From Wikipedia, the free encyclopedia
Guardians of the Galaxy Vol. 2 ("Vol." is koart foar "Volume") is in Amerikaanske science fiction-superheldefilm út 2017 ûnder rezjy fan James Gunn. De haadrollen waarden fertolke troch Chris Pratt, Zoe Saldaña, Bradley Cooper, Dave Bautista en Vin Diesel, mei Karen Gillan, Michael Rooker en Kurt Russell yn 'e wichtichste byrollen. De titel betsjut "Beskermers fan it Stjerrestelsel Diel 2". De film is basearre op it team fan superhelden mei deselde namme. De plot folget in groepke bûtenierdske kriminelen dy't freonen wurden binne by harren aventoeren yn it Stjerrestelsel. Peter Quill moetet foar it earst fan syn libben syn biologyske heit, dy't in god blykt te wêzen. De grienhûdige Gamora wrakselet mei har groeiende leafde foar Quill. De genetysk manipulearre waskbear Rocket komt yn 'e swierrichheden troch in ûnnedich staaltsje dieverij. En Quill syn eardere mentor Yondu Udonta kriget te meitsjen mei rebûlje ûnder syn bemanning.
Guardians of the Galaxy Vol. 2 | ||
film | ||
(Filmposter yn 'e Ingelske Wikipedy) | ||
makkers | ||
regisseur | James Gunn | |
produsint | Kevin Feige | |
senario | James Gunn | |
basearre op | Guardians of the Galaxy fan Dan Abnett en Andy Lanning | |
kamerarezjy | Henry Braham | |
muzyk | Tyler Bates | |
filmstudio | Marvel Studios | |
distribúsje | Walt Disney Studios Motion Pictures | |
spilers | ||
haadrollen | Chris Pratt Zoe Saldaña Bradley Cooper Dave Bautista Vin Diesel | |
byrollen | Karen Gillan Michael Rooker Kurt Russell Pom Klementieff Chris Sullivan | |
skaaimerken | ||
lân/lannen | Feriene Steaten | |
premiêre | 10 april 2017 | |
foarm | langspylfilm | |
sjenre | science fiction-superheldefilm | |
taal | Ingelsk | |
spyltiid | 137 minuten | |
budget en resultaten | ||
budget | $200 miljoen | |
opbringst | $863,8 miljoen | |
prizen | 1 × Saturn Award | |
filmsearje | ||
filmsearje | Marvel Cinematic Universe | |
● foarich diel | Doctor Strange | |
● folgjend diel | Spider-Man: Homecoming |
Guardians of the Galaxy Vol. 2 krige oer it algemien positive resinsjes fan 'e filmkritisy en wie yn 'e bioskopen in grut kommersjeel súkses. De film waard nominearre foar in Oscar, in Grammy en trije Saturn Awards, en wûn ien Saturn. Guardians of the Galaxy Vol. 2 makket diel út fan 'e Marvel Cinematic Universe-filmsearje en folget dêryn op Doctor Strange, út 2016. Sels wurdt de film folge troch Spider-Man: Homecoming, út 2017. Yn syn eigen ferhaalline is Guardians of the Galaxy Vol. 2 lykwols it direkte ferfolch op Guardians of the Galaxy, út 2014. In twadde ferfolchfilm, Guardians of the Galaxy Vol. 3, kaam út yn 2023.
