From Wikipedia, the free encyclopedia
In militêre rang tsjinnet yn in militêre organisaasje ta oantsjutting fan it nivo dat in persoan beset yn it ramt fan 'e hierargyske opbou fan sa'n organisaasje. Dêrmei definiëarret sa'n rang de ûnderlinge relaasje fan leden fan deselde militêre organisaasje. It systeem fan rangen wurdt de kommandostruktuer neamd. By sokke organisaasjes giet it almeast om 'e kriichsmacht, mar ek de plysje en feilichheidstsjinsten hawwe sa'n selde stelsel fan rangen. Yn 'e regel drage de leden fan sokke organisaasjes unifoarmen dêr't harren rang op oanjûn wurdt mei beskate emblemen dy't foar dat doel ûntwurpen binne, en meastal tafoege wurde oan 'e epauletten, de mouwen en/of de kraach.
Stelsels fan militêre rangen besteane al tûzenen jierren, mei't legers der eins net sûnder kinne. Yn 'e Westerske beskaving giet soks teminsten werom oant 500 f.Kr., doe't de âlde Griken al rangen hiene. It wurd 'rang' komt fan it Perzyske wurd رنگ, rang, dat "kleur" betsjut, mei't yn it leger fan it Sassanidyske Ryk de ferskillende rangen ferskillende kleuren unifoarmen droegen. Neigeraden dat militêre operaasjes almar grutskaliger en yngewikkelder waarden, kamen der ek hieltyd mear ûnderskate militêre rangen yn gebrûk.
Hoewol't de hjoeddeiske kriichsmachten faak systemen fan militêre rangen hantearje dy't justjes faninoar ferskille (wat soms ek te meitsjen hat mei in ûnderskie yn taal, kultuer of politike oriïntaasje), is it gebrûk fan militêre rangen no frijwol universeel. Yn 'e tweintichste iuw besochten guon kommunistyske steaten út politike omtinkens de rangen ôf te skaffen (bgl. it Reade Leger fan 'e Sovjet-Uny fan 1918-1935, it Sineeske Folksbefrijingsleger fan 1965-1988 en it Albaneeske leger fan 1966-1991), mar dy wiene twongen om se wer yn te fieren nei't se oanrûn wiene tsjin operasjonele swierrichheden.
In oersjoch fan 'e meast foarkommende militêre rangen:
Seamless Wikipedia browsing. On steroids.
Every time you click a link to Wikipedia, Wiktionary or Wikiquote in your browser's search results, it will show the modern Wikiwand interface.
Wikiwand extension is a five stars, simple, with minimum permission required to keep your browsing private, safe and transparent.