Star Wars: Episode IX – The Rise of Skywalker is in Amerikaanske science fiction-film út 2019 mei eleminten fan fantasy, oarlochsfiksje en aventoerefiksje. It is it trêde en ôfslutende diel fan 'e Star Wars-ferfolchtrilogy en it njoggende diel fan 'e Skywalker Saga-filmsearje. De film heart as sadanich ta de Star Wars-mediafranchise en is it direkte ferfolch op Star Wars: Episode VIII – The Last Jedi, út 2017. Star Wars: Episode IX – The Rise of Skywalker waard regissearre troch J.J. Abrams, dy't ek ferantwurdlik wie foar it earste diel fan 'e ferfolchtrilogy, Star Wars: Episode VII – The Force Awakens, út 2015. De haadrollen waarden fertolke troch Daisy Ridley, Adam Driver, John Boyega en Oscar Isaac. De titel betsjut "Stjerre-oarloggen: Oflevering IX – De Opkomst fan Skywalker".
Star Wars: Episode IX The Rise of Skywalker | ||
film | ||
(Filmposter yn 'e Ingelske Wikipedy) | ||
makkers | ||
regisseur | J.J. Abrams | |
produsint | Kathleen Kennedy J.J. Abrams Michelle Rejwan | |
senario | Chris Terrio J.J. Abrams | |
basearre op | wurk fan George Lucas | |
kamerarezjy | Dan Mindel | |
muzyk | John Williams | |
filmstudio | Lucasfilm Bad Robot Productions | |
distribúsje | Walt Disney Studios Motion Pictures | |
spilers | ||
haadrollen | Daisy Ridley Adam Driver John Boyega Oscar Isaac | |
byrollen | Ian McDiarmid Billy Dee Williams Joonas Suotamo Naomi Ackie Antony Daniels Richard E. Grant Domhnall Gleeson Keri Russell Carrie Fisher | |
skaaimerken | ||
lân/lannen | Feriene Steaten | |
premiêre | 16 desimber 2019 | |
foarm | langspylfilm | |
sjenre | science fiction-film | |
taal | Ingelsk (ek guon optochte talen) | |
spyltiid | 142 minuten | |
budget en resultaten | ||
budget | $275 miljoen | |
opbringst | $1.074,1 miljoen | |
prizen | 5× Saturn Award | |
filmsearje | ||
filmsearje | Skywalker Saga | |
● foarich diel | Star Wars: Episode VIII – The Last Jedi |
De film giet fierder dêr't Star Wars: Episode VIII – The Last Jedi einige. It Ferset tsjin 'e Earste Oarder sit yn 'e lytse loege, mar hat de striid noch net opjûn. In dramatyske nije ûntwikkeling is in radioberjocht dat yn it hiele Stjerrestelsel opfongen wurdt en ôfkomstich liket te wêzen fan keizer Palpatine, dy't al mear as tritich jier dea heart te wêzen. Sawol it Ferset as de Earste Oarder is der alles oan gelegen om 'e oarsprong fan dat berjocht út te sykjen. It blykt te kommen fan 'e ferburgen Sith-planeet Exegol, dy't inkeld berikber is mei in artefakt dat in 'weifiner' hjit. Kylo Ren, de opperste lieder fan 'e Earste Oarder, beset sa'n helpmiddel en ûntdekt op Exegol dat Palpatine út 'e dea opstien is en yn 'e tuskentiid in reuseftige float opboud hat. It Ferset moat sjen dat it sawol de Earste Oarder as de weropstiene Palpatine tsjinkeart, in suver ûnmooglike opdracht.
Star Wars: Episode IX – The Rise of Skywalker wie opmerklik om 'e rol dy't oan aktrise Carrie Fisher taparte waard, mei't hja al fier foar it úteinsetten fan 'e produksje ferstoarn wie. Fierders waarden der yn 'e film nije personaazjes yntrodusearre wylst âlde bekenden nei lange ôfwêzigens weromkearden. Star Wars: Episode IX – The Rise of Skywalker krige fan 'e filmkritisy mingde resinsjes, mar ûntjoech him yn 'e bioskopen út ta in ûnbidich kommersjeel súkses. It wie de op seis nei meast opbringende film fan 2019. Star Wars: Episode IX – The Rise of Skywalker waard nominearre foar trije Oscars, mar wûn net ien. De film wûn wol in fiif Saturn Awards.
Plot
Yn it hiele Stjerrestelsel wurdt in radioberjocht ûntfongen, wêryn't keizer Palpatine, dy't mear as tritich jier lyn yn 'e Slach by Endor omkommen is, driget mei wraak. De Earste Oarder, dy't bestiet út 'e gearklofte restanten fan Palpatine syn Galaktysk Keizerryk, rekket yn dusoarder as Kylo Ren, dy't opperste lieder Snoke fermoarde en syn plak ynnommen hat, koartseftich begjint te sykjen nei de oarsprong fan it berjocht om eltse rivaal foar syn nijwûne macht te eliminearjen. It docht bliken dat it berjocht fan 'e ûnbekende planeet Exegol komt, in ferburgen bolwurk fan 'e Sith, dat inkeld yn guon oerâlde geskriften neamd wurdt. Om Exegol te finen, hat men ferlet fan in artefakt dat in 'weifiner' hjit, en dêrfan besteane mar twa.
Kylo fynt ien fan 'e beide weifiners yn 'e ruïnen fan Fort Vader, de fêsting dy't syn pake Darth Vader op 'e fulkaanplaneet Mustafar boud hie. Hy reizget nei Exegol ta, wisberet om mei dejinge ôf te weven dy't keizer Palpatine neibeart. As er dêr oankomt, ûntdekt er lykwols dat Palpatine syn yngeande kennis fan 'e tsjustere kant fan de Krêft brûkt hat om wer út 'e dea op te stean. Hy is in útmergele meunster dat geande holden wurdt troch in mânske masine dy't syn lichemsprosessen foar him útfiert, mar hy libbet wer. En hy lit Kylo sjen dat er de lêst tritich jier net stil sitten hat. Op Exegol hearsket er oer de Ivige Sith, in grizelige kultus dy't oan him wijd is. De kultisten hawwe foar him de reuseftichste float fan stjerreslachskippen boud dy't it Stjerrestelsel ea sjoen hat – en elts skip is tarist mei in superlaserkanon dat by steat is om in hiele planeet te ferneatigjen.