Nei't se it Novaryk fan 'e genoside troch Ronan de Beskuldiger rêden hawwe (sjoch: Guardians of the Galaxy), steane de Ierdling Peter Quill, de grienhûdige Gamora, de genetysk manipulearre waskbear Rocket, Drax de Ferneatiger en de stek fan it beameftige bûtenierdske wêzen Groot rûnom bekend as de Guardians of the Galaxy. Se wurde ynhierd troch Ayesha, de hegepreesteresse fan 'e Soevereinen, in ras fan genetysk manipulearre humanoïde wêzens dy't goudkleurich en perfekt binne en dêrom harren eigen libbens net weagje kinne. Sadwaande moatte Quill-en-dy dat dwaan om weardefolle batterijen te beskermjen tsjin 'e Abilisk, in ynterdiminsjonaal bûtenierdsk meunster. Wannear't se it meunster deade hawwe, krije se de beleanning dy't se yn 't foar oerienkommen wiene: Gamora har fan har ferfrjemde pleechsuster Nebula, dy't earder troch de Soevereinen finzen nommen wie doe't se de batterijen besocht te stellen. It is Gamora har bedoeling (seit se) om 'e preemje te ynkassearjen dy't op Nebula har holle stiet.
Nei't Rocket yn in ûnnedige die fan klearebare baldiedigens sels in stikmannich fan 'e batterijen stelt, krije de Guardians de hiele Soevereine romtemacht efter harren oan. Dy bestiet folslein út ûnbemanne, fan op ôfstân bestjoerde drones, mei't de Soevereinen harsels ek no te wichtich achtsje om harren libben te weagjen. Troch rûzje tusken Quill en Rocket rekket de Milano, it romteskip fan 'e Guardians, slim skansearre by it trochkrusen fan in asteroïdefjild, mei as gefolch dat se troch de Soevereine float ynsletten wurde. Rêding komt lykwols fan in ûnbekende, mysterieuze persoan yn aaifoarmich wyt romteskip, dy't sûnder swierrichheden de hiele Soevereine float ferneatiget. De Guardians ûntkomme fia de hyperromte nei de ûnbewenne planeet Berhart, dêr't se in needlâning meitsje moatte dy't de Milano noch fierder skansearret. It aaifoarmige romteskip folget harren dêrhinne, en harren rêder makket himsels bekend as Ego, de biologyske heit fan Quill. Hy nûget syn soan en dy syn freonen út om syn thúsplaneet te besykjen, dat Quill, Gamora en Drax sette mei him ôf, wylst Rocket mei de jonge Groot efterbliuwt om 'e Milano te reparearjen en Nebula te bewekjen.
Tink derom: Yn de tekst hjirûnder wurdt de ôfrin fan de film beskreaun. As jo de film sels sjen wolle, is it mooglik better dat jo it no folgjende diel fan 'e plotbeskriuwing (earst noch) net lêze. |
Underwilens bejout hegepreesteresse Ayesha fan 'e Soevereinen, dy't op wraak sint, har nei de planeet Contraxia, dêr't se Quill syn âlde mentor Yondu Udonta en syn bemanning fan Teheisterders ynhiert om 'e Guardians te finen, te fangen en oan har oer te leverjen. Udonta-en-dy binne fjirtich jier lyn of dêromtrint troch Stakar Ogord, de heechste lieder fan 'e Teheisterders, út 'e bredere mienskip fan 'e Teheisterders ferballe om't se har skuldich makke hiene oan bernehannel. Wannear't Udonta (dy't Quill grutbrocht hat) syn plan bekendmakket om 'e Soevereinen te ferrieden en Quill gewurde te litten, liedt dat ta ûntefredenens ûnder in diel fan syn bemanning. Udonta-en-dy bejouwe har nei Berhart, dêr't se, mei grutte muoite, Rocket en Groot finzen nimme. Udonta hâldt fêst oan it plan dat er earder op 't aljemint brocht hat, mar syn trouste ûnderbefelfierder, Kraglin Obfonteri, stelt de objektiviteit fan Udonta yn ferhâlding ta Quill yn 'e kiif. Dat jout Taserface, de foaroanman fan 'e malkontinten, de iepening dêr't er ferlet fan hat om in rebûlje tsjin Udonta te begjinnen, dêrby holpen troch de frijkommen Nebula. Nei't de 'hollefin' fan Udonta fernield is, it ymplantaat op syn holle dêr't er syn selsbewegende pylk mei bestjoerd, wurde Rocket, Groot en Udonta finzen set yn Udonta syn romteskip, de Eclector. Taserface-en-dy fermoardzje de loyalisten ûnder de bemanning troch se út in luchtslûs it fakuum fan 'e romte yn te smiten.
