From Wikipedia, the free encyclopedia
David Hasselhoff (folút: David Michael Hasselhoff en ek bekend as "The Hoff"; Baltimore, 17 july 1952) is in Amerikaansk akteur, sjonger, filmprodusint en ûndernimmer dy't it wrâldrekôr fêstige as de meast (be)sjoene man op 'e tillefyzje. Hy rekke yn 'e 1970-er jierren yn 'e Feriene Steaten bekend troch syn rol as dokter Snapper Foster yn 'e soapsearje The Young and the Restless. Ynternasjonaal briek er yn 'e 1980-er jierren troch mei syn rol as Michael Knight yn 'e aksje- en science fiction-searje Knight Rider. In like bekende rol hied er yn 'e 1990-er jierren as strânwacht Mitch Buchannon yn 'e aksjedramasearje Baywatch. Hasselhoff spile yn in grut tal oare tillefyzjesearjes en tillefyzjefilms, en wie ek te sjen yn films en realityprogramma's. Hy brûkte syn súkses as Michael Knight yn 'e jierren '80 om in karriêre as sjonger te begjinnen, dêr't er yn syn heitelân gjin súkses mei hie, mar yn it Dútske taalgebiet nammenste mear. Yn 2000 makke Hasselhoff syn debút op Broadway yn 'e musical Jekyll & Hyde; letter wied er ek yn oare musicals te sjen, wêrûnder Chicago en The Producers.
Hasselhoff waard yn 1952 berne yn Baltimore, yn 'e Amerikaanske steat Marylân, as de soan fan sakeman Joseph Vincent Hasselhoff en dy syn frou Dolores Therese Mullinex (of mooglik Mullinix), in húsfrou. Oan syn heitekant is er fan etnysk Dútsk komôf, wylst er fan memmekant Iersk en Ingelsk bloed hat. Hasselhoff waard roomsk grutbrocht, earst yn Jacksonville, yn it noarden fan 'e steat Floarida, en letter yn Atlanta, yn Georgia, dêr't er op 'e Marist School siet.
Hasselhoff makke mei sân jier syn akteardebút yn in opfiering op 'e legere skoalle fan 'e musical Peter Pan, en neitiid wie it altyd syn dream om in karriêre as musicalakteur op Broadway te hawwen. Yn 1970 slagge er foar syn eineksamens fan it fuortset ûnderwiis oan 'e Lyons Township High School yn La Grange (Illinois). Hy wie dêr lid fan it debatteam, foarsitter fan it skoalkoar, oanfierder fan it follybalteam en akteur fan it skoalletoaniel. Neitiid learde er earst fierder oan 'e Oakland Universiteit yn Rochester Hills (Michigan), foar't er mei in bachelorgraad yn teäterwittenskippen ôfstudearre oan it Kalifornysk Ynstitút foar de Keunsten (CIA) yn Santa Clarita.
Nei't er syn stúdzje ôfrûne hie, besocht Hasselhoff in karriêre as akteur op te bouwen. Earst lei er him ferskate jierren ta op toanielwurk, mar yn 1975 wist er de rol fan dokter Snapper Foster te bemachtigjen yn 'e soapsearje The Young and the Restless. Dêrmei krige er yn 'e Feriene Steaten syn earste bekendheid. Hy spile Snapper Foster sân jier lang, oant 1982, doe't The Young and the Restless in soad fan 'e oarspronklike personaazjes út 'e ferhaallinen skreau.
Underwilens hie Hasselhoff doe syn debút makke op it wite doek mei de rol fan Boner yn Revenge of the Cheerlearders (ek bekend as Caught with Their Pants Down). Dy film waard yn 1974 opnommen, noch foar't Hasselhoff yn The Young and the Restless kaam te spyljen, en hy naam de rol benammen oan om him ynskriuwe te kinnen by it Screen Actors Guild, it fakbûn fan filmakteurs. It wie sa'n minne film dat Hasselhoff derfan oertsjûge wie dat er nea útkomme soe, mar yn 1976 gied er dochs yn premiêre. Hasselhoff hie ek gastrollen yn tillefyzjesearjes as Semi-Tough en The Love Boat, en yn 1979 spile er yn 'e film Starcrash.