Palpatine bringt oan Kylo Ren út dat hysels en nimmen oars ferantwurdlik is foar it oerheljen fan Kylo nei de tsjustere kant fan 'e Krêft. Opperste lieder Snoke wie gjin selsstannich wêzen, mar in kreaasje fan Palpatine. En de stim fan Darth Vader, dy't Kylo út en troch yn syn holle hearde? Dat wie Palpatine ek. De keizer biedt Kylo syn float fan stjerreslachskippen oan, dy't er de Lêste Oarder neamt, en dy't de hearskippij fan Kylo oer it Stjerrestelsel bewissigje sil. Yn ruil dêrfoar wol er dat Kylo foar him Rey opspoart en fermoardet, dy't nei har ôfreis fan Ahch-To har training as Jedi-ridder fuortset mei help fan generaal Leia Organa, de liedster fan it Ferset.
Net folle letter hawwe piloat Poe Dameron, âld-stoarmtroeper Finn en de Wookiee Chewbacca, dy't liedende leden fan it Ferset binne, in geheime moeting mei in kontaktpersoan. Dyselde spilet harren ynformaasje ta dy't komt fan in anonime sympatisant fan it Ferset binnen de Earste Oarder. Sa komme hja oan 'e weet dat Palpatine wier wer libbet, dat er him op Exegol befynt, en dat er in reuseftige float stjerreslachskippen boud hat. Rey lêst yn 'e notysjes fan har âlde master Luke Skywalker dat men ferlet hat fan in weifiner om Exegol te berikken. Mei Finn, Dameron, Chewbacca en de robots BB-8 en C-3PO set se yn it romteskip de Millennium Falcon ôf nei de woastinige planeet Pasaana, dêr't neffens Luke in oanwizing ferburgen wêze soe om 'e twadde weifiner te finen.
Tink derom: Yn de tekst hjirûnder wurdt de ôfrin fan de film beskreaun. As jo de film sels sjen wolle, is it mooglik better dat jo it no folgjende diel fan 'e plotbeskriuwing (earst noch) net lêze. |
Op Pasaana oankommen, bedarret de groep middenmank in grutte kloft lânseigen bûtenierdske wêzens, de Aki-Aki, by de fiering fan harren Festival fan 'e Foarâlden. Kylo foarmet in bân troch de Krêft mei Rey, eat dat de bemuoienissen fan Snoke mei har beiden mooglik makke hawwe. Se hawwe earder útfûn dat se inoar fia dy mentale bân ek fysike dingen oerjaan kinne. No skuort Kylo Rey in festivalkeatling ôf, dat er analysearje lit om te sjen wêr't it wei komt. Sa fynt er út wêr't sy is. Hy stjoert stoarmtroepers fan it garnizoen fan 'e Earste Oarder op Pasaana efter har en har selskipslju oan. De groep wurdt finzen nommen troch in pear fan 'e stoarmtroepers, mar daliks wer befrijd troch in mysterieuze frjemdling mei in gesichtsbedekkende helm op. Hy nimt harren mei nei in feilich plak, dêr't de helm ôfgiet en it nimmen oars as Lando Calrissian blykt te wêzen, in held fan it Rebelleferbûn út 'e Galaktyske Boargeroarloch.
Lando fertelt Rey en har freonen dat hy en Luke yn it ferline op Pasaana tegearre omdôch socht hawwe nei in artefakt dat harren de lokaasje fan 'e twadde weifiner dúdlik meitsje soe. Se bedarren op Pasaana om't se in agint fan 'e Sith folgen, in Ochi fan Bestoon. Dy syn spoar rekken se lykwols op Pasaana bjuster; it is ûnbekend wat der fan him wurden is, mei't syn romteskip noch altyd yn 'e woastyn stiet. Rey-en-dy beslute dat se it skip fan Ochi trochsykje moatte, ek al hawwe Luke en Lando dat earder ek al dien. Efterfolge troch stoarmtroepers sette se ôf de woastyn yn. Nei't se mei de stoarmtroepers ôfweefd hawwe, bejouwe se har nei it romteskip fan Ochi. Ear't se dat berikke kinne, reitsje se lykwols allegearre fêst yn driuwsân. Se kinne harsels net befrije en geane ien foar ien kopke-ûnder.
Ynstee dat se deageane, sakje Rey-en-dy lykwols dwers troch it plafon in ûndergrûnsk gongestelstel yn. Dêre fine se it bonkerak fan Ochi werom, dy't lang ferlyn blykber itselde oerkommen is, en dy't dúdlik nea wer in útgong fine kinnen hat. Yn syn besit treffe se it artefakt oan dat se sykje: in dagge mei op it limmet in ynskripsje yn 'e taal fan 'e Sith. C-3PO, dy't mear as seis miljoen foarmen fan kommunikaasje behearsket, is de iennichste dy't it lêze kin, en hy bewissiget de oaren derfan dat er persiis wit wat der stiet, mar syn programmatuer ferbiedt him lykwols om dingen út 'e Sith-taal oer te setten, sadat er harren net fertelle kin wat de ynskripsje ynhâldt. Wannear't it selskip úteinset mei in syktocht nei in útgong út it gongestelsel, komt it bist dat de tunnels groeven hat, in reuseftige achteagige slange, harren oer it mad. Rey giet lykwols ûnferfeard op it bist ôf, en as se sjocht dat it in iepen wûne hat, genêst se dy troch de Krêft te brûken om wat fan har eigen libbensenerzjy nei it bist oer te heveljen. De slange lit har en har freonen dêrnei gewurde, en ûnder it fuortgean slacht er mei syn sturt in gat yn it plafon fan in tunnel nei de iepen loft ta.
