From Wikipedia, the free encyclopedia
In titelrol is de rol fan it personaazje dat yn 'e titel neamd wurdt fan in wurk fan fiksje, lykas in mearke, koart ferhaal, stripferhaal, novelle, roman, toanielstik, musical, opera, operette, film, tekenfilm, tillefyzjesearje, fideospultsje of kompjûterspultsje.
In titelrol is faak ek de haadrol, lykas yn toanielstikken as Hamlet en John Gabriel Borkman, romans as Ivanhoe, Tess of the d'Urbervilles, Ethan of Athos en Harry Potter and the Philosopher's Stone, films as Quigley Down Under en Shakespeare in Love, en tillefyzjesearjes as Magnum, P.I. en Xena: Warrior Princess. Dat is lykwols net altyd it gefal. Yn it mearke Frou Holle, it gedicht The Raven en romans as The Last of the Mohicans, Le Petit Prince en Kushiel's Dart is it personaazje dat yn 'e titel neamd wurdt nammentlik net de haadpersoan.
Soms hat in wurk fan fiksje mear as ien titelrol. Dat is bygelyks it gefal mei it mearke Hâns en Grytsje, in toanielstik as Romeo en Julia, in roman as Gentleman Jole and the Red Queen en in tillefyzjesearje as The Dukes of Hazzard.
Seamless Wikipedia browsing. On steroids.
Every time you click a link to Wikipedia, Wiktionary or Wikiquote in your browser's search results, it will show the modern Wikiwand interface.
Wikiwand extension is a five stars, simple, with minimum permission required to keep your browsing private, safe and transparent.