Yn 1982 waard Hasselhoff troch Brandon Tartikoff, de algemien direkteur fan it Amerikaanske tillefyzjenetwurk NBC, frege om 'e haadrol op him te nimmen yn 'e aksje- en science fiction-searje Knight Rider. Dêryn spile er Michael Knight, in man dy't misdriuwen oplost mei de help fan syn selsbewuste en pratende auto KITT. De searje rûn fjouwer seizoenen, oant 1986, en waard oeral op 'e wrâld útstjoerd. It betsjutte foar Hasselhoff de ynternasjonale trochbraak. Yn in fraachpetear omskreau Hasselhoff Knight Rider letter as "in fenomeen". Neffens him waard de searje sa populêr om't er "oer it rêden fan libbens gie, net oer it nimmen fan libbens […]." Dat syn tsjinspiler in auto wie, makke nei eigen sizzen it aktearjen foar him der net makliker op. Nettsjinsteande dat, of miskien wol dêrtroch, wûn er mei de rol fan Michael Knight yn 1983 in People's Choice Award yn 'e kategory populêrste akteur.
Yn 'e 1980-er jierren hie Hasselhoff fierders in gastrol (as himsels) yn in ôflevering fan 'e komeedzjesearje Diff'rent Strokes. Fierders spile er yn de films Witchery (1988) en Bail Out (1989), en in trijetal tillefyzjefilms. Om't Knight Rider him ûnbidige populêr makke hie yn Dútslân en Eastenryk, hied er yn 1988 ek rollen yn twa Dútsktalige films: Starke Zeiten en Zärtliche Chaoten II. Yn 1991 kroep Hasselhoff nochris yn 'e hûd fan Michael Knight foar de tillefyzjefilm Knight Rider 2000, dy't oarspronklik bedoeld wie as de pilotôflevering foar in ferfolchsearje op Knight Rider. Hoewol't de film goede sjochsifers behelle, besleat men dat projekt lykwols ôf te blazen.
Yn 1989 ferskynde Hasselhoff op 'e nij op 'e Amerikaanske tillefyzje op it netwurk NBC, diskear yn 'e rol fan Mitch Buchannon yn 'e aksjedramasearje Baywatch. Dy gie oer in team fan strânwachten dat libbens rêde oan 'e Kalifornyske kust, op it strân fan Malibu. De searje profitearre fan in heech 'wibelgehalte' fan kreaze jonge froulju yn badpak en bikiny. Yn 't earstoan die Baywatch it net bêst. De searje waard yn 1990 nei ien seizoen stopset omreden fan ôffallende sjochsifers yn kombinaasje mei it bankrot gean fan 'e produsearjende tillefyzjestudio. Om't se fûnen dat de searje potinsje hie, rjochten Hasselhoff en de filmprodusinten Michael Berk, Douglas Schwartz en Gregory J. Bonann doe mei-inoar The Baywatch Company op om in nij seizoen fan Baywatch op te nimmen. Dêr wie Hasselhoff behalven as haadrolspiler ek as útfierend produsint by belutsen.
It twadde seizoen fan Baywatch waard yn 1991-1992 yn syndikaasje op 'e Amerikaanske tillefyzje útstjoerd, en waard in grut súkses, sadat de searje fernijd wurde koe foar folgjende seizoenen. Dêrtroch koe Hasselhoff it earste seizoen weromkeapje fan NBC. De rol fan Mitch Buchannon koe nei ferrin fan tiid de populariteit fan 'Michael Knight' hast belykje. Uteinlik rûn Baywatch alve seizoenen, wêrfan de lêste beide ûnder de titel Baywatch: Hawaii, om't de searje doe omreden fan kostebesparring opnommen waard op it strân fan Honolulu, yn Hawaï. De searje waard folge troch krapoan in miljard sjoggers yn 140 lannen en territoaria. Tsjin 2001, doe't Baywatch definityf ophold, hie Hasselhoff in persoanlik fermogen dat rûsd waard op mear as $100 miljoen. Fan Hasselhoff syn tsjinspilers wist benammen Pamela Anderson har namme mei Baywatch te fêstigjen. Ek Erika Eleniak, Yasmine Bleeth, Nicole Eggert, Traci Bingham en Donna D'Errico waarden bekend troch de searje, wylst Carmen Electra har karriêre mei in rol yn Baywatch in nije ympuls joech.