Dameron ornearret dat se net werom kinne nei it festival om 'e Millennium Falcon op te heljen, mei't it dêr no sûnder mis optilt fan 'e stoarmtroepers. De groep beslút om 'e planeet mei it romteskip fan Ochi te ferlitten. Sadree't se it skip fan deunby sjocht, ken Rey it wer as it skip dêr't har âldelju yn ôfset binne doe't se har as lyts famke yn 'e steek lieten. Wylst de oaren it âlde skip ree meitsje foar de ôfreis, wurdt Rey de oanwêzigens fan Kylo Ren op Pasaana gewaar. Se giet in ein by de oaren wei om in konfrontaasje mei him oan te gean en lit syn TIE-jager delstoarte yn 'e woastyn. As Dameron-en-dy it romteskip klear hawwe, giet Chewbacca efter har oan, mar hy wurdt finzen nommen troch de trewanten fan Kylo, eardere Jedi-learlingen dy't mei him oergien binne nei de tsjustere kant fan 'e Krêft en no bekend steane as de Ridders fan Ren.
As Rey en Chewbacca net werom komme, set Finn harren efternei, dy't sjocht hoe't de finzen Chewbacca yn in romtefear laden wurdt. Hy skrept nei Rey ta, en as der in romtefear opstiget, ropt er har ta dat Chewbacca oan board is. Rey brûkt de Krêft om it romtefear werom nei de planeet te lûken, mar Kylo, dy't syn delstoarten fierhinne ûnskansearre oerlibbe hat, brûkt de Krêft om har tsjin te kearen. Dy ynspanning is tefolle foar Rey, dat se ferliest de behearking oer de Krêft. In ûntlading fan Krêftwjerljocht, heech yn loft, soarget derfoar dat it romtefear ûntploft. Rey is raar gesteld, mei't se mient dat se Chewbacca ombrocht hat. Se jout har by de oaren yn it romteskip fan Ochi. Dêr docht bliken dat Chewbacca de Sith-dagge by him hie, dat it artefakt is ek ferlern gien. C-3PO oppenearret dat de tekst no inkeld yn syn ûnthâld opslein leit, mar dat dêr nimmen derby kin, of it moat wêze dat syn ûnthâld fierders hielendal wiske wurde soe. Nei't se fêststeld hawwe dat de robot R2-D2, dy't by Leia op 'e Fersetsbasis efterbleaun is, geregeldwei in back-up makket fan it ûnthâld fan C-3PO, beslute Rey, Dameron en Finn dat yn dit gefal it doel de middels hilliget.
Dameron ken in ekspêr yn roboatika dy't in ûnthâldswisking útfiere kin. Dyselde is lykwols fêstige op 'e planeet Kijimi, dêr't er leaver net wer hinne gean soe, om't er der fijannen makke hat. Hy beslút der lykwols mar it bêste fan te hoopjen en set koers dêrhinne. Op Kijimi blykt it te wrimeljen fan 'e stoarmtroepers. It selskip wurdt lykwols net troch de Earste Oarder fûn, mar troch Zorii Bliss, in froulike smokkelder dy't Dameron raar sitte litten hat. It docht bliken dat Dameron foarhinne ek in smokkelder wie. Zorii wol Dameron earst fermoardzje, mar betinkt har dan en wol him ynstee útleverje oan 'e stoarmtroepers foar de preemje dy't op syn holle set is. Mar se lit har troch Rey beprate om 'e groep te helpen, wêrnei't se harren by de robotsmid Babu Frik bringt. C-3PO sjocht bot tsjin 'e proseduere oan, mar Rey lit it oan himsels oer om te sizzen oft it nedich is of net. Hy is de iennichste dy't wit wat de ynskripsje seit en dus ek de iennichste dy't bepale kin hoefolle wearde oft dy hat. C-3PO antwurdet dat de tekst fan 'e ynskripsje fan krúsjaal belang is foar it Ferset, en ûndergiet de proseduere dêrnei frijwillich. As syn ûnthâld ienris wiske is, blykt dat de ynskripsje bestiet út 'e koördinaten fan 'e lokaasje fan 'e twadde weifiner.
Rey fernimt wer de oanwêzigens fan Kylo Ren, waans stjerreslachskip krekt yn in baan om Kijimi arrivearre is. Mar se wurdt ek de oanwêzigens fan Chewbacca gewaar, dy't oan board fan dat stjerreslachskip is. Sy en de oaren riddenearje dan út dat der op Pasaana twa romtefearen west hawwe moatte: ien dêr't Chewbacca mei ôffierd is, en de oare dy't Rey by fersin ferneatige hat. De groep beslút om in rêdingsmisje te ûndernimmen. Se ynfiltrearje it stjerreslachskip, dêr't Rey de Sith-dagge weromfynt en, as se it ding beetkriget, fizioenen hat wêryn't Ochi fan Bestoon har âldelju fermoardet. Kylo foarmet op 'e nij in bân troch de Krêft mei Rey om har lokaasje te witten te kommen. Sy wegeret mei te wurkjen, mar hy praat op har yn en besiket har belangstelling te wekjen troch oer har âlden út te wreidzjen. Hy hie har earder ferteld dat har âldelju minsken fan nul en gjinderlei betsjutting wiene, mar no bringt er út dat se dat út in bewuste kar wiene, om Rey te beskermjen. Se lieten har op Jakku yn 'e steek om har te ferbergjen. Ochi wie in trewant fan keizer Palpatine, dy't opdracht hie om harren te fermoardzjen, mei't Rey har heit de soan fan Palpatine wie.
Underwilens fine Finn en Dameron de sel dêr't Chewbacca fêstholden wurdt. Se befrije him en besykje de Millennium Falcon te berikken, dy't troch Kylo syn hantlangers nei de konfrontaasje op Pasaana yn in hangaar fan it stjerreslachskip brocht is. BB-8, de no oan ûnthâldsferlies lijende C-3PO en D-O, in lyts robotsje dat se oan board fan it romteskip fan Ochi oantroffen hawwe, binne streekrjocht nei de Millennium Falcon gien om it útnaaien fan 'e hiele groep ta te rieden. As Finn, Dameron en Chewbacca hàst harren doel berikt hawwe, wurde se lykwols ynsletten troch stoarmtroepers en moatte se belies jaan. Se wurde finzen nommen, wêrnei't generaal Enric Pryde, de ûnderbefelhawwer fan 'e Earste Oarder, opdracht jout om harren stânrjochtlik te eksekutearjen.