Nei't Nebula Taserface goed yndruid hat dat er Rocket en Groot net fermoardzje mei om't sy 10% ferwachtet fan 'e preemjes dy't hegepreesteresse Ayesha harren op 'e holle pleatst hat, set se ôf om Gamora te sykjen. Se hatet har pleechsuster en wol har fermoardzje om't se har der de skuld fan jout dat sysels troch harren pleechheit Thanos martele is en stadichoan feroare yn in cyborg om't se de gefjochten mei Gamora altyd ferlear doe't se allebeide noch famkes wiene. Rocket en Udonta beslute de lapen gear te smiten en besykje de lytse Groot, dy't yn 'e Eclector frij omrinne kin om't er as ûnskealik beskôge wurdt, safier te krijen dat dy harren helpt om te ûntsnappen. Dat giet muoisum, mar lang om let wurde se befrijd troch Kraglin, dy't wroeging hat om't er nea de bedoeling hie om in rebûlje te begjinnen, dêr't boppedat al syn freonen by fermoarde binne. Mei in reserve-hollefin, dy't Udonta de kontrôle oer syn selsbewegende pylk weromjout, weve Rocket-en-dy handich ôf mei de rebellen. It slagget Taserface lykwols om, foar't er stjert, kontakt op te nimmen mei Ayesha, oan wa't er de posysje fan Udonta syn skip trochjout. Rocket, Udonta, Groot en Kraglin sette ôf nei de planeet fan Ego om Quill en de oaren te rêden, mei't Udonta wit dat Ego sljochtsinnich is.
Oankommen op 'e planeet fan Ego docht bliken dat Ego in "himelling" is, in god-eftich wêzen, dy't nei eigen sizzen oer in perioade fan miljoenen jierren leard hat en manipulearje de matearje om syn bewustwêzen hinne ta de foarming fan syn "thúsplaneet". Mei oare wurden: hy is de planeet, en it humanoïde wêzen dêr't Quill en de oaren kontakt mei hawwe, is mar in soarte fan avataar dêr't Ego tydlik syn bewustwêzen yn pleatst hat. Gamora, dy't blyk jout fan gefoelens foar Quill, kriget al rillegau it idee dat der wat mis is mei de hiele boel, mar Quill hat der syn hiele libben nei lange om in heit te hawwen en wol net harkje nei har warskôgings. Ego leit oan Quill út dat er yn syn humanoïde foarm it hiele hielal bereizge hat om in doel foar syn bestean te finen en dat er by in besyk oan 'e Ierde fereale rekke op Quill syn mem Meredith. Nei't Meredith kommen wie te ferstjerren oan in harsentumor, hierde Ego Udonta en syn Teheisterders yn om Quill fan 'e Ierde te ûntfieren en by him te bringen. Udonta ferrette him lykwols troch Quill ynstee by him te hâlden. Ego hat al dy jierren nei him op 'e siik west. Fan Ego leart Quill om syn oanberne krêften as himeling te brûken troch matearje en enerzjy te manipulearjen.
Underwilens arrivearret Nebula op 'e planeet fan Ego, dêr't se fuortendaliks úteinset mei har besykjen om Gamora te fermoardzjen. Gamora flechtet in grot yn en Nebula lit har romteskip yn 'e grot delstoarte om har út 'e ljochten te helpen. Gamora oerlibbet dat lykwols, wylst Nebula fêst komt te sitten yn it wrak fan it tastel. Gamora nimt it wrak ûnder fjoer, dat it yn 'e brân fljocht, mar as se sjocht dat Nebula der net út kin, weaget se har eigen libben om har suster te rêden. Neitiid falt Nebula har fannijs oan, mar as se Gamora yn it nau hat en har deadzje kin, blykt dat se it net trochsette kin. De susters berikke in ûnnoflike wapenstilstân. Wannear't se it har einlings oan tiid dogge en sjoch om har hinne, docht bliken dat de grot fol leit mei de skeletten fan ûntelbere wêzens fan alderhanne rassen. As se wer by Drax komme, docht bliken dat Mantis, de assistinte fan Ego en it iennichste oare libbene wêzen op Ego syn planeet, ûnderwilens oan him opbychte hat wat der geande is: de skeletten dy't Gamora en Nebula fûn hawwe, binne fan 'e bern fan Ego.
