Live action, soms skreaun as live-action of liveaction, is in term út 'e filmyndustry en de tillefyzjesektor wêrmei't oanjûn wurdt dat in spylfilm, tillefyzjefilm of tillefyzjesearje spile wurdt troch (libbene) akteurs en aktrises. Dêrmei is it it tsjinstelde fan animaasje, dat gebrûk makket fan personaazjes dy't mei de hân of mei de kompjûter tekene binne, en wêrfoar't stimakteurs letter de stimmen ynsprekke. De term komt út it Ingelsk en betsjut letterlik "libbene aksje". Om't der meastal sprake is fan live action wurdt dy tafoeging yn 'e regel inkeld brûkt as men it net ferwachtsje soe dat eat troch libbene akteurs spile waard of om it kontrast mei animaasje oan te jaan.

Ek films of tillefyzjeprogramma's mei marionetten en oarsoartige poppen (lykas Sesamstraat en The Muppet Show) wurde almeast ta live action rekkene, salang't de poppen alteast net fuortbeweegd wurde mei stop-motion. Der besteane ek hybride live action/animaasjefilms, wêryn't minsklike akteurs tekenfilmfigueren as tsjinspilers hawwe. It bekendste foarbyld fan dat soarte films is Who Framed Roger Rabbit?.

Boarnen, noaten en referinsjes

Wikiwand in your browser!

Seamless Wikipedia browsing. On steroids.

Every time you click a link to Wikipedia, Wiktionary or Wikiquote in your browser's search results, it will show the modern Wikiwand interface.

Wikiwand extension is a five stars, simple, with minimum permission required to keep your browsing private, safe and transparent.