It trio wurdt lykwols rêden troch generaal Hux, dy't harren fertelt dat hy de anonime sympatisant is dy't it Ferset de ynformaasje oer Exegol en keizer Palpatine taspile hat. As Finn him ûnderstiet oer syn motyf, byt Hux him ta dat er neat om it Ferset jout, mar nammenste mear om Kylo Ren, dy't er hatet. Hy wol alles wol dwaan om Kylo fale te litten. Finn, Dameron, Chewbacca en ek Rey witte de Millennium Falcon te berikken en ûntkomme. Hoewol't Finn Hux op syn eigen fersyk earder ferwûne hat mei in ploffer, leaut Pryde neat fan Hux syn ferhaal dat de finzenen him en syn mannen oermânsk wurden en ûntsnapt binne. Hy stelt daliks fêst dat er de spion fan it Ferset ûntdutsen hat en sjit Hux dea.
De groep fljocht mei de Millennium Falcon nei de koördinaten út 'e ynskripsje op 'e Sith-dagge, dy't in lokaasje oantsjutte op 'e moanne Kef Bir, yn it planetestelsel Endor. Dat is it plak dêr't mear as tritich jier lyn de wrakstikken fan 'e twadde Deadsstjer delkommen binne, nei't dat romtestasjon en massaferneatigingswapen troch it Rebelleferbûn ferneatige wie yn 'e Slach by Endor. De weifiner blykt yn ien fan 'e reuseftige wrakstikken te sitten. Kef Bir is in wrâld dy't foar it meastepart oerdutsen wurdt troch oseänen. It wrakstik dêr't it om giet leit deun foar de kust, mar is frijwol ûnberikber troch de reuseftige weagen. Mei't de Millennium Falcon op Kef Bir in needlâning meitsje moat en stikken rekket, set Rey út tiidneed yn in lyts boatsje nei it wrak ta, dat se troch har behearsking fan 'e Krêft wit te berikken. Underwilens moetsje de oare leden fan 'e groep in kloft op orbaks ridende âld-stoarmtroepers fan Kompanjy 77, dy't tsjin 'e Earste Oarder yn opstân kommen en op Kef Bir strâne rekke binne. Hja wurde oanfierd troch in jonge frou, Jannah, mei wa't Finn, dy't ek in desertearre stoarmtroeper is, fuort in bân fielt. Dameron rekket oan 'e praat mei it robotsje D-O en ûntdekt dat Ochi earder Exegol besocht hie en dat D-O alle ynformaasje oer dat besyk noch yn syn ûnthâld hat.
Rey wit yn it wrak fan 'e Deadsstjer mei muoite de weifiner op te spoaren, mar Kylo lânet mei syn TIE-jager boppe-op it wrak en fernielt har weifiner. Sy beiden fjochtsje neitiid in duël mei de ljochtsabel út. Underwilens brûkt yn 'e fersetsbasis de yn 'e minnichte rekke Leia har lêste krêften om fia de Krêft kontakt te lizzen mei har soan Ben, dy't himsels no Kylo Ren neamt. Mei't er ôflaat wurdt as er syn mem gewaarwurdt, slagget it Rey om him mei har ljochtsabel troch it boppeliif hinne te stekken. Leia ferstjert op it folgjende stuit fan útputting, yn 'e oanwêzigens fan R2-D2, Maz Kanata, kaptein-luitenant Larma D'Acy en luitenant Kaydel Ko Connix. As Rey it ferstjerren fan Leia troch de Krêft fernimt, wurde skuldgefoelens har oermânsk. Se brûkt de Krêft om Kylo in diel fan har eigen libbensenerzjy te jaan en him sa te genêzen. Earder hat er har oanbean om tegearre oan it haad fan 'e Earste Oarder it Stjerrestelsel te regearjen (sjoch: Star Wars: Episode VIII – The Last Jedi), en sûnt hat er har der hieltyd op ferge dat se doe wifke om syn hân (en oanbod) oan te nimmen. No leit se him einlings út dat se mei gragens de hân fan Ben Solo oannommen hie, mar net dy fan Kylo Ren. Dêrnei stelt se syn TIE-jager en set dêrmei ôf.
Kylo Ren bliuwt fernuvere efter. Hy kriget in fizioen fan syn heit, Han Solo, dy't er earder fermoarde hat (sjoch: Star Wars: Episode VII – The Force Awakens). Hy freget syn heit om ferjeffenis, mar Han seit tsjin him dat der neat te ferjaan falt. Ren smyt dêrop syn ljochtsabel fuort en nimt de namme Ben Solo wer oan. Palpatine is poerrazen as er troch de Krêft gewaarwurdt hoe't Leia stoarn is en hokfoar útwurking dat hân hat op Ben. Hy stjoert in stjerreslachskip fan 'e Lêste Oarder nei Kijimi om dy planeet te ferneatigjen by wize fan machtsdemonstraasje.
Rey flechtet nei Ahch-To, deselde planeet dêr't har âlde master Luke Skywalker him op weromlutsen hie. Nei't se dêr arrivearre is, stekt se de TIE-jager fan Kylo yn 'e brân. It is har bedoeling om foargoed op Ahch-To te bliuwen yn selsopleine ballingskip. Luke, dy't no in geast yn 'e Krêft is, sprekt har lykwols oan en leit har út dat it fout fan har is om soks te dwaan, krekt sa't it fout fan himsels wie. Hy praat har moed yn en wiist har it plak dêr't er de ljochtsabel fan syn twillingsuster Leia ferburgen hat. Mei de Krêft tilt er syn âlde X-wjukjager út 'e see. Rey hellet de ûnskansearre weifiner út it wrak fan 'e TIE-jager en set koers nei Exegol. Se ferstjoert de koördinaten fan har rûte nei R2-D2. It Ferset, no oanfierd troch Dameron en Finn, komt fanwegen mei alle skippen dêr't it oer beskikt en folget Rey nei Exegol. Chewbacca en Lando Calrissian sette mei de Millennium Falcon ôf om help te sykjen.
Nei't Rey op Exegol oankommen is, siket se Palpatine op om mei him ôf te weven. Hy fiteret har lykwols oan om him te deadzjen, mei't syn geast dan besit fan har nimme sil, sadat er wer in sûn lichem ta syn beskikking hat. Dat stelt Rey al foar in raar dilemma, want dêr sit se fansels net op te wachtsjen, mar se kin Palpatine ek net libje litte. Se wiist yn elts gefal syn foarstel om frijwillich de lapen mei him gear te smiten rislút fan 'e hân en falt de leden fan syn liifgarde oan.
