Armitage Hux (Ingelske útspr.: [ɑː(ɹ)mɪˈtɑːʒ ˈhʌks], likernôch: "aa(r)-mit-taazj haks"), ornaris bekend as generaal Hux, is in fiktyf personaazje út 'e Star Wars-franchise. Hy is ien fan 'e antagonisten út 'e trije films fan 'e Star Wars-ferfolchtrilogy, dy't tusken 2015 en 2019 makke waarden. It personaazje fan Hux waard betocht troch de senarioskriuwers fan it earste diel, Star Wars: Episode VII – The Force Awakens, te witten: Lawrence Kasdan, Michael Arndt en J.J. Abrams. Hux is in ûnoangename minsklike man dy't as generaal lieding jout oan 'e kriichsmacht fan 'e Earste Oarder yn 'e striid tsjin it Ferset. It personaazje fan Armitage Hux waard yn alle trije films spile troch akteur Domhnall Gleeson, dy't foar syn aktearjen lof rispe by filmkritisy likegoed as by fans, hoewol't de ferskowende rol fan Hux yn 'e filmtrilogy op minder begryp rekkenje koe.
Fiktive biografy
Eftergrûn
Ut oare Star Wars-media wurdt dúdlik dat Armitage Hux berne is op 'e planeet Arkanis út in relaasje tusken syn heit Brendol Hux, de kommandant fan 'e Militêre Akademy fan Arkanis, en in kokenfaam. As jonkje flechtet Hux nei de dea fan keizer Palpatine en de nederlaach fan it Galaktysk Keizerryk yn 'e Galaktyske Boargeroarloch mei syn heit nei de oerbleaune planetestelsels dy't noch troch de Keizerlike Striidkrêften behearske wurde yn 'e Unbekende Regioanen fan it Stjerrestelsel. Dêr wurdt er oplaat ta ofsier en nimt er letter tsjinst yn 'e kriichsmacht fan 'e Keizerlike Rompsteat.
Yn The Force Awakens
Yn Star Wars: Episode VII – The Force Awakens (2015), it earste diel fan 'e Star Wars-ferfolchtrilogy, wurdt Armitage Hux yntrodusearre as in generaal fan hege rang yn 'e Earste Oarder. Dat is in diktatoriale en faksistoïde organisaasje dy't stribbet nei de folsleine oerhearsking fan it Stjerrestelsel, en dy't fuortkommen is út 'e Keizerlike Rompsteat. Spesifyk is Hux de kommandant fan 'e Stjerredeaderbasis, in ta in ekstreem krêftich massaferneatigingswapen omboude planeet, dêr't hiele planetestelsels mei ferdylge wurde kinne.
Hux makket yn 'e film mei û.o. de Sith-ridder Kylo Ren en kaptein Phasma, dy't de stoarmtroepers oanfierd, diel út fan 'e misje fan 'e Earste Oarder nei de woastynplaneet Jakku. Dêr moatte se in stjerrekaart mei de lokaasje fan it ballingsoard fan 'e Jedi-master Luke Skywalker sjen te besetten foar't dy yn 'e hannen fan it Ferset falt. It plan mislearret as de robot BB-8 mei de stjerrekaart ûntkomt en de desertearjende stoarmtroeper Finn de finzennommen fersetspiloat Poe Dameron befrijt.
Werom yn 'e Stjerredeaderbasis kriget Hux fan opperste lieder Snoke, de oprjochter fan 'e Earste Oarder, it befel om it massaferneatigingswapen yn te setten tsjin it planetestelsel fan Hosnian-Primus, dat op dat stuit de (rûlearjende) sit is fan it regear fan 'e Nije Republyk en de Galaktyske Senaat. Ear't de Stjerredeaderbasis foar de earste kear as wapen ynset wurdt, hâldt Hux in taspraak foar syn sammele troepen wêryn't er syn fanatisme sjen lit en de ein fan 'e Galaktyske Republyk oankundiget. Neitiid lit er de Stjerredeaderbasis ynsette tsjin Hosnian-Primus, mei de folsleine ferneatiging fan dat planetestelsel en de dea fan miljarden yntelliginte wêzens as gefolch. Mei't ek de romtemacht fan 'e Republyk foar it oergrutte part yn it planetestelsel stasjonearre wie, is it Ferset dêrnei noch it iennichste obstakel dat tusken de Earste Oarder en de totale hearskippij oer it Stjerrestelsel yn stiet.
