From Wikipedia, the free encyclopedia
Afrikaners (eartiids benammen troch Britten ek as Boere(n) oantsjutten) binne de blanke Afrikaansk-sprekkende ynwenners fan Súd-Afrika. Hja wiene oarspronklik meastentiids fan Nederlânsk en Dútsk komôf. In soad Afrikaners hawwe ek in (diels) Flaamske of Frânske (fral Hugenoatske) oarsprong. Harren taal, it Afrikaansk, is foar it grutste part ôflaat fan it Nederlânsk dat yn it de 17e en 18e iuw sprutsen waard, mei fierders lienwurden út it Ingelsk, Maleisk, Dútsk en yn mindere mjitte ek Khoy, San en ek út inkele Bantûtalen.
Earstoan, yn de begjin fan de 18e iuw, hie de beneaming Afrikaner betrekking op autochtoane slaven en 'vryswartes'. Dêrnei krige de term de betsjutting dat it noch hieltyd hat, fan 'yn Afrika berne blanke' ('vryburgers').[1]
De oantsjutting Boeren hat betrekking op in diel fan de Afrikaners en dan fral yn histoaryske sin. Dat wie de term dy't de Britske kolonisten yn de 19e en 20e iuw brûkten foar de blanken dy't al yn de koloanje festige wienen.
De Afrikaners meitsje likernôch 60% út fan de om-ende-by 5,2 miljoen blanke bewenners fan Súd-Afrika. De oare 40 % blanken bestean út ôfstammelingen fan Britske kolonisten en sprekke Ingelsk. De ynfloed fan de Ingelske taal wurdt troch sommige Afrikaansk-sprekkers op in tige puristyske wize weart. Oan de oare kant binne der ek in protte (fral jonge) minsken dêr't in grut part fan harren wurdskat út Ingelske wurden bestiet.
It binne net allinnich blanken dy't Afrikaansk sprekke. It tal sprekkers ûnder de net blanke befolking is noch grutter. Goed 4 miljoen fan de saneamde Kleurlingen fan Súd-Afrika, hat it Afrikaansk as memmetaal.
De grins tusken Afrikaners en Kleurlingen is net skerp. De measte Afrikaners stamme ôf fan de om-ende-by 40.000 Nederlanners dy't yn de 18e iuw yn de oarspronklike Kaapkoloanje libben as Vryburgers fan de Feriene Eastyndyske Kompanjy (VOC, 1652-1795). Dy Afrikaners stamje meast ek ôf fan de tweintich earste kolonisten. Kenan Malik hat hjir oer sein:
The Afrikaner population of South Africa, which is today about 2.5 million strong, is mainly descended from one boatload of Dutch immigrants who landed in 1652. Although there was later immigration, the influence of the early colonists is shown by the fact that almost one million living Afrikaners bear the names of just twenty original settlers. That ship of 1652 contained one man who carried the gene for Huntingdon’s disease.[2]As a result, Huntingdon’s is far more common among Afrikaners than within the Dutch population.[3]
Lettere ymmigranten wienen blanke, protestantske lânferfarrers dy't harren yn de Kaapkolanje festigen yn de tiid fan de VOC en dêrnei fan de Britten doe't sy it bestjoer oernamen en dy't foar in part ferafrikanisearre rekke, fral oan de East-Kaap en in Natal.
Tusken 1830 en 1850 hawwe nei gedachten 12.000 Boeren-pioniers (Voortrekkers) harren yn Natal, Oranje Frijsteat en Transvaal festige. Reden hjirta wie oan de iene kant langstme nei lân en de oerbefolking yn de omkriten fan de Kaap, oan de oare kant woe men ûntkomme oan it wjuk fan it Britske bestjoer dat aktyf stribbe nei feringelsing fan de taal en de nij frijheid stribjende Afrikaners swier belêstings opleinen.
Alhoewol't sommige histoarisy fan miening binne dat dy migraasjes (letter Grutte Trek neamd) ûntstiene út ûnfrede oer beheiningen dy't troch de Britske regearing oan slavernij stelden, is it in feit dat dy migrearjende boeren sels gjin slaven hienen, yn tsjinstelling ta de (foar in par in part feringelske) blanke Boeren dy't yn de Westlike Kaapprovinsje efterbleunen. De trekboeren namen lykwols wol swarte en kleurde bedienen mei.
De Grutte Trek wie fral it gefolch fan in waaksende befolkingdruk. Dêrom hiene guon Boeren harren oer de Oranjerivier weage. Dêr kamen se yn botsing mei de nei it suden útwreidzjende Zoeloes ûnder kening Dingane. Nettsjinsteande ôfsluten ferdraggen waarden de beide lieders fan dizze Voortrekkers, Piet Retief en Gert Maritz, en de helte fan harren blanke folgelingen troch de Zoeloes fermoarde.
De Boeren stiften selsstannige steaten yn wat letter de Súd-Afrikaanske republyk Natalia (no provinsje Kwazulu-Natal), en de eardere provinsjes Transvaal (no ûnder mear de provinsje Gauteng) en Oranje Frijsteat (no Frijsteat) wurde soenen. It Ingelske stribje om harren koloniale macht út te wreidzjen oer dizze gebieten late ta twa krigen mei de Afrikaners, nammentlik de Boerenoarlochen fan 1880-1881 en 1899-1902 dy't as gefolch hie dat alle gebieten yn de Britske koloanje opnommen waard.
Nei it ûntstean fan de Uny fan Súd-Afrika yn 1910 ferdwûn it ferskil tusken Britten en Afrikaners, mar waard it ferskil mei de net-blanke befolking lykwols grutter. De swarte befolking waard foar it grutste part útsletten fan dielnimming oan it bestjoer fan it lân. Dy polityk soe letter bekend wurde ûnder de namme 'apartheid' (1948. De grutste foarmjouwer dêrfan is Hendrik Verwoerd).
Earst mei de beneaming fan Nelson Mandela as earste swarte presidint fan Súdd-Afrika yn 1994, is der in ein kaam oan de apartheidspolityk. Foar de befolking briek in nij tiidrek oan. Der moast in demokrasy komme dat folken dy't elkoar jierrenlang bestriden hienen moasten in paad finne om mei-elkoar libje te kinnen. Fral foar dat part fan de befolking dat harren sels Afrikaners neamen en dy't lange jierren it foar it sizzen hiene yn it lân, hat dat de oergong in grutte feroaring west.[4] DêrZo ontstond er bijvoorbeeld de behoefte onder mensen om hun culturele Afrikaner identiteit te herdefiniëren en kwam er een Afrikaner diaspora op gang.
Tusken 1995 en 2005 hawwe 841.000 blanken Súd-Afrika ferlitten,[5] it grutste part dêrfan wiene Afrikaners, dy't harren gelok besochten earne oars te finen. De mearderheid keas foar emigraasje nei in Ingelsktalichlân.[6] Austraalje, de Feriene Steaten en Ingelân wienen benammen favoryt. Fansels hie dat te krijen mei it gemak fan deselde taal en kulturele besibbens. Ek wiene der by dy't sochten nei bettere banen en karriêre mooglikheden yn it bûtenlân. Der ûntstie in brain drain fan heechopliede blanken as dokters, leararen, sakelju ensafuorthinne.[7] dat noch hieltyd fuort duorret.
Seamless Wikipedia browsing. On steroids.
Every time you click a link to Wikipedia, Wiktionary or Wikiquote in your browser's search results, it will show the modern Wikiwand interface.
Wikiwand extension is a five stars, simple, with minimum permission required to keep your browsing private, safe and transparent.