De float fan it Ferset arrivearret ûnderwilens by Exegol. De stjerreslachskippen fan 'e Lêste Oarder moatte foar it grutste part noch fan it planeetoerflak opstiigje. Tanksij de ynformaasje fan D-O wit it Ferset dat der, om dat opstiigjen yn ien kear te dwaan sûnder dat de mânske romteskippen mei-inoar yn botsing komme, ferlet is fan in sinjaal fan in navigaasjetoer. It Ferset skeakelet dêrom fuortendaliks de navigaasjetoer út, mar generaal Pryde, dy't it befel fiert oer de Lêste Oarder, lit itselde sinjaal dan útstjoere troch syn eigen stjerreslachskip. Wylst Dameron mei de rest fan 'e piloaten de oanfal ynset op 'e stjerreslachskippen dy't al yn 'e romte binne, litte Finn, Jannah en de oare leden fan Kompanjy 77 har op it dek fan it stjerreslachskip fan Pryde ôfsette. Dêr witte se nei gâns striid it sein te sabotearjen, mar Pryde lit syn systeem reboote. Underwilens lije Dameron-en-dy swiere ferliezen en litte de moedfearren hingje.
As de need it heechst is, arrivearret der lykwols in alderûnbidichste float fan romteskippen fan alderhanne slach en soarte út it hiele Stjerrestelsel wei, mei oan board âlde bekenden en nije bûnsgenoaten. De float wurdt oanfierd troch Chewbacca en Lando yn 'e Millennium Falcon, dy't fersterking krigen hawwe fan in oare held út 'e Galaktyske Boargeroarloch, Wedge Antilles. It libben fan Dameron wurdt rêden troch Zorii Bliss, dy't mei Babu Frik en oaren oan 'e ferneatiging fan Kijimi ûntkommen is. Mei de nije float arrivearret ek Ben Solo, dy't op Exegol lânet en Rey efternei set, it haadkertier fan Palpatine yn. Dêr wurdt er lykwols opwachte troch syn eardere trewanten, de Ridders fan Ren, dy't him oermânsk driigje te wurden. Ben inisjearret lykwols fannijs syn bân mei Rey, dy't him op dy wize ien fan har ljochtsabels oerjout, ek al binne se fier faninoar ferwidere. Bewapene mei in ljochtsabel weeft Ben gau ôf mei de Ridders fan Ren, wêrnei't er fierder nei binnen kringt en Rey helpt de lêste leden fan Palpatine syn liifgarde te deadzjen.
Palpatine brûkt lykwols de tsjustere kant fan 'e Krêft om 'e libbensenerzjy út Rey en Ben te sûgen en sels op te nimmen. Om't se allebeide sa sterk yn 'e Krêft binne, slagget it him op dy wize om syn eigen kadaver fan in lichem te ferjongjen en wer hielendal wurkje te litten, sadat er gjin masines mear nedich is om yn libben te bliuwen. Ben komt as earste wer by sûpe en stút en besiket Palpatine oan te fallen, mar dyselde blaast him withoefier fuort. Dêrnei brûkt er Krêftwjerljocht om yn 'e loft boppe him de romteskippen fan it Ferset en har meistanners oan te fallen. Rey is sa ferswakke dat se dêr neat tsjin dwaan kin, mar as se om help freget, wurdt se antwurde troch de stimmen fan Luke en dy syn heit Anakin Skywalker, Obi-Wan Kenobi, Yoda, Qui-Gon Jinn, Mace Windu, Ahsoka Tano, Kanan Jarrus, Luminara Unduli, Aayla Secura, Adi Gallia en alle Jedi-masters út it ferline, dy't har nije krêften jouwe.
Rey brûkt de Krêft om 'e delfallen ljochtsabels fan Luke en Leia ta har te roppen. Palpatine falt har oan mei Krêftwjerljocht, mar Rey wjerkeatst dy troch de beide ljochtsabels krúslings foar har te hâlden. De float fan it Ferset, dy't no befrijd is fan Palpatine syn ynfloed, set de oanfal op 'e Lêste Oarder fuort en begjint troch in nûmerike oermacht grutte súksessen te boeken. Finn en Jannah nimme oan board fan it stjerreslachskip fan generaal Pryde de kontrôle oer ien fan 'e boardkanonnen oer en rjochtsje dat op 'e brêge. As se it wapen ôffjurje, giet de hiele brêge nei gychem en Pryde en syn stêf komme om. It stjerreslachskip begjint del te stoarten, en Finn en Jannah wurde op it lêste momint rêden troch Lando en Chewbacca yn 'e Millennium Falcon. De Slach by Exegol rint út op 'e ferneatiging fan 'e Lêste Oarder en in grutte oerwinning foar it Ferset.
De Krêftwjerljocht dy't Palpatine op Rey ôfsmyt, slacht op himsels werom en begjint syn ferjonge lichem útinoar te skuorren. Nei in lange striid komt er einlings (wer) te stjerren. Tagelyk komme ek de mei him ferbûne Ivige Sith om. Rey hâldt langernôch fol om der wis fan te wêzen dat der neat fan Palpatine syn lichem oer is, foar't se sels ynstoart en fan útputting stjert. In slimferwûne Ben klaut himsels in paad tebek nei Rey har side en brûkt de Krêft om al syn restearjende libbenenerzjy oan Rey te jaan. Hja komt wer ta libben en se tútsje ienris, foar't Ben dea yninoar sakket.
Nei de oerwinning yn 'e Slach by Exegol giet de grutte float fan it Ferset en har meistanners nei hûs om ôf te weven mei de Earste Oarder. Oeral yn it Stjerrestelsel komme de lju yn opstân en smite it jok fan 'e Earste Oarder ôf. It Ferset fiert de oerwinning en Maz Kanata jout oan Chewbacca de medalje dy't syn freon Han Solo nei de Slach by Yavin ûntfong. Rey reizget nei de planeet Tatooine, dêr't se de ferlitten pleats fan it Lars-Skywalker-laach besiket. Dêr bedobbet se de ljochtsabels fan Luke en Leia. In foarbygongster freget wa't se is, en fernimt, as se inkeld mei "Rey" antwurdet, nei har hiele namme. Rey wurdt de geasten fan Luke en Leia gewaar, dy't mei goedkarring op har delsjogge, en antwurdet: "Rey Skywalker".