Letter rapportearret Hux oan Snoke dat Kylo Ren opholden is mei de syktocht nei BB-8, om't er mient dat er de stjerrekaart troch it gebrûk fan de Krêft ek wol út it ûnthâld fan 'e troch him finzen nommen Rey helje kin, dy't de kaart sjoen hat. Snoke oarderet Hux om 'e Stjerredeaderbasis ta te rieden om it planetestelsel Ileenium te ferneatigjen, mei't dêr op 'e planeet D'Qar it haadkertier fan it Ferset fêstige is. Ear't dat syn beslach krije kin, wurdt by in militêre operaasje fan it Ferset lykwols in keatlingreäksje yn gong set dy't de Stjerredeaderbasis sels ferneatigje sil. As Hux dat oan Snoke trochjout, kriget er opdracht om 'e basis te ûntromjen en Ren by him te bringen.
Yn The Last Jedi
Yn Star Wars: Episode VIII – The Last Jedi (2017) fiert Hux it befel oer de float fan 'e Earste Oarder dy't de fersetsbasis op D'Qar oanfalt krekt as dy troch it Ferset ûntromme wurdt. Hy besiket op syn typyske bombastyske wize te reägearjen op in berjocht fan fersetspiloat Poe Dameron, dy't lykwols beart dat er it antwurd fan Hux net ûntfangt. Ynstee giet er troch mei te freegjen nei "generaal Hugs" (Ingelsk foar "omearming") en jout er in minder as flaaikjende beskriuwing fan dyselde foar it gefal dat de kommunikaasjeofsieren fan 'e Earste Oarder net begripe wa't er bedoelt. Neitiid jout Hux lieding oan 'e stjerreslachskippen fan 'e Earste Oarder by de konfrontaasje mei de efterhoede fan it Ferset, wêrby't er it stjerreslachskip de Fulminatrix ferliest, hoewol't de priis fan dy oerwinning foar de fersetslju heech is.
As Hux letter oan Snoke rapportearret wat der bard is, beskrobbet dy him foar syn falen en jout er him yn eigen persoan by de float fan 'e Earste Oarder. Hux wit wer yn in goed boekje by de opperste lieder te kommen troch de ynset fan in nij apparaat wêrmei't romteskippen sels troch de hyperromte folge wurde kinne. Dat set er yn tsjin 'e flechtsjende fersetsfloat, sadat de stjerreslachskippen fan 'e Earste Oarder binnen in heale minút op it plak ferskine dêr't de fersetsfloat út 'e hyperromte kommen is. Hux set in nije oanfal yn, wêrby't in foltreffer op 'e brêge fan it flaggeskip fan it Ferset, de kruser Raddus, hast de hiele lieding fan it Ferset út 'e ljochten helpt. De fersetsfloat, dy't bestiet út lytsere, fluggere romteskippen, kin by in efterfolging mei minder-as-ljochtfaasje krekt bûten it berik fan 'e plofferkanonnen fan 'e gruttere, loggere stjerreslachskippen fan 'e Earste Oarder bliuwe. Hux wit lykwols dat it Ferset op dizze wize gau troch syn brânstof hinne wêze sil en dat de folsleine ferdylging fan it Ferset dus mar in kwestje fan tiid is.
Wannear't it Ferset noch mar ien skip oer hat, de Raddus, betinkt fise-admiraal Amilyn Holdo in mûklist om 'e fersetslju mei kamûflearre transportskippen oer te bringen nei de planeet Crait, dêr't de efterfolging fuort by lâns komt. Underwilens besykje Finn, BB-8 en monteur Rose Tico it apparaat te sabotearjen dat Hux brûkt om 'e fersetsskippen troch de hyperromte te folgjen. Dêrta ynfiltrearje se it flaggeskip fan opperste lieder Snoke, mar se wurde ûntdutsen en finzen nommen troch kaptein Phasma foar't se har plan útfiere kinnen hawwe. De hacker dy't se ynhierd hawwe, DJ, keapet syn eigen frijheid troch Hux opmerksum te meitsjen op 'e kamûflearre transportskippen fan it Ferset, wêrnei't Hux befel jout om dy ien foar ien oan grôt te sjitten. Holdo keart dêrop de Raddus om en raamt mei de faasje fan it ljocht de float fan 'e Earste Oarder, dy't grutte skea oprint. De oerbleaune transportskippen kinne dêrtroch ûntkomme nei Crait, dêr't de restearjende 400 fersetslju beskûl sykje yn in âlde basis fan it Rebelleferbûn út 'e Galaktyske Boargeroarloch.