Fan Baywatch waarden trije tillefyzjefilms makke, allegear mei Hasselhoff yn 'e haadrol. Dat wiene Baywatch: Forbidden Paradise út 1995, Baywatch: White Thunder at Glacier Bay, út 1998, en Baywatch: Hawaiian Wedding, in reünyfilm dy't yn 2003, twa jier nei de ein fan 'e searje, makke waard. Fierders hie Baywatch ek in spin-offsearje yn 'e foarm fan 'e misdiesearje Baywatch Nights, dy't rûn fan 1995 oant 1997 en dêr't Hasselhoff ek de haadrol yn fertolke. Yn 'e twadde helte fan 'e 1990-er jierren wie Hasselhoff fierders te sjen as superheld Nick Fury yn 'e tillefyzjefilm Nick Fury: Agent of S.H.I.E.L.D., en ek spile er yn films as Dear God (1996), Legacy (1998) en The Big Tease (1999). Foar Legacy song Hasselhoff ek de intro yn in duët mei de Filipynske sjongster Regine Velasquez. Yn 1996 krige er syn eigen stjer op 'e Hollywood Walk of Fame.
Yn 2000 makke Hasselhoff syn debút op Broadway, mei de titelrol as dokter Henry Jekyll en Edward Hyde yn 'e musicalferzje fan Jekyll & Hyde. Fan mids july 2004 ôf spile er yn Londen in fearnsjier de haadrol yn 'e musical Chicago. Yn 2006 en 2007 hied er yn Las Vegas yn 'e musical The Producers de rol fan Roger DeBris. Fierders gie Hasselhoff fan 2010 oant en mei 2017 op toernee troch it Feriene Keninkryk mei de rol fan Kaptein Heak yn 'e musical Peter Pan, dy't yn 2010-2011 yn Londen opfierd waard, yn 2011-2012 yn Bristol, yn 2012-2013 yn Manchester, yn 2013-2014 yn Nottingham, yn 2014-2015 wer yn Londen, yn 2015-2016 yn Glasgow en yn 2016-2017 yn Cardiff. Ein 2015 spile er yn Blackpool ek yn 'e musical Last Night a DJ Saved My Life. En fan desimber 2019 oant febrewaris 2020 wied er yn Londen mei û.m. Dolly Parton te sjen yn 9 to 5: The Musical.
Hasselhoff hat himsels ferskate kearen yn films parodiëarre. Sa hied er as stimakteur in rol yn The SpongeBob SquarePants Movie, dy't yn 2004 útkaam. Dêryn spile er himsels, hoewol mei it uterlik fan syn rol yn Baywatch. Ek wurke er mei oan Dodgeball: A True Underdog Story, wêryn't er de trainer fan it Dútske nasjonale trefbalteam spile, wêrfan't er de leden nei in ferlerne wedstryd ôfbekt mei de wurden "Ihr seid alle Schweine!", wêrnei't er in foto fan himsels yn syn Baywatch-unifoarm stikken slacht. Yn 'e fideoklip fan syn nûmer Jump in My Car naam er himsels yn syn alter ego as Michael Knight op 'e hak, mei't er dêryn in auto hat dy't in eksakte replika is fan KITT út 'e Knight Rider-searje.