Rolferdieling
- haadrollen
personaazje | akteur/aktrise |
Rey | Daisey Ridley |
Kylo Ren / Ben Solo | Adam Driver |
Finn | John Boyega |
Poe Dameron | Oscar Isaac |
- byrollen
personaazje | akteur/aktrise |
keizer Palpatine | Ian McDiarmid |
Lando Calrissian | Billy Dee Williams |
Chewbacca | Joonas Suotamo |
Jannah | Naomi Ackie |
C-3PO | Anthony Daniels |
generaal Armitage Hux | Domhnall Gleeson |
ûndergeneraal Enric Pryde | Richard E. Grant |
Zorii Bliss | Keri Russell |
prinsesse Leia Organa | Carrie Fisher |
BB-8 | Dave Chapman en Brian Herring (poppespul) en Ben Schwartz en Bill Hader (lûd) |
geast fan Luke Skywalker | Mark Hamill |
Han Solo | Harrison Ford |
D-O | J.J. Abrams (stim) |
Rose Tico | Kelly Marie Tran |
Maz Kanata | Lupita Nyong'o |
Babu Frik | Shirley Henderson (stim) |
R2-D2 | Hassan Taj en Lee Towersey (poppespul) |
kaptein-luitenant Larma D'Acy | Amanda Lawrence |
luitenant Kaydel Ko Connix | Billie Lourd |
piloat Temmin "Snap" Wexley | Greg Grunberg |
Rey har heit | Billy Howle |
Rey har mem | Jodie Comer |
de jonge Rey | Cailey Fleming en Josefine Irrera Jackson |
Aftab Ackbar, de soan fan admiraal Ackbar | Tom Wilton (fysyk) en Chris Terrio (stim) |
Nien Nunb | Mike Quinn (poppespul) en Kipsang Rotich (stim) |
Wedge Antilles | Denis Lawson (cameo) |
Wicket | Warwick Davis (cameo) |
Oma Tres (barkeeper op Kijimi) | John Williams (cameo) |
piloat Wrobie Tyce | Vinette Robinson |
Beaumont Kin | Dominic Managhan |
Klaud | Nick Kellington (motion-capture) |
opperste lieder Snoke | Andy Serkis (stimcameo) |
Darth Vader | James Earl Jones (stimcameo) |
Jedi-master Obi-Wan Kenobi | Ewan McGregor en sir Alec Guinness (stimcameo's) |
Jedi-master Anakin Skywalker | Hayden Christensen (stimcameo) |
Jedi-master Ahsoka Tano | Ashley Eckstein (stimcameo) |
Jedi-master Kanan Jarrus | Freddie Prinze jr. (stimcameo) |
Jedi-master Luminara Unduli | Olivia d'Abo (stimcameo) |
Jedi-master Yoda | Frank Oz (stimcameo) |
Jedi-master Qui-Gon Jinn | Liam Neeson (stimcameo) |
Jedi-master Aayla Secura | Jennifer Hale (stimcameo) |
Jedi-master Mace Windu | Samuel L. Jackson (stimcameo) |
Jedi-master Adi Gallia | Angélique Perrin (stimcameo) |
Ridder fan Ren #1 | Martin Wilde |
Ridder fan Ren #2 | Anton Simpson-Tidy |
Ridder fan Ren #3 | Lukaz Leong |
Ridder fan Ren #4 | Tom Rodgers |
Ridder fan Ren #5 | Joe Kennard |
Ridder fan Ren #6 | Ashley Beck |
bewenner fan Kijimi | Kevin Smith (cameo) |
Sith-troeper | Michael Giacchino (cameo) |
minsklik lid fan it Ferset | Lin-Manuel Miranda (cameo) |
bûtenierdsk lid fan it Ferset | Jeff Garlin (cameo) |
stoarmtroeper #1 | Ed Sheeran (cameo) |
stoarmtroeper #2 | Karl Urban (cameo) |
stoarmtroeper #3 | Dhani Harrison (cameo) |
stoarmtroeper #4 | Nigel Godrich (cameo) |
stoarmtroeper #5 | J.D. Dillard (cameo) |
stoarmtroeper #6 | Dave Hearn (cameo) |
Produksje en distribúsje
Produksje
Star Wars: Episode IX – The Rise of Skywalker soe neffen in berjocht dat yn juny 2014 yn 'e media ferskynde, makke wurde op basis fan in senario wêrfan't de earste ferzje skreaun wurde soe troch Rian Johnson, de regisseur fan Star Wars: Episode VIII – The Last Jedi. Yn april 2017 makke Johnson lykwols bekend dat er alhiel net by de produksje fan Star Wars: Episode IX – The Rise of Skywalker belutsen wie. Yn augustus 2015 waard oankundige dat Colin Trevorrow de regisseur fan Star Wars: Episode IX – The Rise of Skywalker wêze soe, en dat dyselde ek it úteinlike senario skriuwe soe, tegearre mei Derek Connolly, mei wa't er faker gearwurke hie. Dy beide mannen skreaune yndie in senario foar in film dy't Star Wars: Episode IX – Duel of the Fates komme moast te hjitten.
Op 5 septimber 2017 waard bekendmakke dat Trevorrow de produksje ferlitten hie omreden fan net goed te krijen kreätive ûniennicheden mei filmprodusinte Kathleen Kennedy. Dêrnei waard J.J. Abrams oansocht om op 'e regisseursstoel plak te nimmen. Dyselde hie earder ek it earste diel makke fan 'e Star Wars-ferfolchtrilogy, Star Wars: Episode VII – The Force Awakens. Abrams wurke op basis fan in senario fan himsels en Chris Terrio, dêr't lykwols ferskate eleminten út it skript fan Trevorrow en Connolly yn ferwurke sieten, lykas it finen troch Kylo Ren fan in Sith-artefakt yn 'e ruïnes fan 'e fêsting fan Darth Vader op 'e fulkaanwrâld Mustafar; it oerbringen fan libbensenerzjy fan 'e iene persoan nei de oare troch it medium fan de Krêft; stjerreslachskippen tarist mei planeetferdylgjende superlaserkanonnen; it lieden troch Lando Calrissian fan in float fan romteskippen út it hiele Stjerrestelsel om 'e oerwinning te beheljen; en it bejeftigjen fan Chewbacca mei in medalje.