Underwilens ûntdekt Hux dat opperste lieder Snoke fermoarde is. Ren is bewusteleas as Hux de troanseal binnenkomt, en Hux risselwearret om him te deadzjen, mar as Ren op dat stuit by sinnen komt, ferberget er syn bedoelings gau. Neffens Ren is Snoke ombrocht troch Rey. Hux protestearret yn 't earstoan tsjin it foarnimmen fan Ren om no sels opperste lieder te wurden, mar betinkt him as Ren de Krêft brûkt om him te smoaren. Neitiid jouwe se tegearre lieding oan 'e oanfal fan 'e troepen fan 'e Earste Oarder op 'e fersetsbasis op Crait. Dêrby jout Ren op in stuit it befel om mei alle kanonnen dy't beskikber binne op 'e Jedi-master Luke Skywalker te sjitten, mar nei in skoftke lit Hux it (yneffektive) bombardemint hohâlde. Ren wol dan Skywalker sels te liif, en as Hux him beskrobbet om't de útrûging fan it Ferset wichtiger is as syn persoanlike fete mei Skywalker, brûkt Ren de Krêft om Hux it swijen op te lizzen troch him tsjin in wand oan te bûtsen dat er bewusteleas rekket. Hux komt wer yn byld as de troepen fan 'e Earste Oarder de ferlitten fersetsbasis binnenkomme, nei't Ren syn fiksaasje op Skywalker de fersetslju de kâns jûn hat om te ûntkommen. Dêrby partet er Ren fan efteren in sinistere, lulke blik ta.
Yn The Rise of Skywalker
Yn Star Wars: Episode IX – The Rise of Skywalker (2019) is Hux ferbittere rekke troch it gebrek oan respekt dat er fan opperste lieder Kylo Ren kriget en teffens troch syn rivaliteit mei generaal Enric Pryde, dy't him allegeduerigen besiket te ûndermynjen om't er op syn posysje út is. Wannear't dúdlik wurdt dat keizer Palpatine út 'e dea opstien is en op 'e ferburgen Sith-wrâld Exegol in reuseftige float stjerreslachskippen bouwe litten hat troch de grizelige oan him tawijde sekte fan 'e Ivige Sith, lit Ren him troch Palpatine beprate om 'e lapen mei him gear te smiten. Hux fynt dat ûnbegryplik, om't foar him dúdlik is dat Palpatine de sterkere partner yn in bûnsgenoatskip is, en dat de Earste Oarder troch de Ivige Sith oernommen wurde sil.
As Finn, Poe Dameron en de Wookiee Chewbacca finzen nommen binne en stânrjochtlik eksekutearre wurde sille, is Hux dejinge dy't harren rêdt troch de stoarmtroepers om te bringen dy't de eksekúsje útfiere sille. It docht bliken dat Hux de anonime ynformant binnen de Earste Oarder is, dy't it Ferset al in skoftke wichtige ynformaasje taspilet. As Finn him ûnderstiet oer syn motiven, byt Hux him ta dat er neat om it Ferset jout, mar nammenste mear om Kylo Ren, dy't er hatet. Hy wol alles wol dwaan om Ren fale te litten. Dat liket Finn in plausibele ferklearring ta. Foar't it trijetal ûntsnapt, ferwûnet Finn Hux op syn eigen fersyk, om't it fertocht lykje soe as se oan him ûntkamen wylst hy gjin skramke oprûn hie. Nettsjinsteande dy foarsoarchsmaatregel leaut Pryde lykwols neat fan Hux syn ferhaal dat de finzenen him en syn mannen oermânsk wurden en ûntsnapt binne. Hy stelt daliks fêst dat er de spion fan it Ferset ûntdutsen hat en sjit Hux dea.
Spilers fan 'e rol yn 'e Star Wars-filmsearje
jierren | film | akteur |
---|---|---|
1977 | Star Wars: Episode IV – A New Hope | n.f.t. (personaazje ûntbrekt) |
1980 | Star Wars: Episode V – The Empire Strikes Back | |
1983 | Star Wars: Episode VI – Return of the Jedi | |
1999 | Star Wars: Episode I – The Phantom Menace | |
2002 | Star Wars: Episode II – Attack of the Clones | |
2005 | Star Wars: Episode III – Revenge of the Sith | |
2008 | Star Wars: The Clone Wars | |
2015 | Star Wars: Episode VII – The Force Awakens | Domhnall Gleeson |
2016 | Rogue One: A Star Wars Story | n.f.t. (personaazje ûntbrekt) |
2017 | Star Wars: Episode VIII – The Last Jedi | Domhnall Gleeson |
2018 | Solo: A Star Wars Story | n.f.t. (personaazje ûntbrekt) |
2019 | Star Wars: Episode IX – The Rise of Skywalker | Domhnall Gleeson |
Keppelings om utens
Boarnen, noaten en referinsjes
Wikiwand in your browser!
Seamless Wikipedia browsing. On steroids.
Every time you click a link to Wikipedia, Wiktionary or Wikiquote in your browser's search results, it will show the modern Wikiwand interface.
Wikiwand extension is a five stars, simple, with minimum permission required to keep your browsing private, safe and transparent.