Nei 2000 hie Hasselhoff gastrollen yn tillefyzjesearjes as Still Standing, Just Shoot Me! en Sons of Anarchy. Yn 2006 spile er yn 'e film Click de walchlike baas fan haadpersoan Adam Sandler. Hy spile himsels wer yn 'e komeedzjefilm Kickin' It Old Skool, út 2007. Yn 2008 hied er in cameo yn 'e film Knight Rider 2008, dy't basearre wie op syn searje Knight Rider, en yn 2017 hied er in lyts roltsje yn 'e film Baywatch, basearre op syn searje Baywatch, as de mentor fan Mitch Buchannon (spile troch Dwayne Johnson). Yn 2010 kroep Hasselhoff nei krapoan tritich jier nochris op 'e nij yn 'e hûd fan it personaazje Snapper Foster, foar in gastrol yn 'e soapsearje The Young and the Restless. Datselde jiers wurke er mei oan The Comedy Central Roast of David Hasselhoff, wêryn't er wiidweidich op 'e hak nommen waard troch de oanwêzige komiken.
Yn 2015-2016 wie Hasselhoff in seizoen lang te sjen op it Britske tillefyzjekanaal Dave mei de ymprovisaasjekomeedzjesearje Hoff the Record. Hasselhoff spile yn 2015 ek yn 'e aksjekomeedzje Sharknado 3: Oh Hell No! as kolonel Gilbert Shepard, in rol dy't er nochris werhelle yn Sharknado: The 4th Awakens, út 2016. Yn 2017 wied er te sjen as 'de Foarm fan David Hasselhoff' yn 'e superheldefilm Guardians of the Galaxy Vol. 2. Foar dy film song er ek it liet Guardians Inferno, dat oer de ôftiteling hinne ôfspile wurdt.
Hasselhoff sette yn 'e 1980-er jierren útein mei in wurkpaad as sjonger. Yn dy hoedanichheid hied er net folle súkses yn 'e Feriene Steaten, dêr't mar frijwat smeulsk op syn sjongen reägearre waard, mar nammenste mear yn 'e Dútske taalgebiet, dêr't fjouwer fan syn albums yn Eastenryk en ien yn Switserlân it earste plak yn 'e albumlisten berikten.
Yn 1988 en 1989 hie Hasselhoff syn grutste súkses as sjonger mei de hit Looking for Freedom, dy't it earste plak yn 'e hitlisten berikte yn sawol Dútslân, Eastenryk as Switserlân. Op âldjiersjûn 1989 joech er foar in útsinnige mannichte fans in optreden yn West-Berlyn by de Brandenburger Tor, fuort njonken de Berlynske Muorre, dêr't er dat liet song, wêrfan't de titel oerset wurde kin as "Op 'e Siik nei Frijheid". Dêrmei hied er in duorjende ynfloed op 'e Dútske popkultuer. Oare súksesfolle nûmers fan Hasselhoff wiene Do the Limbo Dance, út 1991 (nû. 1 yn Eastenryk), en Jump in My Car, út 2006 (nû. 3 yn it Feriene Keninkryk).
Yn augustus 2001 presintearre Hasselhoff in barren yn 'e Conga Room yn Los Angeles, ta eare fan 'e Latino-band Renegade, dy't wrâldwiid mear as 30 miljoen cd's ferkocht hie. Hasselhoff trede dêr ek op mei dy rockband en song dêrby yn it Spaansk. Yn 2011 blaasde er syn sjongkarriêre nij libben yn mei in koart toernee troch Dútslân, Eastenryk en Switserlân. Op âldjiersjûn 2015 fersoarge er wer in optreden by de Brandenburger Tor, mar arrivearre dêr te let om't syn fleantúch útwike moatten hie nei Hannover.
Fan 2006 oant 2009 wie Hasselhoff fjouwer seizoenen lang ien fan 'e sjueryleden by de talintejacht America's Got Talent, yn 'e mande mei Sharon Osbourne en Piers Morgan. Foar it fyfde seizoen waard er ferfongen troch Howie Mandel. Yn 2010 wie Hasselhoff ien fan 'e dielnimmers oan 'e Amerikaanske edysje fan it realityprogramma Dancing with the Stars. Hy waard keppele oan Kym Johnson, mar hja waarden as earste dûnspearke út 'e kompetysje eliminearre.