As produsinten wiene by de produksje fan Star Wars: Episode IX – The Rise of Skywalker Abrams, Kennedy en Michelle Rejwan belutsen foar de filmstudio's Lucasfilm en Bad Robot Productions. Foar de film wie in budget beskikber fan $275 miljoen. De kamerarezjy wie yn 'e hannen fan Dan Mindel, en de filmmuzyk waard fersoarge troch John Williams. Dyselde hie no foar njoggen Star Wars-films de soundtrack fersoarge, en makke bekend dat er net mear foar nije Star Wars-films beskikber wie om't er op jierren rekke. Hy hie yn Star Wars: Episode IX – The Rise of Skywalker in cameo as barkeeper yn in kroech op Kijimi.
Opnamen
De opnamen foar Star Wars: Episode IX – The Rise of Skywalker setten op 1 augustus 2018 útein en duorren oant en mei 15 febrewaris 2019. De binnendoarsênes waarden foar it meastepart filme yn 'e Pinewood Studios yn it Ingelske Buckinghamshire. De sênes yn 'e woastyn op Pasaana waarden op lokaasje opnommen yn Wadi Rûm, yn Jordaanje. Yn july 2019 waard der in twa wiken duorjende reshoot holden yn 'e Pinewood Studios. De special effects yn 'e film waarden yn 'e postproduksjefaze fersoarge troch Industrial Light & Magic (ILM).
In protte fan 'e fisuele effekten hiene te krijen mei it ynpassen yn 'e film fan sênes mei aktrise Carrie Fisher, dy't de rol fan prinsesse Leia Organa spile. Fisher wie op 27 desimber 2016 tige hommels kommen te ferstjerren, noch foar't Star Wars: Episode VIII – The Last Jedi, it foargeande diel fan 'e Star Wars-ferfolchtrilogy, yn premiêre gien wie. Dat stelde regisseur J.J. Abrams en de filmprodusinten foar in dilemma, want de rol fan Leia wie yn it ferhaal noch net útspile, mar om in oare aktrise yn 'e rol te casten, fielde net ien wat foar. Yn july 2018 makke Abrams bekend dat besletten wie om Leia har ferhaalline ôf te meitsjen troch fuortknipte sênes fan Fisher te brûken dy't opnommen wiene foar Star Wars: Episode VII – The Force Awakens. Special effects waarden brûkt om dy bylden yn sênes út Star Wars: Episode IX – The Rise of Skywalker yn te plakken.
Distribúsje
De distribúsje fan Star Wars: Episode IX – The Rise of Skywalker waard fersoarge troch Walt Disney Studios Motion Pictures, de distribúsjedifyzje fan The Walt Disney Company. De film gie op 16 desimber 2019 yn it Dolby Theatre yn Los Angeles yn premiêre, en iepene dêrnei op 20 desimber yn 'e Amerikaanske bioskopen. It byhearrende soundtrackalbum ferskynde dyselde deis by platemaatskippij Walt Disney Records. Star Wars: Episode IX – The Rise of Skywalker kaam op 13 maart 1920 beskikber as digitale download en waard op 31 maart fan dat jier útbrocht op dvd en blu-ray.
Untfangst
Fan 'e filmkritisy krige Star Wars: Episode IX – The Rise of Skywalker mingde resinsjes. Richard Roeper fan 'e Chicago Sun-Times joech de film 3 fan 4 stjerren. Hy fûn dat Star Wars: Episode IX – The Rise of Skywalker "mar selden yn 'e neite fan grutme komt, mar it is in feardich makke, fisueel tûzelsinnige en waarmhertige oerwinning [foar] it meitsjen fan films fan goede kwaliteit." Yn 'e Chicago Tribune skreau Michael Phillips dat Star Wars: Episode IX – The Rise of Skywalker "docht wat der fan 'e film ferwachte wurdt. It slút it trio triologyen begûn yn 1977 mei selsfertrouwen ôf op in oangenaam foarsisbere wize, wêrby't it alles docht dat sinematografysk mooglik is om foar te kommen dat de tradysjeleavjende kwadranten fan it Star Wars-fandom [tsjin it hier yn strutsen wurde]."
Owen Gleiberman fan it tydskrift Variety neamde Star Wars: Episode IX – The Rise of Skywalker "it elegantste, emosjoneel meast ôfrûne en meast befredigjende Star Wars-aventoer sûnt de heechtijdagen fan Star Wars: Episode IV – A New Hope (1977) en Star Wars: Episode V – The Empire Strikes Back (1980) […], mar de lêste acht films yn oanmerking nommen leit de latte net sa heech." Yn 'e San Francisco Chronicle omskreau Mick LaSalle Star Wars: Episode IX – The Rise of Skywalker as "in teloarstelling". Dêr heakke er oan ta: "Mar nettsjinsteande alle minpunten […] is it wierskynlik dat de measte lju [de film] besjen en [dizze] ruil akseptearje sille: jin troch in net mear as ridlike 110 minuten hinne wrakselje om dêr in sterk healoerke foar werom te krijen."
Scott Mendelson fan it tydskrift Forbes fûn Star Wars: Episode IX – The Rise of Skywalker "mooglik noch minder" as alle foargeande Star Wars-films. Om't de film de Star Wars-ferfolchtrilogy beëinige, "ûnthold" de film neffens him "dizze nije trilogy syn artistike besteansrjocht". Hy hie swiere krityk op 'e film om't dy beskate eleminten fan Star Wars: Episode VIII – The Last Jedi retconde, lykas de bekendmakking dat de âldelju fan Rey minsken fan gjin inkele kwizekwânsje wiene. Mendelson neamde dat "befâdzjende weromdraaiïngs yn 'e namme fan it fermoedsoenjen fan fans dy't allinne wolle dat harren de earste trije films wer yn 't sin brocht wurde."