Ego fertelt Quill dat er op syn reizen kymplantsjes fan himsels op withoefolle planeten oanplante hat. Hy hat nammentlik beseft dat syn libbensdoel, dêr't er sa lang nei socht hat, is om alle wrâlden yn it hielal te terrafoarmjen sadat se mear fan himsels wurde. Dat dêrfoar alle oare libben yn it hielal stjerre moat, fynt er gjin inkeld beswier. Hy hat Quill wilens al sa yn syn macht krigen dat dy dêr ek neat tsjin ynleit. Ego is lykwols by syn plan in probleem tsjinkommen: de macht fan ien himeling is te min om alle kymplantsjes te aktivearjen, mar twa gearwurkjende himelingen soene it oprêde kinne. Dêrom hied er seksuele omgong mei froulike wêzens fan alderhanne rassen op withoefolle wrâlden om bern oan te setten, yn 'e hope dat ien dêrfan syn macht as himeling oerervje soe. Hy naam Udonta yn 'e earm om al dy bern nei syn thúsplaneet te bringen, dêr't er harren fermoarde sadree't er fêststelde dat se net oer syn krêften beskikten.
Hoewol't Quill alhiel ûnder de ynfloed fan Ego is, sit ien ding him noch altyd dwers: wêrom hat Ego syn mem Meredith yn 'e steek litten as er sa fereale op har wie? Ego antwurdet dat er alle oare wrâlden mar ien kear besocht hat, mar de Ierde trije kear om't er sa fan Meredith hold. Hy wist dat er, as er noch in fjirde kear gean soe, syn libbensdoel ferjitte en by har bliuwe soe. Dêrom plante er mei pine yn it hert de turmor yn har harsens om har te deadzjen foar't dat barre koe. Wannear't Quill dat heart en beseft dat Ego syn mem fermoarde hat, wurdt er troch alles hinne mâl. Hy ûntlûkt him oan 'e ynfloed fan Ego en falt him oan, mar Ego weeft handich mei him ôf. Hy seit dat er wol op parasitêre wize fan Quill syn krêften gebrûk meitsje sil as Quill net meiwurkje wol. Hy begjint de kymplantsjes te aktivearjen, dy't dêrop eltse wrâld dêr't se op plante binne, begjinne te ferwoastgjen.
Rocket-en-dy arrivearje by de planeet fan Ego, dêr't se Ego ferpletterje troch boppe op him te lânjen. Dat keart in skoftke tsjin dat er syn 'libbensdoel' fierder útfiere kin, mar Mantis warskôget dat it net lang duorje sil foar't er in nije avataar skepen hat. De weriene Guardians beslute dat se Ego deadzje moatte om him tsjin te hâlden, en Mantis fertelt harren dat se dat dwaan kinne troch syn harsens te ferneatigjen, dy't de kearn fan syn planeet foarmje. Dat, de Guardians reizgje mei Mantis, Nebula en Udonta yn in âld mynwurkersfartúch nei it binnenste fan 'e planeet. Underweis leit Udonta oan Quill út dat er him as jonge by him holden hat om't er ûntdutsen hie hoe't it ôftriedde wie mei Ego syn oare bern. Underwilens arrivearret der in nije Soevereinske dronefloat by de planeet fan Ego, dy't it mynwurkersfartúch fan Udonta nei it binnenste fan 'e planeet folget. Wylst Mantis mei har empatyske krêften Ego yn 'e sliep hâldt en Quill, Gamora, Nebula, Drax en Udonta it opnimme tsjin 'e Soevereinen, bout Rocket in bom fan 'e stellen Soevereinske batterijen, wêrmei't er de lytse Groot troch de minuskule iepenings stjoert dy't nei de planeetkearn liede.