Yn 2010 wiene Hasselhoff en syn dochters Taylor Ann en Hayley ek te sjen yn 'e realitysearje The Hasselhoffs. Dêryn waard Hasselhoff syn krewearjen folge om syn karriêre nij libben yn te blazen en om tagelyk as kroade te fungearjen foar de karriêres fan syn dochters. It programma waard lykwols nei twa ôfleverings al stopset, hoewol't it folsleine earste seizoen yn 2011 yn it Feriene Keninkryk op 'e tillefyzjestjoerder Bio. te sjen wie.
Yn 2011 fungearre Hasselhoff as gastsjuerylid yn 'e Belgyske talintejacht Idols, en datselde jiers wied er ek foar ien seizoen sjuerlid yn 'e Britske talintejacht Britain's Got Talent, yn 'e mande mei Amanda Holden, Michael McIntyre en Simon Cowell. Yn febrewaris 2014 hie Hasselhoff tsien wiken efterinoar in (Ingelsktalich) praatprogramma op 'e Sweedske stjoerder TV3, en fan april 2015 ôf presintearre er op 'e Finske tillefyzje it (Ingelsktalige) praatprogramma de David Hasselhoff Show.
Fierders jout Hasselhoff ek taspraken en lêzings op it mêd fan motivaasje. Sa spriek er yn jannewaris 2014 in publyk fan hûnderten studinten ta op it New College Nottingham yn it Ingelske Nottingham. Yn april 2019 spriek er tûzenen besikers ta op 'e konvinsje TwitchCon Europe yn Berlyn.
Hasselhoff troude op 24 maart 1984 mei aktrise Catherine Hickland. Harren brulloft waard letter neispile yn 'e ôflevering The Scent of Roses, út seizoen 4 fan Knight Rider, dy't foar it earst op 'e Amerikaanske tillefyzje útstjoerd waard op 3 jannewaris 1986. It houlik einige lykwols op 1 maart 1989 yn in skieding.
Yn desimber 1989 wertroude Hasselhoff mei aktrise Pamela Bach. Mei har krige er twa dochters: Taylor Ann Hasselhoff (b. 5 maaie 1990), dy't studearre oan 'e Universiteit fan Arizona en letter yn 2015 te sjen wie yn 'e realitysearje Rich Kids of Beverly Hills, en aktrise Hayley Hasselhoff (b. 26 augustus 1992). Yn jannewaris 2006 makke Hasselhoff bekend dat hy en syn frou útinoar giene; de skieding kaam der yn augustus fan dat jier trochhinne. Bach krige de fâdij oer ien fan 'e beide dochters en Hasselhoff oer de oare, oant er letter fâd fan beide waard. Yn desimber 2010 wenne er mei syn beide dochters yn Súdlik Kalifornje.
Yn 2006 publisearre Hasselhoff syn autobiografy Making Waves. Yn maaie 2007 gie op it ynternet in fideo firaal wêryn't Hasselhoff thús te sjen wie yn in swier beskonken steat. It filmke bliek opnommen en mei opsetsin publisearre te wêzen troch syn dochter Taylor Ann, dy't har heit dêrmei wize woe op 'e gefolgen fan syn drankmisbrûk. Yn maaie 2009 omskreau Mel Goldsman, de abbekaat fan Hasselhoff, syn kliïnt as "in opbetterjend alkoholist."
Yn novimber 2015 sette Hasselhoff in filmke op YouTube dêr't er yn bekendmakke dat er syn efternamme feroare hie fan 'Hasselhoff' yn 'Hoff'. Letter die bliken dat dat net wier wie, mar dat it filmke ûnderdiel foarme fan in reklamekampanje.
