From Wikipedia, the free encyclopedia
Richard Brody (1958) is in Amerikaansk sjoernalist, dy't sûnt 1999 as filmkritikus wurke hat foar it tydskrift The New Yorker.
Richard Brody | ||
persoanlike bysûnderheden | ||
echte namme | Richard Brody | |
nasjonaliteit | Amerikaansk | |
berne | 1958 | |
berteplak | ûnbekend | |
etnisiteit | Joadsk | |
wurkpaad | ||
berop/amt | sjoernalist | |
aktyf as | filmkritikus | |
jierren aktyf | 1980 – no | |
offisjele webside | ||
Richard Brody yn 'e IMDb |
Brody groeide op yn Roslyn, yn 'e Amerikaanske steat New York. Hy is fan etnysk Joadsk komôf mar is gjin religieuze joad, mei't er him identifisearret as ateïst. Brody genoat syn oplieding oan 'e Universiteit fan Princeton yn Nij-Jersey, dêr't er yn 1980 ôfstudearre mei in bachelorgraad yn ferlykjende letterkunde.
Brody syn belangstelling foar it medium film datearre fan syn earste jier oan Princeton, doe't er À bout de souffle (1960) seach, in produksje fan 'e Frânske regisseur Jean-Luc Godard. Yn 'e iere 1980-er jierren, koart nei syn ôfstudearjen, wenne Brody in skoft yn Parys. Letter skreau er in biografy fan Godard.
Foar't er filmkritikus waard, wurke Brody mei oan 'e produksje fan ferskate dokumintêres en teffens makke er inkele ûnôfhinklike lowbudgetfilms. Yn 1999 waard er filmkritikus foar it ynfloedrike tydskrift The New Yorker, dêr't er anno 2023 noch altyd wurket.
Brody is troud en hat twa bern. Syn frou Maja is in ymmigrante yn 'e Feriene Steaten dy't oarspronklik emigrearre út wat doe noch Joegoslaavje wie. Yn desimber 2014 waard Brody as ridder opnommen yn 'e Frânske Oarder fan 'e Keunsten en de Letteren foar syn ynset foar de Frânske sinema yn 'e Feriene Steaten.
Seamless Wikipedia browsing. On steroids.
Every time you click a link to Wikipedia, Wiktionary or Wikiquote in your browser's search results, it will show the modern Wikiwand interface.
Wikiwand extension is a five stars, simple, with minimum permission required to keep your browsing private, safe and transparent.