Udonta en Nebula brûke Nebula har cyborg-lichemsdielen om 'e útskeakele laserwapens fan it mynwurkersfartúch oan te driuwen, wat de organyske dielen fan Nebula ûnder stroom set. Mar mei de reäktivearre wapens slagget it Udonta en skeakelje de hiele Soevereine float út. Wannear't Mantis bewusteleas rekket trochdat se troch in brokstik fan in Soeverein dronewrak rekke wurdt, komt Ego wer by besleur. Quill befjochtet him mei syn nijwûne krêften as himeling om 'e oaren tiid te jaan de bom te pleatsen en út te piken. Drax evakuëarret de bewusteleaze Mantis, wylst Gamora en Nebula gearwurkje moatte om nei it oerflak fan 'e planeet te ûntkommen, dêr't Kraglin wachtet oan board fan 'e Eclector. Groot pleatst de bom en foeget him wer by Rocket. Udonta bliuwt efter om Quill te rêden, wylst Rocket en Groot krekt op 'e tiid it romteskip berikke. As se sjocht dat Quill net by harren is, risselwearret Gamora en gean om him werom, mar Rocket skeakelet har út mei in stroomstjitwapen, sizzend dat er mar ien freon per dei ferlieze kin.
Ego besiket noch ienris om Quill oer te heljen en smyt mei him de lapen gear, troch te sizzen dat er syn boppeminsklike krêften ferlieze sil as Ego stjert. Mar dat kin Quill neat skele. As de bom ûntploft, komt Ego om en desyntegrearret sawol syn avataar as syn planeet. Udonta offeret himsels op om it libben fan Quill te rêden, troch him it iennichste romtepak te jaan dat er hat. Foar't er omkomt yn it fakuum fan 'e romte, fertelt er Quill dat er him as syn soan sjocht en dat er grutsk is op 'e man dy't er wurden is. Quill beseft dan ynienen dat er wol deeglik in heit hân hat.
Nei't Quill en it stoflik omskot fan Udonta oan board fan 'e Eclector helle binne, beslút Nebula har eigen paad te gean, ek al hat se har no fermoedsoene mei Gamora. Se fielt lykwols in tebaarnende hate foar har pleechheit Thanos en swart dat se in manear fine sil om him te deadzjen. De Guardians hâlde in útfeartseremoanje foar Yondu Udonta, dy't einiget mei syn kremaasje en ferstruiïng fan 'e gloedzjende jiske yn 'e romte. Kraglin is de wrâld te ryk as in grut tal romteskippen fan 'e Teheisterders foar de seremoanje opdaagjen komme, dy't troch Rocket warskôge binne. Nettsjinsteande de ferballing fan Udonta út harren fermidden foar bernehannel, hat it tsjûgenis fan Rocket Stakar Ogord en de oare lieders fan 'e Teheisterders derta brocht om him te ferjaan. Gamora jout einlings en te'n lêsten ta dat se fan Quill hâldt, en sy beiden begjinne in relaasje.