Yn 2012, doe't er yn it Feriene Keninkryk op 'e planken stie yn 'e musical Peter Pan, begûn Hasselhoff in relaasje mei in Hayley Roberts út Glynneath, yn Wales. Hasselhoff, dy't in fan is fan rugby, besocht mei syn nije leafde geregeldwei rugbywedstriden. Op 31 july 2018 trouden se yn Itaalje.
Filmografy as akteur | |||
jier | titel | rol of funksje | opmerkings |
---|---|---|---|
tillefyzje | |||
1975-1982 | The Young and the Restless | dokter Snapper Foster | fêste rol |
1976 | Griffin and Phoenix: A Love Story | ? | |
1979 | Pleasure Cove | Scott | ûnferkochte pilotôflevering |
1980 | Semi-Tough | Shake Tiller | |
1981 | The Love Boat | Brian / Tom Bell | gastrol |
1982-1986 | Knight Rider | Michael Knight | haadrol |
1984 | Diff'rent Strokes | himsels | gastrol |
1984 | The Cartier Affair | Curt Taylor | tillefyzjefilm |
1985 | Bridge Across Time | Don Gregory | tillefyzjefilm |
1988 | Perry Mason: The Case of the Lady in the Lake | Bill Travis | tillefyzjefilm |
1989 | Fire and Rain | dokter Dan Meyer | tillefyzjefilm |
1989-2000 | Baywatch | Mitch Buchannon | haadrol; ek útfierend produsint; 1995-1997 ek senarioskriuwer; fan 1999 ôf hiet de searje Baywatch: Hawaii |
1991 | Knight Rider 2000 | Michael Knight | tillefyzjefilm (mislearre pilotôflevering) |
1992 | Ring of the Musketeers | John Smith D'Artagnan | tillefyzjefilm |
1993 | Avalanche | Duncan Snyder | tillefyzjefilm |
1995 | Baywatch: Forbidden Paradise | Mitch Buchannon | tillefyzjefilm; ek útfierend produsint |
1995-1997 | Baywatch Nights | Mitch Buchannon | haadrol; ek útfierend produsint |
1996 | Gridlock | Jake Gorsky | tillefyzjefilm |
1997 | Night Man | Katrina har assistint | pilotôflevering |
1998 | Nick Fury: Agent of S.H.I.E.L.D. | kolonel Nick Fury | tillefyzjefilm |
1998 | Baywatch: White Thunder at Glacier Bay | Mitch Buchannon | tillefyzjefilm; ek útfierend produsint |
2000 | One True Love | Mike Grant | tillefyzjefilm |
2000 | Whose Line Is It Anyway? | ? | gastrol, 1 ôfl. |
2001 | Shaka Zulu: The Citadel | Mungo Prentice | tillefyzjefilm |
2002 | Fear Factor | himsels | as dielnimmer oan in realityprogramma |
2002 | Just Shoot Me! | himsels | gastrol, 1 ôflevering |
2003 | Baywatch: Hawaiian Wedding | Mitch Buchannon | tillefyzjefilm; ek útfierend produsint |
2006 | Still Standing | Gary Maddox | |
2006 | Wildboyz | ? | gastrol |
2006-2009 | America's Got Talent | himsels | as sjuerylid |
2006-2012 | Robot Chicken | ferskaat | as stimakteur; 4 ôfleverings |
2008 | Knight Rider | Michael Knight | tillefyzjefilm |
2008 | Anaconda 3: Offspring | Stephen Hammett | tillefyzjefilm |
2009 | The Hoff: When Scott Came to Stay | himsels | realityprogramma |
2009 | Meet the Hasselhoffs | himsels | realityprogramma |
2010 | The Hasselhoffs | himsels | realityprogramma; ek produsint |
2010 | Dancing with the Stars | himsels | as dielnimmer oan in realityprogramma |
2010 | Celebrity Juice | himsels | realityprogramma |
2010 | The Comedy Central Roast of David Hasselhoff | himsels | roast |
2010 | The Young and the Restless | dokter Snapper Foster | gastrol |