Yn 'e Los Angeles Times wie Justin Chang it dêrmei iens. Hy omskreau Star Wars: Episode IX – The Rise of Skywalker as "in erratum foar The Last Jedi" en "in labbekakkerich gebrek oan lef fan epyske proporsjes". Hy fûn dat de film oanfielde "as in flecht, in weromgong nei in sône fan emosjonele en tematyske feilichheid troch in filmmakker mei in jefte foar it ferpakken fan nostalgy as opstannigens." Richard Brody, dy't foar it blêd The New Yorker skreau, neamde regisseur J.J. Abrams "yn haadsaak in distillateur en fergrutter, dy't gjin orizjinaliteit [oan 'e film] tafoeget". Neffens him soe it noch better west hawwe as in "drystmoedich ferbyldingskrêftige fulgêren-ien, lykas Michael Bay", ynstee "in bespotlik wrak" fan Star Wars makke hie; dan wie der yn elts gefal wat nijs besocht. Guon resinsinten beskôgen Star Wars: Episode IX – The Rise of Skywalker as in remake fan Star Wars: Episode VI – Return of the Jedi, krekt sa't Star Wars: Episode VII – The Force Awakens, de eardere Star Wars-film fan regisseur J.J. Abrams, min ofte mear in remake fan Star Wars: Episode IV – A New Hope is.
In protte resinsinten hiene fierders krityk op it werombringen fan 'e rol fan Rose Tico, spile troch de stevich boude, mongoloïde aktrise Kelly Marie Tran. Yn Star Wars: Episode VIII – The Last Jedi wie hja likernôch tsien minuten yn byld yn ien fan 'e wichtichste byrollen. Yn Star Wars: Episode IX – The Rise of Skywalker wie se amper in minút te sjen. Dat feit waard troch ferskate filmkritisy ynterpretearre as in konsesje fan J.J. Abrams oan fans dy't in hekel hiene oan it personaazje fan Rose. (Nei har casting yn The Last Jedi wie Tran nammentlik it doelwyt wurden fan in wiere online-kampanje fan narjen. Leden fan 'e cast en crew fan The Last Jedi ferdigenen har, wêrby't akteur John Boyega de ynternettrollen dy't it op har foarsjoen hiene, identifisearre as rasisten en bodyshamers.) Nei it sjen fan Star Wars: Episode IX – The Rise of Skywalker koene resinsinten net oars as fêststelle dat Rose "út it ferhaal skreaun" wie "sûnder ienige útlis". Dat waard beskôge as "ien fan 'e grutste teloarstellings fan 'e film."
Op 'e webside Rotten Tomatoes, dy't resinsjes sammelet, hat Star Wars: Episode IX – The Rise of Skywalker in midsmjittich goedkarringspersintaazje fan 52%, basearre op 516 ûnderskate resinsjes. De konsensuskrityk fan 'e webside, gearstald út al dy resinsjes, stelt: "[De film] hat te lijen ûnder in frustrearjend gebrek oan ynbyldingsfermogen, mar bringt dizze populêre filmsearje ta in ein mei in op 'e fans rjochte tawijing." Op Metacritic, de wichtichste konkurrint fan Rotten Tomatoes, behellet Star Wars: Episode IX – The Rise of Skywalker in goedkarringspersintaazje fan 53%, basearre op 61 resinsjes.
Resultaat
Opbringst
Star Wars: Episode IX – The Rise of Skywalker brocht yn 'e bioskopen yn 'e Feriene Steaten en Kanada $515,2 miljoen op, en yn alle oare lannen en territoaria $558,9 miljoen. Wrâldwiid kaam de opbringst dêrmei út op $1.074,1 miljoen. Ofset tsjin it budget fan $275 miljoen betsjut dat in winst fan $799,1 miljoen, hoewol't dêr de marketingkosten noch wol ôf moatte.
Dêrmei wie Star Wars: Episode IX – The Rise of Skywalker de op seis nei meast opbringende film fan 2019, nei Avengers: Endgame, The Lion King, Frozen II, Spider-Man: Far from Home, Captain Marvel en Joker. De webside Deadline Hollywood berekkende de skjinne winst foar Star Wars: Episode IX – The Rise of Skywalker op $300 miljoen. Bûten Noard-Amearika fertsjinne de film it meast yn it Feriene Keninkryk ($26,8 miljoen), Dútslân ($21,8 miljoen), Frankryk ($15,2 miljoen), Japan ($14,6 miljoen), Austraalje ($12,6 miljoen) en Sina ($12,1 miljoen).
Prizen
Star Wars: Episode IX – The Rise of Skywalker waard yn 2020 nominearre foar 3 Oscars, yn 'e kategoryen bêste orizjinele filmmuzyk, bêste lûdsmontaazje en bêste fisuele effekten. Alle trije prizen giene lykwols nei oare gadingmakkers. By de BAFTA's, de wichtichste Britske filmprizen, waard Star Wars: Episode IX – The Rise of Skywalker ek yn 3 kategoryen nominearre, foar bêste orizjinele filmmuzyk, bêste lûd en bêste special effects. Op 'e nij wûn de film gjin prizen. Star Wars: Episode IX – The Rise of Skywalker waard fierders ek nominearre foar de Grammy Award foar bêste soundtrack foar fisuele media, de Hugo Award foar bêste dramtyske presintaasje (lange foarm), en de Kids' Choice Award foar favorite film.
By de Saturn Awards waard de film nominearre yn 12 kategoryen, wêrûnder bêste aktrise (Daisy Ridley), twa kear bêste byrol fan in akteur (Adam Driver en Ian McDiarmid), bêste senario, bêste filmmontaazje, bêste produksje-ûntwerp en bêste kostúmûntwerp. Star Wars: Episode IX – The Rise of Skywalker wûn de Saturn Awards foar bêste science fiction-film, bêste regisseur (J.J. Abrams), bêste filmmuzyk (John Williams), bêste fisazjy (Amanda Knight en Neal Scanlan) en bêste special effects (Roger Guyett, Neal Scanlan, Patrick Tubach en Dominic Tuohy).
Keppelings om utens
Boarnen, noaten en referinsjes
Wikiwand in your browser!
Seamless Wikipedia browsing. On steroids.
Every time you click a link to Wikipedia, Wiktionary or Wikiquote in your browser's search results, it will show the modern Wikiwand interface.
Wikiwand extension is a five stars, simple, with minimum permission required to keep your browsing private, safe and transparent.