Healwei de ôftiteling folgje noch inkele sênes. Kraglin, dy't fan Quill de selsfleanende pylk fan Udonta krigen hat, oefenet mei dat wapen mar pykt stilwei út nei't er by fersin Drax trochboarre hat. Stakar Ogord wurdt weriene mei syn âlde teamgenoaten. Hegepreesteresse Ayesha fan 'e Soevereinen kreëarret Adam, in nij keunstmjittich wêzen, dat foar har de Guardians deadzje moat. Groot groeit fan in stekje oant in healwoeksen beamke. En in groepke ûnynteressearre Tasjoggers rinne wei by harren ynformant, dy't in lang ferhaal fol omhalen fertelt oer syn ûnderfinings op 'e Ierde.
personaazje | akteur/aktrise |
Peter Quill / Star-Lord | Chris Pratt |
Gamora | Zoe Saldaña |
Rocket | Bradley Cooper (stim) Sean Gunn (motion-capture) |
Drax de Ferneatiger | Dave Bautista |
Groot | Vin Diesel (stim & motion-capture) |
personaazje | akteur/aktrise |
Nebula | Karen Gillan |
Yondu Udonta | Michael Rooker |
Ego | Kurt Russell |
Mantis | Pom Klementieff |
Taserface | Chris Sullivan |
Stakar Ogord | Sylvester Stallone |
Ayesha, hegepreesteresse fan 'e Soevereinen | Elizabeth Debicki |
Kraglin Obfonteri | Sean Gunn |
Meredith Quill | Laura Haddock |
Retch | Evan Jones |
Half-Nut | Jimmy Urine |
Brahl | Stephen Blackehart |
Gef | Steve Agee |
Scrote | Mike Escamilla |
Oblo | Joe Fria |
Narblik | Terence Rosemore |
Tullk | Tommy Flanagan |
in Teheisterder | Richard Christy (cameo) |
Martinex | Michael Rosenbaum |
Charlie-27 | Ving Rhames (cameo) |
Aleta Ogord | Michelle Yeoh (cameo) |
Mainframe | Miley Cyrus (stimcameo) |
ynformant fan 'e Tasjoggers | Stan Lee (cameo) |
himsels | David Hasselhoff (cameo) |
in Teheisterder | Rob Zombie (cameo) |
Soevereine admiraal | Ben Browder (cameo) |
Nei it súkses fan it oarspronklike Guardians of the Galaxy út 2014 waard deselde moanne (july fan dat jier) noch besletten dat der in ferfolchfilm komme moast. Guardians of the Galaxy Vol. 2 waard krekt as de earste film regissearre troch James Gunn nei in senario dat er sels skreaun hie op basis fan 'e Guardians of the Galaxy-strip fan Marvel Comics, makke troch Dan Abnett en Andy Lanning. As produsint wie Kevin Feige by it projekt belutsen foar de filmstudio Marvel Studios. Foar de film wie in budget beskikber fan mar leafst $200 miljoen. De kamerarezjy wie yn 'e hannen fan Henry Braham, en de filmmuzyk waard fersoarge troch Tyler Bates.
De opnamen foar Guardians of the Galaxy Vol. 2 setten op 17 febrewaris 2016 útein en duorren oant en mei 16 juny fan dat jier. De measte sênes waarden filme yn 'e Pinewood Atlanta Studios besuden Atlanta yn 'e Amerikaanske steat Georgia. Alle achttjin soundstages fan dat studiokompleks waarden foar Guardians of the Galaxy Vol. 2 brûkt. It Georgia International Convention Center yn College Park waard ynset as ekstra soundstage nei't guon fan 'e studio's fan Pinewood Atlanta ôfstien wurde moasten oan 'e preproduksje fan in oare superheldefilm fan 'e Marvel Studios, te witten: Spider-Man: Homecoming. Inkele sênes foar Guardians of the Galaxy Vol. 2 waarden bûten de studio opnommen, yn Cartersville (Georgia), St. Charles (Missoery) en in steatspark benoarden Portland (Oregon). Yn 'e postproduksje waarden der mear as 1.800 special effects-shots oan 'e film tafoege dy't makke wiene troch û.o. Framestore, Weta Digital en de Method Studios.