2011 | It's Chris | voice-over | |
2011 | Britain's Got Talent | himsels | as sjuerylid |
2011 | Piers Morgan's Life Stories | himsels | dokumintêre |
2011 | Big Brother | himsels | cameo yn in realityprogramma |
2011 | Same Name | himsels | realityprogramma |
2011 | Chris Moyles' Quiz Night | himsels | as steller fan in fraach yn in tillefyzjekwis |
2011 | Ask Rhod Gilbert | 'The Authenticator' | tillefyzjekwis, 1 ôflevering |
2011 | Idols | himsels | gastsjuerylid; Belgysk realityprogramma |
2011 | Never Mind the Buzzcocks | himsels | kwismaster |
2011 | Sons of Anarchy | Dondo Elgarian | gastrol |
2012 | The Christmas Consultant | Owen | tillefyzjefilm |
2012 | The Magicians | ? | gastrol, 1 ôflevering |
2012 | The Celebrity Apprentice Australia | himsels | Australysk realityprogramma |
2013 | Promi Big Brother | himsels | Dútsk realityprogramma |
2014 | Newsreaders | himsels | gastrol, 3 ôfleverings |
2014 | David Hasselhoff Show | himsels | presintator fan in Sweedsk praatprogramma |
2015-2016 | Hoff the Record | ferskaat | ymprovisaasjetillefyzjesearje; ek senarioskriuwer |
2015 | David Hasselhoff Show | himsels | presintator fan in Finsk praatprogramma |
2017 | The Grand Tour | himsels | dielnimmer oan it ûnderdiel Celebrity Face Off |
2019 | SpongeBob SquarePants | himsels | ôfl. SpongeBob's Big Birthday Blowout |
films | |||
1975 | The Lion Roars Again | n.f.t. | as kostúmmodel; koart promoasjefilmke foar MGM |
1976 | Revenge of the Cheerleaders | Boner | ek bekend as Caught With Their Pants Down |
1979 | Starcrash | prins Simon | |
1988 | Starke Zeiten | David | Dútsktalich |
1988 | Zärtliche Chaoten II | Michael Trutz von Rhein | Dútsktalich |
1988 | Witchery | Gary | |
1989 | Bail Out | Roger "White Bread" Donaldson | ek bekend as W.B., Blue and the Bean; ek produsint |
1990 | The Final Alliance | Will Colton | |
1992 | The Bulkin Trail | Michael Bulkin | koarte film |
1996 | Dear God | himsels | |
1998 | Legacy | Jack Scott | |
1999 | The Big Tease | himsels | |
2000 | The Target Shoots First | himsels | |
2000 | Welcome to Hollywood | himsels | |
2002 | The New Guy | himsels | |
2003 | Fugitives Run | Clint | |
2004 | DodgeBall: A True Underdog Story | himsels | |
2004 | A Dirty Shame | himsels | cameo |
2004 | The SpongeBob SquarePants Movie | himsels | as stimakteur |
2006 | Click | John Ammer | |
2007 | Kickin' It Old Skool | himsels | |
2010 | Dancing Ninja | Ansel LaDouche / Ansel syn mem | |
2011 | Hop | himsels | |
2012 | Piranha 3DD | himsels | |
2012 | Keith Lemon: The Film | himsels | |
2014 | Stretch | himsels | |
2015 | Alleluia! The Devil's Carnival | de ûntwerper | song foar de soundtrack ek it liet Only by Design |
2015 | Sharknado 3: Oh Hell No! | kolonel Gilbert Shepard | |
2015 | Kung Fury | Hoff 9000 | as stimakteur; koarte film |
2016 | Sharknado: The 4th Awakens | kolonel Gilbert Shepard | |
2017 | Guardians of the Galaxy Vol. 2 | de Foarm fan David Hasselhoff | cameo |
2017 | Baywatch | de mentor | |
2017 | Killing Hasselhoff | himsels | ek produsint |
