Wachtmaster

From Wikipedia, the free encyclopedia

In wachtmaster is in ûnderofsier yn 'e Nederlânske kriichsmacht. Dizze rang komt foar by de maresjesee en by de lânmachtwapens fan 'e kavalery en de artillery. Der besteane twa gradaasjes: de (hegere) wachtmaster 1e klasse en de (legere) wachtmaster. Yn beide gefallen is de oansprektitel "wachtmaster". De ekwivalinte rangen by de rest fan 'e lânmacht en loftmacht binne sersjant 1e klasse en sersjant. By de marine en mariniers bestiet it ferskil yn gradaasjes net en is de ekwivalinte rang sersjant. Boppe de wachtmaster stiet de rang fan opperwachtmaster. De ûnderlizzende rang is by de kavalery en artillery de korporaal 1e klasse, en by de maresjesee de maresjesee 1e klasse.

Skematysk oersjoch

Oersjoch fan 'e wachtmastersrangen mei ekwivalinten yn oare kriichsmachtûnderdielen:

Mear ynformaasje lânmacht en mariniers, marine ...
Slute

Yn 'e Nederlânske kriichsmacht

(oansprektitels kursyf werjûn)

Mear ynformaasje Keninklike Lânmacht (KL), Keninklike Marine (KM) ...
Keninklike Lânmacht (KL) Keninklike Marine (KM) Keninklike Loftmacht (KLu) Keninklike Maresjesee (KMar)
NATO rang OR-6NATO rang OR-5/6NATO rang OR-6
sersjant 1e klasse
sersjant
(by de artillery en kavalery: wachtmaster 1e klasse, wachtmaster)
sersjant
sersjant
(Operasjonele Tsjinst/Nautyske Tsjinst: boatsman;
by it Korps Mariniers: sersjant-marinier, sersjant)
sersjant 1e klasse
sersjant
wachtmaster 1e klasse
wachtmaster
NATO rang OR-5NATO rang OR-5
sersjant
sersjant
(by de artillery en kavalery: wachtmaster
wachtmaster)
sersjant
sersjant
wachtmaster
wachtmaster
Slute

Sjoch ek

Boarnen, noaten en referinsjes

Wikiwand - on

Seamless Wikipedia browsing. On steroids.