsje Britsk-Kolumbia | |
Tsjamearje | regear fan de Republyk Tsjamearje | 150.000 | Grikelân | 2017–2020 | it fan oarsprong troch etnyske Albanezen bewenne diel fan noardwestlik Grikelân | |
de Tsjetsjeenske Republyk Ytsjkearje | it regear fan de Tsjetsjeenske Republyk Ytskearje | 1.200.000 | Ruslân | 1991–2010 | it yn 1991 ta ûnôfhinklike steat útroppen Tsjetsjeenje | |
de Tsjin fan Birma | it Chin National Front (CNF) | 1.500.000 | Birma | 2001–2017 | in minderheid yn Birma en Yndia | |
de Tsjûwasjen | it Chuvash National Congress (CNC) | 1.800.000 | Ruslân | 1993–2008 | in minderheid yn sintraal Ruslân | |
de Turkmeenske minderheid yn Irak | de Iraqi National Turkoman Party (INTP) | 950.000 | Irak | 1991–2018 | ||
de Republyk Tûva | it regear fan 'e Republyk Tûva | 210.000 | Ruslân | 1996–2012 | in dielrepublyk fan Ruslân | |
*) = oprjochtsjend lid
Seamless Wikipedia browsing. On steroids.
Every time you click a link to Wikipedia, Wiktionary or Wikiquote in your browser's search results, it will show the modern Wikiwand interface.
Wikiwand extension is a five stars, simple, with minimum permission required to keep your browsing private, safe and transparent.