De distribúsje fan Guardians of the Galaxy Vol. 2 waard fersoarge troch Walt Disney Studios Motion Pictures, de distribúsjepoat fan The Walt Disney Company, dat de memme-ûndernimming fan 'e Marvel Studios is. De film gie op 10 april 2017 yn 'e Japanske haadstêd Tokio yn premiêre, en belibbe syn Amerikaanske nasjonale premiêre op 19 april yn it Dolby Theatre yn Hollywood. De film iepene dêrnei op 25 april yn 'e bioskopen yn Austraalje, Nij-Seelân en Itaalje, om pas op 5 maaie foar it earst yn 'e Amerikaanske bioskopen fertoand te wurden. It byhearrende soundtrackalbum ferskynde op 21 april 2017 by platemaatskippij Hollywood Records. Guardians of the Galaxy Vol. 2 kaam op 8 augustus 2017 beskikber as digitale download en waard op 22 augustus fan dat jier útbrocht op dvd en blu-ray.
Fan 'e filmkritisy krige Guardians of the Galaxy Vol. 2 oer it algemien positive resinsjes, hoewol't guon fan harren fûnen dat de nije film it ôflei tsjin syn foargonger. Yn it tydskrift Variety neamde Owen Gleiberman de film "in ekstrafagante en humoristyske ferfolchfilm, makke mei deselde freonlike firtuoaze tûzelsinnigens […] en krekt obligaat genôch om tefolle fan it goede te wêzen". Peter Travers fan it blêd Rolling Stone omskreau de film "geweldich" en joech him 3 fan 4 stjerren. Dêrby tekene er oan: "Vol. 2 kin it ferrassingsoanfaleftige súkses fan syn foargonger net belykje". Yn 'e krante de Chicago Sun-Times parte Richard Roeper oan Guardians of the Galaxy Vol. 2 ek 3 fan 4 stjerren ta. Neffens him wie de film "net alhiel sa leuk, net alhiel sa fernimstich, net alhiel sa nij as it orizjineel". Hy hie lof foar de cast en yn 't bysûnder foar Michael Rooker yn 'e rol fan Yondu Udonta.
Yn syn resinsje foar de webside RogerEbert.com joech Brian Tallerico Guardians of the Galaxy Vol. 2 ek 3 fan 4 stjerren. Hy kwalifisearre de film as "in simmerkaskreaker om tige by tige fan te genietsjen", en as "in film dy't himsels net al te serieus nimt". Hy fûn dat Guardians of the Galaxy Vol. 2 "in protte flaters út 'e earste film omsylt, en ferskate dingen merkber better docht". Yn The Washington Post fûn Michael O'Sullivan ek dat Guardians of the Galaxy Vol. 2 "grappiger, healwizer en mear op it moed kommend" wie as de orizjinele film. Brian Lowry fan CNN hie krityk op it neffens him swakke middelste part fan 'e film en op 'e smjunt Ego, mar fûn dat Guardians of the Galaxy Vol. 2 it dochs noch better die as oare ferfolchfilms fan 'e Marvel Studios en dat it sterke begjin en de sterke ein de midden fan 'e film derby skuorden.
Yn The Hollywood Reporter fûn Todd McCarthy dat Guardians of the Galaxy Vol. 2 krekt in twadde ritsje yn in achtbaan wie dêr't jin de earste kear wier in kick fan krigen, mar dat no wat gewoantsjes begûn oan te fielen. Kenneth Turan fan 'e Los Angeles Times wie posityf oer de soundtrack fan 'e film en oer de cast, yn 't bysûnder oer de aktearprestaasje fan feteraan Kurt Russell as de sljochtsinnige god Ego, mar hy fûn dat regisseur James Gunn tefolle syn bêst die om 'e magy fan 'e earste film op 'e nij te fangen en dêrmei eins ôfbrek die oan it ferfolch. Ek hie Turan krityk op it tal special effects dat yn 'e film ferwurke wie. Hy konkludearre dat de ferfolchfilm "in akseptabele ûnderfining" wie. Yn The New York Times joech Manohla Dargis ta dat Guardians of the Galaxy Vol. 2 "beslist dingen te bieden" hie, mar hja fûn dat dy "mear fisueel as narratyf" wiene, wat winliken delkomt op krityk op it senario.