noch net út | Kung Fury 2 | Hoff 9000 | as stimakteur |
fideospultsjes | |||
2008 | Pain | himsels | as stimakteur |
2008 | Command & Conquer: Red Alert 3 | de fise-presidint | as stimakteur |
2008 | Call of Duty: Infinite Warfare | himsels / N31L | as stimakteur |
jier | titel | resultaat |
---|---|---|
1985 | Night Rocker | Eastenryk: nr. 1 |
1987 | Lovin' Feelings | |
1989 | Looking for Freedom | Switserlân: nr. 3 |
1990 | Crazy for You | Eastenryk: nr. 1 Switserlân: nr. 1 |
1991 | David | Eastenryk: nr. 1 |
1992 | Everybody Sunshine | |
1993 | You Are Everything | |
1994 | Du | |
1997 | Hooked on a Feeling | |
2004 | David Hasselhoff Sings America | |
The Night Before Christmas | ||
2011 | A Real Good Feeling | Eastenryk: nr. 3 |
2012 | This Time Around | |
2019 | Open Your Eyes | |
jier | titel | resultaat |
---|---|---|
1989 | Knight Lover | |
1994 | Crazy for You | |
1995 | David Hasselhoff | |
Is Everybody Happy? | ||
For You | ||
Looking for... the Best | ||
1999 | Watch Out for Hasselhoff | |
2002 | The Very Best of David Hasselhoff | |
2004 | Greatest Hits | |
2009 | Das Allerbeste | |
2011 | Feeling So High | |
2013 | Looking for Freedom - Das Beste! | |
jier | titel | resultaat |
---|---|---|
1983 | I Get the Message | |
1985 | Do You Love Me? | |
1987 | Life Is Mostly Beautiful with You | |
Night Rocker | ||
1988 | Looking for Freedom | Dútslân: nr. 1 Eastenryk: nr. 1 Switserlân: nr. 1 |
1989 | Is Everybody Happy? | |
Our First Night Together | ||
Song of the Night | ||
Flying on the Wings of Tenderness | ||
Torero – Te Quiero | ||
Lonely Is the Night | ||
1990 | Freedom for the World | |
Crazy for You | ||
Let's Dance Tonight | ||
Je T'Aime Means I Love You | ||
1991 | Do the Limbo Dance | Eastenryk: nr. 1 |
Gipsy Girl | ||
Hands Up for Rock 'n' Roll | ||
Casablanca | ||
1992 | Everybody Sunshine | |
The Girl Forever | ||
Darling I Love You | ||
1993 | Dance Dance d'Amour | |
If I Could Only Say Goodbye | ||
Wir zwei allein (duët mei Gwen) | ||
Pingu Dance | ||
1994 | The Best Is Yet to Come | |
Summer of Love | ||
Du | ||
Au Ciel, Une Etoile (duët mei Nadège) | ||
1995 | I Believe (duët mei Laura Branigan) | |
1996 | Hooked on a Feeling | |
1997 | Hold On, My Love | |
More Than Words Can Say | ||
2004 | City of New Orleans | |
Please Come Home for Christmas | ||
2005 | Limbo Dance (mei DJ Ostkurve) | |
2006 | Jump in My Car | Feriene Keninkryk: nr. 3 |
2007 | As I Am (duët mei Patricia Lewis) | |
2011 | It's a Real Good Feeling | |
California Girl | ||
2013 | Am I Ever Gonna See Your Face Again? | |
2015 | True Survivor | |
2017 | The Song of Summer (mei Seven Bucks, Logan Paul en Desiigner) | |
Guardians Inferno | ||
2019 | (You Made the) Summer Go Away (mei Blümchen) | |
Open Your Eyes | ||
Seamless Wikipedia browsing. On steroids.
Every time you click a link to Wikipedia, Wiktionary or Wikiquote in your browser's search results, it will show the modern Wikiwand interface.
Wikiwand extension is a five stars, simple, with minimum permission required to keep your browsing private, safe and transparent.