Yn syn resinsje foar it blêd The New Yorker skreau Anthony Lane dat Guardians of the Galaxy Vol. 2, sadree't it personaazje fan Ego yntrodusearre waard, lêst krige fan wat er "de flok fan it eftergrûnferhaal" neamde. Mei oare wurden: hy fûn de fierdere film te útlizzerich. Ek woe Lane hawwe dat de boel alhiel fan 'e rails kaam op it stuit dat Ego syn libbensdoel útleit om sin oan syn bestean te jaan. Hy besleat syn artikel mei: "Litte we hoopje dat Vol. 3 it brûzen fan 'e orizjinele film wer wit te fangen, ynstee fan dat er ferfalt ta de djoerste groepsterapysesje fan it hielal."
Op 'e webside Rotten Tomatoes, dy't resinsjes sammelet, hat Guardians of the Galaxy Vol. 2 in heech goedkarringspersintaazje fan 85%, basearre op 426 ûnderskate resinsjes. De konsensuskrityk fan 'e webside, gearstald út al dy resinsjes, stelt: "De smoarfol aksje sittende plot, de tûzelsinnich meitsjende bylden en de ûnearbiedige humor fan [dizze film] meitsje der in ferfolch fan dêr't jin hast likefolle wille oan belibje – mar dat net alhiel like meislepende nij is – as syn foargonger." Op Metacritic, de wichtichste konkurrint fan Rotten Tomatoes, behellet Guardians of the Galaxy Vol. 2 in goedkarringspersintaazje fan 67%, basearre op 47 resinsjes.
Guardians of the Galaxy Vol. 2 brocht yn 'e bioskopen yn 'e Feriene Steaten en Kanada $389,8 miljoen op, en yn alle oare lannen en territoaria $473,9 miljoen. Wrâldwiid kaam de opbringst dêrmei út op $863,8 miljoen. Ofset tsjin it budget fan $200 miljoen betsjut dat in winst fan $663,8 miljoen. Dêrmei wie Guardians of the Galaxy Vol. 2 de op sân nei meast opbringende film fan 2017 (nei Star Wars: Episode VIII – The Last Jedi, Beauty and the Beast, The Fate of the Furious, Despicable Me 3, Jumanji: Welcome to the Jungle, Spider-Man: Homecoming en Wolf Warrior 2). As men de mânske marketingkosten meirekkenet, komt de winst fansels in stik leger út. De webside Deadline Hollywood berekkene de skjinne winst fan Guardians of the Galaxy Vol. 2 op in lang net te fersmaadzjen $154,7 miljoen.
Guardians of the Galaxy Vol. 2 waard yn 2018 nominearre foar in Oscar yn 'e kategory bêste fisuele effekten. De film waard ek nominearre foar de Grammy Award foar bêste kompilaasjesoundtrack foar fisuele media, de Billboard Music Award foar bêste soundtrack en Annie Award foar bêste personaazje-animaasje yn in live-actionproduksje. By de Saturn Awards waard Guardians of the Galaxy Vol. 2 nominearre foar de prizen foar bêste stripferfilming, bêste byrol fan in akteur (Michael Rooker as Yondu Udonta) en bêste fisazjy. De film wûn de Saturn Award foar bêste special effects. Guardians of the Galaxy Vol. 2 wûn ek trije Teen Choice Awards, foar favorite science fiction-film, favorite akteur yn in science fiction-film (Chris Pratt) en favorite aktrise yn in science fiction-film (Zoe Saldaña).
Seamless Wikipedia browsing. On steroids.
Every time you click a link to Wikipedia, Wiktionary or Wikiquote in your browser's search results, it will show the modern Wikiwand interface.
Wikiwand extension is a five stars, simple, with minimum permission required to keep your browsing private, safe and transparent.